De hoed en de reis fan Slauerhoff en Po Tsju I

Java China Lijn Slauerhoff

Ien fan de earste Sineeske gedichten dy’t Slauerhoff nei it Nederlânsk oerbrocht, wie ‘Reizend naar Njoe Tse Wang’ fan Poe Tsju I. By syn oersettingen makke er gauris gebrûk fan Dútske en Ingelske fertalingen, yn it bysûnder fan de teksten yn One hundred & seventy Chinese poems (New York, 1925) fan de Britske sinolooch Arthur Waley, in blomlêzing dy’t er yn 1927 yn it eardere Macau, tsjintwurdich Hong Kong op de kop tikke hie. Slauerhoff foer yn dy dagen as skipsdokter op de koelyskippen fan de Java-China Lijn.

Nei alle gedachten hat it ek Waley’s blomlêzing west dy’t him foar it earst yn de kunde brocht mei it wurk fan Bay Juyi, oftewol Poe Tsju I (772-846), de grutte Sineeske dichter út de dagen fan de njoggende-ieuske T’ang-dynasty. Slauerhoff sette mei-inoar achttjin gedichten fan him oer. De dichter wie him as in broer, yn him werkende er de maatskiplike outcast, de drinker, de swalker en poète maudit.

Fyftjin fan de Poe Tsj I-oersettingen waarden opnommen yn de bondel mei de nijsgjirrige en fernimstige titel Yoeng Poe Tsjoeng, dat Sineesk is foar ‘fan gjin nut’. De measten gedichten hawwe mei it orizjineel faak net folle fan dwaan, sa’t Arie Pos dat út ’e doeken dien hat yn it essay ‘Ik heette niet Slauerhoff maar Po Tsju’, in titel dy’t ûntliend waard oan it yn de bondel Al dwalend opnommen gedicht ‘Samenval’, wêryn’t Slauerhoff himsels sjocht as de reynkarnaasje  fan de grutte Sinees.

(…)

Ik loop in den regen te verdwalen
En word doodmoe, maar ik wil het wel;
Zie niets meer achter de grijze stralen
Dan grauwe wanden, zink in een wel

En ben verdronken: eeuwen geleden
Liep ik ook in den regen als nu,
Waar ’t land uitstulpt in den rand van de steden,
Ik heette niet Slauerhoff maar Po Tsju.

(Ut; VZIII, Al dwalend, ‘Generzijds’, Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam, 1940, s. 198.)
.

Autograaf4 Obe Postma
Autograaf fan Obe Postma ‘Fan in hoed oan de dichter joun’ (Samle Fersen, s. 452), te finen yn skrift Literatuer XIX, Tg. 200-03, ynv. 70; Tresoar. Boarne ‘Wjerklank’, Obe Postma Selskip, Jrg. 4. Nr 8, 2010, s 11).

Hjir is fierders ek it ferneamde troch Slauerhoff oersette Poe Tsju-I gedicht ‘De hoed door Li Tsjen aan den dichter gegeven’ ferfryske, mei dêryn dy iene, mysterieuze rigel: ‘Jij bent al ver achter de bronnen’, dat âld-Sineesk is foar: ferstoarn, yn it deaderyk. It gedicht ken yn de Fryske en Nederlânske literatuer tal fan oersettingen en bewurkingen. Yn 1953, santjin jier nei Slauerhoff syn dea, kaam Obe Postma mei syn ‘fertaling’ fan it gedicht dat er yn it tydskrift It Heitelân ferskine liet. De dichter Willem Abma (1942) naam de oersettings fan Postma en Slauerhoff as útgongspunt foar syn memento mori-fers ‘Ferglide’, opnommen yn de bondel Inerlik ferskinen (2010).

By myn ferfrysking fan it ‘Hoed’-gedicht haw ik de oersetting fan Slauerhoff oanholden, ek al is der geandewei de jierren troch ferskate sinologen op wiisd dat Slauerhoff de Ingelske tekst dêr’t er him op basearre of net alhiel begrepen hat of der te frij mei omgien is. ‘Jij was al grijs / en ik nog jeugdig’, sizze de earste twa rigels fan  syn oersetting, mar neffens de sinolooch W.L. Idema stie der yn it Sineesk krekt it tsjinoerstelde, want it wie net Li Tsjen dy’t de hoed presint die en dy’t âld en griis wie, mar Bai Juyi sels, oftewol dejinge dy’t de hoed skonken krige. Ek is de âlde Poe Tsju I [Bay Juyi] dy’t, op jierren as er is, der net oer út kin dat hy noch altyd it libben hat, wylst de jonge Li Tsjen al ‘ver achter de bronnen’ is, ofwol djip yn it deaderyk.

.
DE HOED DOOR LI TSJIEN AAN DEN DICHTER GEGEVEN

Lang geleden, jij was al grijs
En ik nog jeugdig, gaf je mij
Een zwarten vilthoed tot geschenk.
Soms, nu ben ik al grijs,
Draag ik hem nog.
Jij bent al ver achter de bronnen.
De hoed is oud maar kan nog worden gedragen,
Maar jij bent al vergaan en komt nooit terug.
Vannacht schijnt op je grafheuvel de maan
Door kale boomen die de herfstwind wringt.

(Po Tsju I)

.
DE HOED TROCH LI TSJIEN OAN DEN DICHTER JUN

Lang ferlyn, do wiest al griis
En ik noch jongfeint, diesto my
In swarte filten hoed presint.
Soms, ik bin no al griis,
Ha ’k him noch op.
Do bist al djip yn it deaderyk.
De hoed is âld mar kin lykwols noch in reis mei,
Mar do bist al fergien en komst nea werom.
Oer dyn grêf en it keal’, troch hjerstwyn
Mangele beamte skynt fannacht de moanne.

(Po Tsju I)

.
IN HSIEN YANG

Zoolang ik als vreemdling in Hsien Yang woonde,
Beleefde ik geen dag zonder regenstroomen.
De zon brak zelden die grijze vloek,
In zware slaap bracht ik mijn tijd te zoek.
Het meer reikt tot de kim en wil niet slinken,
De wolken zakken, dreigen te verdrinken.
Ik hoor den wind de oeverwilgen wringen,
Achter de mist onzichtbare visschers zingen.
‘k Zie witte spoken in de grauwe wijlen.
Wat zijn ‘t? Verdoolde vogels? Natte zeilen?

(Po Tsju I)

.
YN HSIEN YANG

Salang’t ik as frjemdling yn Hsien Yang tahold,
Bleau it al mar reinen sûnder dat it ophold.
De sinne briek selden dy grize pleach,
Yn swiere sliep ûntkaam ik dy floedweach.
De mar rikt oan ’e kym en wol net slinke,
De wolken sakje, driigje te ferdrinken.
Ik hear hoe’t wyn de wetterwylgen slacht.
Net te sjen sjonge de fiskers achter de nacht.
’k Sjoch wite wiven yn ’e damp omdweiljen.
Wa binn’ hja? Doarmjende fûgels? Wiete seilen?

(Po Tsju I)

.
REIZEND NAAR NJOE TSE WANG

Weinig slaap en lange wacht na middernacht,
Reizen en staren in den zwarten nacht,
Een strand ligt blank in de maan, zelf in wolken
Onzichtbaar, nimmer door den wind ontbloot.
De zeilen kraken hard en stijf bevroren.
De golven zoeken winterslaap, ijsschotsen
Brijzelt de boeg, wij voeren veertig dagen
Door nevelen en nog geen Njoe Tse Wang.

(Po Tsju I)

.
REIZGJEND NEI NJOE TSE WANG

In krom sliep en lange wacht nei middernacht,
Reizgje en stoarje yn de swarte nacht,
In strân blank yn ’t moanneljocht, sels yn wolken
Net te sjen, troch de wyn nea bleatwuolle.
De seilen kreakje hurd en stiif beferzen.
De weagen sykje wintersliep, iisskossen
Bûkje de boech, wy fearen fjirtich dagen
De dize troch en noch gjin Njoe Tse Wang.

(Po Sju I)

.
J. Slauerhoff, Verzamelde Werken (II), Yoeng Poe Tsjoeng, Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam, 1940, s. 188, 167, 166
.
Sjoch fierders ek de skôging Sineeske poëzy yn de Fryske literatuer en/of Slauerhoff yn it Frysk.

.

.
.