Slauerhoff: ‘Ik wist altijd innig-zeker dat ik verdoemd ben.’

soerabaja1

Yn de argiven fan it Letterkundich Museum yn Den Haach waarden fan ’t maitiid in tal net earder publisearre foto’s fan J.J. Slauerhoff ûntdutsen. Op ien derfan stiet de dichter foar it stek fan in Javaanske filla, pak oan, hannen yn bûse, in ûndersykjende, omtrint erchtinkende blik. Njonken him in wat ferlegen glimkjend frommeske yn in rutense simmerjurk, Leni van der Goes, de frou dy’t har man ferlitte soe omdat se mei de dichter yn ’e boask woe. It soe útrinne op in tragyske brek.

Slauerhoff dy’t yn dy dagen, healwei de jierren tweintich, as skipsdokter op ien fan de fracht- en koelyboaten fan de Java-China-Japan Lijn foer, hie har moete yn Soerabaja, de havenstêd oan de mûning fan de Kalimas-rivier oan de Javaanske noardkust. Se wie de wettige frou fan Leendert D. Eerland, dokter yn Kelet op Midden-Java.

De dichter, waans skip yn Soerabaja yn it dok moast, rekke by syn ferlof slim siik. Hy hie malaria ûnder de lidden en waard sa slim pleage fan syn âlde kwaal, angina, dat hy opnommen wurde moast yn it Sindingsikehûs fan Kelet, in doarp dat sa likernôch op twa oeren reizgjen fan Soerabaja lei.

gramberg1
Karl Gramberg (1895-1996)

Harns

Ien fan de doktoaren yn dat sikehûs wie dr. Karl P.C.A. Gramberg. Hy kaam fan Harns, dêr’t syn heit Luthersk predikant wie. Gramberg wie in drok lyts baaske. Neist syn wurk as bedriuwsarts by in rubberûndernimming en in sûkerfabryk hie er yn Kelet ek noch in húsdokterspraktyk foar in tal Sineeske en Nederlânske húshâldings.

Slauerhoff en Gramberg koenen jûnen oanien mei-inoar prate en redendiele oer Harns, de eilannen, harren studintetiid yn Amsterdam, oer medyske saken – Gramberg wie in kundich en bekwaam leprolooch – of de wantastannen op de koely- en frachtskippen fan de Java-China-Japan Lijn, benammen as it om de breklike kwaliteit fan de skipsdokters gie.

Oan de jonge dokter Leendert D. Eerland (1897-1977) dy’t yn Kelet de praktyk fan Gramberg waarnaam, siet minder slinger. Hy wie ambisjeus, hie net folle op mei de wize fan húsdokterjen fan Gramberg en allikemin mei de oplieding dy’t er oan de ‘inlanders’ joech. Eerland seach syn ferbliuw op Java yn it foarste plak as in mooglikheid om hegerop, yn Nederlân. Hy soe letteroan heechlearaar sjirurgy wurde oan de RUG yn Grins.

Hij zocht toen troost bij de vrouw van mijn opvolger, die ook maar alleen zat.
.

Doe’t Slauerhoff fernaam dat Gramberg it foarnimmen hie om it Sindingssikehûs Kelek-Tajoe in skoft te litten foar wat it wie – hy woe foar ûndersyk nei leprakoloanje Donoredjo op East-Java – wie dat de dichter min nei it sin. Yn de Slauerhoff-biografy fan Wim Hazeu liet Gramberg dêroer witte:

‘Toen ik aanstalten maakte om een poosje uit het ziekenhuis weg te gaan, hield Slauerhoff mij tegen met de woorden: ‘Ik wil jou hier hebben!’ waarop ik zei dat ik het te druk had en weg moest naar de leprakolonie. Hij zocht toen troost bij de vrouw van mijn opvolger, die ook maar alleen zat. Zij klaagde dat haar man zelfs als ze ’s middags thee zaten te drinken met een dik boek op zijn schoot zat te studeren”.

De frou yn kwestje wie dus Leni van der Goes. Se hie in akte Ingelsk en die oait in oplieding ta aptekersassistinte. Se rekke fereale op de ‘magere dokter’. Op in stuit wie se derfan oertsjûge dat se mei ‘Slau’ fierder woe. Se liet har staf-oer-nacht fan har man skiede. Eerland sette by alle alteraasje werom nei Nederlân en liet de takomst fan syn eks yn Nederlânsk-Ynje oan ‘de magere dokter’ oer.

portret

Lykas sa’n soad fan Slauerhoff syn ferbyntenissen mei froulju rûn ek de ferhâlding mei Leni van der Goes op ‘e non. Symboalysk is faaks de distânsje tusken de twa as hja yn Soerabaja foar it túnstek fan de Javaanske filla posearje. Nei alle gedachten gong it hjir om it ûnderkommen fan de famylje Tielrooy, freonen by wa’t Slauerhoff syn ‘leafde’ yn de kost dien hie doe’t er as skipsdokter oanmeunstere foar in reiske op ien fan de frachtskippen fan de Java-China-Japan Lijn.

‘Naar de bliksem’

Spile Slauerhoff fan ruten doe’t it der werklik op oankaam? Foarseach er dat syn ferhâlding mei Leni van der Goes misbetearje soe? Hy ferwachte yn alle gefallen problemen.

Yn dizze ferheftige Javaanske dagen soe safolleresom bliken dwaan dat de dichter net by steat wie en gean in oarderlike en boargerlik ferhâlding oan. Wannear’t him yn it stik fan de froulju en de leafde bytiden frege waard: ‘Waar moet dat naar toe…’, dan wie it antwurd hast steefêst: ‘Naar de bliksem.’

Dat ûnfermogen en begjin in boargerlik bestean beslacht tagelyk ek syn wanhope. Net frjemd dat Slauerhoff yn it gedicht  ‘À la Rossetti’ (1927) it lyrysk subsjekt sizze lit: ‘Ik wist innig-zeker [wist] / dat ik verdoemd ben.’

‘Ik schrijf b.v. liefde in het Oosten is een wespennest of een moordkuil. H. schrijft welmenend terug: ‘[…] kun jij [ook] niet eens in liefde onderduiken?’

Oan syn kollega-dichter Hendrik Marsman skreau er yn april 1927: ‘Wat de ‘ergste werkelijkheid’ betreft. Ik had verlof tijdens dokken schip, werd hier spoedig ziek, angina malaria, ben na 3 weken hersteld zeer slap, moet over een week weer varen. Verder zit ik in een Oost Aziatisch wespennest waar ik misschien nooit meer uitkom. Toch. Of ik over een half jaar (October) terugkom is zeer dubieus.’

In soartgelikense alinea oer de leafde komt ek nei foaren yn in oare brief oan Marsman: ‘Ik schrijf b.v. liefde in het Oosten is een wespennest of een moordkuil,’ wylst H.[endrik Marsman] him weromskriuwt: ‘[…] kun jij [ook] niet eens in liefde onderduiken?’

Fan in houlik mei Lenie van der Goes soe it net mear komme. Se sette lang om let, allinnich, nei Europa werom. Slauerhoff moete har noch ien kear, yn Marseille. Dêrnei ferlearen se inoar út each. Opnij en foar de safolste ferkaam in leafde. Heleen Hille Ris Lambers, Truus de Ruyter en tal fan oare froulju wiene Leni van der Goes foargien.

Macao

Van der Goes troude letteroan yn Haarlim mei Molle Eisma (1902-1935), waans heit fan Fryslân kaam, krige ien bern, in soan, en soe min ofte mear anonym weiwurde yn de krochten fan de letterkundige skiednis. Twa, troch Van der Goes gearstalde albums mei foto’s fan Slauerhoff bedarren oait yn it Letterkundich Museum yn Den Haach, mooglik skonken troch har soan.

Filmer en dokumintêremakker Ronald Bos – hy makke ûnder oaren in film oer de jong ferstoarne dichter Hans Lodeizen – ûntduts beide, djip yn de argiven ferburgen albums. Guon foto’s binne op Java nommen, oaren litte Slauerhoff syn skipshutte sjen en dan binne der noch in tal platen fan de dichter yn Macao, de eardere Portugeeske koloanje oan de Sineeske kust, dêr’t Slauerhoff syn grutte roman Het verboden rijk spilet...
.

À la Rossetti

Steeds ben ik met den vijand in mijzelf
In bangen worstelstrijd op leve’ en dood.
Hij wint vaak veld met Afschuw van mijzelf,
Met ziekten en verraad tot bondgenoot.

Totdat mijn Zelfbewustzijn: trotsch gewelf,
Over mij instort; den genadestoot
Verbeid ik lang, woel mij dan langzaam bloot
En kom met tegenzin weer tot mijzelf.

Opnieuw dan strijd: voor immer onbeslist.
Soms tracht, ontwijkend, ik weer één te worden,
Vraag zelfs een vrouw of zij mij steunen wil,
Hoewel ik altijd innig-zeker wist
Dat ik verdoemd ben, al mijn kracht verspil,
Chaos behoor en nimmer raak tot Orde.

.

À la Rossetti

Altyd bin ik mei de fijân yn mysels
Yn in benaud kampen op libben en dea.
Hy wint faak fjild mei Ofkear fan mysels,
Mei sykten en ferried as opperhear.

Oantdat It Selsbewuste: grutsk gewelf,
Oer my ynstoart: de genedeklap
Dy’t al lang wankt, haw ’t dan, bleat wrot, te krap
En kom mei tsjinnichheid wer ta mysels.

Opnij dan striid: foar ivich net beslist.
Somtiids, útnaaiend, wol ik wer ien wurde,
Freegje sels in frou en wês my ta liedstjer,
Hoewol’t ik altyd ynlik-seker wist
Dat ik ferdomd bin, al myn krêft ferdjer,
Gaos behear en nimmer net Oarder berik.
.

Slauerhoff, Verzamelde gedichten (I), Serenade III, Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam, 1941, s. 217.

.
slau-4

slau-2

slau-1
.

Arthur Lehning, ‘Brieven van Slauerhoff’, De Gids, jrg 117 (1954), s. 154.
Hein Aalders, Een varend Eiland, Prive-domein, Arbeiderspers, 2016.
Wim Hazeu, Slauerhoff, een biografie, Arbeiderspers, Antwerpen-Amsterdam, 1995, s. 287-295.