Tresoar – Het Verdriet van Friesland – Kollumn IV

Het verdriet van Friesland 3
It Skriuwersboun waget har kậnsen, hat it drok mei neitinken…

het verdriet van friesland 2

Oft it no om de boekemerk yn Drachten of it grutte Gysbertfeest yn Boalsert giet – beide binne plend op 12 oktober – of om de gearstalling fan de Gysbertsjuery, dy’t mei troch it belied fan Tresoar ek dit jier wer gjin ôfspegeling wie fan de twa- en meartalige sitewaasje yn dizze provinsje (sj. yn dizzen ek De stolp fan Jensma-4, part II), ay en au, it is en bliuwt hopeleas, it wurk fan de amtners fan  it Frysk letterkundich politburo Tresoar oan de Ljouwerter Bûterhoeke. Se slagje deryn om, struktureel, fout op fout te steapeljen, beare dat har noas bliedt, witte fan neat of, slimmer: se binne noait net erges ferantwurdlik foar, net liker as wiene se gjin minsken fan fleis en bloed, mar inkeld kaduke Frysk letterkundige  frankearmasines.

Winliken is de sitewaasje noch beroerder: it ynstitút hat – stikem as it achter de skermen meilêst – besletten om net (yn it iepenbier) te reagearjen op de frachten krityk dy’t it al moannen oanien, ûnder oaren op Facebook, oer har hinne krijt, want oh… der is gjin respekt foar al harren grutte amtlike wurken. Leaver giet men op de gongen fan it ynstitút te keatsen of te itensiden, as it kin, it leafst oant har sậnensechtichste wannear’t it naasje mei pinsjoen giet en de ynfrastruktuer foar de Fryske literatuer omtrint dy tiid sa likernȏch ek oer ’e mûtse is, fallyt dus. Sjoch dêr: Het Verdriet van Friesland yn optima forma!

Want dat is it alderberoerdste: se stappe noait wer op, de Fryske politburofunksjonarissen fan Tresoar.

Wêrom trouwens net ‘man en paard’ te neamen as elkenien wit om wa’t it giet? Kom der mar yn Wieke de Haan of Theo Kuipers of Teake Oppewal, amtners en beropsfriezen dy’t bytiden al mear as in desennium of soms wol twa desennia op harren burostoel sitte… of lit Tresoar-direkteur Bert Looper even in Facebook-akkount nimme. Dan hoege de ‘fazanten’ ek net mear te draven om him yn te ljochtsjen oer wat der no wer te rêden is yn the continuing sad Frisian story.

jb2Dus, as ons Jetske (Bilker) yn de grutte Bûterhoekske twisten ûnder mear útropt: ’Yndie belachlik!! Wat in koördinaasje no wer…’ omdat it Gysbertfeest yn Boalsert en de Boekemerk fan Drachten op ien en deselde dei organisearre wurde, dan hat se sûnder mis de keutel by de skjinne ein.
.
Ien fan de oarsaken fan de ellinde oan de Bûterhoeke, foar safier’t it al net dé kwaal is, is dat ynstituten lykas Tresoar of de Fryske Akademy sa linkenlytsen fierhinne it kontakt mei ‘it fjild’ ferlern binne, om it mar net te hawwen oer de fiergeande foarmen fan ynstitúsjonele repressiviteit, mei bytiden snoeihurde sprekferbodden – de dr. Hanno Brand-affêre by de Staveringsferoaring fan fan’t maitiid bgl. – en tal fan oare foarmen fan úitsluiting.

Mar it altiten warbere Skriuwersboun, dat al hast sûnt in lyts jier gjin ferslaggen mear docht fan har bestjoersbyienkomsten en dat him, opmerklikernôch (!) net útsprekt oer mear as earnstige saken lykas boppeneamde sprekferbodden, sil no lykwols echt yn ’t spier, dat is te sizzen: it sil in jûn belizze dêr’t de amtners fan Tresoar tekst & útlis dwaan sille oer harren letterkundich en promosjoneel wanbelied, in fersyk dêr’t NB al faker om frege is. [sj. skreenshot, boppe  oan de pagina.]

De jûn, gjin ‘tribunaal’, is plend foar oare moanne, op Halloween’s Day. Tomaten mei!  Hulde foar it Skriuwersboun!? of hat dat it noch altiten drok mei neitinken en it wagen fan eigen kậnsen en belangen y.f.m…. ja sis it ris?

Ik doch dêrom mei klam in berop op Tresoar-direkteur Bert Looper om yn dizzen it foartou ta dizze jûn te nimmen, want sa kin it net langer!

.