Gjin grinzen, de reis

gjin_grinzenEeltsje Hettinga
út Gjin grinzen, de reis

Frysk gedicht – Englisch version – Nederlandse versie

IT MISFERSTAN, DIT GEAN (in trijelûk)

by in skilderij fan Hieronymus Bosch
Crossroads Eric Clapton

I

Op skoech en lears stiet er foar de fierten oer
Wit, de holle draaid yn ‘e daam, it útsjoch
Ferskuord as syn fodden, ít libben wiffer by ’t bonsjoer
Fan alle hee en ho roppende romten; fods’
En skelm litte úthingbuorden dûnsje, swannen
Kriezje, bizen pisje en lûder as de hoanne
Kraaie finsters de fragen: Do,
Oksepripper, wat wolsto
Foarby dyn nacht mei nonneskeet en krûk
Mear as it liet dat herberch joech,
Oars as har ûnderbroek dy’t yn it neiwierjen – lichter
As god noch fol genot – ta it dak útwapperet?

II

Yn de oere fan fertrek kurvet pine it antlit.
Him de wegen ûnder eagen te sjen,
De hiemhûn dy’t skalk, oer-
Grousum oan syn rotsjende wynsels hinget de lel
Nei de hel te jaan, al it gekoekeloer
Bang oer it skouder hinne de nekke om
Te draaien en te gean, fuort út Rotterdam
Of komt foarby dit bordel elke stap fierderop
It misferstân te sizzen dat it geroft
Oer de ûneinigens fan de wrâld yn ’t foarste plak
De djipte wie fan syn Lodske Lods, famke
Dat er de hartefanger die én goendei sei.
Gjin god dy’t foar de ôfreis de hikke opdocht.

III

Healsliten as syn fuotark is him gammel
En ferdield de fertwivele geast. Eangst wjerhâldt
De wil en doch sûnder gejammer
Allinnich it stek nei oare romten op, hjirre
Fan wynselfoet oant befbordel, fan bargetrôch
Oant hoarizon, delset as in krús. Wa is hy?
Wa ken it oantinken dat it gewicht fan reiskoer hâldt
En fan syn namme (makke bûten de dei
Efter syn reizgjen om) de skiednis? Akster is it each!
Ien op ien rint by syn stappen
De fraach: bliuwt al wat libben heinde en fierde
Einleas swalkjen en sjen om plak?

 

THE MISUNDERSTANDING, THIS DEPATURE (a triptych)

to a painting by Hieronymus Bosch
Crossroads Eric Clapton

I

In boot and shoe he stands before the distance,
Knowing, head turned at the fence, the view
Torn like his rags, his life no surer than the farewell
From all these hey and ho shouting rooms; cunt
And rogue set the signboard dancing, swans
Screech, scoundrels piss, and louder than cocks,
The windows crow the question: You,
Vagabond, what do you want
Beyond your night with nun’s fart and bottle,
More than the song the inn afforded,
Besides her airing underwear, lighter than the Lord above
And damp with love, flapping from the attic window?

II

In the hour of departure, pain scores the features.
To face up to the roads ahead,
To give the farmyard mongrel
Worrying his putrid bandages a whack
To hell and back, to wring the neck
Of all that timorous rearward peeking
Over shoulders and go, leaving Rotterdam,
Or might each step beyond this brothel
Merely bring the misunderstanding closer
That most of all, the fuss about the infinite world[i]
Was as deep as his own Slutty Slag, whose heart
He pierced with his dagger before he said goodbye.
No god will wait at the gate to let him pass.

III

As battered as his footwear, broken and
Divided is his distracted mind. Fear restrains
The will to open up the gate to other places
Alone, without weeping or wailing, here
From bandaged foot to bawdyhouse, from
Pig’s trough to horizon, rendered as a cross.
Who is he? Who knows what mementos
Weigh heavy in that pack? Or the history
Of his name (made beyond the day and behind
His journey’s back)? It is a magpie’s eye!
One question runs through every step he takes:
Do all the things that make Time turn
Remain an endless, drifting search for place?

(translation David Colmer)

 

HET MISVERSTAND, DIT GAAN (een drieluik)

bij een schilderij van Hiëronymus Bosch
Crossroads / Eric Clapton

I

Op laars en schoen staat hij tegenover de verte
Weet, het hoofd gedraaid bij het hek, het uitzicht
Als zijn vodden gescheurd, het leven wankel bij het bonsjoer
Van alle hé en ho roepende kamers; kut
En schelm laten uithangborden dansen, zwanen
Krijsen, schurken pissen en harder dan de hanen
Kraaien vensters de vragen: Jij,
Lompedoos, wat wil jij
Voorbij je nacht met nonnenscheet en kruik méér
Dan het lied dat herberg schonk,
Anders dan haar luchtende onderbroek die lichter
Dan god, en nog vol genot, uit ’t dakraam wappert?

II

In het uur van vertrek kerft pijn het gezicht.
Zich de wegen onder ogen te zien,
De hofhond die kwaad verbeten, oer-
Vervelend aan zijn etterende zwachtels hangt de lel
Naar de hel te doen, al het gekoekeloer
Bang over de schouder kijkend de nek om
Te draaien en te gaan, weg uit Rotterdam, of komt
Voorbij dit bordeel met elke stap verderop
Het misverstand om de hoek dat het gerucht
Over de oneindigheid van de wereld allereerst
De diepte was van zijn Sletje Sloer, meisje
Dat hij de hartsvanger stak èn gedag zei. Geen god
Die voor het vertrek het hek open doet.

III

Versleten als zijn schoeisel is hem kaduuk
En verdeeld de radeloze geest. Angst weerhoudt
De wil om alleen en zonder gejammer
Het hek te openen naar andere oorden,
Hier van zwachtelvoet tot befbordeel, van varkenstrog
Tot horizon, neergezet als een kruis. Wie is hij?
Wie kent de beeltenis die het gewicht van mars inhoudt
En van zijn naam (gemaakt buiten de dag
Achter zijn reizen om) de geschiedenis? Ekster is
Het oog! Gelijk op met zijn stappen loopt
De vraag: blijft al wat Tijd reilt en zeilt
Eindeloos een zwerven en zoeken om plek?

(vertaling Elske Schotanus)