Explore the North – Foardracht Eeltsje Hettinga – Gast: Sigrid Kingma

(Nov. 17) EXPLORE THE NORTH – Foardracht fan Eeltsje Hettinga. Gastoptreden fan Sigrid Kingma / gastoptreden van Sigrid Kingma.

De Westerkerk, Ljouwert / Leeuwarden, 25 nov. 18.30 -19.00

==

Sigrid Kingma (1989) debuteerde vorig jaar met de tweetalige dichtbundel Reade triedleas / Red wireless. Ze is recensente kinderliteratuur bij het Friesch Dagblad, werkt bij de Fryske Akademy en is bezig met een biografie over de kinderboekenschrijfster Diet Huber (1924-2008).

Kingma studeerde Nederlands en Fries aan de Rijksuniversiteit in Groningen. Haar masterscriptie voor Neerlandistiek betrof een teksteditie van twee vroege handschriften van de schrijver-dichter Franҫois HaverSchmidt. Over haar keuze om in het Fries te schrijven is ze uitgesproken: ‘Ik heb de taal niet uitgezocht, de taal heeft mij uitgezocht.’

Sigrid Kingma is een van de nieuwe talenten in de Friese literatuur, energiek, kritisch en eigenzinnig, voor mij een reden om haar zaterdag in de Westerkerk voor het voetlicht te halen. Ze leest onder meer ‘It swijen fan Doede’ , het gedicht waarmee ze dit jaar een van de drie kandidaten voor het dichterschap van Fryslân was.

@EH

Sigrid Kingma (1989) debutearre ferline jier mei de twatalige bondel Reade triedleas / Red wireless. Se is resinsinte berneliteratuer by it Friesch Dagblad, wurket by de Fryske Akademy en is dwaande mei in biografy oer de berneboekskriuwster Diet Huber (1924-2008)

Kingma studearre Nederlânsk en Frysk oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Har masterskripsje foar Neerlandistyk wie in tekstedysje fan twa betide hanskriften fan skriuwer-dichter Franҫois HaverSchmidt. Oer har kar om yn it Frysk te dichtsjen is se útsprutsen en resolút: “Ik haw de taal net útsocht, de taal hat my útsocht.”

Sigrid Kingma is ien fan de nije talinten yn de Fryske literatuer, krigel, kritysk en eigensinnich, foar my in reden om har sneon yn de Westertsjerke foar it fuotljocht te bringen. Se draacht o.m. ‘It swijen fan Doede’ foar, it gedicht dêr’t se dit jier ien fan de trije kandidaten foar it dichterskip fan Fryslân mei wie.

@EH.

 

Sigrid Kingma