De taal en polityk achter de kulturele haadstêd 2018

Moarn, 21 desimber, moatte de Fryske Steaten in beslút nimme oer de foar twa jier jildende subsydzje fan 2,4 miljoen Euro oan de stichting Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. Yn in besykjen om de twiveljende Steaten, en dan benammen it CDA, oer de streek te krijen, setten de belanghawwende partijen ôfrûne wike útein mei in machtich media-offensyf.

Siem Jansen, âld-deputearre fan de Provinsje Fryslân – hy is tsjintwurdich direkteur fan de NOM (Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij) en foarsitter fan it stichtingsbestjoer Fryslân 2018 – krige ôfrûne sneon in heale pagina yn it Friesch Dagblad. De Koöperatie 2018, in groep fan minsken dy’t yn oerlis mei Fryslân 2018 it saneamde bidbook skriuwt, kaam mei de notysje Nocht oan ’e takomst, wylst, last but not least, de Leeuwarder Courant lêstensneon iepene mei in stevich pleit fan Bert Looper, direkteur fan it ynstitút Tresoar.

By de ferskillende publikaasjes rint in gauris prekêre terminology yn it each, de taal is hjir en dêr krûde fan histoarysk al te swier beladen begripen. Polityk sjoen hat it der in soad fan wei dat der by it trochsetten fan it projekt Fryslân-2018 sprake is fan in rücksichtlos top-down-tinken. In ynventarisaasje.

Het DNA van de Fries

Op syk nei “ons eigen dna”? Understeld mei wurde dat Looper – hy is fan profesje histoarikus – sawol de kontekst as de konnotaasjes en bybetsjuttings fan de troch him hantearre begripen ken. De taal twingt hjir yn alle gefallen ta in refleksje op de kontekst. Goed lêze is korrespondearjend lêzen.

Bert Looper syn sizzen oer de syktocht nei “ons eigen dna” komt oerien mei in tal begripen út in betooch, sa’t dat te finen is yn it rapport Fan de minsken en de grûn. Toekomstagenda Fryslân duurzaam 2040. Derút de folgjende passaazje: “Naast die probleemperceptie, is het ook goed te kijken naar de historie van een gebied en hoe dat de mensen daar heeft gevormd. Het DNA van in dit geval de Fries, of ook wel hier de Friese ziel genoemd, bepaalt ook wat in het gebied wel en niet past. Aansluiten bij de historie en de genen van de Friezen kan de omslag naar een duurzamer systeem vergemakkelijken en natuurlijker maken. (…) Aansluiten bij de genen van de Friezen?”

By soks moat ik altiten tinke oan de grapjeierij fan ien as Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869), dy’t hawwe woe dat de Friezen oarspronklik út Yndië kamen. Mar ja, wy binne goed twa ieuwen fierder. It Fryske fjild leit der wilens in pear slaggen oars hinne. Dat jildt ek foar de sinsnede oer “de genen fan de Friezen”.

Dy krijt in ekstra navrante lading, as betocht wurdt dat de titel fan it rapport Fan de minsken en de grûn. Toekomstagenda Fryslân duurzaam 2040  in fariant is op de yn 1940 ferskynde Fryske heimatroman Groun en minsken fan Reinder Brolsma (1882-1952), dêr’t de skriuwer yn 1941 de troch de Dútsers ynstelde Harmen Sytstra-priis foar krige. Eefkes fierderop komt men yn datselde rapport Fan de minsken en de grûn mei de neifolgjende en allike ‘fleurige’ passaazje op ’e lappen:

“De vraag of de Fries moet, wil en kan veranderen is niet eenduidig te beantwoorden. Het kan zeker wel, maar dan moeten de prikkels tot verandering raken aan de Friese ziel en het achterliggende oergevoel. Anders gesteld, dan moeten de prikkels geaard zijn in de Friese kernwaarden van water, natuur, ruimte, vrijheid en onafhankelijkheid, taal, cultuur en historie.”  [kursyf, e.h.]

Histoarysk besefIt giet yn dizzen om in maatskiplik nuodlik ûnderwerp. Fansels is it net sa dat de nije swarte learzens de provinsje yn marsjeard binne. Nee, it is de terminology dy’t der yn de ferskillende publikaasjes op nei holden wurdt, in taal dy’t sa altemets rare broekhoest jout. Hoe kin dat? Of oars frege: hoe kin it dat by de diskusje oer de (kulturele) identiteit fan Fryslân alderhande histoarysk swier beladen begripen op it aljemint brocht wurde? Wat is de reden dat der al te maklik foarby sjoen wurdt oan de tekens [de ferwizings] ûnder de taal, sis mar: de kontekst?

Hawar, kin der, as Fryslân himsels dan dochs “op ’e nij útfine moat” ek in nije, oare taal útfûn wurde? Ik bedoel, wat mear histoarysk besef oangeande de kar fan de ferskillende begripen en titels, it soe de inisjators en stipers fan Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 yn alle gefallen net misstean. Dat skynt yn ’e praktyk fan de 2018-dissipelen lykwols dreech te wêzen. Twa jier ferlyn ûntstie grutte kommoasje doe’t de Provinsje Fryslân it histoarysk sjoen nochal ûnsmaaklike promoasjefilmke Fryslân culturele hoofdstad 2018 meitsje liet, in film wêryn’t op in stuit it bloed troch it hert en de klaai – de grûn – fan Fryslân rint.

Wêr’t it hjir om giet is it fenomeen partisipaasje. De Koöperatie 2018 skriuwt datoangeande dat ien fan har basisprinsipes “het belang van de participatie is, zowel door de kunstenaars als de bewoners.”

Dat heart moai en foarnaam. Mar as it by dy partisipaasje om de represintativiteit fan de ferskillende befolkingsgroepen giet c.q. de kulturele en etnyske diversiteit, dan komt dat (dus) net ta utering yn de gearstalling fan de Koöperatie 2018. Yn Ljouwert, mei in allochtoane befolking fan 9,9 persint – der wurde mar leafst 63 talen praat – wenje en wurkje mei-inoar in goed 100 ferskillende befolkingsgroepen, in getal dat foar de rest fan Fryslân in pear slaggen leger leit. [*]

Koartsein: bestiet Fryslân KH-2018 ek foar de yn de provinsje Fryslân libjende minsken, mei oare genen? Is der yn de Koöperaasje 2018 ek plak foar minsken dy’t net ta de blanke, autochtoane Fryske elite heare? In skriuwer-keunstner as, krij beet, de koartby mei de Literatuerpriis fan de Europeeske Uny bekroande Rodaan al Galidi – hy wenne jierren oanien yn Fryslân – soe in mear as bysûndere ‘ynput’ hawwe kinne.

Hoe dan ek, ek by de gearstalders fan it rapport Fan de minsken en de grûn. Toekomstagenda Fryslân duurzaam 2040 wurdt it etnysk-kulturele ferskaat binnen de provinsje oersljochte c.q. negearre, sa’t bliken docht út de earder út it rapport sitearre passaazjes, wêryn’t dé Fries it primaat hat.

Polityk top-down-tinken

Deputearre Jannewietske de Vries hat har 2018-plannen ûnder mear dellein yn de kultuerfizy Finsters iepen (2009-2012). By sa’n titel heart, sa mei ûndersteld wurde, ek de iepen politike en kulturele dialooch, it iepen petear tusken de ferskillende partijen, ynstânsjes en persoanen. Mar hoe iepen steane dy finsters werklik? Wêrom wurdt in kritikaster as Huub Mous, de fleurige nar fan Fryslân dy’t wolris in krityske noat oer de KH-2018 sjongt, te ferstean jûn dat der ophoepelje moat?

Abe de Vries, lid fan de Koöperatie 2018 en ien fan de skriuwers fan it bidbook foar KH-2018, seit plan-út dat de neffens him “twiveleftige figuer” Mous “opsokkebalje” moat, in tiidwurd dat synonym is foar “oprotte” of “opsoademiterje”.

De Vries skrillet der net foar tebek en spylje yn dizzen de etnyske kaart: “As je sa’n grouwélige hekel ha oan alles wat mei Fryslân yn it algemien, en de Fryske skriuwerij en kultuer yn it bysûnder te krijen hat, wat dogge jo hjir dan? (…) En mocht de oanwêzigens fan jo rju eale persoan yn dizze provinsje dochs safolle ynfloed ha op jo net te betwingen drang ta it publisearjen fan baggerstikjes? Sokkebalje dan asjeblyft op nei in miljeu dêr’t jo folle better thúshearre.” [Ut: ‘Mous,sokkebolje asjeblyft op! […] Wat dogge jo hjir?’

Jannewietske de Vries

De kâns om Fryslân yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa wurde te litten, dy kâns moat fansels – io vivat – net fersokkeballe wurde. Minsken as Sjoerd Bootsma, Jacco de Boer, Harmen van der Hoek c.s. hawwe mei in muldissiplinêr festival as Explore the North, ûnderdiel fan it Fryslân 2018-gebeuren, sjen litten dat se fantastyske dingen begûchelje kinne. Mar mei it each op de bytiden bline polityk en de sa altemets wat al te prekêre taal yn en om it festijn Fryslân KH-2018 hinne driget it sirkus út te rinnen op it âlde spultsje dat seit: – Fryslân is altyd swier mar sil nea net bernje!

Eeltsje Hettinga, 20 desimber 2011

UPDATE: Cultuurgedeputeerde Jannewietske de Vries kreeg onlangs het eerste exemplaar overhandigd van het Perio-pamflet De volksnationalistische taal en retoriek achter Fryslân 2040 en CH-2018. Binnenkort wordt de integrale tekst van dit pamflet, met een voorwoord van politicoloog Hans van der Heijde gepubliceerd. De Leeuwarder Courant liep daarop vooruit met een als dagstelling gebrachte voorpublicatie:’Bruine walm in Friese toekomstvisies.

[*] boarne: gemeente Leeuwarden, Liesbeth Wiersma, beleidsadviseur Integratie en Inburgering[ii]boarne: Liwwadders (www.liwwadders.nl)