It krús, de krûk en de kruk – Oer de poëzy fan Trinus Riemersma – Stimmen 15


argewaasje

serieus jonges jimme kenne my
ik bin gjin lyrikus
ik sis net mear
as ik wiermeitsje kin
(…)

Ut: ‘Fers ’57’
.

‘Dichter haf ik noit vêze vóllen. Ik haf óm de areghyd hûndert fessen skreon, mar dy yntresjerje mij net – oare minsken nammes ek net nim ik oan,’ skriuwt Trinus Riemersma  yn ‘Tusken eks- en adspyront skrjower’,[1] in artikel dêr’t er de balâns fan syn skriuwerskip yn opmakket. Ek op oare plakken lit er him gauris wakker smeulsk oer syn dichtwurk út. Oft dy hâlding no poaze is of net, dat docht der net ta, de fraach is oft de ûnderstellings oer de resepsje fan syn eigen fersen rjochtfeardige binne. My tocht fan net.  Yn alderhande blomlêzingen, fan The Sound that remains (1990), Hûndert Fersen: in blomlêzing út ‘e Fryske poëzy (1990) oant en mei de lêste útjefte fan Spiegel van de Friese poëzie (1993) is wilens wurk fan him opnaam. Boppedat, as it werklik sa west hie dat de fersen him net ‘yntresjêrren’, wêrom dan de sammelbondel Argewaasje fûn – Argewaasje jûn (1996) út te jaan, de kompilaasje fan Riemersma syn tusken 1967 en 1973 ferskynde gedichten? Syn poëzij is, oer ynteresse praat, net sûnder belang, se is nij en oars, yn dy sin dat der yn de Fryske literatuer winliken gjin skriuwer-dichter is dy’t sawol binnen as bûten syn literêre wurk safolle poëtikale útspraken docht as Riemersma, in ferskynsel dat karakteristyk is foar in protte fan de nei-oarlochske (post)moderne literatuer. Sa’n poëtikaal, fersyntern sizzen is bygelyks de rigel  ‘ik bin gjin lyrikus’ yn it hjir boppe oanhelle ‘Fers 57’. Dêrnjonken binne der tal fan ferseksterne útspraken, benammen yn de roman Minskrotten-Rotminsken (nachtboek).  Koartsein, wa’t mear greep op de hûndert fersen fan Riemersma krije wol, sil net allinne acht slaan moatte op syn poëtika (it gehiel fan syn literatueropfettings), mar sil njonken de resepsje ek rekken hâlde moatte mei de literêr-histoaryske en sosjale omtekst. Dêrby dûke ûnder oaren de nammen op fan Menno ter Braak, Jo Smit, Hessel Miedema en Gerard Kornelis van het Reve. Fierders hat Riemersma syn ûnbekappe realistyske poëzij mei in basis lein foar in protte fan de konkrete, anekdoatyske fers(k)ebakkerij yn de desennia dêrnei.

Praatpoëzij

Yn de fiifentweintich fersen dy’t yn de roman De Hite Simmer (1968) opnommen binne, is de dichter yn de slach mei God, Fryslân, de Beweging, dea, bern, leafde en de literatuer. Dy ûnderwerpen beskiede ek de folgjende fiifensantich fersen, byinoar brocht yn de bondels Riemersma II 26:50 (1970), Roazen ferwylje (1972) en teksten fwar ien hear (1973). De ynhâld derfan is sa persoanlik dat der, ék mei it each op alderhande biografyske gegevens, sprake is fan ‘bekentenislyryk’. De wrâld fan it lyrysk subjekt falt fierhinne gear mei dat fan de persoan Riemersma, bygelyks yn syn bitter sarkastyske oanfal op de hypokrite moraal fan it kristlik nasjonale bestjoer fan syn skoalle yn Gau, dêr’t er as ûnderwizer dien krige nei oanlieding fan syn ‘nachtboek’ Minskrotten-Rotminsken.

och jonge ja wy bidde foar ’t Bestjoer
dat sa oprjocht is en sa earlik
sa fol omtinken en noed
foar de neiste
en Gods ear
dat my ûntslach jûn hat
omdat God it woe
en myn neisten út Gau
(nammen op oanfraach)
o Heare God[2]

(…)

Elke foarm fan ferhevenens is dizze poëzij frjemd, se is de meast radikaal trochfierde konsekwinsje fan it sizzen fan de dichter Lucebert om ‘de blote kont der kunst onder uw sonnetten en balladen te kussen.’[3] It fers by Riemersma is frij, der is, op in útsûndering nei gjin yndieling yn strofen, ynterpunksje en haadletters binne der net of amper, rym of metrum ûntbrekke. Sels de byldspraak, bygelyks de fergeliking of de personifikaasje, is ta in minimum werombrocht. It wurd is himsels genôch. Dy oanpak, tegearre mei it brûken fan de deistige sprektaal, smyt in hyperrealistyske praatpoëzij op. De fersen moatte it net sasear fan harren foarm hawwe, mar folle mear fan harren toan (de stim) en styl, al wol dat net sizze dat se foarmleas binne, sterker: it net ôfmeitsjen fan sinnen (bgl. yn ‘Fers 5’, ‘29’, ‘40’) of it foarsjen fan (auktoriaal) kommentaar op it lyrysk subjekt syn dwaan en litten, bgl. yn ‘Fers 23’ binne fynsten fan komsa, teminste foar dy tiid, wylst de goede harker faak alderhande assonânsjes en moaie, yn jambe skreaune rigels fernimme sil. Troch de frekwint brûkte apostrof, de yn de twadde persoan inkeld- of meartal stelde oansprekfoarm, dogge de fersen tinken oan monologen, pleitredes en brieven.

ja jonges it is godslesterlik
mar de Gausters hawwe
in sûper fan my makke
wat ik sûnt jannewaris
opsopen ha dat is no ja
dat is net kristlik mear
(…)
jezus wat giet jin
dat troch de bealich
mar ivige lekker dy
Russen binne ferdomd goede
minsken en myn broer ek
en myn frou ek want
dy keapet goedkeape
jezus wat goedkeap
mar men oan ’e suip bliuwe
as men yn Gau sit[4]

De rigels bringe jin it wurk fan Hessel Miedema yn it sin: ‘jonges ik wurkje hjir oan myn dissertaasje / jonges ik skriuw net mear (wer) / jonges ik dichtsje net mear foar jimme’[5], mar ek dy fan Gerard (van het) Reve as it om de irony giet. ‘Alles is op, zelfs drank waar ik niet eens van houd. / Maar alles heeft zijn voor en tegen. / Zodoende zit ik wel vol moed: / Al hebt Gij mij verworpen en verstoken van Uw licht, / Ik ga gewoon door, of er niks aan de hand is.’// [6]

As ûnder lyryk ferstien wurdt dat it, sa’t Anne Wadman dat docht, om ferheftige ‘gefoelsútbarstings’ [7] giet, dan is Riemersma, hoe paradoksaal ek, in lyrikus, seker foar wa’t syn toan (dy’t de emosjonele krêft makket) yn acht nimt. Dy rint fan klearebare grimmitigens oant en mei de djipste tearens. Yn ‘Fers 10’ tiert en skeldt en racht de dichter dat it in aard hat, in tirade en sedepreek wêryn’t omtrint de hiele wrâld ferketterminte wurdt.

de pommeranten dêr fersjochst dy op
de mannen mei de rûme blik
de ferljochten de jovialen
de skouderhuffers
de sprekkers foar frede
ûntwapening oekûmene
de striders foar it gemien belang
kut
(…)
– wat troch it minskdom fersmiten wurdt
– is troch God útferkard
knoop dat yn jim ear
kutkristenen en arrivearre sosjalisten[8]

Anty-poëzij

Riemersma debutearre as dichter yn 1960 yn De Gouden Tiid, it blêd fan de Kristlik Fryske Jongerein (KFJ) dat yn har febrewarisnûmer ‘dit is foarby…..’ fan Trinus Rimersma ôfprinte. It pseudonym is fansels in grapke, want it fers sels is frij en bepaald net rymjend. De tekst is de programmatyske kant neist, der is in oanset yn te fernimmen ta it konkrete realisme fan syn lettere poëzij.

dit is foarby…..
…..net langer leau ik
…..dat leafde is
…..in melodij
…..fan licht ljochte klanken
……….of in dronken dream
……….omheech opspat
……….út blide stream
……….yn wytwollen wolken

leafde is
…..it net mear ploegjen op ’e klippen
…..in moedeleas bigripen

…..parasitisme
…..op fitaliteit
…..fan tsjinpartij

hja ankert by
………..lykwidichheit
………..fan egoisme[9]

Koart dêrnei jout er yn itselde KFJ-tydskrift syn fisitekaartsje as polemist ôf, mei it artikel ‘Moderne poëzy’. Oanlieding? Argewaasje fan in H. Alkema dy’t it yn in earder nûmer fan it blêd yn de kant sette tsjin de moderne ‘eksperimintele poëzy’, op in manier sa’t yn it Nederlânske literêre fjild minsken as Bertus Aafjes te kear gien wienen tsjin de Vijftigers. It gie Riemersma net daalks om in ferdigening fan de eksperimintele poëzij – Jo Smit hie dat in jier earder al dien mei syn yn De Tsjerne publisearre essay ‘Oer eksperimintele poëzij’ – mar om it neifytsen fan de arguminten op grûn wêrfan’t syn opponint miende de moderne poëzij as ‘anti-poëzij’ ôf dwaan te kinnen.

Yn Riemersma syn artikel, dat yn it ramt stie fan wat literatuerkritikus Paul Rodenko yn Nieuwe griffels, schone leien (1954) ‘de democratisering van de poëzie’ neamd hie, tekenje har de kontoeren fan syn lettere poëtika ôf. Hy makket dúdlik dat er neat op hat mei de eask dat literatuer ‘sierlik’ wêze moat, omdat, hiel simpel, it iene wurd net mear poëtyske wearde hat as it oare. ‘Yn ’e romantyk wiene wurden as moanneljocht, roazen en triennen by steat om in stikje rymwurk foar ‘keunst’ trochgean te litten. Mar dy tiid is foarby.’[10] In oar wichtich punt yn syn antwurd oan Alkema is de stelling dat it net-begripen fan de eksperimintele poëzij neat seit oer de wearde derfan. ‘Dy skûlet net yn syn bigryplikheit, mar yn de idé, yn it eksistinsiele appèl dat der fan útgiet.’ By it gehoar jaan oan dy oprop moat de keunstner soms syn taflecht nimme ta in ‘shock-therapy’. […] ‘Mei in keunstich sonnet of kwatryn sil er de minsken net berikke.’ [11]

Wat Riemersma yn syn stik ‘Moderne poëzij’ nei foaren brocht, wie fansels net nij. Nee. Wichtiger is yn dizzen dat er, krekt twaentweintich, sjen liet wêr’t er yn de diskusjes oer de moderne poëzij stie en stean woe. Hy keas posysje yn in Frysk literêr fjild dat, let wol, by de resepsje fan de moderne, eksperimintele poëzij, sa om ende by 1960, bepaald net ree wie en hingje dêr massaal de feestflagge foar út. Jacob Noordmans, destiids resinsint by de Leeuwarder Courant, wist fan gjin ophâlden by it leechlizzen fan dizze ‘nije’, benammen yn it tydskrift Quatrebras (1953-1964) ferskinende poёzy. Foaral it wurk fan de dichter Hessel Miedema moast it belije. Hy wie ferantwurdlik foar dizze, destiids as ‘skokkend’ ûndergiene rigels:

(…)
o nee, sei hja,
wy moatte joun dounsje
yn ’t bleate gat
mar net foar Herodes
dêrom lei ik de kul oer ’t skouder
en reizge floitsjend ôf[12]

BloomYn it benypte literêre klimaat fan dy tiid hie dit fers it effekt fan in mokerslach, dwers op ’e bek fan alle kristlike moraal. Au. Tekenjend wie it lêbjende sizzen dat Noordmans yn septimber 1959 yn ‘de Ljouwerter’ ôfprintsje liet: ‘Noch nea hawwe wite siden yn in tydskrift (Quatrebras, e.h.) sa sinfol west as yn dit nûmer. Dit is gjin avant-gardisme, mar noazem-gedoch. Dit is net iens pornografy, mar pubergrafy. Inkelde fan dizze ‘fersen’ soene net misstean op de muorren fan de iepenbiere toiletten yn Ljouwert. Dit nûmer is net allinne in bewiis fan literêr ûnfermogen, mar ek fan ûnfatsoen tsjin eigen folk en taal oer. Quatrebras wol brekke mei it ferline. Bêst! Mar dit hat neat mei hjoeddedei te meitsjen en likemin mei de takomst. It is klearebare rim-ram yn de romte.’[13]

Ferneukefikaasje

In koart en frij fers oer de profeet Prediker is Ri(e)mersma syn lêste bydrage oan De gouden tiid.[14] Op poëtysk mêd wurdt it stil. Jierren oanien sels. Syn koarte ferhalen publisearret er yn De Tsjerne, it tydskrift dêr’t er yn 1964 redakteur fan wurden is. Pas yn 1966 ferskynt der wat poëzij, in stik as wat limericks. Wurdgrapjeierij fan dit kaliber:

A beautiful girl in Old-Blassens
forplayed every chance through her dwarsens.
Said a boy: O, dear miss,
may I give you a kiss,
she replied: Thunder up, hold your harsens![15]

Fierders is der noch in nustje fersen te finen yn Minskrotten–Rotminsken, ûnder oaren de ‘Ballade fan de hoer’ (‘Der stiene trije moralisten op, / Mar de hoer dy frijde troch. Algra, Noordmans, Folkertsma, / Mar de hoer dy frijde troch’), mei dêrnjonken in tal, technysk knappe sonnetten. Se binne skreaun yn it ramt fan in radioprogramma, dat de namme ‘Iepenbier poëzijbesit’ hat. Dit ‘Sonnettendrieluik’ – Riemersma lit it foarkomme as soe it gehiel makke wêze troch de santjinde ieuske dichter Matthias Pansponse, tiidgenoat en pinfreon fan Gysbert-om – wurdt yn de roman fan kommentaar foarsjoen op basis fan de foar dy tiid eins hagelnije close reading-metoade. Absurd fansels, mar it smyt kostlik satirysk proaza op. Riemersma syn opset tsjinne yn dit stik mar ien doel: it demaskee fan skientme.

Sonnet aan mijn Geliefde

Toen Gij verscheen in Uw devote,
Maar dun doorschijnend nylon Nachtgewaad,
Steeg mijn Vervoering tot den hoogsten Graad
En zwol mijn Plasser op tot ware Grootte.

 En toen ‘k U tot het naakte Lijf ontblootte
– Den vrucht’bere Akker wachtend op het Zaad –
Geraakten wij in steeds uitbund’ger Staat,
Naarmate ik dieper in Uw Lenden stootte.

Maar toen ‘k na Afloop naar den Wasbak beende
Ter laving van mijn droge Keel,
Was het of elke Vreugd in ons versteende.

Dit was ‘t waaraan de Smart zijn Bron ontleende:
Ik met een pijnlijk, schrijnend Deel,
En gij die om ‘t bevuilde Laken weende.[16]

 

Reviaansk is hjir it begekjen fan it Ferhevene en it Hegere, dêr’t yn eardere tiden it sonnet faak de karre foar wie. De dichter stekt de tonge út nei alle majestatyske en trochloftige sonnettebakkerij fan de Tachtigers en de Jongfriezen. Ditsoarte fan potsebakkerij – guon neame it puberaal, flau of banaal – is in essinsjeel part fan Riemersma syn poëtika. Dêryn stiet de opfetting sintraal dat keunst, en dus ek de literatuer, in ‘ferneukefikaasje’ is, […] ‘net reëel en ferlakkerij’, se is ‘ferskriklik keunstmjittich’, sterker: ‘de wierheid fan in keunstwurk [is] in smoarge leagen.’[17] It earste part fan dy opfetting fynt syn boarne by skriuwer en kritikus Jo Smit, ien fan Riemersma syn literêre ‘faders’. Smit beskôge keunst as in ‘in farce’.[18] […] Dat is fan dy gefolgen dat ‘de modernist, gnize as er moat om de profetyske hâlding fan bygelyks de Tachtigers, himsels net botte serieus nimt.’[19] It twadde part fan syn opfetting rint út op in defiksjonalisearjen fan de literatuer. Dat is net allinnich it gefal yn de oan Jo Smit opdroegene ‘anti-roman’ Minskrotten-Rotminsken, mar likegoed ek yn de hûndert fersen, poëzij dy’t bewust oan de feiten en ûnderfinings fan it werklike libben referearje wol.

MinskrottenLykas by de grap fan it hjirboppe oanhelle sonnet of by in tekst as ‘Fers 12’ leit it wapen fan de dichter by de humor, de irony en de paradoks. ‘Je moatte alles omkeare,’ seit bygelyks ien fan Riemersma syn adagia.[20] It deiboek wurdt foarsteld as it nachtboek, it ferhevene as it banale, it himelske as it ierdske, de werklikheid as yllúzje. Sa makket de skriuwer syn eigen persoanlike fariant op Nietzsche syn Umwertung aller Werte. It draait, koartsein, om it âlde skeel fan Wahrheit und Dichtung. Dêrby komt ek de kwestje fan foarm en ynhâld om de hoeke sjen. Yn Minskrotten-Rotminsken wurdt dêrfan sein: ‘De kwaliteit fan it boek (lês: poëzij, e.h) is it boadskip: of: de ynhâld is de foarm. (Nietzsche hat neffens hearren en sizzen dizze stelling as earste ûntwikkele.’ […] Mei ynhâld bedoel ik de lading oan sizzenskrêft en oertsjûgingskrêft fan de troch de auteur brûkte taal.’[21] Dat ferseksterne sizzen hat in fersynterne pendant yn ‘Fers 37’. Dêryn lit de dichter him sjen as in bern fan Menno ter Braak, de kritikus en essayist en teffens redaksjelid fan it eardere literêre tydskrift Forum (1932-1935), dy’t ‘de Fint’ (de persoanlikheid fan de skriuwer) boppe ‘de Foarm’ sette.

(…)

mar dit ferske komt wol ree
en wol sa:
it giet yn literatuer net
om de beroerde of brike stoarje
mar om de persoanlikheid fan ‘e skriuwer
mei syn lek en brek jawol
om de man dy’t mei en troch
syn wurk in stikje rûmte beskrept
foar him en syn húshâlding
om te libjen en te sykheljen
sûnder dat gefjocht is
literatuer lak en kak
(…)
it soe aardich wêze as soks
net allinne nei je dea wurdearre waard[22]

Riemersma syn stânpunt oer de Fint stiet heaks op de yntinsje by syn (eksperiminteel) proazawurk. Dêryn is er sawol de preester as de mistsjinner fan Foarm en Struktuer, de formalist dy’t yn wêzen seit dat de lêzer gjin belang by hat by syn siele hat. Wa’t dy siele al op it spoar komme wol, of better sein: wa’t de persoan Riemersma as skriuwer kennen leare wol, dy moat syn fersen lêze, omdat er krekt dêryn op in iepenhertige, emosjonele en bytiden ûnmeilydsume hurde manier it tún en de wyldernis fan syn eigen siele(libben) omploeget.

Is God Dead

Wa’t yn hûndert fersen trijensechtich kear it wurd God op it aljemint bringt, hat in appeltsje mei it Hegere te skilen. De God fan Riemersma is in rare twaslachtige God. Yn ‘Fers 3’ hjit it bygelyks: ‘Jo dy’t net besteane / ik ha langst nei jo /’ […] ‘och godferdomme dat ik Jo sa leaf ha,’ in opfetting dy’t yn alderhande farianten weromkomt, bgl. yn ‘Fers 68’:

du weist ich glaube nicht an Gott
aber es freut mich dass Er doch da ist

De paradoks krijt op in oar nivo syn gerak mei de tsjinstelling tusken de God fan de moraalteologen, de kristlik-nasjonalen en de ‘kutkristenen’, sa’t dat naasje yn ‘Fers 10’ neamd wurdt, en de God dy’t, net kend, him ferburgen hâldt. Fan de lêste wurdt net sûnder spot sein:

ik ha wol faak raasd om dy
en om dy flokt asto dy ferburchst
en my stikke lietst
mar no is alles wer goed
no fyn ’k dy werom
yn in glês wyn mar God dy vodka lêsten
sietsto dêr ek yn?

De wrakselpartij mei it Leauwe stiet by Riemersma yn it perspektyf fan de God-is-dea-gedachte en it eksistinsjalisme fan Sartre en Camus. ‘Is God Dead’, sei yn dy dagen bygelyks it alles sizzende omslach fan it ynfloedrike Time Magazine.[23] Riemersma makket dit ûnderwerp ta tema yn it koarte ferhaal ‘De parabel fan de Godsmoardner’.[24] De haadpersoan Seegers giet op ’e siik nei God, mei it doel him te deadzjen omdat er syn skuld kwyt wol. ‘Alle minsklike skuld kin op him werombrocht wurde, en troch him te deadzjen kin dy skuld dylge wurde.’[25] Seegers’ siiktocht is om ’e nocht. ‘Gods ljocht is oars net as glinsterjende snie. God bestiet net!’ Alles is tenei om neat. Sinleas. Sûnder God hat it gjin doel mear om te libjen. Seegers docht himsels tekoart. ‘Hy swaeide de bile tusken syn fuotten, helle út en sloech him it skerp yn ‘e foarholle.’[26]

Riemersma syn demaskee fan de keunst en de skientme rint winliken lykop mei syn demaskee fan de âlde God en de kristlike moraal. De manier wêrop’t de Grutte Baas nei ûnder helle wurdt, benammen yn de betide fersen, berêst, koart gearfette, op twa pylders. Foarst, elk Godsbyld is in projeksje fan it minslike tekoart, of sa’t it yn Minskrotten-Rotminsken steld wurdt: ‘In projeksje fan minslike gefoelens op it wite doek dat wy God neame’ […] en twad, in minske moat syn eigen noarmen en wearden, dus syn eigen moraal, útfûgelje, wol er syn bestean rjochting en sin jaan kinne. It is tsjin dy eftergrûn, bepaald as dy is troch it tinken fan Nietzsche en Albert Camus, dat de dichter syn ferslaggen docht oangeande syn fjochtpartij om it winnen fan de eigen subjektive frijheid, los fan de kristlike Mienskip.

ik kin it noch noait ha
it lyk de skriemende famylje
ik flok net mear as eartiids
blaas my net op
en sykje it net yn grutte wurden
mar ‘k ha fertriet en bin ferslein
en kin der net oerhinne komme
de tsjerketsjinst de preek
dy’t by my lâns gien is
it sjongen fan Hear bliuw my nei
ik leau net mear en flok net mear
ik bin gewoan út ‘e liken[27]

De dichter syn eardere God hat oan de ein fan syn hûndert fersen syn transendintaal karakter ferlern. Wat oerbliuwt, is in libben en tinken dat net fierder gean wol as dat wat de sinnen waarnimme kinne, oftewol: ‘ik sis net mear / as ik wiermeitsje kin.’ En ek al wurdt sa altemets God wer ris oanroppen, meastentiids bart dat yn de iroanyske sin, bygelyks yn ‘Fers 34’, wêryn’t mei dat foar Riemersma sa karakteristike omkearingsmeganisme God te ferstean jûn wurdt dat Er better in foarbyld nimme kin oan syn soan Jezus: ‘Dy wist wêr’t er stean moast / en ’t is langer sa / de âlden moatte leare fan har bern’.

Eksistinsjele ûntheistering

LetrangerNeist alle Godsgedonder is der it gewraksel om it bestean sels en de leafde. Yn de betide fersen hinget der soms in rook fan bedêstens en boargerlikens om hinne: ‘yn grutte halen hat men / alles berikt wat men winske / men hat frou, bern en in bestean / en wêr’t men op hopet /  dat sil de tiid wol bringe //’ (‘Fers 17’).

Sa’t de dichter syn God ferliest, sa ferliest er lang om let de leafde, mei navenant alle fertriet. Ferlet, langst, leechte en in minske syn allinne-wêzen bepale syn gongen. De bondel teksten fwar ien hear (1973) is fan datoangeande ien grut weemoedich leafdesfers, fol wanhope, fertwiveling en iensumens. Nettsjinsteande in freondintsje hjir en in freondintsje dêr binnen in troch krûk en kruk bepaald libben, bliuwt it krús, oftewol: it tekoart, it gemis en it inoar frjemd wêzen. De minske stiet helpleas yn it libben ‘as in bern dat om de tate skriemt.’ (‘Fers 70’). It is de eksistinsjele ûntheistering en twivel, in libben sûnder útsjoch dat de dichter syn dagen beskiedt, lykas yn ‘Fers 86’:

soms skrillest fan in tûfe hier
in skym fan earder
fan in oare frou
do pjokst it hier har fan it antlit
en stoarrest nei in frjemd
en ûnbekend gesicht
har eagen spegelje dyn legens
allinne dat wurdt hast fertroud
wat is der, seit se
mar der is neat

It tema leafde is faak ferbûn mei dat fan it bern en de dea, njonken God de meast foarkommende kaaiwurden yn de hûndert fersen. Alles is fergonklik, en navenant is de dichter syn paradise lost: ‘bern wurde en ta de skurte yngean / silst nea wer kinne’. It ûnderwerp fan it bern komt trouwens daalks al op it aljemint yn ‘Fers 1’, in gedicht dat 1967 yn De Tsjerne ôfprinte waard en dêr’t de gongen yn beskreaun wurde fan in man dy’t krekt syn frou ferlern hat. ‘hy droech in swarte hoed / sneupte yn de wâl lâns / net liker as socht er einaaien’. Efkes letter warskôget de dichter syn bern foar ‘dy ferrekte auto’s […] dy’t alles bedjerre.’

Dit fers kin net lêzen wurde sûnder de passaazje yn Minskrotten-Rotminsken, wêryn it ferûngemakjen fan in jong famke beskreaun wurdt, de rol fan de ûnferskillige God binnen dat gehiel en it keunstmjittige fan de reaksjes op alle leed, sawol troch de goegemeente as troch de ferteller sels. De lêste rept fan in ‘poaze.’ Net by steat in ferskil te meitsjen tusken de skriuwer en de skoalmaster, sis mar, tusken Dichtung und Wahrheit, wie it sizzen yn Gau, it plak dêr’t Riemersma oan skoalle stie, al gau: Master giet oer liken, master is in toanielspiler. Riemersma krige dien. Toaniel? Poaze? Nee, my tocht fan net. Krekt oarsom. Der is hast gjin fers oer it ûnderwerp bern, dêr’t de dichter net it tsjindiel yn bewiist. Ien foarbyld oer it uterjen fan syn noed en eangst om in siik bern:

en dêr sjocht ien dy oan
mei syn koartsige eachjes
de snotte om it snútsje bedroege
hiene wy dokter noch àl skilje moatten?
de oare moarns blykt it bern
al wer sa sûn as in fisk.

(…)

mar it komt hyltyd werom
dy noed en dy eangst
en it nekt dy starichoan[28]

It binne ditsoarte, oer bern hanneljende rigels, wêrmei’t  Riemersma syn âlde Kristlike Nasjonale Bazen, sij it ymplisyt, nochris it leksum lêst.

Literatuer is amoreel

Net allinne yn syn opfettings oer de keunst is Jo Smit in fader fan de dichter, ek yn syn hâlding foar it Frysk en Fryslân oer is er dat. Yn it artikel ‘Ja seit Jo’ set Smit de Beweging binnen in eksistinsjalistysk ramt, hy stelt dat dy ‘foar in grut part utering is fan (de problematyske) minsklike frijheid.’[29] De Fryske literatuer is ek in stikje Beweging, se moat dat neffens Smit ek wêze: ‘Oars is it gjin literatuer mar de dea. En dat is it tsjinstelde fan frijheid.’

Smit syn stânpunt wie, tsien jier nei it ferbrekken fan de Bining tusken de Fryske literatuer en de Fryske Beweging, like opmerklik as singelier. Hy ferbûn de sin en frijheid fan syn bestean en persoan mei de (Fryske) literatuer. ‘As ik skriuw bin ik sels in stikje Fryske Beweging, al giet it dan miskien oer hûntjes of Dútskers of frijerij, dus al giet it bûten alle offisjele stânpunten om of byneed der tsjinyn. Dat makket it moedsum opskriuwen en it noch moedsumer besykjen wat publisearre te krijen sinfol.’[30] Ut ditselde perspektyf wei moat, tinkt my, ek Riemersma syn sizzen oer it Frysk, de literatuer en de Beweging beskôge wurde, as er dy ûnderwerpen yn syn poëzij op it aljemint bringt:

ik zou wel in het Nederlands
willen schrijven
as it net sa’n kloatetaal wie
dat sadwaande komme je
dochs by de koarre werom
de minsken hjirre bedoel ik
(…)
ik skriuw út argewaasje
mar sokken jouwe gjin echte
ik bedoel je wurde der siik fan

        (…)

Yn tsjinstelling ta de eardere (foaroarlochske) Bewegers wolle Smit en Riemersma harren literatuer net ta loophûn fan de Beweging meitsje. ‘Se hat gjin tsjinjende taak’, skriuwt Riemersma yn ‘Literatuer fwar it karke fon…’, likemin as dat se ‘de beweging stypje mat of de lju ta út kristendom bekeare of de jongerain ut masturbearjen ferbiede – literatuer is frij […] literatuer is amoreel.’[31] It jout him de frijheid om sawol syn ôfkear fan as syn leafde ta Fryslân, de beweging, de religy en de literatuer te uterjen, lykas yn ‘Fers 25’, skreaun op syn tritichste jierdei.

but I’ll not sit down like this
in bitterness en spleen
I’ll climb my thirty years
and stand en look around
and I’ll be free at last
free at last from the chains
of the Frisian Movement
an the ol’ time religion
(…)
I’ll be free to write if I want to
and free if I don’t want to
(…)
and free to love even you my Fryslân
land of hope and glory
where I want to walk many hours
and to write many books

reve1Riemersma dichtet yn mar leafst fjouwer talen en in stedsdialekt. Lykas by Hessel Miedema, dy’t yn syn poëzij ek in griemmank oan talen brûkt, is de meartalichheid hjir benammen in kwestje fan stilearring. Troch it brûken fan it Ingelsk komt it ûnderwerp Fryslân ynienen yn in apart en suver ferfrjemdzjend perspektyf te stean. Omdat ek de taal sels, it Frysk, yn it spul is, soarget it Ingelsk foar in hast absurd ferfoarmjen fan de werklikheid. Dizze stilearring is dus gjin spultsje fan l’art pour l’art, mar tsjûget fan in djippe belutsenens by Fryslân en it Frysk. Mei it each op Riemersma syn adagium dat ‘literatuer mei de werklikheid referearje’ moat, fernuveret it net dat der (foar dy tiid) tal fan aktuele saken op it aljemint brocht wurde, lykas de staveringskwestje, wylst ek in lange parade oan pommeranten út it Fryske literêre fjild troch de fersen stapt, lykas by de moai noflike rachpartij yn ‘Fers 42’:

en wat sil ik noch yn Koartehimmen sykje
en wat neukt my Piter Utstel II
al dy bongels oan ‘e poat
ik kin allinne folle hurder
út ‘e fuotten
dat jonges rêd jim mar
(…)
dach Jo hoe is ’t thús Rink
dach Ria hói Tinydei Poortinga nacht
mynhear Van der Mark

As der al gjin gedonder is mei God, de dea of de leafde, dan is der wol gesoademiter dus mei de literatuer en de Beweging. It ferklearret ta in hichte ek de polemyske ynslach fan in protte fan de Riemersma-fersen, in  honger nei gedonder en gebliksem. Net dat de dichter net yn goedens wol, o wis wol, mar it is de wrâld dy’t dat net yn wol of sa’t de wilens klassike twarigel yn ‘Fers 73’ seit:

ik kin net oer gedonder
mar noch folle minder sonder

Ta beslút

Dêr’t yn de neidagen fan it tydskrift Quatrebras dichters as Josse de Haan en Steven de Jong, plichtmjittich hast, it paad fan de ‘âlde’ eksperimintele paden fierder úttrapen, en om dy reden as dichter ek minder ynteressant binne, dêr sloech Riemersma oare wegen yn, sa’t ien as R.R. van der Leest dat op syn manier dwaan soe. Riemersma syn konkrete bekentenis- en praatpoëzij – yn syn soarte in einmalige, net foar werhelling fetbere oangelegenheid – leit yn it Fryske de loper út foar in protte fan it frije, anekdoatyske (bekentenis)dichtwurk út de jierren santich en tachtich. De demokratisearring fan de poëzy is dan lykwols al sa útsliten en arrivee dat dy gauris te baat naam wurdt as in frijbrief foar alderhande kreatyf kurkjebreidzjen en oare rotsoai, want te faak sûnder sizzens- en oertsjûgingskrêft.
Lykas mynhear Van het Reve falt Riemersma net sasear yn it spoar fan de Eksperimintelen, de Vijftigers, mar folle mear yn dat fan Menno ter Braak, de Nietzscheaan dy’t fan betinken wie dat men himsels allegeduerigen fan syn foarm en foarmen befrije moat, alteast as men werklik libje wol. Yn de resepsje fan Riemersma syn poëzij mei dan gauris opmurken wurde dat de foarm der mar wat byhinget, it is wol krekt troch de foarm, dy’t yn wêzen de foarmleazens is dat de dichter him fan alderhande âlde foarmen befrijt. Oftewol: antypoëzij fan it boppeste buordsje.
Sa hinget de dichter neffens syn heechst fernimstige opfetting fan die Umwertung aller Werte hjir en dêr sèls syn eigen poëzij yn ’e bek. It tekenet syn polemyske ynslach. Dy lit him, om mei in Riemersma-pots te besluten, ek hearre as Gerard van het Reve op it aljemint komt. Elkenien ken it ferhaal wêryn’t Gerard Reve himsels ferbyldet hoe’t God yn de  gedaante fan in ezel op ierde weromkeart. ‘Als God zich opnieuw in Levende Stof gevangen geeft, zal hij als ezel terugkeren, hoogstens in staat een paar lettergrepen te formuleren, miskend en verguisd en geranseld, maar ik zal hem begrijpen en meteen met hem naar bed gaan, maar ik doe zwachtels om zijn hoefjes, dat ik niet te veel schrammen krijg als hij spartelt bij het klaarkomen.’ It is in foarstelling, in foarm fan ferbylding,  dy’t  neffens Riemersma fuortkomt út ‘in âld ferlet om God sjen te wollen.’ Mar, sa wol Riemersma hawwe, Reve siet mei it byld fan de ezel knap ferkeard, want it lei folle mear it yn de reden dat men mei in God as oaljefant te krijen hat. Like grutsk as grotesk skriuwt er dan: ‘Dat is foarst in tige ymposante ferskining, twad hat dat bist in hiele dikke hûd en tred besit er in hiele lange snút om alle moaie ferhaaltsjes mei út te blazen.’

 

Literatuer:

Breuker, Ph. H., Hûndert fersen: in blomlêzing út ‘e Fryske poëzy. Fryske Akademy, Ljouwert, 1990.
Hanssen, Léon, Menno ter Braak 1902-1940, Leven en werk van een polemist, Meulenhoff, Amsterdam 2003.
Hettinga, Eeltsje, De leugen op ‘e dyk. Oer de blomlêzing Het goud op de weg : in krityk, in pleit, Cepher, Ljouwert 2008.
Jellema, Rod, The sound that remains: a historical collection of Frisian poetry, William B. Eerdmans, Grand Rapids 1990.
Joosten, Jos, Onttachtiging, essays over eigentijdse poëzie en poëziekritiek, Vantilt, Nijmegen 2003.
Gezelle Meerburg, Babs, Hwant wij binne it nijs  ûnder en boppe de sinne, Fryske Akademy, Ljouwert 1997.
Lucebert, Verzamelde gedichten, Bezige Bij, Amsterdam, 2004.
Miedema, Hessel, op ‘e literaire toer, Koperative Utjowerij, Boalsert 1973.
Noordmans, Jacob , ‘Fryske tydskriften, Quatrebras’, yn: Leeuwarder Courant, 20 septimber 1959.
Boorsma, P, T. Oppewal, G. Visser, Spiegel van de Friese poëzie, van de zeventiende eeuw tot heden, Meulenhoff, Amsterdam 2008.
Reve, Gerard, Nader tot U, Van Oorschot, Amstredam 1966.
rimersma, trinus, De Gouden Tiid (1960) nû 2, 11.
rimersma, trinus, ‘Moderne poëzij’, De Gouden Tiid (1960) nû 4, 5-7.
rimersma, trinus, ‘O Prediker’, De Gouden Tiid (1960), nr. 5. 10.
Riemersma, Trinus, Minskrotten-Rotminsken (‘nachtboek’), Venus, Frjentsjer 2008.
Riemersma, Trinus, Argewaasje fûn-Argewaasje jûn, Koperative Utjouwerij, Boalsert 1996.
Riemersma, Trinus, ‘Parabel fan ’e Godsmoardner’, De duvel misbeteard (1967), Miedema & Co, Ljouwert, 125-135.
Riemersma, Trinus, ‘Literatuer fwar it karke fon…’ Trotwaer 5 (1973) 289.
Riemersma, Trinus, De kul: it jinnigste echte sabeare-lyterêre tydskrift fwar polemyk, krytyk, téory en oare fwarmen fon gekoanstekken, eigen behear, Frjentsjer 1983-1988.
Rodenko, Paul, Nieuwe griffels, schone leien, Daamen N.V. / De Sikkel, Den Haag / Antwerpen, 1954.
Smit, Jo, ‘Ja seit Jo’, De Tsjerne (1959) 206-208.
Smit, Jo, ‘Goede smaak as kritearium’, De Tsjerne (1964), 313-323.
Smit, Jo, ‘Oer eksperimintele poëzij’, De Tsjerne (1959), 21-28.
Smit, Jo, ‘De Fryske literatuer 1945-1967’, De Tsjerne (1968), 23, nr. 4, 121-203.
Wadman, Anne, Fryske fersleare, Laverman, Drachten, 1952.

 


[1] Riemersma, ‘Tusken eks- en adspirant skrjower’, De kul, 28.
[2] Riemersma, Argewaasje fûn-Argewaasje jûn, 17.
[3] Lucebert, ‘Verdediging van de 50-ers’, Verzamelde Gedichten, 412-413.
[4] Riemersma, ‘Fers 13’, Argewaasje fûn- Argewaasje jûn, 18.
[5] Miedema, ‘lêste fersen’, Op ’e literaire toer, 174.
[6] Reve, ‘Drinkelied aangaande het leven op aarde’, Nader tot U, 144.
[7] Wadman, ’Strophefoarmen’, Fryske fersleare, 60.
[8] Riemersma, Argewaasje fûn- Argewaasje jûn, 15.
[9] rimersma, De Gouden Tiid (1960), nû. 4, 11.
[10] rimersma, ‘Moderne poëzij’ (1960), nû 4, 5.
[11] rimersma, ‘Moderne poëzij’ (1960) nû 4, 6.
[12] Miedema, ‘Trettjin fersen’,  Op ’e literaire toer, 50.
[13] Noordmans, ‘Fryske tydskriften’, Leeuwarder Courant, 26 septimber, 1959, 17.
[14] rimersma, ‘O, Prediker’ (1960), nû 5, 10.
[15] Tr. Riemersma, út: ‘Fiif Limericks,’ De Tsjerne (1960) 241.
[16] Minskrotten-Rotminsken, 124.
[17] Minskrotten-Rotminsken, 42.
[18] Smit, ‘Goede smaak as kritearium’, 323.
[19] Smit, ‘Goede smaak as kritearium’, 322.
[20] Minskrotten-Rotminsken, 42.
[21] Minskrotten-Rotminsken, 131.
[22] Riemersma, Argewaasje fûn- Argewaasje jûn, 42.
[23] Time magazine, ‘Is God Dead’, 8 april, 1966 (http://www.time.com/time/covers/0,16641,19660408,00.html)
[24] Riemersma, De duvel misbeteard.
[25] Riemersma, De duvel misbeteard, 132.
[26] Riemersma, De duvel misbeteard, 134.
[27] Riemersma, Argewaasje fûn- Argewaasje jûn, 99.
[28] Riemersma, Argewaasje fûn- Argewaasje jûn, 50.
[29] Smit, ‘Ja seit Jo’, 207.
[30] Smit, ‘Ja seit Jo’, 208.
[31] Riemersma, ‘Literatuer fwar it karke’, Trotwaer, 289.