Guido van der Werve – ‘Nummer Acht’ – Lânskippen 7

Byldzjend keunstner Guido van der Werve (1977) makke de lêste jierren in nûmere searje fan fantastysk konseptuele fideowurken. Planút fassinearjend is Nummer acht, ‘Everything is going to be alright’ (2007), in performancefideo dêr’t er yn de Botnyske Golf, deakalm, foar de boech fan in ûnbidich grutte iisbrekker út kuieret. In knypeach oan it wurk fan Caspar David Friedrich en William Turner? Yn alles sprekt út dizze fideo de neatichheid fan de minske, ferlern yn in romte mei de gromjende en ûnheimisch meitsjende lûden fan spjaltend en tebrekkend iis. It hert, de tiid, in hoar bonkjende masinekeamer. Oant in hichte ta is Nûmer Acht ek in foarm fan  slapstick. Iensum en absurd is de minske. As gjin oar jout Van der Werve dêr yn syn wurk foarm oan, satire en earnst gean lykop.

van-der-werve_-guido-_-number-vier-_2005_-netherlands-660x420_lDe tolve minuten duorjende fideo Nummer vier, ‘I don’t want to get involved in this, I don’t want to be part of this, talk me out of it (2005) is ek sa’n wûnderlik absurd stik. Yn in wat dizenich pastoraal lânskip sit de keunstner achter in piano op in deakiste-achtich flot midden op in blakstille en spegelglêde mar en spilet – Van der Werve hat in klassike muzykoplieding – in stik fan Chopin. De film iepenet mei it sizzen: ‘Ik werd vroeg wakker en zag de zon opkomen. Ik voelde dat die alleen voor mij opkwam’, dat yn in Ingelske oersetting op it skerm ferskynt: ‘I woke up early and watched the sun rise. I felt it came up just for me.’

Mei syn ûnheimische poallânskippen en pastorale harderslânskippen referearret Van der Werve faak oan de betide Romantyk. Syn wurk is fan datoangeande foar in part ek skatplichtich oan de eardere, faak oan de betide Romantyk (Caspar Friedrich) referearjende performances fan Bas Jan Ader. In dei nei it ‘Boymans’ yn Rotterdam dêr’t in part fan it wurk fan Van der Werve te sjen, is gjin straf.
.

PS. Oer iepeningen en útstallingen praat, begjin 2015 komt museum De Fundatie yn Swolle yn gearwurking mei it Rijksmuseum Twenthe mei in grutte tentoonstelling fan it wurk fan de Britske skilder William Turner (1775-1851), de earste grutte Turnertentoanstelling yn Nederlân sûnt 1947. De Fundatie is ek it iennige Nederlânske museum dat in skilderij fan Turner yn it besit hat. Hat Saskia Bak fan it Griis Museum yn dizzen miskien in kâns sitte litten, de boat mist, werris bakseil helle? Wy wachtsje (ôf)… I will wait.
.