Pont Mirabeau – foar C., B. & Z. – Stimmen 59

ein nichts
PONT MIRABEAU
(…) Ein Nichts
waren wir, sind wir,
werden wir bleiben, blühend:
die Nichts-, die
Niemandsrose.
Ut: ‘Psalm’, Paul Celan

1.

Dit is it plak dat machtiger as
in minske syn frije kar
lang om let dy keazen hat:
de rivier, de brêge en
wyt yn it bloeien de boeken
oer tebrutsen kaaien,
ein april, it seizoen dat nacht oan nacht
himsels lêze liet as de moanne
fan dyn moardner.
Dûnker waard taal in nimmenslân,
sa’t tsjuster te sizzen
de dagen de kleur fan jiske oannamen.
In grouwélige, fier oer Europa
rôljende boer wie gods
einleaze ûnferskillichheid.
Do, begroeven yn wa’t dy leaven,
te drinken kaamst de stream fan
har útrikke lûding.

 

2.

By alle wurden dy’tsto hiest mei de taal,
dêr’t yn moarde waard,
bist de paden delgien,
ferreind en smokend ûnder de Ljochtstêd
har dôve lampen.
Fan al dyn deaden bosken gear
de skimen en skaden op Place d’ Italie.
Dêr’t de swellen oer de Seine tipten,
swijden dy de boeken de tongen.
Maitiid wie it, nacht noch,
mar hoe wûnder it ljocht oer de kym
op Blériots kaai.
Net mear binne de beammen de beammen,
skreau B. Dize lei dy del yn dyn fal,
elke brêge in ferlitten.
Alle wurden lykje hjir op fleanen,
hear ik yn de neaken’ buorren fan wat libben is
Dea syn inkeldspraak.

.

Olivier Messiaen Oraison (1937) from dirty ricochet on Vimeo.