Fyftich jier Amnesty – Tomas Tranströmer yn it Frysk

(Okt. 2017) – Volgend jaar april verschijnt bij uitgeverij De Geus de internationale bloemlezing Het boek van wondere dingen, samengesteld door Daan Bronkhorst, sinoloog, vertaler en staflid van de Nederlandse afdeling van Amnesty International. In deze bloemlezing ook in het Fries vertaald werk van de Zweedse dichter en Nobelprijswinnaar Tomas Tranströmer.

Oare jier april ferskynt by útjouwerij De Geus de ynternasjonale blomlêzing ‘Het boek van wondere dingen’, gearstald troch Daan Bronkhorst, sinolooch, oersetter en staflid fan de Nederlânske ôfdieling fan Amnesty International. Foar dizze blomlêzing, útjûn ta gelegenheid fan it fyftichste jubileum fan Amnesty Nederland, haw ik op fersyk it gedicht ‘Paret’ [‘It pear’] fan de Sweedske dichter en Nobelpriiswinner Tomas Tranströmer nei it Frysk oerbrocht.
.

Paret

De släcker lampan och dess vita kupa skimrar
ett ögonblick innan den löses upp
som en tablett i ett glas mörker. Sedan lyftas.
Hotellets väggar skjuter upp i himmelsmörkret.

Kärlekens rörelser har mojnat och de sover
men deras hemligaste tankar möts
som när två färger möts och flyter in i varann
på det våta papperet i en skolpojksmålning.

Det är mörkt och tyst. Men staden har ryckt närmare
i natt. Med släckta fönster. Husen kom.
De står i hopträngd väntan mycket nära,
en folkmassa med uttryckslösa ansikten.

Tomas Tranströmer, ‘Paret’, Den halvfärdiga himlen, Bonniers 1962.
.

It pear

Se knippe de lampe út en de wite kape
blikkeret in tel eardat er oplost
as in tablet yn in glês tsjuster. En dan opkomt.
De hotelmuorren rize op yn ’t himeltsjuster.

It roerjen fan de leafde is dien en hja sliepe
mar har heimichste tinzen treff’ elkoar
sa’t twa kleuren inoarren treffe en gearfloeie
op it wiete papier fan in skoaljongesakwarel.

It is donker en stil. Mar de stêd kaam fannacht
neieroan. Mei dôve finsters. Huzen kamen.
Se steane strak yn it gelid en wachtsje,
in folksmassa mei gesichten sûnder útdrukking.

.
Oersetting @ Eeltsje Hettinga
.

Het paar

Zij knippen de lamp uit en de witte kap
glinstert een ogenblik voordat hij oplost
als een tablet in een glas duisternis. En dan opstijgt.
De hotelmuren rijzen in het hemelduister omhoog.

De bewegingen van de liefde zijn weggeëbd en zij slapen
maar hun geheimste gedachten ontmoeten elkaar
zoals twee kleuren elkaar ontmoeten en ineenvloeien
op het vochtige papier van een schooljongensaquarel.

Het is donker en stil. Maar de stad is vannacht
opgerukt. Met gedoofde ramen. De huizen kwamen.
Heel dichtbij staan zij opeengepakt te wachten,
een volksmassa met uitdrukkingsloze gezichten.
.

Tomas Tranströmer, De herinneringen zien mij, De halfklare hemel’, vert. J. Bernlef, De bezig Bij, Amsterdam, 2002, p. 57.
.

Taal maar geen woorden

Ik ken it wurk fan de Sweed langer as hjoed. Foar de yn 2003 ferskynde bondel Wrâld, finster, gedicht, gearstald ûnder de redaksje fan Elske Schotanus en ûnderskreaune, haw ik destiids de ferfrysking dien fan it trijelûk ‘In de open lucht’ [‘Yn de iepen loft’], in tekst, beselskippe fan de taljochting ‘lof op it imazjinêre’, in stik dêr’t ik yn hawwe woe dat de poëzy fan Tomas Tranströmer wat my oanbelange de Nobelpriis wol hawwe mocht.

Wat my benammen yn it wurk fan Tranströmer trof, wie syn oerweldigjende, faak surrealistysk bepaalde ferbyldingskracht, mei dêrnjonken de dichter syn tinken oer taal en werklikheid.

Dat lêste punt beslacht in problematyk dy’t wiidweidich oan ‘e order komt yn it essay ‘De stilte tusken de wurden as it wyt fan poëzy’, in skriuwen dat net om ‘e nocht in tal rigels fan de Sweedske dichter as motto hat: ‘Moe van iedereen die met woorden komt, met woorden maar niet met taal / ging ik naar het sneeuwbedekte eiland. / Het ongerepte heeft geen woorden. / De ongeschreven bladzijden breiden zich naar alle kanten uit! / In de sneeuw stuit ik op hoefsporen van een ree. / Taal maar geen woorden.’

Ferballe

Amnesty International besiket op it tal fan wizen in bydrage te jaan oan de frijheid fan minske en wurd, ûnder oaren troch de útjefte fan boekútjeften en blomlêzings mei ynternasjonale poëzy lykas Het boek van wondere dingen.

Amnesty hâldt him allang net mear dwaande mei inkeld it opkommen foar de rjochten fan politike flechtlingen, nee, geandewei de jierren is it terrein útwreide, fan it ôfskaffen fan de deastraf oant it opkommen foar de frijheid fan it wurd, en fan it beskermjen fan de rjochten fan de flechtling oant it ferset tsjin polityk geweld en it hjitfolgjen fan politike dissidinten.

By it freegjen fan omtinken foar de sitewaasje en posysje fan polityk ferfolge skriuwers arbeidzje de Nederlânske ôfdieling fan Amnesty en PEN Nederland sûnt in jier as wat yntinsyf mei-inoar op.

Liu Xiaobo

As gjin oar ken sinolooch Daan Bronkhorst, ferbûn oan fan Amnesty International Nederlân, de faak erbarmlike omstannichheden dêr’t tal fan ferballe en detinearre Sineeske skriuwers mei te krijen hawwe. Meastentiids hawwe se gjin mooglikheid om har wurk te publisearjen.

Like tragysk as ferneamd is datoangeande it lot fan de essayist en dichter Liu Xiaobo, dy’t yn 2010 de Nobelpriis foar de frede krige. Hy wie mar ien yn in lange rige skriuwers dy’t troch it Sineeske regear it hûnegat yn bonsjoerd waard, slachtoffer as er wie fan in rücksichtlose foarm fan sinsuer. Hy ferstoar dizze simmer yn it sikehûs fan de gefangenis yn Shenyang dêr’t er de lêste alve jier fan syn libben trochbrocht.

En wat te tinken fan Ai Wei Wei, de filmer, skriuwer, filosoof, arsjitekt en polityk aktivist dy’t fanwegen syn krityk op it regear earst in sprekferbod oplein krige, wylst him letteroan, yn 2011 it paspoart ofnaam waard sadat er net mear frij de frije wrâld yn koe?

cartoon Atena Farghadani

Likegoed binne der tal fan minder ferneamde keunstners dy’t, sa’t it yn it Frysk hjit, de bek bûn binne. De Iraanske Atena Farghadani bygelyks. Se makke in pear jier ferlyn in cartoon fan in fiiftal Iraanske politisy, ôfbylde as apen, geiten en kij, dieren dy’t harren stim útbringe tsjin de kar en jou froulju de mooglikheid om de antykonsepsjepil oan te tugen. Farghadani waard oppakt en krige tolve jier gefangenis oan har broek. Mei troch de protesten fan Amnesty kaam se ferline jier frij, nei achttjin moanne sel.

ferskaat

Utjouwerij De Geus, dy’t by âlds in soad omtinken hân hat foar in multykultureel ferskaat is wilens ûnderbrocht by Singel Uitgeverijen dy’t op syn bar wer eigner is fan de útjouwerijen Querido, De Arbeiderspers en Nijgh & Van Ditmar.

Hooplik komt troch dy klusterfoarming [lês: monopolisearring] de rike fariëteit oan skriuwers by De Geus – it fûns lit oersettingen sjen út mear as tweinich talen en fyftich lannen – net yn gefaar, al wie it mar meidat ynternasjonale blomlezings lykas Het boek van wondere dingen fan Amnesty har útjouwers (oer)hâlde moatte.
H

.
lc.foto

 

Paret

De släcker lampan och dess vita kupa skimrar
ett ögonblick innan den löses upp
som en tablett i ett glas mörker. Sedan lyftas.
Hotellets väggar skjuter upp i himmelsmörkret.

Kärlekens rörelser har mojnat och de sover
men deras hemligaste tankar möts
som när två färger möts och flyter in i varann
på det våta papperet i en skolpojksmålning.

Det är mörkt och tyst. Men staden har ryckt närmare
i natt. Med släckta fönster. Husen kom.
De står i hopträngd väntan mycket nära,
en folkmassa med uttryckslösa ansikten.

Tomas Tranströmer, ‘Paret’, Den halvfärdiga himlen, Bonniers 1962.
.