Oaren oer Ikader

breuker2
Pieter Breuker

Pieter Breuker, skriuwer-ûndersiker: “De titel set jin fuort al oan it tinken. It neologisme krijt pas betsjutting (sels mear as ien) nei it lêzen fan de bondel en sa heart it: men moat poëzy feroverje, laach foar laach bleat lizze. De skriuwer hat gefoel foar taal, klank, ritme en brûkt hieltiten wer prachtige bylden. ‘Hoar bûcht it lûd fan / de koekoek, de petgatten oer’; ‘Dêr’t […] / mûzebiterseagen/de fjilden oer saaie’; ‘it strafkamp fan it wurd’; ‘Deis sleep ik it wurd by de bergen op / Jûns lis ik yn it dal foar dea’; ‘Ik bin net ik, sis ik, mar opknipt yn tûzen en ien stikken.’; ‘Tinner as de wyn klim ik yn de dingen’. Sels ‘gewoane’ dingen krije in nije lading: ‘[…] it oangean fan in kettingkast’. Mar it bliuwt net by allinnich mar ynkringende rigels, de mânske bondel befettet tal fan sterke gedichten, lykas ‘De netten, de sinnen’, ‘Ikader’, ‘Sault St. Marie’, ‘Tinner as de wyn’ en ‘Antyk winterljocht’. Hettinga snijt grutte tema’s oan: leafde, dea, ûnmacht (ek fan it wurd), mar ek de (politike) aktualiteit. De dichter fynt gauris ynspiraasje yn it wurk fan oare, meast byldzjend keunstners, dat men dêrtroch mei nije eagen besjocht. Opfallend is ek de rol fan de natuer en dan foaral it wetter, mar wa’t natuerlyryk ferwachtet, moat wat oars lêze. Keapje, dizze sterke bondel, Hettinga syn fyfde.”

 

elmar
Elmar Kuiper

Elmar Kuiper, skriuwer-dichter: “In hecht komponearre bondel. Alles grypt yn alles om. Der sitte alderhande foarútwizings yn. It is, sis mar, in keat fan fersen en dochs stiet elk gedicht op himsels. De gedichten binne ticht op de hûd fan de ik-persoan skreaun. Der sit in sterke ynderlike driuw yn dizze bondel. De Leechte, it Niks en it Neat dêr’t de dichter it mear as ien kear oer hat, binne yn wêzen – wat in paradoks, net – metafysysk bepaald. Hjir en dêr is ek bitende maatskippijkritiyk te hearen, fersen as ‘de Godsbaarch’ en oer Breivik hakke der yn. De gedichten sykhelje… Om koart te gean: Wat in libben! Wat in bylden! Ferrassend. In machtige bondel.”

 

jelle vandermeulen
Jelle van der Meulen

 Top 10 –  Jelle van der Meulen op Facebook (31-12-2012):

“Jelle van der Meulen was het niet van plan, maar presenteert, daartoe uitgedaagd door Harrie Leenders, toch zijn boekentoptien van 2012. Verder geen commentaar, behalve dat er in ieder geval ook Friese boeken in moesten. Dus:

1. Christiaan Weijts – Euforie
2. Kees ‘t Hart – Hotel Vertigo
3. Oek de Jong- Pier en oceaan
4. Alex Boogers – Alle dingen zijn schitterend
5. Eeltsje Hettinga – Ikader
6. Menno Wigman – Mijn naam is legioen
7. Anton Valens – Het boek ont
8. Piter Boersma – De krêftproef
9. Froon Akker – Einum
10. Jetske Bilker – It libben fan in oar

Vind ik leuk · · Delen”