Sjoerd de Vries (1941) – Sechstich jier keunstnerskip yn Museum Belvédère

boekcover  

Hy is ien fan de wichtichste hjoeddeiske Fryske keunstners, mei in talint dat fier boppe de provinsjegrinzen út giet. Moarn iepenet yn Museum Belvédère ‘Heimwee naar de toekomst’, de oersichtstentoanstelling fan Sjoerd de Vries (1941) dy’t de ûntwikkeling sjen lit fan sechtich jier keunstnerskip.

De Vries, waans oeuvre ferline jier noch bekroand waard mei de Gerrit Benner oeuvrepriis, is benammen ferneamd om syn lânskippen en portretten. Yn de eksposysje yn it ‘Belvédère’ is lykwols ek it nedige omtinken foar stillibbens, ‘naakten’, turfbyldsjes, sikehûstekeningen en it allearearste wurk.

Sjoerd de Vries hie by de jierren lâns tal fan grutte tentoanstellingen, ûnder mear yn it Singer Museum yn Laren en it Gemeentemuseum Den Haach. Mei syn keunstnerskip is it noch net dien. Noch altyd is er tûk op oare en nije ûntwikkelingen, of sa’t er it sels seit yn syn eigen, moai wûnderlike orakeltaal: ‘Ik heb heimwee naar de toekomst…’

Skriuwersportretten

Sjoerd de Vries is by útstek de keunstner fan it Fryske lânskip. Mar dat net allinne, ek hat er himsels fan begjin ôf oan sjen litten as in bûtengewoan bejeftige portrettist. Ien fan syn earste selsportrettten – in portret fan de artyst as smokende jongeman – datearret fan 1955. Syn oeuvre jout in konstante oan ûnderwerpen: froulju, hynders, lânskippen, portretten, selsportretten en ‘naakten’.

Naakt Sjoerd_de_Vries
Esmaralda, 1992

Keunstner en stedeboukundige Koos van der Sloot fertelde my lêstendeis dat in maat fan him, dy’t opgroeide yn Aldehaske, dêr’t ek Sjoerd de Vries weikomt, destiids, lykas alle oare bern op it doarp, geweldich ûnder de yndruk wie fan wat De Vries yn dy tiid – in heale puber fan tolve, trettjin jier – byinoar tekene. ‘Mei kryt sette hy yn in pear halen in stel neakene wiven op ‘e dyk. Moast neigean, begjin jierren fyftich. Dy tekeningen wiene sa goed, sa raak, omtrint it hiele doarp wie yn ûnstjoer, sa fan… hewwe jim’ dat wol heard, dy jonge fan De Vries tekenet oars net as neakene wiven op ‘e dyk.’

Sjoerd de Vries makke oait in rige portretten fan Fryske skriuwers en dichters. Freark Dam, âld-konservator fan it FLMD (Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum), sette him yn it begjin fan de jierren santich oan ta it meitsjen fan portretten fan Sjoerd Spanninga (ps. Jan Dykstra), Paulus Akkerman, Ype Poortinga, Nykle Haisma (skilderij nei in foto), Theun de Vries, Douwe Tamminga, Jan Wybenga, Sybe Sybesma, Ypk fan der Fear (ps. Lipkje Post-Beuckens), Rink van der Velde en Willem Abma.

Mei-inoar gie it om fjirtjin skriuwersportretten. Se waarden yn 1998 byinoar swile troch keunstsamler en galeryhâlder Thom Mercuur dy’t se, tegearre mei in tal oare portretten, by syn útjouwerij De Drijvende Dobber útjoech yn it boek In opdracht, portretten van Sjoerd de Vries. Ien fan de lêste, mar tagelyk ek ien fan de bêste Fryske skriuwersportretten dy’t Sjoerd de Vries makke, wie dat fan Tsjêbbe Hettinga (1949-2013), in portret dat tsjintwurdich te finen is yn de Gysbert Japicxseal yn Tresoar.

De ûnderkant fan de Hymalaya

Theun de Vries, dy’t op de Egelantierstrjitte yn Amsterdam ferskillende tekeningen en skilderijen fan syn nammegenoat oan it lewant hingjen hie, neamde de keunstner yn ien fan syn essays ‘de magische laborant’. Foar dy omskriuwing is wol wat te sizzen, al wie it mar omdat Sjoerd de Vries – hy hat syn wurkromte op de heechste etaazje fan de Muntflat yn It Hearrenfean – syn atelier gauris omskriuwt as ‘mijn groot laboratorium’.

Theun de Vries
Theun de Vries (1907-2005)

Dêr, op tolve heech, in plak dat De Vries ‘de ûnderkant fan de Hymalaya’ neamt, dêr kin er him sa tusken de bedriuwen troch oeren oanien fernuverje mei it sjen en bestudearjen fan de foarmen en kleuren fan de wolken: hege en lege, wite en grize, tinne en tsjokke en wat al net mear. As saakkundige op it mêd fan de himel, ferslacht er mannich waarman. Sjoerd de Vries is, ek yn syn wurk, eins in metafysyske, de himel en ierde bedjipjende meteo-rolooch.

Pronkstikken binne skilderijen lykas ‘Swarte wolken’ of ‘Wittewolken’. Lykas sa faak by De Vries giet it om in geometrysk delsette romte. Boppe in spul fan reid, sinne en wyn wurdt it ljocht troch de wjerspegeling fan de hege kumuluswolken ta keizer. De lânskippen jouwe dus net inkeld in meteorologyske yndruk, mar toane har, psychologysk sjoen, ek as spegels fan de siel.

De keunstner as magiër

Syn portretten en lânskippen set De Vries meastentiids op as tekening. Dat wurdt dien op in ûndergrûn fan karton, ôfkomstich fan boekbannen, materiaal dat út ferskillende lagen bestiet, en dan begjint it, de skepping: it krassen, snijen en kervjen, mei kromme, rjochte en skeane streken, linen en halen dy’t sa op it earste each skriks en skrank trochinoar rinne, mar dêr’t it gehiel syn foarm en struktuer yn fynt. Stanley- en plamuermês regeare.

As in magiër hipt en springt er om syn wurktafel hinne, is yn de slach mei bonkelym, brûkt kookte lynoalje foar de plamuer dy’t oer it wurk hinne giet, jit dêr wer bleekmiddel of terpentyn trochhinne om dan, lykas by in ets, alle linen wer iepen te wrotten. As it him dan noch net sinniget, dan wurdt de hiele swik noch in kear te liif gien mei it strykizer of oars wol mei de platte kant fan in fleis- of briedpanne.

De wurken dogge bytiden tinken oan de fresko’s fan betide renêssânseskilders as Piero della Francesca, keunstners dy’t De Vries mear as heech hat. Ek al hat er sa syn ‘skilderfaders’ – Jan Mankes, Boele Bregman, Gerrit Benner, Hendrik Werkman, Jentsje van der Sloot – syn hânskrift is unyk en autentyk. In ‘Sjoerd de Vries’ kenst út tûzenen werom.

De Deelen Sjoerd_de_Vries

Sa, dy sit! De Gerrit Benner-priis foar skilder-keunstner Sjoerd de Vries. Dizze twajierlikse priis fan de provinsje Fryslân dy’t him ferline jier yn it Fries Museum útrikt waard, krijt er foar syn hiele oeuvre. En mei rjocht. Yn in ôfladen folle foyer liet sjueryfoarsitter Ruud Schenk, konservator moderne keunst by it Grinzer Museum, witte: ‘Het kunstenaarschap van Sjoerd de Vries is te karakteriseren als oprecht bezield, en daarin laat hij verwantschap zien met zijn Friese voorgangers Jan Mankes en Boele Bregman. Zijn unieke, sterk herkenbare werken zijn nog altijd in ontwikkeling en van hoge kwaliteit.’ Kultuerdeputearre Sietske Poepjes die ek noch in sint yn it Bennerpriis-ponkje, al wie har taspraak net werklik ôfstimd op dy fan de sjuery. Der sieten noch al wat oerlapings yn. Dat it wurk fan Sjoerd de Vries in hege graad fan eigensinnichheid hat, dêr is elkenien it wol oer iens, mar dat dy persoanlike kwaliteit troch in drok yn de pluralis majestatis pratende Poepjes yn ien haal keppele waard oan alderhande saneamde Fryske eigenskippen – ‘aan dat wat echt bij ons past, misschien wel balsturigheid (…) want wij Friezen, wij zijn hier een beetje anders dan anders’ – dat binne rare politike oanslaggen. It is net allinnich it misbrûken fan de keunst sels, mar ek it delplakken fan mishipt sjauvinistysk prytpraat. ” (e.h. nov. 2015)

De Deelen

It natoergebiet De Deelen hat bylâns de jierren allegeduerigen ûnderwerp fan syn lânskippen west. ‘Ast de Deelen yn kuierst, dan slút it lânskip dy yn; it mystearje is datst alles opnimme kinst, sûnder dat ien dy sjocht,’ sei De Vries oait oer ien fan syn meast beleave kriten.

‘Hij heeft het onderwerp op verschillende manieren benaderd,’ skreau keunstkritikus en dichter Sikke Doele, begin 2000 in de Leeuwarder Courant. ‘Zijn eerste interpreaties zijn eigenlijk het meest abstract: een golvende baan van verticale arceringen.’ Dy sobere styl is benammen oan ‘e oarder yn de jierren tachtich, De Vries syn ‘donkere’ jierren as er pleage wurdt fan drank en depresje. Doele: ‘Er is eigenlijk alleen maar sprake van een horizon met boven en onder enkele atmosferisch aandoende nauwelijks zichtbare vegen. De Vries  was hier eigenlijk op de uiterste grens gestoten.’

Syn lettere Deelen-lânskippen hawwe mear ljocht yn har,  se drage faak in ynbannige, teare en ferstille sfear. It binne lytse mystearjes yn harsels. Mar tagelyk hawwe se ek in wûnderaardige helderheid.  Dat jildt ek foar de portretten en selsportretten. Oft it no om it gesicht fan dy iene Fryske skriuwer giet of om de fiselefasy fan in Ljouwerter boargemaster, Sjoerd de Vries wit, ûnmeilydsum skerp en hurd, dus sûnder konsesjes te dwaan, de siele fan de minske bleat te lizzen. ‘Ik beskôgje it portret as in analyze fan de siel yn objektive sin.’

By alle ekspressyf bepaalde libbenens en fitaliteit waret der in monumintale, om mar net sizzen in ûnútspreklike stilte yn syn wurken om. Neam it de tsjustere nacht fan de siele dy’t ljocht is. It is in mystyk elemint. It is de tiid fan de pols en de siel, de ynderlike tiid, dy’t it sublym karakter fan De Vries syn skilderijen bepaalt. En miskien is dat ek beskiedend foar de tiidleazens fan in protte fan syn wurk.

Boekefeest

Lêstendeis dûkte ik in foto op fan Sjoerd de Vries dy’t yn Teater Romein yn Ljouwert it earste, skriftlike eksimplaar fan it literêre tydskrift Kistwurk (2000-2003) útrikt krige dat oant dan ta inkeld digitaal ferskynd wie. It wie de jûn fan it Boekefeest op freed acht febrewaris 2001, dêr’t mar leafst twahûndertfyftich minsken op ôfkaam wienen. Ha, kom dêr hjoeddedei ris om!

Skilder Sjoerd de Vries krijt fan Hettinga it earste eksimplaar fan Kistwurk
 Sjoerd de Vries krijt fan Eeltsje Hettinga it earste eksimplaar fan Kistwurk

Der wie mar ien persoan dy’t ik as oprjochter fan it tydskrift it earste eksimplaar takomme litte woe: Sjoerd de Vries. In moanne foar de boekejûn hie er my de tasizzing dien dat er as ‘keizer’ nei it boekefeest yn Theater Romein komme soe, mar opsilend nei it moment suprême bliek mynhear De Vries foetsy. Hy siet yn it bûtenlân, wie al wiken oanien net berikber en gjinien dy’t wist wannear’t er krekt weromkomme soe.

Ik hie wilens foar in alternatyf soarge, mocht it sa komme dat er net opdaagjen kaam. Mar sinnigjen die it my net. It wie freedtemiddei let, in oere as fjouwer, doe’t ik tocht: Ik besykje it noch ien kear. En wrachtich, god allemachtich, de telefoan waard noch opnommen ek. Hy wie krekt werom út Finlân, dêr’t syn frou famylje wenjen hat.

Oft er ek noch nei Romein kaam?

Naar Romein, wat is daar… Romein?

Ik wist net oft it troch wurgens kaam – hy hie der in lange fleanreis op sitten – of dat er my mei opsetsin foar it lapke hold, omdat er, nei al dy wiken dat ik neat fan him heard hie, fansels ek wol yn de smizen hie dat ik my, sa krekt foar de iepening fan it Boekefeest, net om ‘e nocht drok te meitsjen siet.

It wie stil op ‘e line, ferrekte stil, doe’t, ynienen as in stim út de himel, it ferlossende wurd kaam: I’ll be there.

In oere as wat letter stie er op it toaniel yn Romein.

Wat de taspraak krekt west hat, wit ik net mear, mar al dat ik op datselde toaniel te smoken stie. (Yn dy tiid die ik in soad oan longûnderhald, mei gemak fersmookte ik trije pakjes Malboro deis). De Fryske skriuwers Anne Feddema, Eric Hoekstra en Elske Schotanus sieten op ‘e foarste rigen. Ien fan de gasten dêrachter – in persoan op sandalen, wollene sokken en in gesicht, soerder as in brijweinloft – tekene dy jûn mei in soad kabaal protest oan tsjin dy smokerij. Doe’t de man de seal út rûn, sei Sjoerd de Vries, dy’t oait Frysk kampioen hurddraven op de 400 meter sprint wie:

‘Ik rûn der froeger ek altyd út, mar dan as hardloper.’

Ikader

Portretten fan Fryske skriuwers en dichters makket Sjoerd de Vries allang net mear. Hy wol dat ek net mear. De Fryske literatuer is op in pear útsûnderingen nei stadichwei by him weirekke. Namste opteiner wie ik doe’t ik him yn de simmer fan 2012 frege oft er it omslach fan de poëzijbondel Ikader meitsje woe, in fersyk dat lang om let besegele waard mei in tikje oan de hoed en it sizzen: ‘Goed…’

Ikader 2012 = Omslach Sjoerd de VriesJuly gyng foarby, augustus kaam en septimber wie yn it gean, mar fan Sjoerd de Vries taal noch teken. Ik hie mysels foarnaam om him syn gong gean te litten, de fûgel net fan it nêst te ferbaljen. It wie heal septimber, it manuskript moast oer in fjirtjin dagen by de printer lizze, mar noch altiten gjin omslach.

Ik hie it min ofte mear al opjûn, doe’t op in moarntiid, ein septimber – it wie healwei seizen, sis mar melkerstiid – de telefoan oergong. Earne yn de fierte, klonk in stim, as gong it om in ferbining mei Kazachstan of Fjoereilân: ‘It is mei Sjoerd… It is klear, jong… en it is moai.’

Yn de rin fan de jierren bin ik op de trein fan Ljouwert nei It Hearrenfean of oarsom withoe faak mei him op reizge. Wy binne, oer smoken praat, ‘brothers in arms’ , dat is te sizzen: as wy inoar op it stasjon of yn de trein treffe, wurdt it petear steefêst útein set mei de fraach: Hoe giet it mei de longen? Wol it noch wat luchthappe?

Beide kampe wy al jierren mei copd (longemfyseem). Hoe ûnomkearber de krupsje ek is, der is gjin reden om der sa út en troch net de gek mei te stekken (‘ach, dy longen, daar haal ik myn neus foar my op, lucht foar my…’) en dus winskje wy inoar, wannear’t wy soms blau fan it kocheljen de trein útstappe, in lykwols moai fleurich long, long may you run…

Monografy

tn3Daalks nei de útrikking fan de Benner-priis oan Sjoerd de Vries, ferline jier yn it Fries Museum, wie der ek de offisjele iepening fan in grutte eksposysje mei in seleksje út syn oeuvre dat sechstich jier keunstnerskip beslacht: lânskippen, portretten, selsportretten en ‘naakten’, skilderijen en tekeningen dy’t er sels útkeazen hie. It gehiel, dêr’t it museum trije sealen foar ynromme, waard troch De Vries oanfolle mei wurk fan in tal troch him bewûndere skilders: Jentsje van der Sloot, Gerrit Benner, Boele Bregman, Ramon van der Werken en last but not least Jochem Hamstra.

Moarn, fjirtjin oktober giet yn Museum Belvédère yn it Oranjewoud de grutte oersichtstentoanstelling iepen. Neffens Susan van den Berg, publisiste en meiwurker fan it Belvédère dy’t de monografy Heimwee naar de toekomst gearstalde, beslacht it oeuvre fan De Vries mear as tolvehûndert wurken. ‘Daar zit nog al eens een verrassing bij. Zo zijn er tekeningen boven water gekomen die hij lang geleden in zijn stamkroeg in Leeuwarden aan vrienden of barkeepers weggaf, in ruil voor een borrel.’

.