Twa ferfryske gedichten fan Boris Ryzji

Eeltsje Hettinga

2 jann. 2015

Takommende moandei nei Amsterdam foar in petear mei film- en dokumintêremakker Aliona van der Horst. Se is berne yn Moskou, mar groeide op yn Nederlân. Se studearre Russyske taal- en letterkunde oan de Universiteit van Amsterdam, die de ‘Nederlandse filmacademie’ en makke ûnder mear de rûnom priizgje dokumintêre Boris Ryzji (2008) oer de jong ferstoarne Russyske dichter Boris Ryzji.

Hjirûnder twa fan syn ferfryske fersen. Ik bin it Russysk net machtich, dat it bliuwt behelpen en kom nei in ferfrysking. By de hjirûnder ôfprinte gedichten bin ik onder mear te seil gien op de troch Anne Stoffel oersette fersen, sa’t dy te finen binne yn de bondel Afscheid in Rusland. Sjoch fierders: ‘Boris Ryzji – Op it jiskelân fan it ûnthâld’

 

*

By nacht rûn ’k altyd allinnich troch it park nei hûs ta –
skreau ik alles del wat ik hearde, tocht en meimakke ha –
mannich faam haw ik holpen, ta skrik fan har gleie hjitfolgers.
Hoe faak dat rosmos my sloech, hoe’t in juut my efterfolge
en hoe’t ik my losskuorde, flokkend de strûken ynfleach.
Ik trille fan lilkens. Myn frou wie oerémis, hie gjin each
foar myn steat. Se skold en lake, lykwols, dy skat wie
ree en sit krekt salang by my op oant dat ik de sliep hie.
Ik sliepte as in god, fjilden fol mei goud dêr’t ik fan dreamde.
Op sandalen, lier yn ’e hân, plôke ik blommen… Steande
hold my Apollo, dichtersgod, roppend, boppe alles út:
‘Dyn fersen binne goed, jongfeint, mar sjochst der min út.’


Boris Ryzji, ‘Ik liep altijd alleen door het park naar mijn huis in de nacht -‘
Afscheid in Rusland  (gedichten),
Nederlandse vert. Anne Stoffel,
Hoogland & Van Klaveren, 2013, p.27.

.

By de dea fan in dichter (1)

Ik mei graach oer myn eigen irony.
It libben hie ’t, tink ik, goed mei my foar –
ik hoopje, it jout ferjitnis en bekoar,
en nim it ferbaasd yn, as eau de vie.

Ik die dea, wylst ha jo mei Doom (2) ompield
oant jo it hiele liif yn ûnmacht lei.
Ay, net in beweging fan jo of dy sei:
jo ‘frije geast’ wie foarôf harsenspield.

Dit is de seal, seine jo mei geduld,
publyk, dekôrs en alderlei guod lykas klean.
It spul dat wie jo reden ta bestean.
’t Bestean wie de reden fan myn spul.

Op dat toaniel wiene jo ta hiel wat by steat.
Mar ik, sûnder eare,  rûn stomp tsjin de muorren.
Dochs ha jo my, doe’t my twivel fuorre,
stipe en soks telt fansels ’t aldermeast.

Ik tink, ik brocht yn ús poëzy wat
nijs op ’t aljemint , nei’t ik jo heard hie;
jo taal krige yn myn wurden syn wjerslach,
waard  ta mês, in ding dat my net tsjinstie.

1997

 

(1) De dichter is nei alle gedachten de yn 1997 ferstoarne Joeri Lobantsev, dy’t lykas Boris Ryzji ek fan Sverdlovsk wie.
(2) kompjoeterspultsje

Boris Ryzji, Afscheid in Rusland  (gedichten), ‘Bij de dood van een dichter’,
Nederlandse vert. Anne Stoffel,
Hoogland & Van Klaveren, 2013, p.33.

 .