Skilder Jelle Schotanus: ‘As in skilderij gjin siele hat, kinst it wol fuortsoademiterje.’

(Des. 17) Hy skilderet as siet de duvel him op ’e hakken, syn lânskippen en portretten binne de eksploazjes fan in like wylde as poëtyske ferbylding, wurk dat meastentiids yn ien haal op doek set is. Dêrnei moat it stean en begjint it gefjocht pas echt. ‘As in skilderij gjin siele hat, kinst it wol fuort soademiterje.’ It wurk fan Jelle Schotanus (61) hong ôfrûne simmer tusken dat fan syn konfraters Sjoerd de Vries en Evert de Graaf yn museum Belvédère op it Oranjewâld. Se passe inoar, by alle trije de keunstners nimt it lânskip fan De Deelen in prominint plak yn. Boppedat binne se, stik foar stik, de bern fan in âlde autodidaktyske tradysje, neam se libbensûndersikers.

‘De neus’, oaljeferve, 2017

Wy sitte achter yn it tún njonken de skilder syn hús op ’e Sweach. Op tafel bier, tabak en de Donald Duck dêr’t er, sa’t er seit, ‘ferdomd graach’ yn om lêze mei. Tsjin de achtermuorre in kleurige berch barbypoppen dy’t inoar laske en brând binne. Krekt ûnder de daksgoate by de keukensdoar stekke út ’e muorre de fuotten fan in neakene, heal trochseage etalaazjepop, in moai reade roas yn har earsgat. Achter by de garaazje, dêr’t in bûnt beskildere hippycamper, mei de namme ‘Hiltonnetje’ parkeard is, leit noch ark fan de skilder, turfstekker en ielfisker Evert de Graaf, syn maat dy’t yn 2013 ferstoar.

‘trogfietse ju
 Aast komt ter búten’

Yn Beetstersweach wurdt der wolris raar sjoen nei de keunstner en syn ‘keet’, fuort achter de Hoofdstrjitte. De skilder is sûnder mis in opfallende ferskining. Hy soe in krusing wêze kinne tusken in âlde hippy en in Papoea, al wie it mar omreden fan de grutte biennen huls dy’t er him troch it ear boarje litten hat. ‘Lêstendeis op ’e kemping yn Westergeast sei ien: “Hy koe wol fan Nieuw- Guinea komme, hy hat in peniskoker yn it ear.” Ik haw it de man net sein, mar ik haw der inderdaad ek ferskillende kearen west.’

Op Facebook skreau de skilder oer syn wenjen op ’e Sweach, en ik sitearje him yn syn eigen stavering: ‘Twa jonges… oppe fiets Achter de schutting langs Hier wonen hele rare mensen Wit ik , zegt die ander. Myn mem zijt : die deuge niet. 
Die andere weer: oong !!
 Myn mem zijt ut binne keustners. 
Ik fient ook maar een heel eng hoes
. Die andere weer : trogfietse ju
 Aast komt ter búten.’

it fabryk

Op ’e ambachtsskoalle yn Drachten wie er net te hanthavenjen, te opstannich en algeduerich yn ’e kamp tsjin gesach en autoriteit. Hy sloech mear yn ’e natuer om as dat er op skoalle siet, smookte en tekene, makke himsels klean út âlde stikken lear en waard, as it thús yn Drachten wer ris mis wie, by syn muoike Janny op It Hearrenfean yn ’e kost dien.

It wie ek de tiid dat er in soad by Elske en Jelle Schotanus, de bern fan syn omke Henk, oer de flier kaam. ‘Dêr mochten wy altyd fan alles. Wat in leave minsken. Mei Elske haw ik in soad it fjild yn west, oeral omstrune. Of wy gongen mei op ome Henk syn rondfaartboat. Ja, machtich, dyselde plezierboat dy’t ek Elske har boek In kop as in almenak foarkomt. Dat haw ik mei nocht lêzen. Der sit in dochs ien of oare keunstsinnige trek yn ’e famylje. Der is ek noch in neef dy’t yn it kabaret sit en Elske tekenet en skilderet fansels ek, en bepaald net ûnfertsjinstlik.’

ferhaaltsjes fan hopperdebop

Op syn fyftjinde ferdwûn er yn de krochten fan de skearapparaatfabriken fan Philips yn Drachten. ‘”Asto net omlyk wolst, jonkje, dan giesto mar nei it fabryk”, hie heit my warskôge. Dat ik kaam by Philips, earst op de asbesttriedôfdieling, ha, ha, hiel sûn foar smokers lykas ik,’ seit er synysk, wylst er him it lange, griizjende hier achteroer slacht.

Hy soe twaënfjirtich jier by Philips bliuwe. ‘Doe’t ik der mei ophold, moatst net rekkenje dat de baas my doe efkes goedei te sizzen kaam. Niks, niente, nada. De idioaten. Ik gong yn it skoft fuort, levere by de poarte myn kaartsje ôf en dat wie it. Dat soarte fan strapatzen – ik neam it fernederingen — dy skriuw ik allegearre nochris op.’

Jelle Schotanus rint nei de keamerstafel, besiedde mei briefkes en kladsjes. Ien derfan jout it ferhaal oer de froulju op it fabryk dy’t fan dat lytse mantsje, krekt trettjin, wolris witte woede oft er it al die. ‘Ik hear se noch roppen: “Hee, psst… do hjitst dochs Jelle, neuksto al in bytsje, lytse jonge?” “Hee,” rop ik werom, mar wol mei in kop as in boei, “wat tochten jimme, no, alle dagen, hear, hopperdebop.” Mar oh, wat in wille, man.’

It binne dat soarte ferhaaltsjes dy’t him op Facebook mear as populêr meitsje. Hy skriuwt se fonetysk del, yn in eigen stavering. ‘It is lykas by it skilderjen, it hâldt net wer op. En de minsken fine it moai. Der is in útjouwer dy’t der ljocht yn sjocht. Geweldich, net? Wa hie dat nochris tinke kinnen, in gewoane arbeidersjonge as ik?’

‘boppe yn ’e himel’

De húskeamer is nei it ferstjerren fan Jelle Schotanus syn frou Ria geandewei feroare yn in atelier, in romte dy’t mei it each op alle ‘rotsoai’ dy’t de skilder garre hat tagelyk ek wat wei fan in útdragerij. It tilt der op fan de antike klokken, pendulen en Fryske steanklokken. Foar it finster in neakene dummypop, mei in reade hoed op, boppe it alkoof in blank hartegewei njonken de skedel fan in ree en njonken de skildersezel in grutte, swart bakeliten telefoanynstallaasje. ‘Juster by de Omrin op ’e kop tikke,’ laket de skilder as er de hoarn opnimt en hast sjongend freget: ‘Hey sister, are you there…’

‘Gesicht op Aldeboarn’, akryl, 2010 (60 by 80 sm.)

Hy skriuwt en skilderet meastentiids nachts. Dan is er allinnich. Dat moat er ek wêze, oars komt him neat út hannen. Hy fertelt hoe’t er lêstendeis, thús, op ’e Sweach oan ’e gong wie doe’t der samar ien de hûs ynrinnen kaam. ‘Ik koe dy man de bonken wol brekke, want as ik oan it skilderjen bin, dan bin ik’ – de skilder wiist nei syn holle – ‘hjir boppe, sis mar, yn ’e himel. Ik moat allinnich wêze. Dêrom ek dat ik in kemper yn Westergeast haw. Om dyselde reden ek bin ik no mei Gusta, myn partner, oan it latten slein.’

Hy nimt in swolch fan syn bier, stekt in safolste sigaret op en hellet ien fan de ferhaaltsjes nei foaren, sa’t er dat op Facebook te stean hat: ‘Old mantsje oppe camping Mei ik u wat frage. Wis en waarachtig wol. Ik hé jou zo us bekeken 
Mar binne jou 1 fan lietse Klaas
 Ach wat mooi !!!!
 Dat jo dat zo zien kunne 
Ik bin nog ferrekte skerp ja zij it olde mantsje lachend
 En hy begon: ik wit nog met Jim heit
 Wij waren een dagje zeevissen 
Fan Flips nou? Dat deden we toen nog al us
 Maar do wist ut miskien ook wel
 Fis moet ook zwemme !!!!!
 Dat wie saten al gauwachtig onder iene boot 
En hie gierde alweer 
We hebbe hem thus bracht 
Ut laatste endsje inne krode
 Mar die dwarskop , en dat wast !!!
 Die wou met alle geweld nog Seine maaien foar de geit nou !!!!
 Hahaha en hij brulde of stond tie der nog bij 
Hij hikte: Alle rozen!!!!!! Weg !!!!!!!!!!!!’

‘de neus’

Skean foaroer de etalaazjepop mei de reade hoed stiet in selsportret, in fresko-achtich gehiel yn dûnkere, oliifgriene kleuren, mei in healrûne, kalkwite bôge om de holle hinne. It yn akryl opsette skilderij lit yn ’e fierte tinke oan de betide portretten fan Sjoerd de Vries. Mar wat in doek! De noas sit skean foar de eagen. Titel fan it portret? ‘Dat mien neus fan voren zit en niet opzij’.

‘De neus’ is op kanvas skildere, mar like maklik skilderet Jelle Schotanus op paniel, in stik hout of de bast fan in beam. Foar syn wurk is alles gaadlik, de kwast, it pinsiel, in mês, de stielboarstel of bytiden gewoanwei ek de finger. ‘As ik in doek mei de finger fervje, dan meitsje ik it op dy manier ek ôf.’

Syn lânskippen binne faak de dûnkere kant it neist. Dochs giet it neffens him net om de swarte kant fan himsels.

‘Nee, ik skilderje meastentiids by’t nacht, dan is it hjirûnder yn de keamer ek skimerdonker. Dat let net. De measte skilders hawwe it ljocht nedich, ik net. Ik skilderje de bylden, ynbegrepen it ljocht, sa’t my dy yn de kop sitte. Ik hoech ek net it fjild yn om te skilderjen. Dan wurdt it neitekenjen. Dat wol ik net. Guon hawwe it wol oer akademysk tekenjen. No, dat noait. Niks foar my.’

de siele

‘Wat ik meitsje, goai ik meastentiids yn ien kear op it doek. Dêrnei set ik it fuort, lis it oer de grûn. As it nei fjirtjin dagen net goed fielt, dan kin ik it wol fuortsoademiterje. Moast der net mei om begjinne te poepeljen, sis mar, it optuge mei tierelantijnen. As de earste opset my befalt, dan komme der bytiden withoefolle lagen by. Skilderijen moatte geboaren wurde. Guon sizze wolris, it liket wol as hasto ‘knûkelpapier’ brûkt, sa tsjok sit dy ferve derop. Dat kin my net skele. Thom Mercuur sei altyd: “Moai is net goed genôch, Jelle, it giet om de siele.”’

Wat oan de fierhinne abstrakte, bytiden hast nayf oandwaande lânskippen opfalt, binne net inkeld de dûnkere en grize tinten, mar benammen it ritme en de beweging dy’t deryn sitte. Dêr is in beskate wyldens — of better, in suvere en djippe hertstochtlikens mei mank. Sa jaget der gauris in stoarm of in fikse pûster wyn troch de reiden yn de lânskippen fan syn Deelen. It jout it wurk in like fitale as emosjonele lading, benammen dêr’t er de kwaste alderhande brede en woeste banen en streken meitsje lit.

‘deiboeken’

Jelle Schotanus sjocht syn lânskippen as libbensferslaggen. ‘It binne myn deiboeken.’ Faak foarkommende motiven binne skipkes, fûgels, fûgelkoaien of in skym yn in boatsje of yn it wetter. Mear as ienkear is it wenarkje fan Evert de Graaf silger fêstlein, de ielhûdskilder dy’t jierren oanien op ’e Heafeart ûnder Gersleat lei.

‘Poere’, akryl, 2006

‘Evert wie lykas Sjoerd de Vries ien fan myn grutte foarbylden. Dy portretten fan Sjoerd, dy dogge my wat, sa skerp, sa goed. Hoe’t er troch alles hinne de siele fan de minske pakt. Dat each hie Evert ek. Wat haw ik der faak op ’e Heafeart west. Sûpe, as mûzen, jûnen oanien. “Hee Jelle,” sei Evert op in kear, “sjochsto dat ek… de hoarizon is ek wer feroare.” Hy hie it net oer syn nije wurk, mar oer de wenarke dy’t wer fan ris los slein wie.’

‘Winliken is alles mei dizze jonge begûn,’ fertelt er as er in twa meter heech ‘stropersdoek’ fan Evert de Graaf sjen lit. ‘Wy wennen noch op ’e pleats op ’e Feanhoop, fuort njonken it Polderhoofdkanaal. Ria, myn frou, hie sein: moast Evert dat wurk sjen litte datsto dêr boppe op souder sitst te meitsjen. Ik doarst it net. Mar Ria hie trije doekjes op ’e achterbank fan ’e auto lein. Hie ik dêr krekt – it wie in betide wintermoarn – de auto by Evert foar de arke ploft, stekt my dêr, ferdomd, Thom Mercuur de kop troch de doar mei de fraach fan wa’t dy doekjes op ’e achterbank wiene?’

fûgelkoaikes

Yn ’e hal hingje de feltsjes fan in murd en in stienmarterke. Trofeeën. As der ien ding is dat him leit, dan is it wol it omsneupen en -strûpen, bûten yn de natuer. ‘Dy murd haw ik in pear jier ferlyn by de Skriuwersarke fan Rink van der Velde pakt. It leafst slaan ik yn De Deelen om. Doe’t ik op ’e pleats op ’e Feanhoop wenne, wie ik gauris mei Steven Sterk op ’en paad, tegearre De Kraanlannen yn, en dan it leafst betiid moarn, skimer noch, achter de guozze-aaien oan. It like wol fergees winkeljen, sa maklik as dat gong. As it even lije koe, snipte ik ek noch wolris in haske of knyntsje. It mocht dan wol net, mar ja, it bloed krûpt wêr’t it net gean kin, net wier?’

It naïve, fitale en hertstochtlike karakter fan Jelle Schotanus syn lânskippen en portretten strykt fierhinne lyk mei de werklikheid fan syn persoan, in man fol fjoer, opljeppend mar ek geweldich emosjoneel, by’t sentimintele om’t ôf. Mei triennen yn ’e eagen fertelt er oer de lêste dagen fan syn grutte maat Evert de Graaf. ‘Ik kin it ek net helpe, by it minste of geringste dat my rekket, moat ik al gûle, in ding dat myn heit en myn ome Henk likegoed ek hiene, sa begien, fuortendaliks gûle.’

De moeting mei Thom Mercuur op ’e arke by Evert de Graaf soe derfoar soargje dat er as skilder stadichwei út it tsjuster kroep dêr’t er him jierren oanien yn opsletten field hie. ‘Ja, man, ik skilderje net om ’e nocht dy lytse benaude fûgelkoaikes. Dat gefoel hat foar in part dochs ek wol te meitsjen mei myn jeugd yn Lúnbert.’

Mercuur joech him tsien jier ferlyn syn earste eksposysje yn it Tripgemaal yn Gersleat. Dat wie sa likernôch yn deselde tiid dat er syn pleats op ’e Feanhoop, dêr’t er jierren oanien yn omslein en -boud hie, slite koe oan in echtpear út Den Haach. Tegearre mei syn frou bedarre er yn in hierhûs op de haven op ‘e Wylgen by Drachten. ‘Dêr bin ik werklik los gien. Alle nachten yn it spier. Ik koe net wer ophâlde, man, ik wie ferlyfd op myn eigen skilderijen. Al haw ik altiten, fan jongsôf, tekene, dochs moast ik alles sels útfine.’

‘it heilige der heiligen’

Wy sette út it atelier wei nei boppe, dêr’t, sa’t er dat neamt ‘it heilige der heiligen’ is, in lytse keamer dêr’t er alle doeken te stean hat, fan de alderearsten ôf dy’t er op ’e Feanhoop makke oant en mei de yn memoriam-portretten fan syn frou Ria. ‘Hjir sit ik hiel faak. En mar sjen en sjen, in soarte fan bidden is it en alle kearen tink ik: Bin ik it echt dy’t no yn it Belvédère hinget? Net te leauwen.’

Hy moat tinke oan syn heit dy’t him op in dei, moarns fiif oere opbelle, mei it sizzen dat er sa bang wie omdat er no skilder wie. ‘Ik bin sa bang, Jelle, komt dat wol goed, jonge? Rinst dêr ek sa raar hinne yn dy mâle klean fan dy. Do wist dochs wol wat dat soarte mannen as Herman Brood oerkommen is of wat sa’n Heyboer dien hat. Do aanst seker ek fan it dak springe?’

.Jelle Schotanus laket, stekt bûten tusken de neakene etalaazjepoppen in sjekje op en fertelt dat Brood en Heyboer eins ek de iennige keunstners dy’t syn heit koe. ‘Altiten like besoarge en ûngerêst, mar wat bestekliks fan myn skilderjen sizze, reken maar van niet. Dat hat my faak stutsen. Itselde mei dy âlde klinte dy’t ik op ’e Feanhoop kocht. Net dwaan, Jelle, komt net goed jonge. Mar doe’t ik dy pleats alhiel opknapt hie en knap kwyt koe, doe sei er noch, watsto dêr foar hawwe wolst, dat slagget dy noait.’

‘hy fervet alle stjerren út it hielal’

De skilder swijt, sjocht omhegen yn de stekkende sinne fan soel augustus, skoot de Donald Duck oan ’e kant en lit wilens suchtsjend witte: ‘Sa gyng it no altiten. Mar ûnderwilens tsjin oaren wol moai poche en opsnije, ús Jelle kin sa skilderje, hy fervet alle stjerren út it hielal. Dy heit fan my, ek al wie it in nuveren-ien, dochs haw ik as gjinien fan dy man holden.’

Dêr’t Jelle Schotanus oars amper in tel stil is –- hy praat hurder as de hazzen drave – seit er oer de driuwfearren achter syn skilderjen hoeden, omtrint skruten: ‘Ik wit wol seker dat myn jeugd en opfieding in rol spylje by myn skilderjen: ik wol sjoen wurde. It is it besykjen om de frije geast út de fûgelkoai fan myn holle te heljen.’

.

@ Eeltsje Hettinga