Belgyske modernen yn it Singer

james ensor - de oude dame met de maskers

 

BELGYSKE MODERNEN YN IT SINGER YN LAREN

Yn it Singer Museum yn Laren lûkt it each by ynkommen eins daliks nei it twa meter brede en oardel meter hege wintergesicht De ijsvogels (1891), in doek wêrmei’t de skilder Emile Claus it Frânske ympresjonisme in Flaamsk spoar jaan soe. Dûnker binne de figueren dy’t op ’e wite, grize iisflakten omstippe ûnder in machtige, út in readens skinende loft. De ijsvogels makket diel út fan Belgische Schone. Ensor tot Magritte, de tentoanstelling dy’t mei santich skilderijen, beskikber steld troch it Museum foar de Schone Kunsten yn Gint, in yngeand oersjoch jout fan de Belgyske moderne keunst tusken 1880 en 1960.

It binne net allinne Flamingen dy’t yn It Singer Museum te sjen binne, ek is der plak ynromme foar it wurk fan in tal Nederlânske skilders lykas Leo van Gestel, Jan Mankes en Carel Willink. Oer en wer hawwe der yn neamd tiidrek, wêryn’t de keunst fierhinne bepaald wurde soe troch it fin de siècle en de twa grutte wrâldoarloggen, alderlei foarmen fan útwikseling en beynfloeding west. Flaamske skilders lykas de jong ferstoarne Rik Wouters (1882-1916) setten nei Amsterdam. Oarsom teagen skilders as Jan Toorop nei Flaanderen.

Ljochtskilder fan de Leie

De basis foar de tentoanstelling yn it Singer leit foar in part yn de oerienkomsten tusken it keunstnersdoarp Sint-Martens-Latem yn East-Flaanderen en de keunstnerskoloanje yn Laren oan it begjin fan de foarige ieu. Yn de skiednis fan de byldzjende keunst foarmje beide doarpen in knier tusken in tradisjonele figurative keunst en alderlei ynternasjonale avant-garde bewegingen. Beide plakken lutsen oan it begjin fan de njoggentjinde ieu tal fan skriuwers en keunstners. Se hienen tabak fan de grouwe en grize, troch yndustrialisaasje ferpaupere stêden. De skilders ‘songen’ de lof fan de natuer en it libben op it lân. Op De ijsvogels fan Emile Claus – hy waard net om ’e nocht de ljochtskilder fan de Leie neamd – giet it yn it foarste plak om de romte fan it lânskip, de figueren op it monumintale winterdoek lykje sekundêr.

Tegearre mei de byldhouwer en tekener George Minne, de bruorren Karel Van de Woestijne en Gustave Van de Woestyne – hy hold de stavering fan de famyljenamme oan – foarme Claus de kearn fan de keunstnersgroep yn it rurale Sint-Martens-Latem. De groep hie gjin teoretysk of programmatysk útgongspunt. Dêrfoar wie it stilistyske ferskaat te grut, de geasten te ferskillend. De dichter Karel Van de Woestijne smiet him yn syn Latemse dagen op it wurk fan literêre symbolisten lykas Charles Baudelaire, Paul Verlaine en Maurice Maeterlinck, de Belch dy’t yn 1911 de Nobelpriis foar literatuer krije soe. By syn broer Gustave en Valerius De Saedeleer, beide skilder, wie in protte omtinken foar de mystyk fan Jan van Ruusbroeck en it midsieuske skilderwurk fan de Flaamske Primitiven lykas dat fan Jan van Eyck.

De skym fan Brueghel

In yndrukwekkend twadde winterlânskip yn de tentoanstelling is Sneeuwlandschap in Vlaanderen fan De Saedeleer. It breed opsette panorama lit yn al syn romtlikens tinke oan it ferneamde doek Jagers in de sneeuw fan Pieter Brueghel de Oude. Ynformatyf binne fan datoangeande de teksten dy’t de besiker fan de tentoanstelling op in draachbere mp-3 spylder ôfharkje kin. De geast fan de âlde Brueghel waret net allinne om yn de ymposante rige boerekoppen dy’t Van de Woestijne tusken 1910 en 1913 makke, mar ek yn de fisionêre en fantastyske skilderijen, etsen en tekeningen fan James Ensor. De ‘gekte’ yn syn wurk, fol frjemdsoartige figueren, maskers en skeletten, jaget de ferbylding. Navenant alle genot. As it om lilkaardigens, geweld en wredens giet, dan draacht syn betide wurk ta in hichte de foarútwizende skaden fan de twa grutte wrâldoarloggen.

In masterstik is it portret Oude dame met maskers (1889). Ensor hie it oait yn opdracht makke, mar it waard troch de dame yn kwestje wegere. De skilder naam it doek letteroan opnij ûnder hannen. Moaier soe it frouminske der net op wurde. De fervelagen sitte der tsjok op, de kleuren, grienen en readen, spatte der ôf. It konterfeitsel, mei har fernuverjende, omtrint swaksinnige eachopslach en har opstutsen hier, net liker as wie it in skaal mei rotte, readbûnte appels, wurdt beselskippe fan sinistere deadskoppen, grimmitich eagjende maskers en spotsk omhippende clowns. De groteske ensenearring wie foar Ensor ien fan de manieren wêrop’t er de draak stiek mei de waanwize selsfoldienens fan de bourgeoisy. Ensor syn wrâld, in bûntkleurige helleput, mei de echolaits as dy fan in god dy’t gek wurden is.

Oan it ympresjonistyske wurk fan Emile Claus, dy’t mei skilders as Théo van Rysselberghe hiele kloften oan neifolgers hie – de kranten repten yn dy dagen bytiden fan ‘een plaag’ – hie Ensor net folle boadskip. Allikemin hie er in soad op mei it troch de mystyk bepaalde symbolisme fan skriuwers as Maeterlinck en skilders lykas Valerius De Saedeleer. Mei syn heal om heal ekspresjonistysk wurk draaide er geandewei in omtrint surrealistyske kant op. Yn syn printen en etsen, dy’t soms ynkleure binne, bewiist er him as de ûnmeilydsum hurd spottende kritikus fan de boargerij en de moderne, yndustriële beskaving.

De maskers

Net selden wurdt de befolking te kakken set, bygelyks yn it wilens klassike skilderij De intrede van Christus in Brussel (1888), dêr’t yn it Singer in ets fan te sjen is. Gods soan makket syn yntocht yn Brussel op in ezel, dy’t – oer selsspot praat – in protte wei hat fan Ensor sels. Hy wurdt beselskippe troch alderlei maskere personaazjes, fan heechkroppige rjochterlike hearen, waanwize dokters mei tsjoendershuodden op oant en mei de útstrutsen troanjes fan skiteldeftige biskoppen. De boargemaster en syn ‘skepen’ geane yn klownsklean. Yn it each rinnend is it findel mei de tekst ‘Vive la Sociale’. It wie Ensor syn foarm fan maatskippijkrityk. Yn doeken as Pierrot en skelet in gele toga en printen as Doctrinaire voeding en Koning Pest rinne alderlei parallellen mei it wurk fan Pieter Brueghel de Oude, benammen as it om spot en satire giet. Fan datoangeande kin de âlde Brueghel, fan wa’t it lânskiplike fan ynfloed west hat op it wurk fan De Saedeleer en Van de Woestyne, beskôge wurde as de oerheit fan it Flaamske modernisme.

Intrede van Christus in Brussel - koperets
James Ensor, De intrede van Christus in Brussel, koperets, 1898

 

De skilders fan de twadde generaasje dy’t begjin njoggentjinhûndert yn Sint-Martens-Latem delstrutsen, kamen hast allegearre fan Gint. Under harren Constant Permeke, Gustave de Smet en Frits Van den Berghe. De lêste twa dûkten yn de Earste Wrâldkriich yn de keunstnerskoloanje fan Laren op. Se bouden dêr in ekspresjonistyske wize fan in skilderjen út, sa’t de Nederlanners Jan Sluijters en Leo Gestel dat dienen. ‘De rechstreekse verbinding die ze in Amsterdam kregen met de daar getoonde moderne kunst en met internationale tijdschriften als Der Sturm, en het contact met gidsen als Gestel en de Belgische schrijver-criticus André de Ridder, maakte hun verblijf in Nederland cruciaal,’ skriuwt Johan de Smet yn it by de Singer-tentoanstelling hearrende essay ‘De Belgische Modernen’.

Mei troch harren Nederlânske kontakten kamen skilders as Van den Berghe nei de oarloch, sa om ende by 1920 hinne, ta in hiel eigen foarm fan ekspresjonisme. Benammen it wurk fan Constant Permeke pykt der út. Spitich is dat yn it essay fan De Smet nergens praat wurdt fan it moderne wurk fan Paul van Ostaijen (1896-1928), de dichter fan Bezette Stad en De feesten van angsten en pijn, dy’t destiids ien fan de wichtichste Flaamske essayisten wie as it om de modernisme yn de Flaamske byldzjende keunst gie. ‘Ik ben het meest op schildersateliers. Schilders zijn verstotelingen zowel als ik: Seelenverwantschaft. (…) Literaten zijn hier zowel als bij ons strebers,’ skreau ‘Zotte Polleke’ tidens syn ferbliuw yn Berlyn, dêr’t er de avantgardistyske roken opsnúfd hie fan de dadaïsten, de kubisten en alderhande ekspresjonistyske skilders fan it skildersselskip Die Brücke. (*)

Frjemdens en beklemming

Yn tsjinstelling ta de opstelling fan de moderne keunst, sa’t dy te sjen is op de heechste ferdjipping yn it Fries Museum, hâldt it Singer Museum de ‘âlderwetske’ en tradisjonele yndieling oan. Elke seal jout in oersjoch fan skilders út ien fan de keunststreamings yn it tiidrek 1880-1960. Fan de ‘postmoderne’ wize om mei lyntsjes en pylkjes de ferskillende bannen en ferbinings tusken keunstners te jaan, sa’t dat yn it Fries Museum it gefal is, dêrfan hat men yn it Singer gelokkich gjin lêst.

De lêste seal yn it museum yn Laren is ornearre foar de surrealisten Paul Delvaux, Carel Willink en René Magritte. Har wurk is fierhinne de resultante fan in faak nijsgjirrich en meastentiids net ûngelokkich houlik tusken dream, poëzy en erotyk. Fan Willink is der it ûnheimische skilderij Evenwicht der krachten, basearre op in rige foto’s dy’t de skilder yn 1962 by in reis nei Itaalje út kranten en tydskriften knipt hie. Bonkige en knûstige skulptueren út de Italjaanske renêssânse wurde flankearre troch in hypermoderne lansearynrjochting foar in romtefeartraket. Driigjende loften spanne gear boppe in dûnker lânskip, se azemje, en dat is typysk Willink, de ûntrêstigjende sfear fan der Untergang des Abendlandes. Frjemdens, beklemming en ta in hichte ek betizing beskiede syn magysk realistyske wrâld. Driging en ûnheil binne by Willink noait fier fuort.

De keunst yn Fryslân oan it begjin fan de tweintichste ieu, sa betink ik my, kin op gjin inkelde manier it modernisme belykje, sa’t dat yn de Flaamske byldzjende keunst en literatuer nei foaren kaam. Fryslân wie yn dy tiid noch djip beheltere yn it platte en belearende realisme en moralisme fan de njoggentjinde ieu. De ekspresjonistyske blauwe hynderkes fan Gerrit Benner kamen sa likernôch fyftich jier nei de reade happen fan syn fiere Flaamske ‘broer’ Constant Permeke. Hoe dan ek, as ik weromrin nei it begjin fan de Singer-útstalling stel ik my foar dat ik út dizze Singer-tenstoanstelling twa wurken mei nei hûs nim. Hokker? In drege kar, want Belgyske Schone. Fan Ensor tot Magritte ken it iene nei it oare hichtepunt, miskien wol tefolle.

Fan Constant Permeke soe ik Liggend naakt mei nei hûs nimme, it monumintale doek mei de omtrint argetypyske frouljusfiguer. Yn de seal fan Ensor soe ik De intrede fan Christus in Brussel fan de muorre helje, wylst ik, temûkwei, want twa is in pear en ien derby is ien mear, De ijsvogels fan Emile Claus ta it gebou út sjouwe soe. Yn de gong dy’t útsjoch jout op de binnentún by it Museum sjoch ik De denker fan Rodin tinken dat besit, ek fan keunst, lang om let beseten makket. Ik behein my dus ta de katalogus mei de printen en platen fan alle hichtepunten út de samling fan it Museum voor de Schone Kunsten yn Gint, skôgje de dûnkere, Willinkachtige loft fan de reinige sneintemiddei en winskje it Fries Museum in tentoanstelling ta fan itselde súksesfolle kaliber as Belgische Schone.

 

(*) Gerrit Borgers, Paul van Ostaijen. Een documentatie (2 dln). Uitgeverij Bert Bakker, Amsterdam, 1996.

 

Emile_Claus_-_De_ijsvogels_(1891)
Emile Claus (1849-1924), De ijsvogels, 1891

 

liggend naakt
Constant Permeke (1886-1952), Liggend naakt, ca. 1938-1939

Uitgelichte afbeelding verwijderen