Mist, sis ik, mist – Portretten

 

DE STIMMEN

‘Real things don’t frighten me,
just the ones in my mind do.’
Francesca Woodman (1958-1981)

 

Mist, sis ik, mist, mist mei finsters dy’t
tichtsette, in pakhûs ûnder
de drip fan beammen dêr’t in hoar en
winterwyt flústerjen yn omgiet:

Hee, do d’r ek, Ik, teminsten asto
dat bist? Ik bin net ik, sis ik,
mar opknipt yn tûzen en ien stikken,
in grinsstêd mei parken en flats,

finaal oan flarden sketten. (Aleppo,
reauntet by de dôve himel
de nacht dy’t fan Jheronimus is.)
Wa oft wy allegear wol net binne,

in spookteater fan stimmen. Ik,
de bloedholle fan Shaabani,
in ta splinters sleine mûle, ai,
it stanleymes dat troch aorta’s lûkt. –

Ik woe, Tiid wie de achterkant fan
geweld: in kolonel, de reade
sirkusnoas op, tachtich sjongende
rinkelbellen op ’e skuonnen.

Mist, sis ik, mist en gjin misse dy’t
rêdt wat net yn it lead fan leafde stiet.
Hoe’t fannacht yn my oerein kaam,
it winterfamke Woodman, neaken,

in steanlampe yn in falfinster dat
nekken brekt, ik, har rôljende
holle yn Manhattan’s sniejachtsjende
strjitten. – Immen, Stetson op, stapt

in fotosaak út, nimt dy op yn wolken
fan stoom dy’t it asfalt út klimme,
knikkend, groetsjend en smûgjend:
Hee, do d’r ek, Ik, teminsten asto…

@ Eeltsje Hettinga

.

>
Francesca-Woodman-House-3-Providence-Rhode-Island-1976