De lyriek van het sublieme toeval, of: das Unvollendete van Albert Oost

OLYMPUS DIGITAL CAMERA
Albert Oost (Collectie Fries Museum)

 

Syn doeken binne bûnte feesten fan romte, kleur, ritme en struktuer, dêr’t men yn weiwurde kin, kopke ûnder yn giet, sa’t men op in simmerjûn útlitten en dronken yn see dûkt. It wurk fan Albert Oost (1968) byldet neat ôf, neat út, de werklikheid derfan ferwiist inkeld nei harsels: gjin foarstelling dus, gjin ferhaal of oar figuratyf teltsje. De skilder hat gjin boadskip. De taskôger moat syn eigen betsjuttings meitsje. De spontane, mar tagelyk ek berekkene en sekuer út mear as ien laach opboude komposysjes moatte it hawwe fan harren kleur en dynamyk. It ûnútspreklike fan syn wurk bepaalt tagelyk it sublime derfan.

In den beginne

De earste streken oaljeferve dy’t de skilder mei de kwast, in rubberen spatel, in stik karton of gewoanwei in pear fingers op it linnen klapt en strykt, smite in doek op dat mei in fariant op it boek Genesis gearfette wurde kin as: in den beginne was de chaos. Dêrnei begjint it gefjocht mei de meast fûnemintele begjinsels fan it ambacht sels. De skilder stapt de boksring yn, dêr’t er, allinnich mei himsels, de striid mei it materiaal oangiet. Dagen, soms moannen, rint, draait en slûpt er as in tiger om syn doeken hinne om dan, ynienen, mei ien úthaal – action – dat te dwaan dêr’t de kleur en komposysje him ta oansette. Soms betsjut dat it opbringen fan nije lagen ferve om de romte te fertichtsjen of, krekt oarsom, it weiheljen en fuortskrabjen fan âldere fervelagen om dêrmei de romte iepen te meitsjen. Skepping en ferneatiging lizze yn dit proses ticht njonken elkoar. Se beskiede foar in net lyts part de spanning en dynamyk, en dêrmei it libben en, wat my oanbelanget, ta in hichte, ék de muzyk fan it skilderij, (sij it dan wol fan in moderne en knap atonale muzyksoarte.) Troch de ferhâlding tusken de horizontale lagen, yn it lettere wurk faak trochbrutsen mei in inkelde fertikale streek of line, liket it as giet it om lânskippen en oare fiergesichten. De kleurenuânses binne wêzentlik foar de suggestje fan ljocht, romte en djipte. De yntinsiteit en krêft dêr’t Oost it ien en oar mei foarm jout, makket syn wurk ta in lôgjend, ekspresjonistysk gehiel dat grif op likense hichte stean kin mei dat fan syn fakbroeder Robert Zandvliet.

300507LA03
Albert Oost (atelier)

De wurkwize fan Oost is oan ’e iene kant gâns yntuityf, oan ’e oare kant mear as trochtocht. By it sykjen nei in lykwicht tusken dy beide giet it altiten om it heinen fan dat iene sublime momint dat seit: sa moat it en net oars. Gerhard Richter, ien fan belangrykste moderne nei-oarlochske Dútske skilders dy’t syn basis hat yn de fûnemintele skilderkeunst en dy’t troch Oost tige bewûndere wurdt, rept yn dizzen fan it ‘sublime tafal’. Tafal, mar net yn absolute sin fan it wurd. Oars soe it gehiel yn gaos stykjen bliuwe. De skilder rommelet en rotsoait dus net samar wat oan. It hiele proses komt del op it finen fan de krekte ferhâldings tusken struktuer, foarm en kleur. En al mei Oost sizze dat er sa heidensk is as de pest, syn tinken en dwaan is, om it mei in fariant op in útspraak fan de dichter Paul van Ostaijen te sizzen, ien grut metafysysk ferankere spul mei ferve. De skilderijen binne noait klear, noait ôf. As gjin oar beseft Oost dat itjinge dat dy pretinsje ál hat tagelyk ek dea is. De skilder wol it libben hâlde. In doek kin by him dêrom moannen achterinoar oan ’e kant stean oant er it op in dei op ’e nij besjocht en it him, ôfhinklik fan syn stimming, slagget om it in ekstra laach, of better: in ferdjipping mear mei te jaan. Fandatoangeande belichemet elk skilderij by Oost das Unvollendete. Altiten giet it om in foarriedich gehiel. Yn dizze ‘voorlopigheid’ wurdt net allinnich it tydlike karakter fan it eigen bestean oan it ljocht brocht, – it Ingelske ‘for the time being’ is yn dit stik in folle rakere útdrukking – mar ek de relativiteit fan alle grutte, mei haadletters skreaune begripen as wierheid en wêzen. Om koart te gean, it giet Oost om de reis, net om de oankomst, of sa’t Gerrit Benner dat plichte te sizzen: ‘Je moet niet aan het resultaat denken, je moet de gedachte aan kunst van je zetten, en dan jezelf zijn: rustig doorwandelen in jezelf, in je eigen gebied.’

Oost syn wurk beslacht in (abstrakte) werklikheid dy’t inkeld nei harsels ferwiist. It is ien fan de redenen dat syn doeken eins altiten as titel ‘Geen titel’ hawwe. Omdat de ûnderfining yn syn soarte ûnútspreklik is, of better sein sublym, sit men al gau by de titel fan it ferneamde en noch altiten like aktuele essay Against interpretation fan de Amerikaanske skriuwster Susan Sontag, dêr’t in pleit yn dien wurdt foar in sintúchlik ûndergean fan keunst, of sa’t Sontag it yn 1964 omskreau, en ik fertaal frij: It giet net om de ynterpretaasje fan keunst (de hermeneutyk) yn de ûnderstelling dat de keunst dêrmei betsjutting krijt, mar om de fysike sensaasje derfan. Dat lêste jildt oer alle boegen ek foar it wurk fan Albert Oost. Omdat yn syn skilderwurk gjin oanwizings jûn wurde dy’t nei in bûten it doek besteande werklikheid ferwize, hat men gjin oare kar as it te ûndergean. Oerweldige troch syn kleurige, ûneinigens suggerearjende romten yn syn op lânskippen lykjende doeken stiet men sprakeleas. Neat yn it wurk stiet fêst, alles is floeiber. Lykas by it lêzen fan it gedicht ‘Avond’ fan Paul van Ostaijen is it klearebare lyryk. Men begrypt it amper, mar fanwegen it ritme en de struktuer jout it jin ‘de rillingen’, klearebare genot.

() m’n ziel is louter klanken
In dit uur van louter kleuren;
Klanken, die omhoge ranken
In een dolle tuin van geuren.

imagesAlbert Oost waard grut yn Wynjewâld – ‘Ik bin in heale Wâldpyk’ – en brocht in part fan syn jeugd yn Welsryp troch. ‘It Nazareth fan it noarden. Dan witst it wol. Thús wienen wy niks. Tusken it doarp en myn âlden – se behearden dêr it doarpshûs – hat noait werklik bûtere,’ fertelt Oost op syn atelier yn it âlde, ferspikere molkfabryk njonken it Thialf-stadion op It Hearrenfean. Nei syn Ateneumtiid yn Drachten sette er, begjin jierren njoggentich, nei Akadeemje Minerva yn Grins. Nei twa jier hie er it op ’e Grinzer keunstakadeemje besjoen. ‘Te leaf, te sosjaal. Ik bin ien fan de erfaring, ik sykje it leaver sels út. Boppedat haw ik gjin boadskip oan, sis mar, it akademisme.’ Suver triomfantlik fertelt er dat syn bêste akadeemje de besite oan de yn 1985 holden útstalling La Grande Parade yn it Stedelijk Museum yn Anmsterdam west hat. Hy wie santjin doe’t er dy troch museumdirekteur Edy de Wilde (1919-2005) organisearre útstalling oer moderne keunst seach. It brocht him yn ’e kunde mei it wurk fan Robert Rauschenberg, Gerhard Richter, Jasper Johns, (Georg) Baselitz en Willem de Kooning, skilders dy’t mei harren, meastentiids, abstrakt ekspresjonistyske wurken in ferpletterjende yndruk op him makken. ‘Foar it earst bin ik doe gewaarwurden dat in skilderij troch syn flakken en kleuren ek in fysyk gehiel wêze kin.’

Hy hellet tekeningen foar it ljocht dy’t er yn syn Minervatiid makke, guod dat sjen lit dat er bepaald net de minste tekener wie, om it mar ris mei in understatement te sizzen. ‘Akadeemjes fergiftigje keunstners. Se krije alderhanne techniken en foefkes mei. No is soks op himsels wol moai,’ seit Oost op in lakonike en tagelyk wat iroanyske toan, ‘mar de makke derfan is datst se letter allegearre wer ôfleare moast, wolst op syn minst ta dysels komme. Wat dat sels dan ek mar wêze mei.’

Autonoom

Meastentiids wurket er oan ferskillende skilderijen tagelyk, in oanpak dy’t neffens him foar in fruchtber soarte fan ‘kruisbestuiving’ soarget. ‘In skilderij moat groeie, wol it foarm, karakter en persoanlikheid hawwe. Alle kearen is it wer sjen en sjen en op ’e nij besjen om dan krekt dy iene aksje of hanneling te dwaan dêr’t it skilderij dy op dat momint ta twingt. It sjen makket myn skilderjen. It giet om it proses, en dat is by my in saak dy’t noait dien is. Dêrfoar lizze de easken dy’t ik oan in wurk stel ek te heech. Dochs silst der in kear in punt achter sette moatte. In kwestje fan akseptearje, sa fan: it is net oars. Lykwols, as it gehiel dan mar sà is dat it dy en my en elkenien, yn ien kear – klets – oerfalt, te pakken krijt en meinimt. It moat syn dynamyk en spanning hawwe. Oars hoecht it om my net.’

300507LA01
Albert Oost :‘Ik wil de ruimte die openligt dichtschilderen en de ruimte die toegedekt is ontbloten. Niet de ruimte van het landschap, de uitgestrektheid of het wijdse, maar de ruimte die je niet ziet, de zwarte gaten in het denken en voelen. Wie ziet er meer van de wereld, de man op de ladder of degene die plat op z’n buik in het gras ligt?’

Lit de autonome werklikheid fan syn doeken har noch wol omskriuwe mei begripen as ritme en struktuer, oars wurdt it as it om de persoanlikheid fan it skilderij giet. Dan wurdt de taskôger ferge op it ûnder wurden bringen fan sensaasjes dy’t har yn essinsje net yn taal heine litte. Sels hat de skilder it besocht te omskriuwen yn in stik fan syn hân by in eardere útstalling fan syn wurk yn it Coopmanshûs yn Frjentsjer: ‘Ik wil de ruimte die openligt dichtschilderen en de ruimte die toegedekt is ontbloten. Niet de ruimte van het landschap, de uitgestrektheid of het wijdse, maar de ruimte die je niet ziet, de zwarte gaten in het denken en voelen. Wie ziet er meer van de wereld, de man op de ladder of degene die plat op z’n buik in het gras ligt?’ Utspraken dy’t de skilder tagelyk ek wer relativearret as er dêroan tafoeget: ‘De wereld is nog steeds gesloten, en houdt haar geheim gevangen.’

KADER

Njonken syn skilderijen makket Albert Oost ek romtlike objekten, wurk dêr’t de kleur, it materiaal (brûns, hout, stiel, polyester) en de behanneling derfan in faak gruttere rol taparte krijt as de foarm. Faak foarkommende motiven by dizze bylden binne hannen, earmen en mikrofoanachige objekten, dêr’t mei de nedige humor alderhanne eroatyske ferwizings yn ferarbeide lizze. Guon fan dy, yn de iepenbiere romte útstalde, bylden en ynstallaasjes binne te finen yn Easterwâlde, Boalsert en Drachten. Dêrneist hat it Fries Museum de lêste jierren in tal fan syn wurken oankocht.