Brief oan K. – Poëzy by de tentoanstelling ‘Hauser’

Estor Van Gasse
Byldwurk út Het boek Hauser fan Lies van Gasse en Annemarie Estor

 

Brief oan K.

– Der hingje swarte lampen
yn de klanken fan dyn namme,
lûden dy’t ôfhinklik fan
de letters dêromhinne
ta taal en sinnen komme wolle.

.

I

Wa oft wy allegearre wol net binne
yn lange prosesjes ûnder de sinne,
slachter, rjochter, flechtling, prins of dier,
kreupele kosters yn de tiid tusken

in liet fan ûnskuld – it bern dat
út de bosken wei, oan wolven hechte,
stomwei de heuvels fan spraak yn klom –
en in koar fan geweld en dea.
.

II

De minske, sprekkend in teater, Kaspar,
syn taal, in martelmasine foar wa’t
himsels genôch, allinne bûten
alle moares om, de grotten en kelders fan

in hast hillige dierlikens bewenne
oant dat er de wrâld ynskopt waard,
it wurd ûnder earen komme moast,
wylst in happe stikken út de himel foel.
.

III

In hoeden taasten is dyn rinnen,
in hingjen en wjirgjen en krij de fuotten
ûnder it gat fan de wurden dy’t klets
op dy delreine, de koeterwaalske pleinen.

Lykop mei dyn strampeljen giet
dyn stammerjen, de klanken en lûden
dy’t as net te lêzen snieflokken dy
de blauwe mûle útrûgelje.
.

IV

Pakhûs en toer bûge foaroer
mei grutte eagen, fan modder is dyn hûd,
fan heale seadden dyn fodden.
Stokken en stiennen soeikje de loften troch

asto de bern dy’t dy stalkje en útskelle
gjin beskied joust oer dyn kom-ôf,
de hate tsjin alles wat oars as oars is, do
frjemdling dy’t net foldocht oan har moares.
.

V

Wat te leauwen by de nacht fan dyn mûle
dy’t oars net sizze kin as ‘ruter
wol ik wurde, lykas heit’, sinnen en
wurden dy’t kreupel fan begryp bliuwe.

Hop, hop, hop, mei de bisten kinsto
prate, mei fûgelguod de wjokken slaan, mar
by de fragen oer wat en wa’tsto bist
rint elk antwurd fêst yn inkeld miskien.
.

VI

De roppige dames en hearen yn
de konkelfoezjende salons fan Europa,
se hawwe dy op ’e kuer, struie
mei geroften, fermoedens en oannames.

– In skobbejak! – In swalker! – In fan ruten
spile gestichtsidioat! – Nee, nee, jim binn’ gek,
it is de broer fan Esmoryt, inkeld
ferstutsen keningsbern, de rest is klets!
.

VII

Wa’tsto ek bist, skoelje, fûnling of flechtling,
faaks knoeier of knopedraaier,
altyd is der wol ien dy’t kyrwyt
mei de trompet, heechop yn de loft de wrâld

de messiaanske wittenskip docht dat
mei dyn komst yn de stêd, dy’t fan keizers
en soldaten is, it ljocht oer de wrâld
kaam is, baltend: – Hy, it bern fan Europa.
.

VIII

Wy sille dy leare, Kaspar, ja, leare,
leare sille wy dy, leare en stek yn it braaklân
fan de siele dy’t noch ûnbeskreaun is,
de hingellampen fan beskaving op:

– Kom op, kom op, roppe de legers
ferljochte geasten, mar elk wurd datsto dochst,
ferwiist nei niks, seit it tekoart fan wat
omslacht as it wyt tusken de rigels.
.

IX

Hoe fier bisto ferwidere fan alles wat dy
droegen hat, in lân, in see, in frou,
do, flechtling, mei dyn hynderke-ryd
oan barrels slein, wylst de goegemeente wit:

– Hy kostet ús tefolle pekunia, út ‘e wei
mei dat rosmos dat inkeld ruter wêze wol.
Under de toer, mei de wizers kriezjend
yn de wyn, stietsto sprakeleas as in muorre.
.

X

Dêr’tsto omstapst yn dyn kelder, dyn grot,
draacht yn in net te fernearen ljocht
it strie de roken en rissellûden fan
happen en rokken en in frou dy’t

dy mear as allinne wetter en brea joech.
Yn dy giet in lang roppen om, mei
in dûmens dy’t dy djip ta it liif yngroeit.
Alles watsto seist, rint yn misferstean klem.
.

.

@Eeltsje Hettinga

 

It gedicht ‘Brief oan K.’ waard earder publisearre yn De Moanne.

 

De Moanne Estor Van Gasse

.

Foar de eksposysje ‘Hauser’ fan de Flaamske dichters Annemarie Estor en Lies Van Gasse, dy’t fan ein septimber oant begjin oktober te sjen west hat yn Tresoar, waarden fan ’t hjerst fiif Fryske dichters frege om har ljocht skine te litten oer de figuer Kaspar Hauser.

Kasper Hauser syn ferhaal is it ferhaal oer de macht en ûnmacht om jin te uterjen. Taal soarget no ienkear foar gedachten, taal makket tinken. Mar wa’t de taal net machtich is, dy sit al gau fêst en finzen yn it kasjot fan eigen kop, mei navenant alle gefolgen. Hokfoar ynfloed hat taal op immen syn geastlike ûntwikkeling, dus wat bart der as ien grut wurdt sûnder taal lykas Hauser? Like nijsgjirrich is fansels hoe’t de omjouwing reagearret op minsken dy’t har net of min uterje kinne, bygelyks troch in achterstân yn taal.

ruter

Kaspar Hauser wie de jonge dy’t yn 1828 op pinkstermoandei samar, as út it neat en nearne wei, yn de Dútske stêd Neurenberg opdûkte. Hy koe amper prate, hie gjin doel oer taal en tiid en kreupele, amper wittend hoe’t er de iene foet foar de oare krije moast, oer de pleinen fan Neurenberg. Ynearsten waard tocht: hy is dronken! Doe’t him frege waard wa oft er wie, wêr’t er wei kaam en wat er fan doel wie, doe die bliken dat him net mear oer de lippen komme woe as de sinnen ‘Ik wit net, ik wit net’ en ‘Ik wol ruter wêze, lykas myn heit dat wie.’

Syn hâlden en dragen wie sa frjemd, dat it like as hie er in libben lang ûnder de wolven ferkeard of earne jierren oanien opsletten west, sûnder ek mar wat te fernimmen fan de bûtenwrâld. En dat lêste wie it gefal by Hauser. Nei’t sein waard, ferbrocht er fjirtjin jier fan syn libben yn in tsjustere kelder, libjend op wetter en brea en himsels fermeitsjend mei in lyts houten hynderke. Doe’t er yn Neurenberg fan strjitte fiske waard, fûn men lykwols in briefke dat er by him hie, in kwattel dy’t syn mem skreaun hawwe soe en dy’t ûnder mear syn namme en jier fan berte – 1812 – sei. Fierdersoan stie der yn dat syn heit oait offisier by de kavalery west hie, mar al lang ferstoarn wie.

By alle oannamen oer Hauser syn persoan en identiteit, gongen op in stuit alderlei oare ferhalen om. Sa soe er in ordinêre oplichter wêze, in dronken leechrinner, in wees, nee, seinen wer oaren, it is in oerwinneling, ien mei blau bloed, in keningsbern. Der waard sels grutte, it soe in bûtenechtlik bern fan de gruthartog fan Baden wêze, waans frou de oannommen dochter fan Napoleon wie. Lykwols, by alle foarûnderstellings, waard nea in slutend bewiis levere. Hauser soe letteroan fermoarde wurde. De dieder(s) waarden nea efterhelle. Dat, soe der, sa’t faak suggerearre is, sprake west hawwe fan selsmoard? Lykas syn komôf bleau it bestean ien grut mystearje.

hauser-kaft‘Bij den dood, daar ben ik thuis.’

De figuer Hauser hat by de jierren lâns tal fan keunstners oanset ta it meitsjen fan fersen, ferhalen, films en skilderijen. Slauerhoff skreau it gedicht ‘Kaspar Hauser’, dat úteinset mei in twarigel dêr’t it gedicht ek wer mei einiget: ‘In het halfdonker een kleine kluis / Bij den dood, daar ben ik thuis.’ Fan Georg Trakl is it gedicht ‘Kaspar Hauser Lied’, mei dêryn de rigels: ‘Ernsthaft war sein Wohnen im Schatten des Baums’. Werner Herzog makke de spylfilm Jeder für sich und Gott gegen alle en syn kollega Wim Wenders kaam mei The enigma of Kaspar Hauser.

Annemarie Estor en Lies van Gasse út Flaanderen setten fjouwer jier ferlyn útein mei harren Hauser-projekt. Alle wiken stjoerden se elkoar in printbriefkaart, mei dêrop elke kear in nije strofe foar in gedicht yn in klassike fersfoarm. Yn de oanloop nei de útjefte fan har wurk diene se op harren blog ‘Hausersgrens.blogspot.nl’ ferslach fan de ûntjouwing fan harren multimediale projekt. Teksten en gedichten waarden troch Van Gasse en Estor, dy’t beide ek byldzjend keunstner binne, oanfold mei byldmateriaal yn de foarm fan yllustraasjes, tekeningen en films.

Het boek Hauser fan beide skriuwer-keunstners, fan’t simmer ferskynd by de Wereldbibliotheek, makke ek part út fan de troch it tydskrift de Moanne organisearre Hauser-útstalling. Nei oanlieding fan dizze tentoanstelling en it boek fan Estor en Van Gasse lieten de dichters Tsead Bruinja, Arjan Hut, Anne Feddema, Elske Kampen en ûnderskreaune harren ljocht skine oer it mear as tsjustere fenomeen Kaspar Hauser, oftewol: K.