It Staverkadaver – Protestverbod medewerkers Fryske Akademy – Part III

‘De huzen stean iepen; hja sjogge my oan’,
útsein dy fan de pottichte Fryske Akademy.
.

Bysûnder akademysk ûnderwiis
WY BRANE DERYN: BYSUNDER AKADEMYSK UNDERSYK

It is werris safier, de meiwurkers fan de Fryske Akademy, it ynstitút dat ‘wittenskiplik ûndersyk docht op it mêd fan de Fryske taal, kultuer, skiednis en maatskippij’, hawwe fan de direksje in ‘protestferbod’, eeeh… nee, in sprekferbod oplein krigen, dêr’t it om de Staveringswiziging giet. Oftewol, de Akademy poetst/ pûtst syn wittenskiplike status werris op mei in fraaie foarm fan sinsuer, en ik altiten mar miene dat wittenskippers ûnôfhinklik en frij (fan ideology) wiene, mar net dus yn de hjoeddeiske Frysk ynstitúsjonele bananerepublyk.

Sprekferbod

Eric Hoekstra, taalkundige en meiwurker fan de Fryske Akademy, hie yn syn lêste kollum “Spellrellluhhhhhhh” fansels de keutel by de skjinne ein, doe’t er it yn ferbân mei de Staveringswiziging oer ‘de sharia’ hie. De Fryske Staveringssharia, sa’t dy no troch direkteur Hanno Brand fan de Akademy ôfkundige is, docht it oansjen fan ynstitút fansels geweldigen ‘gûd’, mar it rûkt al wat branderich. Rûke jo dan niks? De Akademy oan de Doelestrjitte yn Ljouwert, ‘ít wittenskiplik sintrum fan Fryslân’,  dat harsels nei bûten ta presintearret mei de slogan: ‘Alle wittenskip is net mear as in ferfining fan it tinken fan al-den-dei,’ hat, oer stank praat, yn alle gefallen in minne noas as it om de frijheid fan (wittenskiplike) miening giet. Hawar, dy’t mient mei in sprekferbod de weareld regeare te kinnen, dy ferliest lang om let syn eigen mûle.

Moarn sjogge wy wer even yn it staveringswaar om nei te gean hoe’t de Akademy fierder yn mist en damp omstappen bliuwt of oars sein, hoe’t de Akademy mei it oplizzen fan in sprekferbod oan har meiwurkers knap op ’e doele is.

LC-20130524-ZU01028002