Hu Thung Song – Yn ’e fal fan jûn

Hu_Thung_songHu Thung-song
út: Yn ‘e fal fan jûn

DE REDENS FAN IT WURD

Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis,
yn katedralen ek en hannen fan fammen
op de grutte winterflakten fan de rivier.

Fearren fynt de wyn yn nacht syn gesicht
sa’t har wêzen, ûnder de tijen ferdwûn,
stal kriget yn de bylden fan it gedicht –

it fers dat net hâldt: de redens fan it wurd,
it gewicht fan al wat oan langstme bestiet,
o, swierder is as de taal dy’t har bewiist

as ferrifeljend – iennachtsiis, brekber en
net te betrouwen, dat nea de lading dekt
fan wat streek meitsje wol, plak ek, om

har, oare kant it skimerjen fan de rivier.
Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis.
Al wat fan har is, is de slach dy’t ik mis.

YN ’E FAL FAN JUN

Hoar ploffe aalskrûk en wier yn ’e fal fan jûn.
Gjin grûn of sakkest der troch.
Yn it slyktablet by it weromlutsen tij lizze tsjuster
de tekens fan dyn drinzge taal.

Hoe sil ik dy lêze út de rivieren wei?
Oan ‘e kym drinke weagen de sinne fan novimber.

By de wjokken fan de reager ûnder
hjerst syn gallige loft treurje ik.
Yn de wenten fan de fiskers brâne no de lampen.
Nacht waakst in lange floed.

Hoe sil ik dy lêze út de rivieren wei,
út it wieljen dat sûnder rêst hjir de moanne mealt?

.

© Eeltsje Hettinga