Boris Ryzji – Trije gedichten – Stimmen 42

Sverdlovsk

Trije nei it Frysk oerbrochte fersen fan Boris Ryzji, de dichter út de Oekraïenske stêd Sverdlosk, dy’t yn 1994 syn debút makke en dy’t yn 2000 ûnder mear te hearren wie op Poetry International. Anne Stoffel sette in grut tal fan syn fersen nei it Nederlânsk oer, oerweldigjende poëzy, dy’t byinoar brocht is yn de blomlêzings Wolken boven E (2004), dêr’t Stoffel yn 2005 de Aleida Schotprijs foar krige, en Afscheid in Rusland (2013). Sjoch fierders ‘Boris Ryzji, op it jiskelân fan it ûnthâld’ of ‘Boris Ryzji, dichtersreus en poète maudit.’

 

*

Fragmint fan in grut gedicht

… In deagewoan ferhaal: har man wie meast net op ’t honk.
Ik wie in maatje fan ‘m en gong der wolris oan –
gewoanwei, omdat it wintere, near wie, of soms
om’t eaze hie; út freonskip brocht ik letteroan
dan blommen, kwânskwiis. Lykwols, ik moat jo bekenne:
it hat my in soad pyn en muoite koste, te mear
omdat se sa koel die. Dêr koe ’k min oan wenne.
Ik smeke God om help. Dat op in kear
doe’t se allinne wie, kaam ik, koppich, mei in knap
bosk roazen fan ’e Turk en sei:
‘Hee do, ik moat
no ôfskied nimme, foargoed, de treinen stean al klear
op it stasjon, it kaartsje is my matst! –
It wurke. Freonen, lit de dichter it wurd fiere:
Ik naam in sigaret, skôge my it lemieren,
blies wat krinkjes en spriek mei gesach:
‘Ja,
ik tink sa linkenoan nei Pluto op te kraskjen.’
‘Myn leave, wat no, wêr silsto nei ta?’
‘Och, ik far
nei Orkus’ djipste streamen en sompige sodzen.’
…………………………………………………..1997
.
.
.*
Yn Ruslân is elk ôfskied foar altyd.
Stêden lizze yn dit ryk sa wiid
……………ferspraat dat ik
huverje as ik flústerje: goeie, fuort
gean ik hoewol’t myn hân by ûngelok
……………harres oantikt.
Elk libbenspaad is der like ûnwis.
Wat dochs is dy god fan Ruslân? Ik sis:
……………‘Natuerlik kom
ik werom.’ Mar dwaan? Yn gjin ivichhyd.
Yn Ruslân is elk ôfskied foar altyd.
……………‘Ik kom werom,
myn lea’. Jawis, nei mear as hûndert jier.
Hoe tear en hoe leaf is al har fertriet –
…………… ’t hichtepunt
fan ôfskied. ‘Dyn triennen fei ’k aanst wol fuort.’
Ik kom net werom. Earder set it lot
…………… myn grêf as punt.
Yn Ruslân is elk ôfskied foar altyd.
Smyt noch marris in ekstra klûntsje iis
……………by dit gedicht…
Treinen reitsje kear oan kear fan ’e rit…
In fleantúch dat foarby de stjerren sjit
……………teskroeit allicht. .
………………………………………..april 1996

.

 

By de dea fan in dichter (1)

By in godswûnderlik fier ljocht
skôge ik de swarte djippe nacht.
Al dyn rigels haw ’k my oertocht.
Witst net hoe’t ik dy leave haw.
…Kocht hie ik fan myn lêste jild
dyn boek, ik hie der sa om socht,
en ik, earme, ik lies as in wyld
dyn fersen, iensum en heal sljocht.
No ha’k dy loslitten en útswaaid,
foar altyd sizzend farwol.
In wite ingel kaam delsaaid,
want de himel bestiet wier wol.
Ik wie santjin; no net mear,
oer is it fjoer fan it bern yn my.
Mar ik wit – it ljocht seit dyn kear:
‘Hoe leaf my is dat fers fan dy’.
Ik sis – as dat mei – dat ik tink
hoest yn streken fan lucht en glês,
befrijd fan pine en waansin,
wjokken weromfynst op dyn rêch..
………………………………..jannewaris 1996
.
(1) De ferstoarne dichter is Joseph Brodsky (1940-1996)

 

Ut: Afscheid in Rusland, Hoogland & Van Klaveren, 2013, (resp. s. 31, 19 en 13).

.