Siep van den Berg yn Museum Dr8888 – ‘Kind van Mondriaan’

(15-04) Oare wike, twaentweintich april, giet yn Museum Dr8888 de oersichtstentoanstelling ‘Kind van Mondriaan: Siep van den Berg’ los. Njonken in sechstich skilderijen, komposysjes, gûasjes en tekeningen binne der tal fan ‘druksels’, kalinders, kollaazjes, rymprinten, sketsboeken, plastiken en foto’s fan muorreskilderingen en geveldekoraasjes te sjen.

Sijbren Ridsert van den Berg (1913-1998), berne yn in roomske húshâlding op Tirns, fuortby Reahûs, wurdt sjoen as ien fan de grutte nei-oarlochske Grinzer modernisten. Midden yn de krisisjierren fan de foarige ieu sette er nei Grins om oan ‘Minerva’, de akademy, de jûnsoplieding ‘Schilderen en Tekenen’ te dwaan. In eigensinnige, rekalsitrante en opstannige keunster dy’t lang om let by de geometrysk abstrakte komposysje út kaam.

Kind van Mondriaan: Siep van den Berg in Museum Dr8888, Drachten – 22 april o/m 8 july

.
Yn Grins kaam er om syn tweintichste hinne yn ‘e kunde mei it wurk fan de skilders fan De Ploeg, dêr’t ûnder oaren de skilder-drukker H.N. Werkman part fan útmakke en mei waans dochter Fietje er letteroan yn de boask gean soe, trouwe dus.

Benammen nei de oarloch rekke er yn de besnijing fan it wurk fan skilders en keunstners fan De Stijl, yn it bysûnder fan Mondriaan.

Gerrit Benner 

As skilder wurke er net allinne yn Grins mar wenne yn de jierren tusken 1947 en 1950 ek in skoft yn Parys, dêr’t er teken- en byldhoulessen folge oan de Académie de la Grande Chaumière. Letteroan sette er him nei wenjen yn Amsterdam.

Yn Grins hold er lykwols ‘De Koepel’ – de lytse, 19de ieuske Theekoepel yn it Grinzer Sterrebos – as atelier oan. Hy soe dy nei-oarlochske jierren in belangrike keunstskeakel wurde tusken Amsterdam en it Noarden.

Siep van den Berg, befreone mei de skilders Karel Appel, Corneille en tal fan oare Cobra-keunstners, soarge der bygelyks foar dat skilder Gerrit Benner, dy’t yn Ljouwert yn de Van der Stolkstrjitte omheukere it atelier fan Appel krije koe doe’t dy nei Amearika sette.

Yn de jierren tachtich haw ik in soad by Van den Berg oer ’e flier west – hy wie yn de fierte famylje – doe’t er noch syn atelier op de Amsterdamske Brouwersgracht hie. Ik wie yn dy tiid slim ûnder de yndruk fan de wize wêrop’t by him tekst en byld gesicht en foarm krigen.

Sa makke er yn it spoar fan syn eardere skoanheit H.N. Werkman syn ‘druksels’ by gedichten fan befreone dichters as Kees Winkler, Lucebert en Achterberg.

Siep van den Berg (links) op atelierbesite by Corneile yn Parijs yn 1952.

‘Verdomme’

My heucht it byld fan Van den Berg – hy hie in geheugen as in dyk – yn syn smelle ‘pijpela’-atelier, sittend op in kruk tusken ferskillende ezels mei doeken, in stôk yn de hân dy’t ritmysk op de stiennen flier meitikke as er út de holle [by heart] hiele rigen gedichten fan Achterberg opdroande.

Noch hear ik syn skrassend skerp en omtrint ûle-achtich lûd dêr’t er it wurd ‘verdomme’ yn it gedicht ‘Verdemen’ de klam mei joech. Yn dat iene ferdomme skûle foar in part ek  syn  eigen obsternatens,  dwersens en eigensinnigens.

Doe’t ik yn Amearika wenne en fan syn ferstjerren hearde haw ik my ta it skriuwen set fan in lang gedicht oer syn persoan en wurk, in fers dat útein set mei de eins net nei it Nederlânsk oer te setten rigel: ‘Yn it meitsjen bin ik myn wurden.’

Kind van Mondriaan: Siep van den Berg dy’t oare wike yn it Drachtster Museum iepenet, is de earste grutte oersichtsútstalling fan de skilder-keunstner Van den Berg. Njonken in goed sechtich skilderijen, komposysjes, gûasjes en tekeningen sille der tal fan druksels, kalinders, kollaazjes, rymprinten, sketsboeken, plastiken en fotos fan muorreskilderingen en geveldekoraasjes te sjen wêze.

Ik moat as de bliksem sjen dat ik de trije ‘druksels’ dy’t ik oait fan Van den Berg krige en dy’t al jierren oanien earne by myn suster op souder lizze boppe wetter krij. Miskien dogge se wat. Miskien bin ik sûnder it te witten sliepend ryk wurden.
.

© Eeltsje Hettinga
.


YN IT MEITSJEN BIN IK MYN WURDEN

Ta neitins fan Siep van den Berg
(Tirns 1913 – A ’dam 1998)

Eardat witten ta wurden kaam,
fieldesto, oan wylde einen
besibbe, de driuw en wurdt net
yn gehuchten wei, bedêst en
blau, ta stil libben bestjurre.
As fjoer, sparkjend yn de smidte,
trille dy it teken, baarnend
op ’e neil, en like gleon wie
it jokjen fan dyn hannen en
jou by it sjen fan dyn earste
Pablo yn de Hepkema
alle fertokjende romten bod.

Yn de Beurs syn donkere floed
blafte nacht oer Europa en
troch modder glieden de dagen
swart mesjesteren winters yn.
By blauwe rituelen en
skele hilligen op boere-
kalinders, tsjinne in libben
syn missen, kopsiikswei as sij
dy’t te preveljen lei út gods
dûme helleputten: Lit net
him skilder wurde! Ofkearen
smeide tiid, it tekenbeslach.

Nacht oer de smidte fan dyn heit,
de útfiner, hjitte it fjoer
de dream, it ljocht dat rôve moast,
bekstallich, sûnder in ho en
foar alle helsdoarren wei, fjoer
dat it libben driuwt, nei oare
streken op, sasto mâlrazend
tsjin it krús by benearjende
staasjes fan delskroefde sinnen
’m smeardest, op ’e fyts, streekrjocht
de Provinsje út, fervepot-
smitend yn it ljocht oer de Aa.

Wat net ferroppe liet, makke
sterker: de ferbylding en skep
tsjin elke master yn, it Liet,
en stadichoan waard boeretiid
fertikaal, in djip omhegen
skilderjen, wyld, yn Fleurige
Wittenskip, – dy dreau in oare
honger, fierder fan it blauw’ hûs
syn omearmoedzjen yn winters
en damp, mei omkes dy’t doeken
foar en efter brûkend, sûnder
brek, harsels de mar omdiene.

Feniniger as foksens flym wie
dyn omstrunend each oeral,
wreed foar elke kloat dy’t kreas
mar sûnder kearn, Tiids tafallige
pipen en moaden bedûnse. –
Kleuren woene spatte, rûnom
it ritme fan de see, flamje
as Benner’s Sylboaten dysto
mei twa Amsterdamske rôvers,
op paad yn de ûnderwrâld fan
noardlike kelders, thús brochtst,
de haven del, nei Sandbergs Wente.

Dwersharsensskipper nêst dysels,
syldesto, net oars as Lindberghs
doekmasine, – eigen teken
trou – dyn wetters en bergen oer.
Alle lytse Fryske gieren,
dy’t dy nei de lever stienen,
miigdest, hurd, dyn fervestreken
yn de bûs, mei hoflik de
groetnisse út Parys, en hjirre
gods ekskreminten derop ta:
Der leit net wat der leit, salang’t
de keunst fan de Bergen waait!

Earst letter, mank dyn doeken yn
de Grinzer Koepel, seidest my:
Slûpt net yn elk fan ús, dronken,
in rigeltsje Slauerhoff om,
do, dyt ûnder it skôgjend each
fan in ‘drukseljende’ heit, al
sykjendewei romte en riedsel
werombrocht hiest ta wat it wie:
neaken, yn ferlos fan deistigens
syn rûs, de Tiid – ivichoan wer –
ferienfâldige yn kleurige
flakken, allyk Mondriaans liet.

Net samar, willekeurich, mar
út fûleinich geile needsaak
gods, do heidensker as de pest.
En al kaamst, geandewei fêster
yn it kamp en keat fan bonken
en dea, dy baarnde it fjoer as
it bloed de foks. Nimmen net dy’t
dy de eagen útbite soe,
útsein do sels, – en spotsk hast my
njonken dyn Fietje op de Fyts
de sin fan al it sinleaze
rekursyf út ’e doeken dien.

Elk byld ritmysk in ljochte god
oant it fermoarde moat, omdat
it better kin en djipper en
oars, wêrom’t ik my skeppe moat,
neam dat de stream of it libben,
oan wylde einen besibbe.
En al pratend, tegearre yn
de sinne oer de Brouwersgracht
hast it útbalte: poèsis est!
Yn dy haw ik ferstien in heit,
in witten, dat yn de dea de drift
my de mûle fan oarsprong is.

Under rôffûgeljend stjerren,
delstoart oer de râne fan dyn
doeken, dyn rots, bisto gien, hjoed
yn it kredo fan seeën djip;
reader, gieler en swarter as al
it abstrakt datst byinoar
skildere hast, hear ik de sin-
fisken praten: stel oan gekte
ta deugd, en ek al hast Hopper
of Benner no leaver as my,
hawwe kin ik dyn bekennen,
heiten binne om te fermoardzjen.

En rinnend op San Pedro’s kust
sjoch ik, heech boppe de floed út,
it each, it fjoer, dat leafde oer
oseanen bonsjoert, foto-
grafysk it brein de wegen etst,
sa’t it liet de dei dit oantinken
útsliten hat, lûd dat hjir, oer
rotsen kletsend, frij nei Slau, my
dyn wurd seit: lit blau de boargers
dy’t roppe, ús ferbod is ús
fatsoen, – besykje do neat en
nimmen te lykjen, en boartsje.
.

San Pedro (CA)-Ljouwert

.
© Eeltsje Hettinga