Louis Paul Boon yn it sok fan Breughel en Bosch I

(Sept. 2017) – Koart nei de oarloch skreau Louis Paul Boon in lang essay oer de midsieuske keunstskilder Breughel, yn eetaans wurk er ‘het leven zelf’ ôfbylde seach. it wie itjinge dat er yn syn eigen skriuwen foarm jaan wolle soe. ‘Slechts als gij het leven onder de knie hebt, kunt ge het leven uitbeelden.’

Yn it bizarre, grouwélige en groteske wurk fan Bosch en Breughel, en dan benammen yn dat fan Pieter Breughel de Oude – hy hold lykas Boon oait ek yn it Flaamske Aalst ta – moete de Flaamske skriuwer-skilder syn konfraters. It gyng him as keunstner net om ‘het scone’, mar om it tsjindiel fan dy saneamde skientme, want wat soe de wrâld mear wêze as ‘schone schijn’?

‘Hij [Breughel, e.h.] heeft de domheid en de aanstellerij gezien, de potsierlijkheid, de leugen, de waan en het bedrog, de kreupelen, de blinden, de armen en lelijken. Dat is de eerste les. […] hij schilderde zo ‘dat de karikatuur de, tot zijn eenvoudigste vorm herleide “mens” gaat worden […] dat kleine en ietwat belachelijke wezen, in staat om God of Duivel te worden. Dat heeft Chaplin goed begrepen, Masereel, Ensor, Breughel.’

Yn Boon syn masterwurk De Kapellekensbaan wurde de ‘grootmeesters’ Bosch en Breughel op tal fan plakken oer it fuotljocht brocht.

Yn dispút mei de ‘kantieke schoolmeester’ oer de apotekersmentaliteit fan it soarte fan kritisy dat de skriuwer inkeld mar lêstich falt yn in natuerlik swier gean fan taal en skrift, ropt Boontje op in stuit út: ‘En zeg me niet meer ‘ge beschrijft altijd abnormaliteiten en noemt deze dan normaliteiten’, want waar is de grens die het normale scheidt van het abnormale? Bezie de grootmeesters bosch en breughel en goya, hoe zij met hun penseel de fatsoenlijke en zeer burgerlijk normale lijn hebben uitgewist… en hoe gij de triestige moed krijgt om over hun schilderijen die lijn opnieuw te trekken met een brok krijt.’ (s. 21)

De neamde keunstners waarden Louis Paul Boon ta ‘faders’ en foarbylden dy’t him by steat stelden om stal en djipte te jaan oan syn eigen tiid. It trochfielen fan jins eigen tiid, sa wie er fan betinken, is ien fan de grutte motors fan in skeppend dwaande wêzen.

Winliken bedoelde Boon: – Rin mar nei de hel mei jimme akademys, mei jimme hegeskoallen en jimme opsnolke en oppimpte toerkeamergeleardens, mei jimme patos en megalomany … foar de keunstner leit it libben sels op strjitte, sis mar ‘gansch het leven’.

 ‘De dood van mijn zuster jeanneke’

Mei troch syn stúdzjes oer Jeroen Bosch stapte Boon, sa fuort nei de oarloch – hy hie yn dy tiid krekt syn roman Vergeten Straat en syn kronykboek Mijn kleine oorlog yn it ljocht jûn – fan it wenstige, histoaryske realisme ôf. Syn skriuwen ferskode nei in ‘ferfoarmjen’ fan dat realisme, mei navenant alle fabelachtige en groteske ferhalen en tellen.

Winliken bedoelde Boon: – Rin mar nei de hel mei jimme akademys, mei jimme hegeskoallen en jimme opsnolke en oppimpte toerkeamergeleardens, mei jimme patos en megalomany … foar de keunstner leit it libben sels op strjitte, sis mar ‘gansch het leven’.

Sa’n beneierjen fan de werklikheid, kin, as it om de skilderkeunst giet, ek weromfûn wurde yn it wurk fan in Francis Bacon of in Georg Grosz of, om tichter by hûs te bliuwen, by de betide Anne Feddema, mar benammen dochs by ien as Horst Dijkstra, grutmaster yn it sjenre fan de groteske ferfoarming. [ N.o.f. syn wurk op dizze website it fraachpetear dat ik ferline wike mei him hie.]

In part fan it skilderij De Intrige fan James Ensor op it omslach fan De Kapellekensbaan

Yn romans lykas De Kapellekensbaan is de deformaasje fan de werklikheid op in geniale manier djipte en breedte jûn. Boon sette dêrta bygelyks, moai fernimstich, it (poëtyske) stylmiddel fan de herhelling yn en makke yngeand gebrûk fan it sprektalige. Mei dêrtroch krige de stjersêne yn ‘De dood van mijn zuster jeanneke’ (s. 245-246) in like mankelike as elegyske lading. Yn dat alles oangripende tafriel lit Boon him sjen as wier in dichter, in dichter pur sang.

Wat dat lêste oangiet, wurdt wolris fergetten dat er ek de makker wie fan it lange gedicht De kleine Eva uit de Kromme Bijlstraat, skreaun nei oanlieding fan de lustmoard op in lyts fanke, in gedicht der’t er de Henriëtte Roland Holstprijs foar krije soe.

Hawar, werom nei de hjir ferfryske sêne ‘De dood van mijn zuster jeanneke’ út De Kappellekensbaan. It omskarreljen fan de figueren yn de keamer dêr’t jeanneke ‘it net mear hâlde kin’ (s. 245) jout de lêzer it tragyske bewitten  dat dit hinnegean him net sizze lit, oftewol hoe rynsk fan wurd Boon ek wêze mei, hy beseft yn dit stik fan saken it tekoart fan taal, sa net it tekoart fan it libben sels.

Lykwols is yn ‘De dood van mijn zuster jeanneke’ besocht en jou it besef en bewitten dat lang om let alles fallyt en nei de filistijnen giet, fleis, bloed en bonken. En hoe!

@E.H. (20/09)

De húshâlding fan Joseph en Stella Boon yn 1939, mei Jeanneke, Louis en Frans. Foto út Album Louis Paul Boon (2008)

 

DE DEA FAN MYN SUSTER JEANNEKE

Ik haw myn hân op har bûk lein wylst de sikewein har nei it gasthús brocht, seit ús heit, want de bannen stiene grif te hurd en har búk trille fan komsa… net mei in auto fan it reade krús, raasde myn stjerrende suster jeanneke, want de minsken sille dan witte dat ik siik bin. En ik haw falle litten wat foel en haw my deljûn neist dat bêd… neist dat bêd dat in hiel hoart myn eigen bêd west hat, doe’t ik sels noch jong wie en lykas myn suster jeanneke… doe’t ik noch jong wie en yn myn ûnstjerlikheid leaude… doe’t ik jong wie en sterk en myn tewekker wurdend geslacht ûntduts, en miende dat ik en de wrâld noch wat ûnstjerliks wiene. No liet ik de ûnstjerlikheid fan de wrâld falle allyk dy falle woe, en sit neist dat bêd, by nacht en dei, by dei en nacht, wylst de skimerlampe te brânen stie yn de meast neare oeren fan de nacht, wylst de lûden fan de fallene wrâld har it binnenst fan de dei ynwrotten. Ik siet neist dat bêd en út dat bêd wei rôp myn suster jeanneke dat ik har gewurde litte moast… dat ik fuortgean moast… Want ik soe witten ha dat se siik wie, en it allicht trochfertelle kinne. En dan moast se yn de earmstoel sitte, en dan har op in stoel deljaan en dan wer werom yn bêd, en har wylde eagen sochten te ûntkommen… sochten te ûntkommen. O ús gûlende mem, mei har glimkjende antlit, de rêch nei myn suster jeanneke keard: hoe is it myn famke, wol de pine wat bekomme? O ús gûlende heit, mei syn lamsleine hannen en syn glimkjende antlit foaroer myn suster jeanneke: kin ik dy mei neat helpe, myn pjut? O myn eigen fersmoarde triennen achter it masker fan myn eigen glimkjende antlit: jou dy noch mar wat del, jeanneke! Toast, raasde myn suster jeanneke. Mar dat wie inkeld yn it begjin, dêrnei koe se it inkeld mar bestammerje, dêrnei inkeld noch bepreuvelje en dêrnei wie it noch in flústerjen, in sêft stil flústerjen dat ús heit him mei it masker fan syn glimkjende antlit him djip oer har hinne nige en flústere: se seit dat se toast hat.
Sjoch, en dan dêrnei: de dagen binne oan my foarbygien mei stomme mûle en bline eagen, de deiblêden steapelen har op mei net lêzen nijs oer de wrâld dy’t ik fallen litten hie, ik haw yn myn hûs oan it slaan en bûtsen west, ik haw gatten tichtmitsele dêr’t doarren wiene, en nije gatten slein dêr’t bline muorren stiene, ik haw flierren iepenbrutsen en nije lein: inkeld mar om te witten der is leven en geweld om my hinne: allinne mar om it libben te sjen: mar ûndertiid friet my it stjerren fan myn suster jeanneke djipper ta op de eigen stjerrende yngewanten yn. Wylst it brekizer yn de muorren krong en de stiennen mei wolken stof en kalk delstoarten: de stjerrende en brekkende eagen fan myn suster jeanneke… dy brekkende eagen, en wat men neamt de lêste wurden: ik kín it net mear hâlde. Har lêste ferriedende wurden dy’t ús hookstrooks allegearre it masker ôfskuorden, want ek sy sels ommers skuorde har it masker ôf… se wist dat de dea kommendewei wie en dat it sinleas wie en hâldt it foar de wrâld efterút dat se siik wie: ik kín it net mear hâlde. En ús heit skuorde syn glimkjende antlit ôf en ik skuorde my it glimkjende antlit ôf en wy skriemden, djip en swier en hertstochtlik… mar ús mem hold it harres foar, oant op it alderlêste eagenblik, en oer har glimkjende masker dripten de triennen fan har te lider slein memmehert. Sa sieten wy dêr, en tusken ús yn lei de omwipte flesse dy’t myn suster jeanneke wie… in omwippende flesse, in leechgjalpende flesse…
En no sit ik hjir en skriuw… skriuw sa’t ik yn myn hûs muorren brutsen haw… mar tusken de wolken stof en kalk, en tusken de wurden dy’t ik skriuw, hear en sjoch ik allinne mar jo wurden: ik kín it net mear hâlde. En ik, myn deade suster jeanneke… hoe lang sil ik, hoe lang sil dizze foar dea opskreaune wrâld it noch hâlde kinne?

@EH 20/09/17
.

Literatuer
A.M.A. van den Oever, Het leven zelf, Wever & Berg, Antwerpen, 2007, s. 32-33.
Luk Wenseleers, De poëzie is niet meer van gisteren, [Paul van Ostaijen, Martinus Nijhoff en het nieuwe realisme], A.W. Sijthoff/Leiden, 1972.
Louis Paul Boon, De kapellekensbaan, De Arbeiderspers, Amsterdam 1969, s. 245-246.

.

[Omdat myn skenner kadúk is, koe ik it omslach fan de útjefte fan 1969 net ôfprintsje. Dêrom by dizzen in oar, sij it tapaslike omslach fan De Kapellekensbaan fan Boon, dy’t sa syn foarleafde hie foar it wurk fan James Ensor, yn dizzen it skilderij De Intrige.]

James Ensor – De intrige (1890)

 

IT BOEK OER DE KAPELLEKENSBAAN

dat it boek is oer de bernetiid fan ondineke is, dy’t berne waard yn ’t jier 1800-en-safolle… en dy’t ferlyfd waard op mynhear achilles derenancourt, direkteur fan de jernfabryk de filature, mar dy’t oan ‘e ein fan it boek trouwe sil mei de begrutlike oscarke… oer har broer va­leer-traleer, mei syn mismakke holle dy’t fan hot nei her troch it libben waggelet, en oer menearke brys dy’t sûnder dat er it wist ien fan de 1ste sosjalisten wie… oer har heit vapeur, dy’t mei syn goddeleaze masine de wrâld rêde woe, en oer al dy wat my tafallich yn it sin falt, mar dat yn grutte linen de drege OPGONG FAN IT SOSJALISME úttekenje wol, en de ûndergong fan de boargerij dy’t 2 oarloggen op ’e kop krige en yninoar sakke. Mar dêrtusken en dêrnjonken is it ek in boek dat him gâns letter ôfspilet, yn ús nijmoadrige hjoed: wylst ondineke yn ’t jier 1800-en-safolle libbet, libbet mossieu col­son fan ’t minnestearje, johan janssens de deiblêdskriuwer, tippetotje de skilderes, mtr. mots en pr. dr. spothuyzen – en josels, boontje – yn de tiid fan no, op siik nei de wearden dy’t wier fan belang binne, op siik nei dat wat de DELGONG FAN IT SOSJALISME tsjinkeare kin. Mar… de himel mei ús hoedzje mocht it net mear wêze as dat: it is in dobbe, in see, in gaos: it is it boek fan al wat der op de kapellekensbaan te hearren en te sjen falt, fan ’t jier 1800-en-safolle oant en mei de dei fan hjoed.

Louis Paul Boon, De kapellekensbaan, De Arbeiderspers, Amsterdam 1969, s. 5.

.

HJIR BEGJINT IT 1STE HAADSTIK: MAITIID TE TER-MUREN

OER ALLES IN GRUT KRUS

Jo sjogge út iepen souderfinster wei hoe’t de nimmensbosk read ferve wurdt troch de toaljende sinne, en jo hearre hoe’t it mismoedige skiep fan mossieu colson fan ’t minnestearje noch in lêste kear bletteret eardat it achter de kriezende stâldoar weiwurdt: en dan skowe jo jo pompieren oan ’e kant en stappe by de trep del, krekt op it stuit dat de kantike skoalmaster de doar iepentriuwt en tegearre mei syn kreaze frou lucette wat fan dy lette reade sinne ynlit. En al kantyk skoalmasterachtich de holle skodzjend hearre jo him sizzen:
  sa’t it my foarkomt hawwe jo dêr boppe op jo souder, al hingjend en bûgjend oer jo papieren om de wrâld fan hjoed-de-dei te beskriuwen, wylst ik dy’t al net withoefolle boeken misferstien haw, wit dat alles wat der te sizzen is al sein west hat, ik praat noch net ienris fan de prediker, fan de faustmakker of de waansinmige hamletspiler… nee, fal my net yn ’e rede, want dêr kin ik min oer, mar sille jo dêr op jo souder grutter wiisheid garje as laotse, of kinne jo surrealistysk-eroatysk-debiler dwaan as de sangen fan maldoror dat dogge? sille jo de minsklike djipten en hichten djipper en heger trochsjen as yn de demoanen fan de bruorren kramazof, sille jo de tiid bûten tiid en romte lilker hjitfolgje as proust, of sille jo it libben binnen de tiid en romte dôfhûdiger straffe as yn de voyage au bout de la nuit?, witte jo de minske-yn-in-brike-maatskippij dy’t it spoar bjuster is better yn syn krekte ferhâlding fan libben en tinkend dier te setten as de minner fan lady chatterley? witte jo nochterder as lenin, naturalistysker as zola, breedsprakiger as de bibel mei de wurden om te springen? is it mooglik en wês plechtsteatliker en net minder ûnfeilber as de paus fan rome, yn alle meark-eftigens ûnseedliker as tûzen-en-1-nacht, himelsker as de neifolging fan-kristus, slûchslimmer en fynfielender, as de reinaert fan willem-dy’t-madok-makke, tragysk-boersker as de isengrinus fan nivardus? en kinne jo moderner-skurftiger en mear ûnleauwich wêze as de tropic-of-capricorn?, of romantysk-miserabilistysker as de voorstad-groeit?
..En as jo hearre dat de kantike skoalmaster swijt, sjend hoe’t er him de lippen tsjininoar prest, sizze jo him: it is mooglik dat it ûnmooglik is om wat nijers en krekters te sizzen, mar op al it skreaune set him it stof fan de tiden del, en ik haw dêrom betocht dat it goed is en lûk om de 10 jier in krús oer al dy âlde dingen om de wrâld fan hjoed-de-dei op ‘e nij mei oare wurden te sizzen.

Louis Paul Boon, De kapellekensbaan, De Arbeiderspers, Amsterdam 1969, s.9.