Riemersma en de ‘nuvere snoad-kloaten’

toatelosJuster dindere hjir in swiere frachtwein troch de strjitte, it hiele hûs stie der omtrint fan te skodzjen, yn de keamer boppe dondere in part fan de boekekast om. Dat ding hie better fêstset wurde moatten. Boppe op de berch boeken lei it boekje Toate-los, ‘report syfr. 18.116 op lân neam Frysk (Riich: lêsding oars lân, diel F-3)’. De skriuwer fan dat wûnderlik eigenaardige wurk? ‘Sjochman-skriuwman Tryns-Ryms’, oftewol: Trinus Riemersma.

Toate-los is skreaun yn in soartemint fan pidgin-taal. By pidgin is meastentiids sprake fan in gearfoegjen fan twa talen. It idioom komt út de taal dy’t de measte status hat, de grammatika út de taal mei it minste oansjen. De syntaksis is de ienfâldige kant it neist, it ferbûgjen fan (tiid)wurden bgl. ûntbrekt. (Ik win, ik wûn wurdt gewoanwei win-te). Alle oerstalligens is der út wei snien. Synonimen binne dus net oan ’e oarder. In protte bylûden lykas de n, l of m dy’t men noch wolris ynslokke wol, wurde ek net skreaun. De folchoarder fan de wurden is bepaald troch de ynhâld [it boadskip], net troch de grammatika. Dus krijt men by de beskriuwing fan in moaie, lytse hoere-sêne dit soarte fan sinnen: ‘Lel-bel foar huor-buor jou him syn glop ta snob ek krij sint fan fint.’

‘écht in grapke’

It ferhaal yn Toate-los is dat fan in romtereizger dy’t ‘liedman-heechman Berts-Muls’ rapport docht fan syn befinings oer Fryslân en harren ynwenners. Yn wêzen is dat ferslach in lytse komeedzje oer it hâlden en dragen fan de minske. Yn Tryns-Ryms syn eagen binne minsken yn it generaal ‘nuvere snoad-kloaten’: ynkonsekwinte en bepaald net harmonieus yn inoar stekkende wêzens. Om net alhiel, total loss, yn gaos om te kommen, besiket de skriuwer wat systeem yn de brij oan te bringen. Yn it tolfde en lêste haadstik, mei in moai besteklik filosofyske ynslach ferdútst Tryns-Ryms soks op dizze manier:

‘Man doch kin tink ta tel-feit ek mjit-feit, oars net as gaos, om gaos bin wan-feit. Wiis-man sprek, watsa man net kin net wit, hy net moat net wol wit, jit-oars hy sil bin hoatl-boatl ek sintra-tsjip sil gean bar-bys. Oarsdoch, datdêr Frysk-man doch: tink tinksl oer gaos ek syk steem yn gaos. Hydêr wol wit, watsa net bin net wit-ber. Sis-sa, Frysk-man tink: omwat dy ierd bin, omwat man bin op ierd, watwei man doch kom, watta man sil gean alsa hy sil bin toate-los, watsa wy fan libn bin?’ (s.57-58)

Yn it Neiwurd fan Toate-los seit Riemersma dat syn stik pidgin-proaza ‘in grapke is (…) écht in grapke’. Syn pidgin neamt er trouwens gjin echt pidgin, mar ‘in skriuwtafeloptinksel’ om dêr yn ien haal oan ta te foegjen: ‘Boppedat, skriuwe oer Fryslân yn in pidgin basearre op it Frysk, dat liket ûnwierskynlik.’ My ek, mar dochs sprekt út dat sizzen de noed dat troch alderhande foarmen fan taalassimilaasje it safier komme kin (!) dat it mei it Frysk útrint op in saak wêryn’t de taal grammatikaal en idiomatysk as toate-los beskôge wurde moat.

En dêr binn’ wy wer, want ien stap fierder en it ivige gekrimmenear oer de taal dy’t ferdwynt, begjint wer. No is dat by Riemersma syn Toate-los noch wol te daaien, omdat de skriuwer-rapporteur syn relaas ferpakt hat yn in prachtige (taal)komeedzje, yn syn soarte in hyperboal yn it kwadraat, mar op elk oar plak komt it faak einleas geseur en gesanger oer it ferdwinende Frysk jin meastentiids de noas út. Einleas? Ja! Lês mar even ‘Undergongsfoarsizzingen oer it Frysk troch de ieuwen hinne’ fan de frisist Pieter Breuker. De titel seit himsels. Boppedat, taal giet no ienkear syn eigen wegen. Neat stiet fan datoangeande fêst. Soms wurde bergen dellings en dellings bergen.

‘jammer en ellinde’

Toate-los stiet wilens wer kreas yn de boekekast, op ’e heechste planke, want de bêste boeken hearre it tichtst by de himel te stean, net wier? It stiet njonken Fabryk, De hite simmer, ‘it nachtboek’ Minskrotten-Rotminsken, De skjintme vurt ferbwolgwodde, de earste grutte postmoderne roman De reade bwarre, Nei de klap, Sinleas geweld, Salang’t de beam bloeit en Tinzen oer libben en dea (fan Jelke Bos). De rest stiet in plankje leger, soms mear as in plankje. Net alles kin in plak yn de himel ha.

riemersma2Dizze wike is it krekt in jier ferlyn dat Trinus Riemersma, mei Anne Wadman Fryslâns grutste nei-oarlochske skriuwer, ferstoar. Yn 2008 hie de Akademy yn gearwurking mei de RUG yn Grins in jubileumboek op priemmen set, ornearre foar Riemersma syn santichste jierdei. My wie troch de letterkundige mûlharpspylder Goffe Jensma frege oft ik oer de poëzy fan Riemersma te set woe. Bêst genôch. Dus, dat haw ik dien. Dat is te sizzen: in kreas en tsjok essay by inoar bakt, al kaam my dat, earlik sein, net samar oanwaaien. Hoe ienfâldich de fersen fan Trinus Riemersma ek lykje meie, de poëzy sels is yn wêzen mear raffinearre as men sa op it earste each fan tinken hawwe wol.

Troch alderhande oarsaken is it him net wurden mei de foar Riemersma ornearre feestbondel. Lammenadigens, tragens en sleauwens fierden by de grutte Fryske ynstituten wer ris de boppetoan. Healwei de tariedings fan de jubileumbondel is ferskillende kearen oan de alaarmbel lutsen mei it sizzen: – As jimme [de RUG en Fryske Akademy] gjin risselwaasje meitsje, dan wurdt it gjin jierdeis-, mar in begraffenisbondel.

Wilens binne wy fjouwer jier fierder, myn skriuwen oer Riemersma syn poëzy leit noch altiten ergens, ûnder yn de lade en ik wol leauwe dat it dêr foarearst ek wol lizzen bliuwe sil.

Hawar, oeral is jammer en ellinde, sa’t Riemersma it yn syn lêst skreaune kollum ‘Huzing by’t lemieren’ (Ljouwerter Krante, 10 maart, 2011) nei foaren brocht. Hy doelde op de Nederlânske oersetting fan de âlde blues ‘House of the rising sun’. De ferskillende omsettingen dy’t er ûnder eagen krige, koenen him mar min noaskje. ‘Botte optein wie ik oer dy oersettingen oars net,’ skreau er ‘dit kin oars en dat kin better: koarte wurden en dy fêst. It is wier, doe’t de hearegod de eigenwizens omparte, haw ik net efteroan stien. Myn oersetting / bewurking:

‘Huzing ‘By ’t lemieren’

Der stiet in hûs yn Nijegea
Dat ‘By ’t lemieren’ hyt.
Wol mannich fanke kant fan lea
Rekke dêr har eare kwyt.

Us mem dat wie in tûke skroar
Koe alle froulju oer.
It naai-ark mei fan doar nei doar
Fertsjinne se gjin stoer.

Us heit wie slim ferslave
Wie elkenien ta lêst.
’t Wie al mar rôvje en rave
No hat er einlings rêst.

Myn soan dat wie in dogenjit
Siet meastal yn ’t gefang.
Gjin misdied dêr’t hy net fan wit
Dat gyng syn libben lang.

Us mem, ús heit, myn soan binn’ wei
Ferstood binn’ se as tsjêf.
Foar my wankt ek de lêste dei
Ik sleep my nei it grêf.

Der stiet in hûs yn Nijegea
Dat ‘By ’t lemieren’ hyt.
Ik wûn dêr op ’e rêch myn brea
No bin ik alles kwyt.’

De ferfrysking fan de klassiker is ‘de baas fan de Godsacker’ net min ôfgien, sterker, dy is fernimstich en skerp, tûk en strang, foaral as it om metrum en ritme giet. Dat it gehiel slagge is, dat moat er sels ek witten hawwe. De lêste rigel fan Riemersma syn lêste kollum seit mei om dy reden ek: ‘Salang’t de kreativiteit streamt, is der hoop.’

de reade bwarre haadstik 1Der binne plannen yn de maak om in biografy oer Riemersma skriuwe te litten. De namme fan Doeke Sijens – hy skreau earder de mei de Fedde Schurerpriis bekroande biografy Sa’n tûzen blauwe skriften oer Reinder Brolsma – giet yn dizzen om. In narrative biografy wêryn’t it libben en wurk fan de skriuwer op in lêsbere wize yn in literêre en sosjaal-kulturele kontekst set wurde, soe in moaie gelegenheid jaan kinne om Riemersma by in grut publyk te yntrodusearjen. Want dat hat er eins noait hân. In presintaasje fan sa’n biografy, tegearre mei in omstaverjen fan syn magnus opus, de grutte, postmoderne roman De reade bwarre plus in oersetting fan dat boek yn it Dútsk en/of Ingelsk soe de skriuwer Riemersma ek it Europeeske plak jaan kinne dat him winliken allang takommen moatten hie.

gebed

Lit my einigje yn gebed, dêrta helje ik Riemersma syn ‘fers 10’ (Argewaasje fûn – Argewaasje jûn, 1996, s. 15) oan, in tekst dy’t út soarte gaadlik is yn dizze turbulinte tiden wêryn’t kultuer en stêden ferhuorke en ferpatst wurde troch ‘de pommeranten, de ferljochten en jovialen’, de slippedragers en wynaaien en, net te ferjitten, de nije ‘kutkristenen’ en ‘glêde manûvrearders’. De tsjinst wurdt ôfsletten mei de blues fan Texas Alexander.

Fers 10

de pommeranten dêr fersjochst dy op
de mannen mei de rûme blik
de ferljochten de jovialen
de skouderhuffers
de sprekkers foar frede
ûntwapening oekûmene
de striders foar it gemien belang
kut
as se noadich haste
dan blykt dyn eigenbelang
net ta it gemien belang te hearren
d.w.s. de mannen kinne gjin foardiel
út dyn saakje helje
dat bringt har neat tichter
by de begearde post
(haadredakteur, âlderling
riedslid rektor ynspekteur
keamerlid direkteur)
dat algemiene belang
is kamûflearre eigenbelang
tink marris oan de glêde manûvrearders
dyn maten fynst net by de pommeranten
mar by de kwerulanten
de maatskiplik mislearren
de jonges dy’t yn it ferdomhoekje steane
mar hear it evangeelje fan ’e wraak
– wat troch it minskdom fersmiten wurdt
is troch God útferkard –
knoop dat yn jim ear
kutkristenen en arrivearre sosjalisten