B.C. Epker – Tussen strip en klassieke kunst

epkerTsjin in Delftsblauwe tegeltsjeloft riist út de giele bak fan in antike, op luchtbannen ridende keunstdongstruier in firulinte, oermemeftige frouljusfiguer op, as wie it frou Holle út it mearke fan Grimm. De tekeningen, houtfiken en gûasjes fan B.C. Epker, dy’t ferline jier fan de provinsje Fryslân de twajierlikse Gerrit Benner priis foar byldzjende keunst krige, bewege har yn styl tusken dy fan de strip en it mear klassike tekenwurk. It sjen fan syn wurk, dêr’t in sterk ferhalend elemint yn sit, rint út op it frij lêzen fan bytiden riedseleftige en ûnheimische lânskippen en reminisinsjes.

kultuer en identiteit

B.C. Epker is in eigensinnige fantast, in postmoderne gûchelder dy’t alderhande mytologyske, bibelske en literêre bylden byinoar lapet. Syn wurkwize is net oars as dy fan de muzikant dy’t mei it sempeljen fan tûzen en ien soarten muzyk in nij lûd makket of de dichter dy’t him derfan bewust is dat de betsjutting fan de tekst altiten ûntstiet yn relaasje ta oare (ûnderlizzende) teksten en om dy reden mei alderhande ‘ynpalme’ sinnen en fragminten syn yntertekstuele spultsjes boartet.

Epker syn ekspressive styl, dêr’t ûnder mear gebrûk yn makke wurdt fan it idioom fan de strip, is soms de knoffelige kant it neist, alle ferhâldingen lykje bytiden poater. Sa is it hynder dat er foar de keunstdongstruier stappe lit in al te ienfâlige skematyske knol. Guon sille sizze: Kin dy bêste jonge wol tekenje? Ho, mei sokke opmerkings is it altiten oppassen, want waard soks ek net sein fan tekeners as George Grosz of James Ensor, en dat hawwe dôchs wier net de lytste jonges west. Nee, it sketsmjittige en ûnfolsleine fan Epker syn styl, wêryn’t gauris de draak stutsen wurdt mei de rigels fan de anatomy, beskiedt foar in grut part de krêft en sjarme fan syn hânskrift. Boppedat lit er yn it treflike Jäger met erlegtem Hirsch sjen dat er it detail wol degelik behearsket.

Troch in griemmank oan bylden, ferhalen, dreamen en driften hat syn wurk in gauris boartlike en absurde, om mar net te sizzen surrealistysk ynslach, dêr’t, oer driften praat, faak in ferliedlik erotysk ynhâld mei mank is. Yn de tekening Mariner stiet in yn ferhâlding lyts en himpen tekene frou mei neaken ûnderlichem op de plecht fan in houten skip; yn de fierte sylt, suver fredich, in VOC-skip fuort, wylst op de foargrûn it reuseftige, alles oerhearskjende stal fan in Amerikaanske marinier te sjen is, in figuer waans hân, as yn in sjitbeweging, op it frommiske har heupen rjochte is. Wol Epker mei dizze moai bizarre ferbyntenissen en erotyske metafoaren ûnderstreekje dat it juster en hjoed sine qua non in potinsjele oarloch yn har hawwe?

epker6Epker is in lytse lânskipsmaster: syn romten, dy’t faak nei it Fryske lânskip ferwize, binne meastentiids ferlitten, leech en stil. De persoanen dy’t der yn omstappe, binne bibelske figueren, jagers of soldaten yn unifoarm, manlju en froulju yn kleandracht of yn sm-klaaiïng en ta stripfigueren omboude figuranten út de mytology. Yn Zicht op Dronrijp giet it om in tradisjoneel tekene Frysk lânskip, mei op de foargrûn wat skiepkes, dêr’t, folslein absurd, ynienen in Napoleontyske soldaat fan it eardere Kwatta-sûkelarje soarte delplante is. In bizarre kombinaasje, dêr’t ik fleurich om laitsje kin, sûnder fierders te besykjen wat Epker mei dizze frjemde gedachtesprong foarhat.

In soartgelikens lânskip, mar dan mei Hylpen op ’e eftergrûn, is Real Frisian, in tekening dêr’t in slim útfergrutte, yn 19-de ieusk kostúm stutsen echtpear yn figurearret, fan wa’t de frou in sweevjende soart ingel boppe it lân hinget. –Dit binne se dan, de ‘echte’ Friezen, liket Epker net sûnder irony te sizzen. Hoe âldfrinzich de foarstelling, sa op it earste each, ek lykje mei, better besjoen is dy yn ynhâld moai aktueel meidat de keunstner op syn manier syn refleksje op alderhande hjoeddeiske diskusjes oer kultuer en identiteit, dêr’t ek dy oer it Fryske bewustwêzen by heart.

Epker en Epker 

epker5B.C. Epker en Bas Epker binne twa. Mei it brûken fan de inisjalen B.C., – se ha op harsels wat eptichs – jout er doelbewust oan dat der foar him in skieding is tusken keunst en libben, of sa’t it er it sels ferdútst: ‘De kunst is autonoom, ze heeft geen directe relatie met mijn persoonlijk leven, maar bestaat omwille van zichzelf,’ seit de yn Harns grutbrochte Epker dy’t de AKI, de keunstakadeemje foar Kunst & Vormgeving yn Enskedee dien hat. In soad guod hat er dêr net foarriedich. In goed teken. It is of ferkocht of it hinget yn musea. It meast resinte wurk is te finen by de ynternasjonale groepsútstalling Reading the drawing, narrative in contempory art and comics yn galery SIGN yn Grins, in útstalling dy’t, sa’t de titel al seit, it safolste bewiis jout dat de faak wat yn ’e hoeke weidrukte tekenkeunst it lêste desennium mei in come-back dwaande is.

Wy prate op syn atelier oan de Cornelis Trooststrjitte yn Ljouwert, in klaslokaal yn in leechsteande skoalle dêr’t mear Ljouwerter keunstners romte yn ha. Se hoopje dat de oankundige hierferhegings, dy’t neffens Epker ûnevenredich heech binne. net trochgean. Is dat al it gefal dan prakkesearret Epker deroer om de Dyk oer te gean, fuort út Fryslân. Yn de nota’s fan de Provinsje stean neffens him de meast prachtichste ferhalen oer it stimulearjen en ferbetterjen fan it keunstklimaat. ‘De praktijk zegt het tegendeel. Wat ik niet begrijp is dit: Friesland is een fantastische provincie, met een kunstklimaat dat beter kan, maar dat ook weer niet het slechtste is, waarom je dus de vraag kunt stellen: waar doet die provincie er dan niet meer aan om hier meer kunstenaars naar toe te krijgen?’

Yn de kast efter syn tekentafel boeken fan Nietzsche, Hölderlin, Foucault en in protten poëzy, ek Fryske, ûnder oaren fan Elmar Kuiper. ‘Ik lees bijna dagelijks poëzie, een ritueel. Ook de Friese poëzie hoort daarbij. Een van jullie mooiste dichters vind ik nog altijd Hessel Miedema. Een meester zoals hij met zowel met de Friese myte jongleert. Ook de ‘dertien leafdesfersen’ mogen er zijn, al moet ik bekennen dat grote delen van het gedicht me ontgaan. Erg? Nee, soms is het horen van de klanken zelf al genoeg om van een tekst te kunnen genieten. Van Kuiper zijn gedichten snap ik de ballen, maar intrigrerend is het wel.’ 

De spegelman

eperker2Fassinearjend is it yn reade ekoline opsette Oidipus (of St. B.) & Antigone, in tekening dêr’t ik wat langer by stilhâld, net allinne omreden fan de yntegrearjende titel, mar ek omdat de  opset sprekkend is foar Epker syn wize fan sjen en tinken. De haadfiguer is as ien of oare hongerkeunstner delset. Hast komysk-tragysk is it poarsje byfoege porno, dêr’t lykas yn de tekening Mariner in út soarte gewelddiedich, troch erotyk dreaun elemint yn sit: Antigone, dy’t neaken mei wiidiepen skonken fêst yn de tange sit.

Epker syn styl docht hjir tinken oan Goya syn Los Disastres de la Guerra , de ferneamde útbyldings oer it ferskynsel oarloch en alle rampen dy’t dêr út fuortkomme. Wat fansels opfalt, binne de tusken heakjes stelde inisjalen St. B. Suggerearret Epker dat it lot fan Oidipus syn dochter itselde wie as dat fan Sint Sebastiaan, de ferfolge kristen dy’t it tsjin de Romeinske keizer yn ’e kant sette oant er deakneppele waard en as in fodde yn de wyldernis efterlitten waard, of giet it om in iroanyske ferwizing nei Bas (Epker) sels? De gûchelpartij hat in soad wei fan de boarterij dy’t de dichter Dirk van Bastelaere by De Arnolfinibruiloft fan de 15de-ieuske skilder Jan van Eyck úthelle. Njonken in pearke yn de spegel, is der yn dat skilderij noch in tredde, net te identifisearjen figuer, fan wa’t de h.h. keunsthistoarisy gauris tocht ha dat it de skilder sels is. En hoe dichtet Van Bastelaere dêroer?

De bolronde spiegel weet hem te bewaren.

Dat men kan zeggen, turend
naar binnen: dank zij afzijdigheid
Zal hier zijn geweest

De spiegelman Dirk van Bastelaere.

Uit: Porschegel

Mar wy binn’ der noch net. Want wat docht Epker mei Antigone, de dochter fan Oidipus, de frou dy’t noch altiten te beskôgjen is as ien de meast moedige, mar ek ien fan de meast fersleine froulju út de klassike mytology, omdat se tsjin de wil en macht fan har omke, kening Kreon, stiif en koppich, derop giet út om har fermoarde broer te beïerdigjen, in ûndernimmen dat har de kop kostje sil, want ienkear troch Kreon oppakt, ferhinget se har lang om let yn it hûnegat, de grot, dêr’t se yn finzen set is.

Oan in realistyske werjefte fan Antigones’ lot hat Epker gjin boadskip. Nee, by him wurdt it barren sa fertekene dat der de sjogger (moedwillich?) mei in nust fragen opskipet. Bygelyks dizze: Wêrom is Antigone erotisearre? Skûlet der, sa’t Epker suggerearret, in masogistysk elemint yn de leafde dy’t se foar har broer hat? Hat se fandatoangeande faaks bewust har eigen dea socht en as dat sa is: Hoe ticht lizze leafde en dea dan by elkoar?

landEpker sels makket my ek net wizer, hy glimket wat, seit: ‘Niets is wat het lijkt. Antigone is in paradoxaal geval. In de kunst is altijd sprake van meer dan één betekenis. Dat is ook wat ik in mijn werk probeer: het genereren van nieuwe betekenissen, ook al laten die zich soms niet helemaal begrijpen. Bovendien is het een misverstand om te denken dat je alles moet (kunnen) begrijpen.’

Kader

B.C. Epker krige ferline jier de troch de provinsje Fryslân útskreaune Gerrit Bennerpriis foar byldzjende keunst, en dan yn it bysûnder foar de ûntwikkeling fan syn wurk yn de lêste twa jier. It smiet him in mânske útstalling fan syn wurk yn it Fries Museum en it Haachske Gemeentemuseum op, in barren dat de iroanyske titel Epker heeft succes meikrige. Om priis sels hat noch al wat te dwaan west. Skilder-dichter Anne Feddema wie ien fan kritikasters. ‘Absolút kloaten, sa’t dy priis opset is. Yn foarste plak, it jildbedrach (4000 Euro / red. e.h.) is sá skiterich dat it elke útstrieling teneate docht. Twad, it is in ‘seurpriis’, ik bedoel, je moatte in motivaasje by je ynstjoerde wurk skriuwe, ja hallo, yn myn eagen is it sa dat je in priis krije. Tred, fan alle meidoggers sille je mar ‘een eervolle vermelding’ krije. Dat is folslein helendal niks; dan lit je je dôchs mei in kluitje in het riet stjoere? De namme Gerrit Benner hie better fertsjinne. It is in provinsjale priis, ja, mar dan wol op syn alderprovinsjaalst.’ Bast Epker hellet oan de skouders as er fan de krityk fan Feddema heart. ‘Als je een stipendium aanvraagt, moet je ook een schriftelijke motivatie geven. Dus, so what? Niet te veel zeuren.’
.

.