It geheim fan Jan Slauerhoff – Fraachpetear mei Augusta Buwalda-Slauerhoff

Slauerhoff2

Poëzy en parkearkelders, it is net de meast fanselssprekkende kombinaasje, mar yn Ljouwert krige de dichtrigel ‘Morgen rijd ik met bedwelmende bloemen naar je toe’ fan Jan Jacob Slauerhoff ferline jier in moai plak op in grut swart boerd oan de yngong fan de parkeargaraazje ûnder it Saailân, it plein dêr’t yn de foarige ieu de troch Slauerhoff besochte Rijks-HBS oan grinzge, sa likernôch op it plak dêr’t hjoeddedei de rjochtbank Noord-Nederland te finen is.

Morgen rijd ik met bedwelmende bloemen naar je toe. / Ik wil niet langer wachten, eindelijk weten hoe / Je bent; de bloemen zullen je verraden. / Als je liefdeloos bent, zullen ze kwijnen en treuren; / Als je kwijnt van verlangen, heviger geuren; / Als je brandt van verlangen, hun knoppen scheuren / En jij in een groot gebaar al je gewaden.’

Hanskrift Morgen rijd ik
‘Morgen rijd ik’ yn Slauerhoff syn hânskrift

Nei it lêzen fan de ‘blommetekst’ sette ik justermiddei gau wer ta de parkearkelder út, want troch alle útlaatgasdampen setten de longen op in stuit – blaf-blaf-blaf – mei sa’n raar rocheljend orkeststik útein dat ik der benaud fan waard. Omdat ik by Izerhannel Postma op de Foarstreek om in nij bûsknyft moast, tocht ik: Ik stap ek even del by it eardere wenhûs fan de dichter, Foarstreek nûmer 26. It is oars net syn bertehûs, want dat stiet oare kant de Foarstreek, op nûmer 33. Bûten tsjin de muorre njonken de etalaazje fan Slauerhoff Interieurs hinget noch altiten in lytse betinkingsplakette, mei dêrop de earste strofe fan it gedicht ‘Woninglooze’, in fers dat útein set mei ien fan Slauerhoff syn meast ferneamde rigels: ‘Alleen in mijn gedichten kan ik wonen.’

Yn de winkel oan de Foarstreek dy’t twa jier ferlyn oer de mûtse gyng, is it stil. It yn 2001 troch Ben van der Geest makke boarstbyld fan Slauerhoff dat jierren oanien yn de saak stie, krige in plakje yn de boekhannel fan Van der Velde oan de stille kant fan de Nijstêd. Net lang nei it fallisemint die bliken dat Slauerhoff Interieurs in trochstart meitsje koe, dat de namme Slauerhoff pronket op de Foarstreek – gelokkich – noch oan de gevel. Neffens de eigener komme der de lêste jierren noch mar selden minsken yn de saak dy’t op Slauerhoff-beafeart binne. ‘Ik denk dat de jongere generatie hem eigenlijk niet meer kent. Een beetje jammer eigenlijk, want het was geen slechte dichter.’

Alleen in mijn gedichten slauerhof bertehus2
Plakette by it hûs op ‘e Foarstreek nûmer 26,dêr’t de dichter in grut part fan syn jeugd ferbrocht.

Oft it werklik sa is dat de jongere generaasje net mear des Slauerhoffs is, kin yn ’e kiif steld wurde. Nynke Laverman bygelyks presintearre in pear jier ferlyn har fado’s op teksten fan Slauerhoff. Aktrise Margje Wittermans sette de muzykteaterfoarstelling VluchtGoud yninoar, in stik dat se ôfrûne simmer ûnder mear op Flylân spile en dat begjin desimber te sjen is yn Theater Bellevue yn Amsterdam. Yn de hjerst fan 2012 waard yn Utrecht noch in grut Slauerhoff-festival holden, mei teaterfoarstellings, lêzingen, films, konserten, literêre diners en eksposysjes oer de dichter, dokter en swerver, in drok besocht festival dêr’t tal fan relatyf jonge dichters en skriuwers oan meidienen. Under harren Ester Naomi Perquin, Ellen Deckwitz en  Menno Wigman. Fierders binne der noch altiten alderlei Slauerhoff-groepen warber lykas de yn Ljouwert sittende stichting Herdenking J.J. Slauerhoff, dy’t ien kear yn de twa jier in poëzywedstriid foar jongeren tusken tolve en achttjin jier op priemmen set.

‘Bargebiten’

Werom nei it hûs oan de Foarstreek, nûmer 26. Slauerhoff sr. hie der oait syn behangers- en stoffearringssaak. De wente mei de klokgevel, dêr’t Slauerhoff syn jeugd ferbrocht, komt ûnder oaren ek nei foaren yn it yndrukwekkende ynterview dat Boudewijn Büch (1948-2002) oait, yn 1985, hie mei de doe 84-jierrige Augusta Buwalda-Slauerhoff, de jongste suster fan de dichter-dokter, in enerzjike, skrandere en fitale frou dy’t op in moai ynnimmende en bytiden ûntychlik geastige wize oer har ferneamde broer en dichter ferteld.

Augusta Buwalda-Slauerhoff
Augusta Buwalda-Slauerhoff (1900-1995)

Augusta Slauerhoff, dy’t ferneamd wie nei har omke Gustaaf Slauerhoff en dêrom ek wol ‘Guusje’ neamd waard, praat oer de dichter syn jeugd, syn ivige siik wêzen – Slauerhoff wie in libben lang slim astmatysk – syn skoalletiid op Flylân, syn studintetiid yn Amsterdam, de fammen en froulju, syn omgong mei kollega-dichters lykas Marsman, Du Perron en Adriaan Roland Holst, syn pesterijen, syn freonskippen dy’t hast altiten weroan omtearden yn rûzje en fijânskip, syn lêste dagen yn Hilversum dêr’t er, krekt achtentritich jier âld, te ferstjerren kaam en last but not least de dichter syn bân en ferhâlding mei syn suster en de rest fan de famylje Slauerhoff.

‘Nu praat ik nog één keer over Jan. Verder zeg ik nooit meer wat en neem het geheim mee in mijn graf.’

Bytiden, sa docht blikken, foel der by de Slauerhoffen ek noch wolris in wurd Frysk, bygelyks as Slauerhoff sr. yngripe moast omdat de bern, mei-inoar seis yn tal, thús oan tafel werris yn it iggewearjen, pleagjen en dwersbongeljen wienen of oars rûzje makken, want dêr hiene se  slach fan. Augusta Slauerhoff komt op dat ûnderwerp wannear’t se drok op ’e tekst is oer de eigenaardichheden en aberraasje fan de dichter Hendrik Marsman, dy’t sa út en troch wolris by har broer yn Ljouwert op besite kaam en oer wa’t se op in stuit opmerkt dat ‘ze wel eens een beetje zo met hem heeft gestoeid, weet je wel.’

Slauerhoff en syn suster
Jan Jacob en Augusta Slauerhoff, om ende by 1910.

Büch freget ferheard: ‘Wat krijgen we nou, u heeft met Marsman gestoeid?’

Slauerhoff syn suster laket fleurichwei, hast suver ûndogensk.

Büch, yn in griemmank fan nijsgjirrigens en feralterearre wêzen, ropt: ‘Wat was dat dan, dat gestoei van u?’

Augusta Slauerhoff: ‘Nou, stoeien is gewoon een soort van vechtlust, maar dan op een goede manier. Niet ernstig. Dat deden wij vroeger. Wij vochten na het eten… het hele stelletje. Mijn moeder zat op de stoel en wij, wij rolden allemaal zo over de vloer en dan zei mijn vader: ‘En nou ophouden, nou wordt ’t bargebiten.”

Slauerhoff syn suster, se hat har by libben eins amper útlitten oer har ferneamde broer Jan Jacob, teminsten net yn it iepenbier. Mei it fraachpetear dat Boudewijn Büch goed tritich jier ferlyn mei har hie, ferbriek se, by wize fan útsûndering, it swijen oer de dichter, har broer dy’t har leaf en dierber wie. ‘Nu praat ik nog een keer over Jan. Verder zeg ik nooit meer wat en neem het geheim mee in mijn graf.’

Augusta ‘Guusje’ Slauerhoff ferstoar tweintich jier ferlyn yn har wenplak Haarlem. Wat in frou! Prachtich. Bemind meitsjend. En wat in ynterview! Yndrukwekkend. It geheim dat Slauerhoff syn suster mei it grêf ynnommen hat, dat sil, pratend oer de Rimbaud fan Ljouwert, tabeheard bliuwe oan dat wat Boudewijn Büch ‘het mysterie van Jan Slauerhoff’ neamde.
.

Ynterview Buch 10

.

_ves2
Wenhûs fan Slauerhoff oan de Foarstreek yn Ljouwert (tredde hûs mei de renêssânse gevel oan de rjochter hân)

.

Foarstreek1