De Russyske rede – Slauerhoff en de betide wegen fan in dichterskip (diel II)

Oer de poëzy dy’t Slauerhoff yn syn jonge jierren lies, murk syn freondinne Heleen Hille Ris Lambers yn ien fan har brieven op dat ‘Jan een vreemde smaak had met boeken van Pierre Louÿs, Stefan George, Charles Baudelaire, Herman Gorter en Boutens.’ De besites oan de pastorij yn Jorwert, dêr’t er syn petearen hie mei de frijtinker en Tolstojaan dominy Hille Ris Lambers – se groeten inoar steefêst mei ‘Dag kerkvorst’ en ‘Dag dichtervorst’ – brochten him net allinnich yn ‘e kunde mei it wurk fan Frederik van Eeden, mar ek mei de Russyske letterkunde. De jierren tusken 1898 en 1918 hawwe beskiedend west foar Slauerhoff syn ûntjouwing as dichter en skriuwer. Neist Flylân en Ljouwert spile Jorwert dêryn in net ûnbelangrike rol.

Fiifde klasse Ryks HBS Ljouwert
Fiifde klasse Ryks HBS Ljouwert, Slauerhoff op ‘e twadde rij, hielendal links

.
II

‘Maar het was mij te machtig. Ik kocht toch. Verzen!’

.

Yn syn skoaljierren op Flylân en yn Ljouwert lies er ‘de reizen’ fan Jules Verne. De jiergongen fan de rige De Aarde en haar Volkeren koe er omtrint wol opfrette, sa hie de frjemdte him yn ‘e besnijing. Letter op ‘e HBS yn Ljouwert waard bytiden elke bûssint ferpatst oan poëzy, ek al wist er dat er dêrtroch beknibbelje moast op sigaretten, bier of presintsjes foar famylje of freonen.

Oer dy heblikheid skreau Slauerhoff yn 1933 yn De Nieuwe Arnhemse Courant: ‘In mijn jonge jaren, toen ik met verzen dweepte en goed en bloed, ja zelfs mijn karig zakgeld veil had voor een verzenbundel, heb ik mij eens een berisping van mijn veel oudere zus op den hals gehaald, toen ik thuis kwam met een dure plaquette. (…) En dit hoopje letters op veel wit papier kostte drie, vijftig. (…) Hoeveel sigaretten, hoeveel bouquetten, hoeveel glazen bier… Maar het was mij te machtig. Ik kocht toch. Verzen!’

Fan Samain oant Lao Tsze

De boekekasten yn de Jorwerter pastorij, dêr’t er yn it lêst fan syn HBS-jierren in soad tiid ferbrocht, wiene him ta rôversguod. Hy fûn dêryn net allinne de poëzy fan Albert Samain – syn bondel Eerste Verzen sette útein mei de ôfdieling ‘Naar Samain’ – mar ek it troch Hille Ris Lambers skreaune essay De Wijzen van het Oosten. Brahmanisme, Boeddhisme, Chinese Philosophie, Mazdeïsme.

De ferhanneling, dêr’t ek it nedige omtinken yn jûn wurdt oan Sineeske poëzy, kin lêze wurde as in oantrún foar de minske om himsels te befrijen út de boeien fan de tsjerklike dogmatyk. Mooglik dat ek dêr ek ien fan de boarnen leit fan Slauerhoff syn ynteresse yn it Easten, yn it bysûnder yn Sina.

Njonken de oersettingen en bewurkingen fan gedichten fan Poe Tsju I, ek wol Bay Juyi neamd, soe Slauerhoff letter yn de bondel Yoeng Poe Tsjoeng (1930) – de titel betsjut ‘fan gjin nut’ – in pear sterke staaltsjes fan literêre chinoisery oer it fuotljocht bringe.

Dizze Sineeske poëzy, foar my noch altyd ien fan de meast nijsgjirrige ûnderdielen yn Slauerhoff syn oeuvre, hat oait, mar dit sa sydlings, ien fan de oanliedings west ta it skriuwen fan de gedichten fan Hu Thung-song yn de bondel Yn ’e fal fan jûn.

De Russsyske rede

Yn de hjerst fan 1915 hold Slauerhoff foar de skoalleferiening Eloquentia fan de Ryks-HBS yn Ljouwert de lêzing Ruslands letterkunde yn hotel De Klanderij oan it Suderplein yn Ljouwert. Yn syn rede fan goed achttûzen wurden stuts er de loftrompet oer skriuwers en dichters as Poeskjin, Krylov, Toergenjev, Tolstoj en Gogol. Fan de lêste lies er dy jûn – bûten gisele it in heale stoarm oer de stêd – in tal fragminten foar út Gogol syn grutte roman Dode Zielen.

Wim Hazeu hat yn syn biografy oer Slauerhoff de dryste stelling dien dat dizze lêzing ‘de inleiding was tot zijn blijvende belangstelling voor de literatuur’, sterker, Hazeu wol sels hawwe dat de tema’s oer demoanen en deade sielen, sa’t Slauerhoff dy yn it wurk fan Russyske dichters en skriuwers tsjinkommen wie, him yn syn HBS-tiid sá yn macht hiene ‘dat hij het sluimerend dichterschap in zichzelf voor het eerst ervoer.’

Potret Slauerhoff 'Russyske Rede'Ien fan de besikers op de Eloquentia-byienkomst yn de Klanderij wie Simon Vestdijk – hy siet yn 1915 in klasse leger as Slauerhoff – dy’t it allegearre mar sa-sa fûn: ‘De lezing zelf, kennelijk uit een leerboek geput, zonder persoonlijke noot, viel mij tegen,’ skreau Vestdijk goed fjirtich jier letter yn syn ‘memoires’ Gestalten tegenover mij (1961). ‘Het was een zeer goede, zeer degelijke lezing over alles tussen Poesjkin en Gorki, en daarmee afgelopen. Een jong geleerde!’

Vestdijk tocht dat it rekalsitrânsje west hie wêrom’t Slauerhoff foar syn lêzing it ûnderwerp oer de Russyske literatuer útkeazen hie. ‘In onze ogen (…) belichaamde het een protest tegen de sleur van Frans-Duits-Engels en niet anders.’

Dat oardiel is lykwols yn tsjinspraak mei de sosjale belutsenheid dy’t út de lêzing sprekt. Der is net allinnich Slauerhoff syn konsideraasje mei it lot fan de boeren yn it turbulinte, pre-revolúsjonêre tiidrek yn Ruslân, ek freget er oandacht foar de rol fan de frou yn de Russyske frijheidssaak.

‘Ze doen dit meestal niet louter uit liefhebberij zoals we wel eens zien in onze westerse maatschappij, maar ze gaven zich aan de vrijheidsbeweging met hart en ziel, waren bereid er zich geheel voor op te offeren en ervoor te sterven.’

Oan ‘e ein fan syn Russyske rede komt Slauerhoff wiidweidich op ‘e tekst oer it wurk fan de kristen-anargist, graaf Leo Tolstoj. Oan de tsjutting fan syn teologyske wurken woe er him net weagje, ‘daar we om dit te begrijpen wel te jong zullen zijn.’

‘de communistische gedichten’

Dúdlik is dat Slauerhoff om 1915 hinne grutte belangstelling hie foar de ûntjouwings yn Ruslân. Yn dyselde snuorje, yn ’e besnijing as er wie fan it nijs oer de Oktoberrevolúsje, sette er him yn 1917 ta it skriuwen fan in tal kommunistyske gedichten. Se bedarren op it buro fan skriuwer-dichter en aktiviste Henriëtte Roland Holst, dy’t yn dy dagen de redaksje die fan it revolúsjonêr-sosjalistyske tydskrift De Nieuwe Tijd, dêr’t ûnder oaren ek de troch Slauerhoff bewûndere Herman Gorter yn publisearre.

Ta Slauerhoff syn rige reade poëzy dy’t De Nieuwe Tijd meinaam, hearde ûnder mear it lange, tsien stroffen tellende gedicht ‘De Verkondiging’, dat letteroan in plak krije soe yn de bondel Eerste Verzen.

Ik hoor de slaven van den stilstand smalen:
‘Hoe kunnen Russen Vrijheids wezen weten?
Elk volk spreekt eigen, onverstaanbre talen
En bijna allen zijn analphabeten.’

Wel zijn de woorden in den wind geworpen,
Zaad op een rots, geroep in de woestijn,
Vergruisd in steden, doodgezwege’ in dorpen,
Waar hun verklaring groot geluk moest zijn.

Maar wij die ’t weten, zullen toch herhalen
Hoe Vrijheids woord in Rusland wordt verspreid.
’t Kiemt overal – maar zal het niet verdwalen?
Over de wereld is geen rijk zoo wijd.

(…)

Laat niemand in dit trage en lage kustland
Meenen dat oovral alles langzaam gaat.
Hoe snel stijgt gij tot een verreinden staat
Uit oude puinen op, wit heilig Rusland!
.

Wie Vestdijk yn de ûnderstelling dat Slauerhoff syn lêzing ‘zonder persoonlijke noot’ wie en ‘kennelijk uit een leerboek’ oernommen, it proefskrift Van ellende edel – de criticus Slauerhoff over het dichterschap fan Hein Aalders lit op oertsjûgjende wize sjen dat Vestdijk dêr mis mei siet.

‘Nergens is hij [Slauerhoff] te betrappen op het letterlijk overschrijven van passages, zinnen of ook maar zinsdelen,’ seit ien fan Aalders syn konklúzjes. ‘Telkens zoekt hij zijn eigen formulering. Daarbij wijst vergelijking van Kropotkins tekst met Slauerhoffs lezing erop dat de laatste de geboden stof direct verwerkt door met eigen voorbeelden te komen, voornamelijk uit de westerse literatuur maar ook uit de klassieke.’

H. R. Holst - tekeing M. de Klerk
Henriëtte Roland Holst, tekening M. de Klerk

Slauerhoff syn rede wie basearre op it yn 1907 ferskynde boek Idealen en werkelijkheid in de Russische literatuur fan de Russyske klassike anargist, prins Peter Kropotkin (1842-1921).

Anargisme

Yn dat boekwurkje – in pil fan in foech fiifhûndert siden – wurde alle grutte Russyske dichters en skriuwers, fan Poeskjin, Lermentov, Toergénjev, Gontsjarov, Dostojevski oant en mei Tolstoj, besprutsen en behannele, mar dat net allinnich, want ek wurde ferbinings lein mei sawol de Dútske as Frânske literatuer.

Wêr’t Slauerhoff it boek fan Kropotkin wei hie, is net dúdlik. Mooglik kaam it út de Leeuwarder Openbare Leeszaal en Bibliotheek. Dy hie der yndertiid ien eksimplaar fan stean, en dat wie tagelyk ek it iennige geskrift oer de Russyske literatuer dat men op ‘e planken hie. In oare, mear oannimlike ferklearring is dat dominy Hille Ris Lambers in Kropotkin-eksimplaar yn de biblioteek stean hie.

De Jorwerter predikant, dy’t as liberale kristen-anargist fier rûn mei it wurk fan Leo Tolstoj – hy sette wurk fan Tolstoj út it Frânsk wei nei it Nederlânsk oer – sil it wurk fan Kropotkin kennen hawwe troch syn kontakten mei de Amsterdamske útjouwerij Van Looy. Dy hie yn 1902 Peter Kropotkin syn boek Landbouw en Industrie. Hoofd- en handenarbeid vereenigd op ‘e merk brocht.

De ekonoom en anargist Kropotkin wie yn syn radikale krityk op de steat, de tsjerke en it kapitalisme ûnmeilydsum hurd. Syn ynlieding oer de needsaak ta in bettere en mear rjochtfeardige ferdieling fan oanwinnende rykdom tusken yndividuën, lannen en folken is noch altyd aktueel. De hjoeddeiske neo-liberale, inkeld it ultrakapitalisme tsjinjende politisy soene dêr alle dagen ferplicht hûndert strafrigels út oer skriuwe moatte.

By dyselde Amsterdamske útjouwerij Van Looy, dêr’t ek skriuwers as Nynke van Hichtum by sieten, ferskynde yn 1903 de brosjuere De Ascese en haar waarde in leven en maatschappij fan ds. Hille Ris Lambers, in lytse, fjirtich siden tellende tekst wêryn’t de skriuwer op Tolstojaanske wize pleite foar in bestean mei ‘een zekere mate van eenvoud, een leven in nuttigen arbeid zonder winstbejag en koortsigen gouddorst, voor een ieder mensch mag genoemd worden een onwaardeerbare zegen.’

Walden

De praktyske útfiering fan datjinge dat Hille Ris Lambers yn syn brosjuere de ‘nieuwe asceze’ neamd hie, seach de predikant werom yn de opfettings fan Tolstoj-oanhingers yn Walden, de koloanje fan skriuwer-dichter en dokter Frederik van Eeden yn Bussum, en de kommune fan De internationale Broederschap yn Blaricum. De dominy gong yn dy dagen, begjin njoggentjinde ieu, mear as ien kear by Van Eeden yn syn Bussumer koloanje op besite.

Yn De Ascese en haar waarde in leven en maatschappij joech Hille Ris Lambers wiidweidich omtinken oan de opset en ynrjochting fan dizze lytse autonome, passifistysk-anargistyske oriïntearre mienskippen. ‘Het einddoel is echter, om in tegenstelling tot de met het door het kapitalisme beheerschte productiewijze, die overproductie en gebrek teweeg brengt, consumptie en productie tot elkaar te brengen.’

Lykas Van Eeden wie ek Hille Ris Lambers in ferwoeden túnker, sa’t er ek mei likefolle nocht hinnen, kninen en bijen hold. De Jorwerter pastorijtún tsjinne op dy manier as in moaie oanfolling op it traktemint fan de predikant, want dat wie yn dy dagen net it meast betelle amt. Sels hoegde de dominy net sa nedich yn koloanje lykas Walden te libjen, nee, dêrfoar hie er genôch oan syn eigen húshâlding, thús yn Jorwert, in ‘kommune’ fan njoggen bern, mei alles wat dêr sa al om hinne hong.
.

‘Wat jammer dat Jorwerd er niet meer is, dan zou ’t hier in Friesland toch leuker zijn.’
.

Op de Jorwerter pastorij kaam alderlei folk del, de bern fan de kommunistyske predikant Benjamin Boers fan Reduzum oant en mei Oene Noordenbos, de lettere oprjochter fan de PSP (Pacifistisch Socialistische Partij). Yn de petearen oan de middeis- of jûntafel of gewoanwei dy yn it tún, dêryn kaam gauris it wurk en tinken fan skriuwers as Kropotkin, Van Eeden of Leo Tolstoj op it aljemint. Yn dat liberale, relatyf frijfochten fermidden, dêr fielde de jonge Slauerhoff him op syn plak.

Groepsfoto
Groepsfoto mei op de foarste rige (flnr) Miek Boers en Jopie Hille Ris Lambers; op ‘e twadde rige: Jan Hille Ris Lambers, Mien van der Heide en Gerrit (Kei) Dijkstra; op ‘e tredde rige: Heleen Hille Ris Lambers, Marius Hille Ris Lambers, Truus Boers en Ko Hille Ris Lambers; efteroan: Hermien van der Heide, Annie Hille Ris Lambers en dr. O. Noordenbos.

Frederik van Eeden wie sa wie sa al in ‘âlde bekende’ fan him. Slauerhoff wie net allinne op ‘e hichte mei syn poëzy, mar hie yn syn betide HBS-jierren ek Van Eeden syn roman Sirius en Siderius lêzen. Mei ds. Hille Ris Lambers dielde Slauerhoff fierders in djipgeande ynteresse yn it spiritisme, oftewol it tinken dat der neat bûtenwenstichs is oan de kontakten mei de net sichtbere wrâld, mar dat de geast by steat is en praat mei de deaden yn it hjirneimels.

De Jorwerter predikant hold yn dy snuorje rûnom yn it lân lêzingen en ferhannelings oer dit ûnderwerp. Yn maitiid fan 1910 hie er dat ûnder mear dien foar it Fries Godgeleerd Gezelschap yn Ljouwert, in genoatskip dêr’t er trouwens ek lid fan wie.

Spiritisme

Spiritisme wie yn dy dagen, begjin 19de ieu, razend populêr, om mar net te sizzen in raazje. Fan Louis Couperus, Pieter Jelles Troelstra oant en mei Van Eeden, it like wol as woe elkenien op seânce en reitsje yn petear mei de geasten fan famylje en freonen út it hjirneimels. It wie fansels flokken yn ‘e tsjerke, mar dominy Hille Ris Lambers hie der gjin muoite mei en kom yn syn gemeente iepentlik út foar syn ynteresse yn it spiritisme.

Op Jorwert giet noch altyd it ferhaal oer in spiritisysk medium dat by de tsjerketsjinst himsels net mear yn de macht hie en mei it skom op ‘e mûle nei de útgong draafde, razend: ‘Ik wol der út! Ik wol der út!’ It moat sa west hawwe dat de tsjerkerie nei ôfrin op hege poaten en skombekjend fan lilkens de dominy warskôge mei it sizzen: ‘En dit wie de lêste kear, dûmny! En oars der út!’

In foech wike nei syn Slauerhoff syn rede oer de Russyke letterkunde yn De Klanderij wie Van Eeden op besite yn Ljouwert. Yn zalen-Roodhuis, it hjoeddeiske Zalen Schaaf, hold er de lêzing ‘Leven na sterven’, in foardracht oer spiritisme foar in mannichte fan hast sânhûndert minsken. Slauerhoff en nei alle gedachten ek dominy Hille Ris Lambers en syn dochter Heleen makken op dy rûzige hjerstjûn yn Ljouwert diel fan dat publyk út.

Propria Cures

De spoaren fan Slauerhoff syn belangstelling foar it spiritisme, ynbegrepen syn obsesje mei geasten en demoanen, fûnen letter in wjerlûd yn ûnder mear de ‘Sineeske’ roman Het verboden Rijk, dêr’t benammen it ferskynsel fan de foarsizzende dreamen net swak yn by spilet, en yn gedichten lykas ‘Grafbeeld van Nôfrit (Louvre)’

(…)
Is het dan mooglijk naar elkaar te leven,
Zoover uiteen geboren,
Over een tijd die mij van u verstoot?
Een vloedgolf gaat door alle eeuwenzeeën,
Een baar bewoog ons tweeën…
Als leefde ik vroeger en waart gij niet dood.
.

Doe’t er nei syn HBS-tiid nei Amsterdam sette om dêr oan syn stúdzje medisinen te begjinnen, kaam, begjin 1918, ek in stream oan poëzypublikaasjes los. Under pseudonym publisearre er yn it studinteblêd Propria Cures (PC) in tal yn it Frânsk skreaune gedichten.

Yn datselde tydskrift ferskynde ek it gedicht ‘De afgescheiden gemeente’. Miskien wol oanstutsen troch de tinkbylden fan de predikant fan Jorwert, – hy hie as Tolstojaan in grutte ôfkear fan tsjerklike dogma’s – nimt Slauerhoff yn dat gedicht de hypokrite, selsfoldiene en benepen tsjerkske mienskip op ‘e hak. It sarkasme dript der ôf.
.

De afgescheiden gemeente

Volbracht zijn alle wekelijksche plichten,
En Vrijdagavonds gaan ze vroom te kerke
Om zich aan ’s voorzangers vroed woord te stichten,
Opdat zijn hemeltaal hun zielen sterke.

Soms raakt de goede man in zalvend vure
En wekt hen op jaarliedren te psalmeeren,
Dat stijgt ten hemel, en ten twalef ure
Mogen de vromen zelfgenoegzaam keeren.

Nog enklen zitten in de kille kerk,
Zich troostend met een portie kaas met mosterd,
Armzaliger als hongrige kerkratten.

Spoedig komt dan de sluimerdronken koster
En jaagt de achterblijvers uit de kerk.
Dit is de Dienst dier op hun secte pratten.
.

Lykas yn it lettere gedicht ‘Tot mijn erfgenaam’ (Oan myn erfgenamt) út de bondel Serenade sette Slauerhoff ék yn dit betide gedicht al it yndividu foaroer de mienskip, de kudde. Winliken gie it om in krityk op ‘e macht dy’t de frijheid fan it yndividu yn ‘e wei stiet. Dy opfetting slút ta in hichte ek oan by de anargistyske útgongspunten fan Peter Kropotkin en Tolstoj, skriuwers en tinkers dy’t it bestean fan de Steat en Tsjerke ôfwiisden, ynbegrepen alle foarmen fan hiërargy en represje.

It bliuwt frappant om te sjen hoe’t Slauerhoff, yndividualist pur sang en by útstek dé poète maudit fan de Nederlânske literatuer – hy is de dichter dy’t yn de spoar falt fan Frânske poètes maudits as Baudelaire, Rimbaud en Corbière – oait útein sette as in maatskiplik sterk bewoegen dichter.

Gedichten as ‘De afgescheiden gemeente’ hiene winliken itselde engaazjemint as Slauerhoff syn poëzy yn Propria Cures. Begjin 1919 ferskynden yn it ‘reade’ tydskrift De Nieuwe tijd fan Henriëtte Roland Holst noch in tal fan datsoarte gedichten, ûnder mear dizze:
.

Nu is de Tijd voor Oude Heerschappijen

De dagen gaan langs de aarde, lange horden,
Nooit is de zon ’t vermeeren moe geworden –
Een koning sterft, godslasterend, meineedig,
Nooit bleef een onbezette zetel ledig –
Volksplantingen geraken in versterf;
Reeds bloeien schoonere uit hun bederf
Weer ondergaand met zinkende getijen.
Nu is de tijd voor oude heerschappijen –
Vermolmde staten wanklen, de commune
Zal rustig rijzen uit de roeste ruïne
Er zal een rijk zijn van de gansche aarde:
Herberg van volkeren, verlost van wallen,
Bewoners van de veilge hemelhallen
En in de oogen Gods gelijk van waarde.
.

Slauerhoff-ds.-C.-Hille-Ris-Lambers-Heleen-Ris-Lambers
Slauerhoff, ds. C. Hille Ris Lambers, Heleen Hille Ris Lambers

Om koart te gean, de jierren tusken 1898 en 1918 hawwe beskiedend west foar de ûntjouwing fan Slauerhoff syn dichterskip. It yntellektuele en liberaal-anargistyske miljeu op de Jorwerter pastorij fan dominy Hille Ris Lambers, ynbegrepen de omgong mei syn dochter Heleen, hawwe dêryn net sûnder betsjutting west, om it mar ris mei in understatemint te sizzen.

As Slauerhoff yn ’t lêst fan dagen yn it net dien makke gedicht ‘Ik kan niet zeggen hoe ik Holland haat’ útropt: ‘Alleen voor Friesland heb ik nog een zwak,’ dan sil er dêrmei net sasear de provinsje sels bedoeld hawwe, mar folle mear Jorwert en Flylân, want dat hawwe de plakken west dêr’t er werklik in swak foar hie.

Yllustratyf binne datoangeande de rigels yn it brief dat syn freondinne Heleen Hille Ris Lambers ein desimber 1927 yn ‘e bus krige: ‘Wat jammer dat Jorwerd er niet meer is, dan zou ’t hier in Friesland toch leuker zijn. Zoo er eens even naar toe, dat gaf zoo iets van een uitkomst. Vooral nu op schaatsen.’
.

Ik kan niet zeggen hoe ik Holland haat

Ik kan niet zeggen hoe ik Holland haat
Bij ’t woord alleen grijpt walging mij de keel
‘k Zag ’t liefst veranderd in een grote Peel,
Waarin ’t wegzakken kon met al zijn kwaad.

Neen, ‘t is waar gróót kwaad wordt er niet bedreven
Maar wel veel valsch ge…?…….. in het geniep
Hij die er langer dan zes nachten sliep,
Heeft, weer op zee, het land voor al zijn leven.

Af zweer ik grijsgroen, melkwit, waterblauw,
Mijn kleuren zijn voortaan hardgeel, bloedrood.
Ik stierf nog liever picadorendood
Dan naar Zorg-vlied te gaan met statierouw.

Alleen voor Friesland heb ik nog een zwak,
Al is dat ……………?……………………..
…………………… ?……………………..
Maar ook in het mooiste ijs is wel een wak..

..

Schoolavond Rijks-HBS 02021916
In skoaljûn fan de Ryks-HBS yn febrewaris 1916. Slauerhoff op ‘e earste rige, hielendal rjochts foaroan. Simon Vestdijk stiet op ‘e achterste rige, twadde fan links.