In spegel de see – Improvisaties op Wind, Water en Wad – Stimmen 55

‘In spegel de see’, Improvisaties op Wind, Water en Wad, Museum Belvédère, It Hearrenfean, juny 2015, p. 92.

omslach

gedicht In spegel de see
It gedicht ‘De spegel, de see’ is ûnderdiel fan it fideopoëzyprojekt It fûnis / it font, ien fan de acht troch it Nederlands Letterenfonds útferkarde digitaal literêre projekten. It fûnis / it font (wurktitel) is in mienskiplik ûndernimmen fan fideokeunstner Lotte Middendorp en skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga.

 

IN SPEGEL DE SEE

In spegel de see, mar noait net stil
it wetter, it sprekt, skept en
makket libben, libben yn ’t skimer-

tsjuster oer de lege kust, it Klif
dat noch sliept, stil as de wyn yn
al syn streken. St… hear it skolperjen

en lústerjen by in bline
fan wjokken slaande himel oer haven
en hang, in stienȃld begjinnen,

iepenspringend yn in floed oan ljocht
……………………….en
……………………………….fjoer
…………………………………………en
……………………………………………….ljocht

en it liket as komt tiid net mear
te ferstriken, mar do, wit do, wit,
alle No is ivich tekoart,

sa’t der neat is dat duorret, útsein
it kearen en kanteljen, aanst
bywannear’t de sinne as in deade

skylfiskekop oan ’e klink fan
de hoksdoar hinget, tewyl
by ’t spoekjen fan in opstutsen wyn

wetter syn swarte blommen opbringt.
O fûnis, o font,
…………….it wetter dat leavet,
……………………………it wetter dat deadet.

.

De eksposysje Improvisaties op Wind, Water, Wad yn Museum Belvédère rint fan 29 maaie oant en mei 13 septimber.