Skilder Jochem Hamstra en ‘Het mooie leven’ yn melklokaal

simmer.jpg
De tentoanstelling Het mooie leven fan Jochem Hamstra is te sjen yn it Melklokaal op It Hearrenfean, fanôf 9 nov. oant 20 des. 2014. Iepening snein 9-11 om 15.00 oere. Ynlieding: Eeltsje Hettinga

 

(…) Ik heb
mijn lot gelezen, maar het niet begrepen.
Aan één soort klappen was ik maar gewend:
aan van die klappen die in plaats van tanden
de letters laten rollen uit je mond,
met geur van bloed.
Ut: ‘Testament’ fan Boris Ryzji (1974-2011)

 

Maklik mei it net wêze, maklik mei it net wurde. It is ien fan de redens dat skilder en byldzjend keunstner Jochem Hamstra op de rûge, wjerstribbige achterkant fan it linnen skilderet. Under de iroanyske titel ‘Het mooie leven’ lit Hamstra dizze moanne yn de nije eksposysjeromte it Melklokaal in yndrukwekkende searje fan twaenfyftich skilderijen sjen dy’t mei-inoar ien famyljeportret foarmje. It is net de bûtenkant fan de figueren dy’t de skilder delset, mar harren binnenkant. Syn kleurige, ekspressive doeken hawwe yn toan en sfear faak wat mankelyks, riedseleftichs en soms ek wat grotesks. Skilder Sjoerd de Vries omskriuwt Jochem Hamstra as ‘ien fan de meast bewûnderenswaardige skilders dy’t wy yn Fryslân hawwe, in geweldige en dappere experimentator.’ (…)

.

Lês it hiele artikel kommende moandei yn de Moanne:
.

melklokaal 2

 

.

Foto boppe it artikel is fan Linus Harms. Detail út: no. 23 (52) ‘Het mooie leven’, july 2010, 110×90, oaljeferve op linnen.

 

LsHs_JHamstra_7699