Oan myn erfgenamt – Slauerhoff yn it Frysk – Tot mijn erfgenaam

Slau yn Sud Amearika

Folgje net de leargong fan de filosofen,
Dit liedt ta liddigens. En godstsjinststichters
Binne ligers. Nim ta dy moaie strofen,
Mar mij it lege selskip fan har dichters.

Echt wier, al dy lju binne gelyk:
Se kinne gâns mear as ien wrâld omdiele,
Besitte paradizen en kastielen,
Mar net op ierde. Stoar ien fan har ryk?

(…)

Boppesteande acht rigels komme út ‘Tot mijn erfgenaam’, it iepeningsgedicht fan de bondel Serenade (1930) dat mei syn fierhinne hjittende foarm de programmatyske kant it neist is. It fers wurket as in oprop om frij en ûnôfhinklik te bliuwen en jin net te binen. De dichter hâldt syn soan foar om net achter filosofen en godstsjinststichters oan te rinnen. De lêste groep wurdt ôfdien as ‘ligers’.

As ‘burgerterger’, dreaun troch ‘levensonlust’, hate Slauerhoff alles wat godstsjinst wie. Dy ôfkear komt men op alderlei plakken yn syn wurk tsjin. Yn it lange gedicht ‘Dsjengis’ bygelyks, it fers fan de grutte fernielsucht dat te finen is yn de bondel Eldorado (1928), seit de dichter op in stuit: ‘De God die steeds aan’t kruis hangt laat mij koud. / Ik haat den God, die niet is afgebeeld. / Maar die zij meenen: ’t rustige geluk.’

Dat soarte tsjinnichheden binne der ek as it om de poëzy giet. Belibje de freugde fan in moai fers, hjit de dichter, mar gean harren de dichters út ’e wei, want sok selskip jout ferfeelsumens en leechte. Se stelle en dreame mar, sûnder dat it wat bedijt. ‘Stoar ien fan har ryk?’ Superioriteit en ferachting lizze besletten yn it sizzen dat hy, de fader-dichter, net bang is fan de ynfloed fan it dichtersnaasje en dat syn soan (dy’t der noch net is) dat dêrom ek net hoecht te wêzen.

Komt it op de frou oan, dan moat hy, de soan, net tinke dat dy har sjen litte sil as Gods leafste ingel, sterker: hy kin har better mar gjin trou swarre, want dat soarte beloften hâldt noch gjin nacht stân, ploft en spat útinoar foar’t er it wit. Dus seit de dichter mei klam: ‘Hâld har net langer as it dysels haget; / Dus fan gjin bûn finzen, gjin sleur bekroade. / Gryp it gelok, en wurdsto weifage, / Sis dan dyn lêste sucht: “Genôch genoaten.”

2.

‘Tot mijn erfgenaam’, in gedicht dat my eigen en dierber is, jout in stik fan it wêzen en tinken fan Slauerhoff as persoan: de non-konformistyske ienling, syn komplisearre ferhâlding mei froulju – se is de ûnmeilydsume, alles fertokjende demon, dejinge ek dy’t as de ferearde de ferearing net wurdich is – en syn ôfkear fan alles wat autoriteit is, oft it no om filosofen of godstsjinststichters giet, dat makket net út.

Slauerhoff wie de poète maudit, de dwerskop dy’t it tsjin alles en elkenien yn ’e kant sette, ‘niet van zins zich aan te passen’, sa’t Wim Hazeu it yn Slauerhoff. Een biografie (1995) ferwurde. Syn ryk beslacht in libben dat sûnder heilsplan of oare ferwachtings is. Net fernuverjend dat der hate is tsjin it kristendom, mei syn ferrifeljende en ferdoarne foarmen fan heil preekjen. Yn it hjir earder al oanhelle gedicht ‘Dsjengis’ wurdt dêr ûnder oaren dit oer sein: ‘Zij wachten biddend op Gods Koninkrijk. / Ik wil een einde maken aan dit spel.’

De wearzge fan de kristlike skynhilligens en de benypt meitsjende dogmatyk fan it  leauwe komt ek nei foaren yn it gedicht ‘De Burgers’ (Ut: Al dwalend, III Holland op zijn…VZ, s. 148), dêr’t de dichter de swipe fan ferachting oer it kristlike naasje jaget:

Broeiende drift, door God, voorzichtig kweeker,
Met kracht geknot en in de kiem bedorven,
Maakt hun gebaar en houding laf, onzeker;
Het “Vreest den Heer” staat in ’t gelaat gekorven.
.

By Slauerhoff syn wjeraksel tsjin godstsjinst sil it wurk fan Nietzsche net swak byspile hawwe. Neffens Hazeu hat de dichter gâns in skoft yn de besnijing west fan de filosoof mei de hammer. ‘Er kan héél diep worden ingegaan op de mogelijke invloed.’ Geskriften as Der Antichrist en Jenseits Gut und Böse sille Slauerhoff net ûntkommen wêze. Ek ûnder syn kunde sieten nochal wat Nietzscheanen lykas Arthur Lehning en Hendrik Marsman.

Ek is der it foarfal by Slauerhoff syn eedôflizzen as dokter, desimber 1923 yn de Amsterdamske Oudemanshuispoort. As de dekaan him by it útrikken fan de  doktersbul freget: ‘Wat legt u af, mijnheer Slauerhoff?, dan seit de dichter: ‘De belofte, professor,’ dêr’t it gongber wie en sis: ‘Zo waarlijk helpe mij God almachtig,’, mar dat te sizzen, Slauerhoff ferpofte it, hy koe it oanroppen fan God net oer de lippen krije.

3.

De skriuwer-dichter Jan Greshoff neamde de skipsdokter en dichter Slauerhoff oait ‘een zwervende catastrofe die overal schade achterliet.’ Literêre freonskippen hie er winliken net, útsein in kammeraatskip mei Adriaan Roland Holst, Hendrik de Vries en Hendrik Marsman. As Slauerhoff him alris ûnder it dichtersfolk bejoech, dan koe of woe er him, swijend, synysk en hatich as er wêze koe, net of amper jaan.

Yn Open op de rug, terugkijkend naar boeken en tijdgenoten, de memoires fan A. den Doolaard [ps. C.J.G. Spoelstra] is dit karakteristike foarfal te lêzen. ‘Op een avond kwam hij zoals altijd met doorgezakte knieën, bij Buning [J.W.F. Werumeus Buning, e.h.] naar binnen schuifelen, keek de aanwezigen bij wijze van begroeting stuk voor stuk aan met een duister gezicht, greep een boek en ging er manierloos als languit op de divan in liggen lezen zonder zijn dunne wrede mond open te doen. Na een poos mompelde hij: “Veel te veel boeken hier,” en sloop weer woordeloos weg.’

Villa Carla (boslaan 7)
Villa Carla (Boslaan 7), dêr’t Slauerhoff ferstoar, op 5 oktober 1936.

4.

Yn syn ynlieding by de Verzamelde Werken fan Slauerhoff, yn 1940 útjûn troch Nijgh & Ditmar, skreau Marsman, de dichter fan de Nietzscheaanske ‘levensdrang’, ta slotwurd: ‘Slauerhoff heeft enkele honderden verzen geschreven, ver boven de gemene maat; hij heeft ettelijke malen ook zijn destructieve elementen in den smeltkroes geworpen van het poëtisch scheppingsproces en zijn creatieve kracht bleek herhaaldelijk in staat zelfs de ontbindende machten van zijn natuur te herscheppen tot poëzie – die altijd een vorm van positief leven is; en hoezeer de menselijke substantie, die de materie vormde voor zijn gedichten, cultuurhistorisch beschouwd een op destructie gericht einde mag zijn – de dichter is steeds een begin.’

Yn it stikken meitsjen fynt de dichter himsels opnij út, in oangelegenheid dy’t no ienkear eigen is oan it proses fan meitsjen en skeppen. Slauerhoff hie der as gjin oar ferstân fan, hy wie in sloper pur sang, ek foar himsels as persoan. Teheistere fan sykte – hy wie fan jongsôf slim astmatysk en hie yn it lêst fan syn libben slim lêst fan syn tarring (tuberkuloaze) – wie er in master yn it ferwaarloazgjen fan himsels, wat mei in reden west hat dat er lykas safolle ‘verdoemde’ dichters betiid ferstoar. Slauerhoff wie krekt achtentritich doe’t er yn in pensjon Villa Carla yn Hilversum de fuotten útstiek.

.

OAN MYN ERFGENAMT

Folgje net de leargong fan de filosofen,
Dit liedt ta liddigens. En godstsjinststichters
Binne ligers. Nim ta dy moaie strofen,
Mar mij it lege selskip fan har dichters.

Echt wier, al dy lju binne gelyk:
Se kinne gâns mear as ien wrâld omdiele,
Besitte paradizen en kastielen,
Mar net op ierde. Stoar ien fan har ryk?

Net dat ’k har macht net stean: do bist myn soan.
Dochs koene se dy ferrifelje; se skermje
Mei wurden, se bewize: fûgelswermen
Binne moaier as in bûten of in kroan.

Tink net Gods leafste ingel is in frou:
Wie sij Syn leafste, Hy soe har net ferjaan.
Swar har yn dronken nacht gjin iivge trou,
Do soest dyn eed skeine al de oaremoarns.

Hâld har net langer as it dysels haget;
Dus fan gjin bûn finzen, gjin sleur bekroade.
Gryp it gelok, en wurdsto weifage,
Sis dan dyn lêste sucht: “Genôch genoaten.”

.

TOT MIJN ERFGENAAM

Volg niet den leergang van de philosofen,
Dit leidt tot ledigheid. En godsdienststichters
Zijn loochenaars. Geniet van schoone strophen,
Maar schuw het leeg gezelschap van hun dichters.

Waarlijk, al deze lieden zijn gelijk:
Zij kunnen over werelden bevelen,
Bezitten paradijzen en kasteelen,
Maar niet op aarde. Stierf één hunner rijk?

Niet dat ‘k hun invloed vrees: gij zijt mijn zoon.
Toch konden ze u begoochelen; zij schermen
Met woorden, zij bewijzen: vogelzwermen
Zijn schooner dan een landgoed of een kroon.

Denk niet Gods liefste engel is een vrouw:
Was zij Zijn liefste, Hij zou haar niet zenden.
Zweer haar in dronken nacht geen eeuwge trouw,
Gij zoudt uw eed den andren morgen schenden.

Houd haar niet langer dan zij u behaagt;
Dus tot geen bond geboeid, geen sleur besloten.
Grijp het geluk, en wordt gij weggevaagd,
Dan zij uw laatste zucht: “Genoeg genoten.”

.

J. Slauerhoff, Verzamelde gedichten (I), Serenade I, Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam, 1940, p. 178.

Sjoch ek: Eeltsje Hettinga – Slauerhoff in het Fries / Slauerhoff yn it Frysk

Omslacht Serenade 2