Jo Smit en EBF – lyts histoarysk dokuferhaal

Yn 1956 joech Jo Smit de novelle Sûnder sûker yn it ljocht, in kostlik gekoanstekkerich ferhaal oer in nasjonalistyske beweging, dy’t der lang om let yn slagget om har separatistyske doelen wier te meitsjen. Yn it fierhinne as monolooch fertelde ferhaal, dat him ȏfspilet yn in kroech, docht in net by namme neamd haadpersoan syn relaas oer de beweging oan iene Kaspersma. De ferteller sjocht werom op syn eigen rol yn dy beweging, mar referearret ek oan in persoan dy’t systematysk mei ‘hy’ oantsjut wurdt, in man dy’t binnen de beweging alle macht nei him ta lûke soe, him dêrby ûntjaand ta in earsten klas diktator. Oan de ein fan it ferhaal wurdt de haadpersoan troch Kaspersma oppakt en as finzene ôffierd.

 Jo Smit, ien fan de foarnaamste en meast oarspronklike skriuwers en essayisten yn it nei-oarlochske Fryslận, hie mei dy separatistyske groep fansels de Fryske Beweging op it each of miskien noch wol mear it Striidboun Fryslận Frij, en dan yn it bysûnder ien fan har foaroanmannen Eeltsje Boates Folkertsma (1893-1968). EBF neamden se him. Syn monistysk Frysk nasjonaal lûd, ynbegrepen syn moanjen en bearen oangeande ‘it seedlik biwustwêzen’, ‘de eigen aerd fan it Fryske folts’ en ‘de grutte tael- en kultuerfermogens fan datselde folts’, wie ûnder mear te hearren yn de Kultuernota fan 1961, ek wol it Kultureel Perspektyf neamd.

Dy nota, tegearre mei it ferhaal fan Smit, tikke ik lêstlyn foar 80 Eurosinten op ’e kop by de omrinwinkel. By it lêzen fan dy ‘ậlde kost’, yn syn soarte in déjà vu, toppen my bytiden alderhande oantinkens oan keamers en hôven mei ferhalende omkes en golle sigaretsmokende muoikes troch de kop, twirren yn de tiid.

1.

Allinnich as er wie, hied er yn Ljouwert, de stêd dêr’t er in grut part fan syn libben tahold, tal fan húskes fan hâld-oan, ûnder oaren oan dat fan myn omke Arjen W. op de Noardersingel, oare kant de Prinsetún. Sa tsjin iterstiid, seizen hinne, kaam er oanstappen, kwânskwiis. De waarmmielrinder.
Oft er faaks ek mei-ite woe?
No, no, as it jo net tefolle is, dan …
Nei ôfrin liet er him, as it even lije koe, in brandewyn risse, ien mei sûker.
Hy, altiten slij nei wat fergees te ferkrijen wie, hie wat deuns oer him. Sunich en konservatyf wie er, sa’t it in kalvinist fan syn soarte foege. Hy wie fan Knyphústerbuorren, sei muoike letter.
Yn ’e wittenskip dat de gastfrou, gol en hertlik as se wie, eins gjin nee te keap hie, makke hy der gjin kapsje op as him lang om let frege waard:
En Folkertsma, jo der ek noch ien yn?
No, as it jo net tefolle is, frou, dan…

Ay, dy muoike fan my, se smookte sigaretten, leppele, lizzend yn it gers fan it appelhôf yn B., grutte glêzen Zwarte Kip leech, besocht de moade-ateliers yn Paris, reizge nei Amearika en hold fan Ella Fidzgerald, in sjongeres dêr’t Folkertsma neat mei op hie, want dekadint én it kaam ek noch út dat dûnkere, ferdjerlike New York wei. De stêd wie him in grouwel.

 Se hienen in rare anty-Hollanner-krupsje ûnder de lidden, dy Bewegers. Hoe fierder fan it ferdjer, wat suverder de taal.

Myn omke hie him as arsjitekt op it bouwen fan pleatsen, skoallen, kleasters en tsjerken útlein. De hege, readpanne Sint Frederikustsjerke oan de Kapelstreek yn Sleat bygelyks is fan syn hân, ek hie er as assistint-boumaster fan de arsjitekt H.J. de Vries syn oanpart yn de útfiering fan de bou fan de troch H. van Beers ûntwurpen roomske Dominikustsjerke yn Ljouwert. Fierders wie er behelle yn it yn 1917 oprjochte Roomsk Frysk Boun, dêr’t er in hoart foarsitter fan wêze soe. Hy wie ‘in strider’, sa’t dat yn Bewegingsrûnten hjitte, al wie er minder fûl as EBF. Mar lykwols, leaver de klomp op te fretten as jins taal te ferbrekken. Wat gever it Frysk, wat better it wie. Se hienen in rare anty-Hollanner-krupsje ûnder de lidden, dy Bewegers. Hoe fierder fan it ferdjer, wat suverder de taal. Bywannear’t sokke taaldistânsjearring, om der ris sa’n wurd fan tsjintwurdich om te sizzen, mar lang genôch yn acht nommen waard, sa woe Folkertsma hawwe, dan soe op in dei it Fryske folts fansels yngean ta it grutte Fryske paradys, de troch God foarbeskikte Fryske himel.

ONY DSC
Seisbjirrumer sipels

Te natio frisica

Folkertsma, de stim fan Fryslân, koe, as er ien kear de guit fan it preekjen te pakken hie mei de platte fûst de tafel huffe – och leave minsken, de finsters op ’e Noardersingel rattelen bytiden hast ta de sponnings út, sei muoike  – om dan by alle flibe dy’t him om de lytse Fryske propagandasnor rûn, sokssawat út te roppen as: It folkseigen fatsoen foarop! Lit ús opbouwend wêze. Posityf. Gjin synisme, blinder. Hat Piebenga it net sein dat as der ien ding fan it Fryske folts ferwachte wurdt, dan is dat fatsoenlik te wêzen. O, wit dat God dit folts, dit och sa tamtearre folts, bystean sil! It sil bistean! Ienris. De dream….

Op datsoarte mominten sette ik, sei muoike, soms even Ella’s Night and Day op of Just one of those things, mar Folkertsma bearde dat er neat hearde, hy liet him likemin ferjeie as it nare lûd fan in brommende blaumich yn in kaseuzeflesse, syn oargeljen, och, ik hearde it oan en Arjen, dy knikte wat, leaver gong er te jûnpraten by de skippers op de skûten dy’t oan de Noardersingelleane leinen.

Soe it folk te mobilisearjen wêze, Arjen, wat tinkt dy? Mei-inoar ien, ien mienskip, mei-inoar yn ’e baan? Soe de Fries noch yn syn oerkrêften stean, soe it swurd noch tild wurde kinne en gean de striid oan of soe it dan dochs al sa fierhinne wêze dat sleauwens en ûnferskilligens – it  ynert-wêzen – harren de piid en libbenskrêft foargoed ûntnommen hat?

Folkertsma tilde in skonk op en liet der ien rôlje. Sels rûkte er neat, mar yn ’e keamer oan de Noardersingel ware letteroan noch sa’n alderheislikste frjemde stank om dat it myn muoike in heale ậldeklonjeflesse koste om de lucht wer wat skjin te krijen. ‘As hie er seis wike oanien oan de Seisbjirrumer sipels sitten.’ Seis wike, muoike? Ja, leave bern, seis wike.

Neffens Folkertsma kamen út dy wûndertierige streken net allinne bibels, eksters en sleeptoffels, mar ek de alderfijnste sipels fan Fryslận. Arjen, by sokke goudene grûn as dy fan Seisbjirrum, dêr kin de Fryske minske wol by bestean.

Hy fûn, der wie ferlet fan in geastlik liedsman, ien dy’t it ekwilibrium fan de Friezen, berôve as hja wiene fan har wil en wêzen, hifke en peilde en dy sekuer ek yn ’e rekken hâlde soe.

EBF begûn te bassen en bearen, sa hurd sels dat de hingellampe boppe de tafel hast ta de skoarstien út dûnse. Ja, de Fryske minske, sa hie er útmakke, wie troch de hurde, nijmoadrige technyk it lykwicht tusken holle en hert kwytrekke. En dat de boeren it yn dizzen sa sitte lieten, dat wie ek sa’n kwestje dy’t him alderdanichst yn ’e wei wie, wist muoike. De plante- en bisteboel, nee, dy waard der neffens him inkeld mar skraler en skrieler op. Mei it ferskaat buorke it hurd efterút, in spul fan stront mei stientsjes, krimmenearre de stim fan Fryslận … Wat koe soks oars fanwegen bringe as in fierder ûnderwrotten fan de kulturele taal- en kultuerfermogens fan Fryslận. Mar dat net allinnich, nee, it soe teffens in oantaasting wêze fan alle steden en plakken dêr’t de mienskip noch in echt en in hecht ien-wêzen sjen liet mei de omjouwing.

lla
Can anyone explain

Hy fûn, der wie ferlet fan in geastlik liedsman, ien dy’t it ekwilibrium fan de Friezen, berôve as hja wiene fan har wil en wêzen, hifke en peilde en dy sekuer ek yn ’e rekken hâlde soe. Ommers, hoe sil it Fryske folts oars mobilisearre wurde kinne foar de grutte taak dy’t it wachtet, prottele EBF, wylst slofte er yn syn fersketten swart de keamer oan de Noardersingel op en del, de holle wei yn grutte wolken sigarettereek.

Ka

It wie slim steld, die er te witten, doe’t er nei in rynsk jûnsmiel en in mage fol brandewyn yn de doar fan it hûs fan myn omke stie, mei de wiisfinger, hiel koart, even oan de hoed  tikke en doe allinnich op hús oan gyng, lange skaden oer de skippen oan de Noardersingel smitend.

Mei de rjochter skoech skopte er in stik kiezelstien út ’e dyk. O, de skeinde Fryske mienskip nij libben yn te blazen, mimere er, healwei de apteek mei de swarte opfinsters, rom hert, fiere kimen … Te oerwinnen ienris, de teskuorde Fryske siel, te ferslaan it dualisme ta heil fan in heger ekonomysk en seedlik ferbân. It is de heechste tiid, alaarm en rin geastlik in nije Fryske wei, f’ruit! Oars sil it nea wat wurde mei de Fryske takomst, de grutte Fryske dream,’ systere er, lûder as er miskien wollen hie, want ynienen hong him samar in grutte herder yn de broeksboksen. ‘Koesto, gean wei, do, smoarch bist.’

Hy wappere mei de âlde, reade boerebûsdoek en snute de noas. In tel, it wie mar in tel, tocht er oan de moaie lytse hoerkes by it Olderhoofster tsjerkhôf. Doe skeat de ivige kroanprins fan it Frysk nasjonalisme by it tsjerkhôf oan de Spanjaardsleane hastich de hoeke om. De sinne hong mei in heal, steksjoch each yn it tinne neisimmerske kastanjebeamte. Oer de grêven fleagen de swarte krieën, ah, dat skrassende lûd fan dy troch de kroanprins sa beleave ka.

2.

Folkertsma syn namme is op hast klassike wize ferbûn mei de romrofte, yn 1961 ferskynde Kultuernota fan de Fryske Kultuerried, in tsjok, twatalich boekwurk dat gearstald wie yn opdracht fan Deputearre Steaten Fryslân en dat ik, sa’t ik sei, tegearre mei it ferhaal Sûnder Sûker foar noch gjin Euro op ‘e kop tikke.

It wie EBF dy’t de ynlieding by dy bakstienswiere Kultuerrienota besoarge. Neist in ynventarisaasje fan de besteande kulturele situaasje yn Fryslận joech dy nota in hiele trits oan rjochtlinen en foarskriften foar de takomst, paadwizende regels, net selden fan fermaaklik morele aard, op alderhande mêd. Dat rûn fan it terrein fan it ûnderwiis, de keunst, it kultuerbehâld, de massakommunikaasjemiddels oant en mei dat fan de kulturele kontakten en foarljochting.

Yn syn foaropwurd is er gauris op ’e tekst oer de gefaren dy’t Fryslân bedrigen: it oanwinnende materialisme dat de minskene siele (‘it ideële’) út stee wrotte soe. ‘Ek yn Fryslân,’ orakele Gods útferkarde Fryske tsjinstfeint, ‘wurdt it libben fan idé en kultuer bedrige troch te sterke streamings fan pessimisme, anarchisme en nihilisme en a- of sels ymmoralisme, sa’t dy yn keunst, wittenskip en filosofy ynternasjonaal ta en oer de folken komme. Dat binne geasten, oan ’e iene kant it folk frijhwat frjemd, mar tagelyk troch de populaire wegen en middels fan it moderne ferkear datselde folk oantaestend yn syn bistean yn natuerlik en histoarysk forbân, mei it to yndividualisearjen en to ûntgeastlikjen.’

It wie by EBF de noed om de ûndergong fan Fryslận dy’t oan ien tried wei de klok sloech. Hy wiisde op de ‘ûntfolking fan it plattelân’, it efterútbuorkjen fan it Frysk en it ferlies fan ‘it wêzen fan it folk’. Yn syn tinken en skriuwen wie ‘de meast sintrale fraach it behâld en de ûntjouwing fan it eigen aerd [fan it folts]. Hwant in bifolking dy’t syn wêzen forliest of skeint, kin op ’en dûr de organisaesje fan it bisteanslibben net op krekte wize forarbeidzje om’t it stean (holl:‘gebrek’) oan seedlik biwustwêzen en stylformogen it biskieden fan de kar ûnwis makket, de wanwichtigens en de formaterialisearjen greater makket en inisjatyf deadet.’

3.

De Fryske bestjoerders, ûnder har de leden fan Provinsjale en Deputearre Steaten, wienen yndertiid och sa optein oer dy Kultuernota, sa meitsje de kranteferslaggen dúdlik, se holden net op om witte te litten hoe geweldich it skriuwen wol net wie, hoe ryk ek en hoe grut de foarútsichten foar Fryslân wol net wienen, wat in ‘perspektyf’, as men mar…

De libbensskôging, dy gie foar, dus: ‘gjin pessimisme, anarchisme, nihilisme, yndividualisme en a- of sels ymmoralisme,’

Dat datselde bestjoerdersnaasje ek hiel driftich mei de tingels oan it domein fan de keunst en de literatuer siet, och, dat koe hinnebruie… Sterker, men moast net lekskoaie, jeremiearje, lamentearje en jittikmige, nee, dêr, mei soks, kaam de wrậld net foarút. De libbensskôging, dy gie foar, dus: ‘gjin pessimisme, anarchisme, nihilisme, yndividualisme en a- of sels ymmoralisme,’ sa’t de foaropwurdskriuwer fan de nota dat sa oprjochte helder en goed úttsjutten hie.

Sûnder sûker

It wie op in neisimmerdei, begjin jierren sechstich doe’t de konservator fan it Ljouwerter keramykmuseum It Princessehof, tegearre mei Jo Smit oer de slingertreppen yn de Oldehove nei it dak fan de toer sette om wat frisse lucht. Boppe koenen se de eilannen lizzen sjen. In wynstille dei, flarden trompetmuzyk waaiden oer de Prinsetún en Noardersingel. Hoe’t it yn ’e godsnamme mooglik west hie dat de politikers fan betinken wienen dat sa’n Nota de kultuer yn Fryslân perspektyf jaan kinne soe, fregen de hearen har ôf. ‘In doelbewust programma fan jonges ûnderinoar? laksens fan it bistjoer en liepens fan sommige leden?’ De konservator helle oan de skouders, skȏge de loft doe’t er, breed glimkjend, in wurd fan syn achtenearre kollega Smit oanhelle: ‘Ik wit net, mar ik wit wol dat ik gjin monistyske brandewyn les, net iens sûnder sûker.’

Och, de skiednis is in dweil fol bloed en misferstân, in faam ek dy’t om de safolle tiid de reade flagge wapperje lit, de omrin.

Smit stiek in Norton op, seach de stêd oer, bûgde in slach foaroer, wylst er heal oer it stek hingjend rȏp, hee, is dat net it frommeske fan de boumaster, Sweet Honey Hole, frou Ragtime…

 P.S. It is dizze moanne de moanne fan de skiednis, dat alle reden foar in stap yn in pear eardere farwetters.

 Jo Smit, Sûnder sûker, Laverman, Drachten, 1956.

 

Wielen, H.G.W. van der (vz.), Kultureel perspektyf: Nota fan de Fryske Kultuerried foar it Provinsiaal Bistjûr fan Fryslân. Z.p. : Ljouwert: Stichting Fryske Kultuerried, 1961.