De Godsbaarch – Poëzy

Christ's_Entry_Into_Brussels_in_1889

DE GODSBAARCH

Op in healsliten jitkarre
kaam in Kristus de stêd ynriden,
lyts baltend everswyn
mids biisjeiende maskers,
bierdragers en yn it foarop in nust
dronkene deagravers.
.
Mȃnselheech wappere
de Flaamske flagge boppe
de lampeswarte hallelujahuodden
fan bewaker en stêf.

De himel kriet allyk in ezel
dêr’t it folk moarte
ûnder swaaiende liuwen en findels.

Stapfoets sette in fanfare
de kroech út, blazend by alle kakofony
in mars fan Wagner.

It plein, it klapte en bûgde foar
de wetterperokside
bokkeprúk fan in drok, yn jarre
ompratende godsbaarch
op in fan seefûgels beskiten bordes.