“Ja, it kin…” – Reve, Inghels en Peper yn Blauhûs

‘Safolle oandacht wiene jo fêst net wend’ wie justermiddei yn in tjokfolle Sint Vitustsjerke yn Blauhûs ien fan gedichten dy’t de Flaming Maarten Inghels oer it fuotljocht brocht. It fers waard skreaun yn it ramt fan ‘De eenzame uitvaart’, in ûndernimmen wêrby’t ûnderskate Flaamske dichters in lêste groet bringe oan minsken dy’t sûnder famylje, freonen of kunde te hôf brocht of ferjiske wurde. De dragers fan de begraffenisûndernimming en de dichter hawwe krekt tolve minuten ta har foldwaan om de deade nei syn/har lêste stee te bringen. Der is oars net as in lêst’ en lyts ritueel: in kiste op skammels, in boskje blommen en in gedicht. Yn Antwerpen is Inghels de koördinator fan ‘De eenzame uitvaart.’

It gedicht ‘Safolle oandacht wiene jo fêst net wend’ wie yn Blauhûs ûnderdiel fan in repertoir dat by Inghels bewust yn it teken set wie fan de Dea. De kar foar dat tema wie op himsels net alhiel frjemd, want de literêr-muzikale ‘tsjinst’ yn Blauhûs, op priemmen set troch de Gerben Rypma-stichting, hie syn oanlieding by de njoggentichste bertedei fan Gerard (van het) Reve, de skriuwer-dichter by wa’t de Dea, tegearre mei God en de Leafde, in heechset plak, sa net it heechst stelde plak, ynnimt. Inghels brocht in ymposante en oerweldigjende foardracht. Mar faaks is it better en helje hjir de wurden fan Ernst Bruinsma, haadredakteur fan it tydskrift de Moanne oan: – “Mooie Reve-middag in Blauwhuis. Huub Mous stelde voor Reve in 2018 zalig te laten verklaren, publiceerde zijn mooie boek over Reve, Eeltsje Hettinga las op memorabele wijze voor en Maarten Inghels, tsja hij is nu al voor de Vlaamse poëzie wat Tom Lanoye voor het proza is: impressionant in zijn taal, in zijn thematiek en in zijn voordracht. Zoveel mensen, ik denk ruim 300, voor een literair-muzikale middag in Fryslân. Dat kan dus gewoon.” (EB, Faceboek, 8/12/13).

Hjirûnder de oersetting fan ‘Zoveel aandacht was u vast niet gewend’. De boarnetekst, ek te hearren yn de hjirboppe oanhelle You Tube-fideo, is ûnder mear te finen yn Maarten Inghels syn bondel Waakzaam (2011) en yn de koartby ferskynde sammelbondel De eenzame uitvaart, veertig verhalen en gedichten bij vergeten levens (Bezige Bij, Antwerpen, 2013)

 

SAFOLLE OANDACHT WIENE JO FEST NET WEND

Foar Nguyen Van Kham (1954-2010)

De rivier Mekong wie in naad tusken
jo âlde stêd en in oar nimmenslân,
lykwols waard jo in bestimming taskikt
ôfgrinzgje fan noch folle mear, net kend.

Mei de bankôfskriften yn ’e hân
ûnderstelden wy dat jo hjir libbe ha
ûnder ús, fjouwer heech, yn in ferrûn
kalinderjier as in kreaskwiere fint.

Dêr’t generaasjes Egyptenaren jierrenlang
oer it prosedee stinden, waarden jo in mummy
op himsels, net rjocht halich en lizzende
njonken jo bêd, fan it libben ôfkeard.

Sân minuten stjoertiid op ’e televyzje,
jo hinnegean waard tsjut yn it sjoernaal,
in kollum op pagina twa yn ’e krante,
safolle oandacht wienen jo fêst net wend.

Net noflik fiele wy ús by jo ferdwinen
út argewaasje wurde wy hookstrooks
bettere buorren, jo buorfrou Jenny hie
kofje wollen hie se jo taal kend.

Wy hawwe mis west, dat jou ik grif ta, pas
doe’t der gjin jild mear wie waarden jo opmurken.
Sels nei jo swijen, jierren oanien, oer de dea
hinne, hienen wy witte moatten wa’t jo binne.

(oers. Eeltsje Hettinga)
.

ZOVEEL AANDACHT WAS U VAST NIET GEWEND

Voor Nguyen Van Kham (1954–2010)

De rivier Mekong was een naad tussen
uw oude stad en een ander niemandsland,
toch viel u een bestemming te beurt
door meer onbekendheden begrensd.

Met de bankafschriften in de hand
vermoeden we dat u hier heeft geleefd
onder ons, vier hoog, in een verlopen
kalenderjaar als een kraaknette vent.

Waar generaties Egyptenaren jaren tobden
over het procedé, werd u een mummie
op zichzelf, onwel geworden en liggend
naast uw bed, van het leven afgewend.

Zeven minuten zendtijd op de televisie,
uw vertrek werd geduid in het journaal,
een column op pagina twee in de krant,
zoveel aandacht was u vast niet gewend.

Ongemakkelijk zijn we van uw verdwijning,
uit verontwaardiging worden we plots
betere buren, uw buurvrouw Jenny had
koffie gewild als ze uw taal had gekend.

Wij hebben gefaald, geef ik grif toe, pas
bij het ontbreken van uw geld u opgemerkt.
Zelfs met uw jarenlange zwijgen over de dood
heen, hadden we moeten weten wie u bent.

 

Sjoch fierders ek it artikel 'It earizer fan Guido Gezelle en in wurd oer Maarten Inghels.'

 

 

 Naamloos