De stilte tusken de wurden as it wyt fan poëzy

Moe van iedereen die met woorden komt, met woorden maar niet met taal / ging ik naar het sneeuwbedekte eiland. / Het ongerepte heeft geen woorden. / De ongeschreven bladzijden breiden zich naar alle kanten uit! / In de sneeuw stuit ik op hoefsporen van een ree. / Taal maar geen woorden. [1]

Tomas Tranströmer

 

Foar guon dichters is poëzy yn it foarste plak in foarm fan selsekspresje. Tinken, fielen en ûnderfinings binne streekrjocht yn taal omset sûnder dat de taal sels in probleem is. It gedicht sels is fersteanber, werkenber en beskriuwend as it om de werklikheid giet. Dêr stiet in groep  dichters foaroer dy’t mear op de taal sels rjochte is en foar wa’t it gedicht in fierhinne autonoom karakter hat. Foar har strykt it wurd net fanselssprekkend lyk mei de werklikheid, lit stean dat it wurd fan dy werklikheid wier wat sizze kin. It ding dat neamd wurdt, seit no ienkear net dat wat it ding is. De dichter Hans Faverey ferwurde dizze problematyk yn Chrysanten, roeiers (1977) mei de klassike rigels:

De chrysanten,
die in de vaas op de tafel
bij het raam staan: dat

zijn niet de chrysanten
die bij het raam
op de tafel
in de vaas staan[2]

(…)

Caspar David Friedrich (1774-1840) Zonsondergang (broers), ca. 1835 Olieverf op doek, 26 x 31
Caspar David Friedrich (1774-1840)
Zonsondergang (broers), ca. 1835
Olieverf op doek, 26 x 31

.

De talige, autonome poëzy wurdt gauris yn de hoeke set as obskuer, net tagonklik en ûnfersteanber. Se hat troch de bank naam gjin grut publyk. Der binne no ienkear gedichten mei mank dy’t net fuortendaalks it grutste hâldfêst jouwe as it bygelyks om werkenning en identifikaasje giet. Net oars as yn in les biology, dêr’t mei help fan pinset, skalpel en skjirre ynsekten yn ûntlede wurde, sa sil de lêzer it gedicht sa krekt mooglik neiplúzje moatte, wol de tekst him bleatjaan. As it om de ûnderwerpen fan leechte, stilte en swijen giet, sis, it ûnútspreklike, dan falt it talige, autonome fers, suver ynhâldlik sjoen, yn in âlde en lange tradysje.

De poëzy fan Hans Faverey, Paul Celan, Kees Ouwens, Ingeborg Bachmann en tal fan oare moderne, op taal rjochte dichters, it is de poëzy fan de tamtearre mûle, it stammerjende wurd, de leech(te) meitsjende taal. Har wurk giet oan op yn in (be)naderjen fan it Neat. Harren wurd wol in weiwurden wêze. Hoe leech kin in gedicht wêze en dochs in gedicht bliuwe?

Om sjen litte te kinnen hoe’t it autonome fers ek binnen de Fryske literatuer syn gerak krijt, wurdt hjir earst de byhearrende poëtika yn in brede (ynter)nasjonale kontekst besjoen en beskreaun. In ferkenning.

wurdholten

Ein jierren santich ferskynde fan Hans Faverey Chrysanten, roeiers, in bondel dy’t yn tsjinstelling ta wat destiids wenst wie, in omkaft hie dat omtrint folslein wyt wie. De dichter ferdronk der by wize fan sprekken yn. Ik hie it wurk lizzen sjoen by kunde op de Brugstrjitte yn Grins, begjin jierren tachtich. Ik koe der net werklik mei wurde, fûn it te abstrakt, te tinkerich en keal. Dat lei ek yn ’e reden, ik wie krekt werom fan myn earste jier yn Amearika en hie as it om poëzy gie folle mear niget oan de dronkene soul fan alderhande Amearikaanske beat-dichters, har wurk wie konkreet, derten en wyld en yn harren soarte de opstannige kant it neist.

Ik hold it destiids by De Bende van de Zwarte Hand fan Louis Paul Boon, wie abonnearre op it tydskrift De As fan Anton Constandse en teach yn dy dagen, dogend foar neat, út protest tsjin de tiid en de dea mei ien swarte want oan de linkerhân de wrâld yn ’t rûn. Poëzy wie foar my yn it foarste plak it byldzjende – it metafoaryske – dat op de weagen fan de muzyk de sinnen yn dûkt. Dêr paste doe gjin sobere en antymetafoaryske poëzy fan Faverey by.


Staren naar een lege plek
doodt meer dan al het eeuwen
uitgeblazen zijn van rook
door de volgende berg.

Zolang het drogbeeld heerste,

achtervolgde ik de bittere
chimère tot diep in het
openbrekende land.

De eerste zwaluw van dit voorjaar
moest alle betekenissen zien kwijt
te raken die ik ook zelfs slapend
niet meer wens terug te vinden.[3]

De dichter set in lânskip del, in berch, it each heakket fêst oan in plak wêrfan’t de leechte deadliker is as de deade fulkaan dy’t ieuwen ferlyn al syn lêste reek útblaasd hat. De leechte? Nee, in leechte – ûnbepaald – komt tichter oan dat wat net te sizzen is. Alles wat dêr al oer sein wurdt, sit der nêst. Der is yn de poëzy fan Faverey in besykjen en kom foarby de taal en syn betsjuttings ta it wyt fan leechte en stilte. Der is in ferlangen mei mank dat sa heftich is, dat de dichter winsket dat er de betsjuttings fan de wurden net mear werom hoecht te finen. Ha, sels sliepend [lês: dea] soe er dat net ienris wolle.

Poëzy is by Faverey in oefening yn in loskommen fan taal. It is it wurd dat earst syn betsjutting kwyt moat, wol it ta in wier wêzen komme kinne. Dat is te sizzen: hy wol de swel as swel sjen en net as in metafoar foar bygelyks in boadskipper fan maitiid. De dichter, hy soe it leafste, palimpsest, oer alle ûnderlizzende âlde teksten en manuskripten hinne skriuwe wolle om de wrâld op ’e nij yn te rjochtsjen en foarm te jaan yn in taal dy’t himsels seit, of better: in taal dy’t himsels genôch is. It is dat ferlangen dat eigen is oan dit soarte moderne en talige poëzy.

celan2_000
Paul Celan (1920-1950)

Koartsein, de leechte dy’t de dichter neistribbet, is oant in hichte ta in betingst en skep himsels út it neat wei in nije en oare werklikheid.

De[EH2] Joadsk-Roemeenske dichter Paul Celan, by útstek de dichter fan de leechte en it swijen, hat it oer it oanklaaien fan er mei in nijefoarming ‘die Worthöhlen’ neamde: ‘Kleide die Worthöhlen aus / mit Pantherhäuten, // erweitere sie, fellhinn und fellher, / sinnhin und sinnher, // gib ihnen Vorhöfe, Kammern, Klappen / und Wildnisse, parietal, // und lausch ihrem zweiten / und jeweils, zweiten und zweiten / Ton.’[4]

Celan besocht yn en troch de poëzy sels de taal ta stilte werom te bringen om fan dêrút wei opnij begjinne te kinnen. Dat stribjen is net frjemd foar wa’t acht slacht op ti feit dat syn poëzy foar in part in tsjûgenis is fan das was geschah, te witten: de Holocaust. Celan syn âlden kamen yn de oarloch yn de Dútske konsintraasjekampen om. Fermoarde. Syn poëzy beweecht him, nettsjinsteande alle faak manjefike metafoaryk, op ’e râne fan it swijen. De taal sels is gauris tsjuster en hermetysk en giet, benammen yn it lettere wurk, faak oer de grinzen fan de fersteanberens hinne. (Das Nichts, um unsrer / Namen willen / – sie sammeln uns ein –, / siegelt, // das Ende glaubt uns / den Anfang // vor den uns / umschweigenden / Meistern, / im Ungeschiednen, bezeugt sich / die klamme Helle.’[5])

De faak inkeld nei himsels ferwizende gedichten lykje op bline bouwurken en sellen sûnder finsters. As minske en as dichter soe Celan op in stuit mei syn eigen leechte gearfalle. Begjin maaie 1970, stapte er yn Paris fan de brêge.

bûten sinnen

Ik moat by de ‘lege’ poëzy, sa’t dichters as Faverey dy skreaun ha, faak tinke oan it wurk fan de Frânske skriuwer Georges Bataille. Yn syn boek De innerlijke ervaring rept er fan ‘in lege plaats, een opening’ as it er bygelyks oer God hat, in fenoneem dat ‘ons naar een duisterder voorstelling van het onbekende voert: van een aanwezigheid die in niets meer verschilt van een afwezigheid.’[6] De stilte dy’t dêr yn opsletten leit, omskriuwt Bataille as ‘het Heilige der Heiligen.’[7]

It ûndergean fan ‘dy einleaze tsjusternis’ is in mystyk wjerfarren. It giet him om in ûnderfinen fan wat foarby tinken, taal en witten leit. Dêr giet in redeleas en ekstatysk belibjen mei mank. In bûten sinnen wêzen. It is net om ’e nocht dat der yn syn wurk mear as ien kear in relaasje lein wurdt tusken erotyk en mystyk. By dy ferhâlding [EH3] wurde gauris de teksten fan kristlike mystisy as Johannes fan it Krús of Teresa fan Ávila op it aljemint brocht om oan de dogmatyk fan it kristendom sels te ûntkommen.

bataille2_540
Georges Bataille (1897-1962)

Lykas by dizze mystisy beseft ek Bataille dat de taal en har wurden net by steat binne om de ûnderfining fan it heimige tabernakel fan leechte te beskriuwen. Lykwols is er dêrta feroardiele, wol er teminsten fan it wjerfarren sels wat sizze kinne. Dy paradoks bepaalt yn sekere sin ek it gesicht en it karakter fan de autonome poëzy. ‘Heel de taal is haar [de poëzy, e.h.] gegeven, en door de taal wordt zij gedwongen, deze in te zetten,’ skriuwt Bataille. ‘Maar opzettelijke stilte, niet om te verbergen, maar om de onthechting des te heviger uit te drukken. De ervaring kan niet meegedeeld [kursyf, e.h] worden wanneer de banden van stilte, uitwisseling en afstand hen niet veranderen die zij op het spel zet.’[8]

hingje oan de lippen fan stilte

Yn de bondel Tegen het vergeten (1988) hat Hans Faverey it yn it skift ‘Reeks tegen de dood’ op in stuit oer in leechte dy’t sykhellet.

Zoveel dingen zijn er
die er niet zijn, als er dingen
niet zijn, die er niettemin zijn.

Waarom schoonheid dan niet ontdaan
tot leegte, leegte die ademt.[9]

(…)

Der is, lykas sein, net allinnich it molkewite omkaft fan Faverey syn bondel Chrysanten, roeiers (1977), ek yn it yn it wurk sels tilt it op fan it wyt tusken en om de fersrigels hinne. Al dat wyt kin sjoen wurde as ‘in leech plak, in iepening’ yn it midden fan alles wat is, mar dêr’t neat oer te sizzen is, oftewol: Binne de krysanten op tafel wol de krysanten op tafel? Yn wêzen giet it de dichter om in fariant op in âld sizzen: Dêr’t men net fan prate kin, dêroer moat men swije.

Paradoksaal genôch hat Faverey – en by Bataille is it net oars – hiel de taal nedich en jou útdrukking oan it swijen, it ûnútspreklike. Der is in ferlangen om dêr mei gear te fallen. Dat jout dizze poëzy syn mystyk elemint, teminsten as yn oanmerking nommen wurdt dat de letterlike betsjutting fan it wurd ‘mystyk’ oerienkomt mei ûnder oaren ‘it tichtdwaan fan eagen of lippen’.

Foar dichters as Faverey, Paul Celan of Tomas Tranströmer is it ferlangen om de taal in swijen wêze te litten ien fan de meast essinsjele kanten fan har poëzy. Net frjemd dat it yn harren wurk optilt fan ûnderwerpen dy’t mei lippen, tongen, azem en mûle te krijen hawwe. Der is in ferwoeden hingjen oan de lippen fan de stilte dy’t leechte is. Dochs is elk wurd dat dêr oer skreaun en dien wurdt om ’e nocht. Faverey hat it yn dizzen oer ‘dit hopeloos ontbreken’:

Zo het iets teweeg brengt,

en zich heeft vergeten,
is het tevergeefs
en in godsnaam.

De volstrekte leegte
in elk ding, die werkelijk
is, en als zodanig werkzaam is,
en zich vermengt met de echo
van het laatste woord:

dat niet meer over de lippen
wil; die lippen eerst nog lief-

koost, en daarna zonder schroom
aantast: dit hopeloos ontbreken,

dat overal knopen legt in water
en een naald is in brood.[10]


it ûnútspreklike

It wyt yn de poëzy by Faverey of Paul Celan is neffens literatuerwittenskipper Yra van Dijk foar in grut part de útdrukking fan wat sij yn har dissertaasje Leegte, leegte die ademt. Het typografisch wit in de moderne poëzie it ‘onzegbaarheidstopos’ neamd hat[11], in tema dat syn oarsprong hat by alderhande âlde mystike geskriften en dat net swak by spilet yn de hjoeddeiske, moderne poëzij. It ûnderwerp sels hat syn roots yn in religieuze en literêre tradysje, dêr’t yn besocht wurdt en jou stal oan dat wat him net sizze lit, it godlike, it hillige.

Yra van Dijk1 [EH4] By it stal jaan fan dizze problematyk komt de ferhâlding wurd en werklikheid yn it spul kaam. Taal dekt no ienkear net de lading fan dat wat is. Dêryn ferskille de opfettings net fan âlde tsjerkfaders. ‘Al bij kerkvader Augustinus’, skriuwt Yra van Dijk yn har lytse skiednis fan it swijen, ‘kom je de gedachte tegen dat we met de gewone taal het goddelijke niet kunnen uitdrukken. Alleen de stilte zou dat kunnen. Augustinus maakte een onderscheid tussen een tijdelijke, alledaagse taal, tussen ‘voorbijgaande woorden’ en het ‘eeuwige woord’ dat ‘in stilzwijgen gesproken’ wordt, en waar het innerlijk oor op gespitst moet zijn. (…) Net als we bij de moderne dichters zullen zien, had Augustinus het over de kloof tussen de woorden en de dingen.’

It is pas by de Dútske Romantyk, begjin fan de 19de ieu, dat de gedachten oer ‘it ûnútspreklike’ fan in religieuze yn in mear literêre saak feroaret. It idee dat de moderne poëzy te meitsjen hat mei wat him net sizze of útdrukke lit, is dus net samar fan hjoed, mar benammen fan de Frânse en Dútske Romantyk. It is ek yn dat tiidrek dat it tinken nei foaren komt dat it Uneinige dat it ûnútspreklike is har inkeld yn de keunst sizze lit. ‘Novalis bijvoorbeeld,’ skriuwt Yra van Dijk, ‘legt het verband met mystiek en zegt dat het gedicht oneindig is, en dat poëzie het ‘Undarstellbare darstellt’ (…)’ Yn dy tradysje rint ek de moderne poëzy fan in dichter as Hans Faverey.

Eerst was er niets.

Daarna was er meer dan iets.
Toen bleek er te veel over;

tenslotte hield ik niets
meer over. Het begin
van het einde;
het houdt niet over.

Wat er aan deze dingen bestaan
zou kunnen hebben, heeft bestaan,
of zou bestaan kunnen hebben.

Of heeft zich dood gezwegen;
of heeft nooit bestaan.[12]


de see as Ding an sich

It is spitich dat Yra van Dijk gjin parallellen mei de byldzjende keunst makket – dat is har lykwols te ferjaan, it wie no ienkear net it ûnderwerp fan har dissertaasje – mar oars hie se ien haal ferwize kinnen nei it wurk fan de Dútske skilder Caspar David Friedrich (1774-1840) en syn hâlding foar it Uneinige oer, bygelyks yn it yndrukwekkende doek ‘Der Mönch am Meer’ (1808/1810), in skilderij dat oer alle boegen leech is: in smoarge see ûnder in dizenige, griis opljochtsjende himel, dunen en in mûnts, dy’t neatich en allinnich yn in oerweldigjende natoer op it punt, nee, op de râne fan in ferdwinen stiet. Der is it besef fan in net te sizzen leechte.

Bas Jan Ader: Farewell to faraway friends, foto, 1971
Bas Jan Ader: Farewell to faraway friends, foto, 1971

Goed[EH5] oardel ieu letter soe de Amerikaansk-Nederlânske keunstner Bas Jan Ader (1942-1975) op syn manier in ferfolch jaan oan datselde tema, sij it mei dit ferskil dat hy yn de foarm in stap fierder gyng. Hy makke de grins tusken syn libben en wurk, dêr’t gauris yn referearre wurdt oan Caspar Friedrich, sa tin dat er syn eigen libben ta keunstwurk makke, wurk dêr’t er út-ein-lik, letterlik, yn ferdwine soe.

Yn it twadde part fan Ader syn trijelûk In search of the miraculous [op syk nei it wûnderbaarlike] – in syltocht oer de Atlantyske Osaan yn in boatsje fan noch gjin fjouwerenheale meter – rekke de keunstner op mysterieuze wize wei, earne ûnder de kust fan Ierlân. Hy foel dêrmei op in like tragyske as sublime wize gear mei it wetter sels, mei it Neat fan in ûneinige oseaan. De see as Ding an sich.

De oarsaken fan syn weiwurden binne noait opheldere. (It iroanyske is dat it tsjutten fan syn wurk in einleaze seeën oan publikaasjes opsmiten hat. Lykwols,  gjinien dêrfan jout klearrichheid oer wat der werklik bard is. As dat de opset fan de keunstner west hat, dan is er yn alle gefallen as potsemakker sûnder mis slagge.)

David Caspar Friedrich - ‘Der Wanderer über dem Nebelmeer’ (1818)
David Caspar Friedrich – ‘Der Wanderer über dem Nebelmeer’ (1818)

elk wurd in wurd tefolle

It[EH6] ûnútspreklike yn relaasje ta de see is ek in foarnaam motyf by Hans Faverey, al wie it mar fanwegen dat iene gedicht ‘Staande op een rots’, it iepeningsfers fan Chrysanten, roeiers. Dêryn wurdt net allinne referearre oan it wurk fan Hercules Seghers – it earste skift fan de bondel hjit net om ’e nocht ‘Hommage à Hercules Seghers’ – mar ymplisyt ek, sa tink ik, oan it wurk fan Caspar Friedrich, yn it bysûnder oan it skilderij ‘Der Wanderer über dem Nebelmeer’:

Staande op een rots,
die het begin is
van een berg,

en die zich niettemin
voor mijn ogen
in zee stort,

heb ik soms
zo kunnen verlangen
naar de binnenzee in mij,
dat ik mij haast een zich
verstotende was geworden.[13]

Typysk foar dizze poëzy binne de refleksive foarnamwurden lykas ‘mij’ yn de foarlêste rigel fan ‘Staande op in rots’. De Oare bliuwt de oar in frjemdling, in ûnbekende, sa’t de minske dat, sasein, ek foar himsels is, of oars sein: de net te kennen binnensee (‘de binnenzee in mij’) fan it eigen Sels lit har net wier meitsje. Elk wurd is dêryn in wurd tefolle. Wat mear wurden, wat kakofoanysker de wrâld as it om in wier ferstean giet. Hoe dit libben noch fol te hâlden ûnder it bimbam fan alle wurden, freget Ingeborg Bachmann, dy’t nettsjinsteande alle politike konnotaasjes yn har poëzy dochs by útstek de dichteres fan it Onzegbare is:

Wahrlich

Für Anna Achmatova

Wem es ein Wort nie verschlagen hat,
und ich sage es euch,
wer bloss sich zu helfen weiss
und mit Worten

dem ist nicht zu helfen.
Über den kurzen Weg nicht
und nicht über den langen.

Einen einzigen Satz haltbar zu machen,
auszuhalten in dem Bimbam von Worden.

Es schreibt diesen Satz keiner,
der nicht unterschreibt. [14]

De poëzy sa’t dy troch Faverey en Celan skreaun is, is gauris foar de fuotten smiten dat se tsjuster, dreech en lêstich nei te kommen is, mar yn it generaal falt dat wol ta. Ek al lykje de gedichten bytiden op hermetysk tichtspikere tuorren sûnder doarren en sûnder finsters, der binne faak genôch ferwizings nei in reële (histoaryske of politike) werklikheid yn te finen, bygelyks yn de foarm fan alderlei yntertekstuele referinsjes.

Sterker, de lette Faverey is moai tagonklik. By de hjirboppe oanhelle gedichten sit amper in wurd Spaansk. De humor yn syn poëzy is bytiden fermaaklik, by it dwaze en kolderike om ’t ôf, bygelyks yn ‘Hoe doof is eigenlijk een kwartel’, part fan de rige ‘De witz van de twee doven van pointe ontdaan, en veranderd’, dat it ûnfersteanbere fan de Oare en it eigen sels op it ear hat:

Hoe doof is eigenlijk een kwartel.

Wat zèg je?

Hoe doof is een kwartel.
Wat?

Zei je wat.[15]

 

‘wat swijen der ta docht’

Yn de Fryske literatuer hat in suver autonome poëzy noait net folle wjerklank hân. Wol hat der fanȏf de jierren fyftich in protte romte west foar alderhande talige eksperiminten, sa’t dy te finen binne yn it wurk fan de triade Hessel Miedema, Trinus Riemersma en Reinder Rienk van der Leest. Riemersma hat by dy ûntjouwing dejinge west dy’t mei syn suver sprektalige, ekspressive en anekdoatyske poëzy elke foarm fan ferhevenens, letterlik en figuerlik, nei ûnderen helle. Sûnder omhaal en mei in soad irony en sarkasme ferklearre hy as ‘de god fan stront en jiske’ it Hegere fallyt.[16]

Pas letter, sa healwei de jierren santich, begjin jierren tachtich oppenearje har dichters lykas Sybe Krol, Harmen Wind en Willem Abma dy’t nei in mear op de taal sels rjochte poëzy opskowe. Alle trije de dichters binne, earlik sein, net daalks myn grutste favoriten, – se bliuwe troch de bank naam altiten wat sober en sunich, en sille net gau, bolbjirken en omtrint heal bûten sinnen, út de ban springe – dochs hawwe it dizze dichters west dy’t binnen de Fryske literatuer in oanset jouwe ta  it autonome, (mear) troch de taal sels stjoerde fers. Yn ‘hermeneutica’, in gedicht út de bondel Fossyl fan fjûr (1978) seit Krol: ‘ik sykje de oerwoechsen / kearn fan spraak / de kaai foar wat ûnoantaastber is’[17], wylst yn de bondel Korrektyf (1983) it ûnderwerp fan de ûnmacht fan taal ta kommunikaasje mei de Oare op it aljemint brocht wurdt:

(…)

ik sprek jim taal
te abstrakt
myn taal is wyt en blau
as loften en wolken trochloftich lústere
heech oer jim doarp[18]

Trotwaer1Dat[EH7] de dichter fan Korrektyf der net altiten goed yn slagge(t) om it ûnderwerp fan de ûnmacht fan de taal op in gaadlike manier foarm te jaan, is, mei útsûndering fan bygelyks in sterk twalûk as ‘akûstyske ynterpunksje I en II’, net te ûntkennen. Dêroer murk Geart van der Mear yn in besprek fan de bondel op: ‘Nei de lêzer ta alteast [moat] dy taal krekt net ûnmachtich ta taal wêze. In bekende paradoks. De ûnmacht fan de taal kin allinne mar demonstrearre wurde at dy taal sa adekwaat mooglik brûkt wurdt, en dus is dan dy taal wer net ûnmachtich.’[19]

De fertsjinst fan de poëzy fan de dichter Sybe Krol (1946-1990) bliuwt lykwols dat er each hie foar de problematyske ferhâlding tusken taal en werklikheid. De taal sels wurdt, en dat is karakteristyk foar de nei-oarlochske moderne poëzy, mear as ien kear im Frage steld.

Yn de poëzy fan Harmen Wind (1945-2010) fynt men soartgelikense rigels oer de ferhâlding taal en teken (lês: betsjutting) as by Krol, bygelyks yn it gedicht ‘Ferlinge ferline, III’, te finen yn syn debútbondel Utein (1985), destiids bekroand mei de (wilens troch de Provinsje Fryslân oan flarden sketten) Fedde Schurerpriis.

(…)

ik bin it teken
oan ’t lewant
it hânskrift fan myn dagen
fers fan myn ferfal

wurd wurden dat oan it ljocht
bringt wat swijen der ta docht.[20]

It oeuvre fan Harmen Wind stiet eins, bondel nei bondel, yn it teken fan tiid en leafde en ferfal en dea. Neist in gauris mylde foarm fan irony fiert it stylmiddel fan de paradoks de boppetoan. Der is in obsesje mei dat wat ferdwynt, likegoed mei in God dy’t weiwurden is as mei it libben sels dat langer gjin fêste (ein)bestimming hat. Ien fan Wind syn útjeften hjit net om ’e nocht Plak.

Yn syn Nederlânsktalige bondel Plaatselijke tijd (1997), dy’t destiids relatyf goede resinsjes krige, seit de lêste strofe fan it gedicht ‘Remedie’: ‘(…) Kunst zet het leven naar zijn hand, / brengt het terug tot dunne lijnen / die zich, tegen verval bestand, / tot het verstilde beeld verfijnen / van windfiguren in wit zand / waarin ik veilig kan verdwijnen.’[21]

harmen_wind1
Harmen Wind (1945-2010)

Wa’t[EH8] it oer de poëzy fan Wind hat, sil it ek oer de dichter Gerrit Achterberg hawwe moatte en de wize wêrop’t hy de taal ta in eigen werklikheid omsmeide om dêrbinnen, autonoom, de ferstoarne beminde ta de libbenen werom te bringen. Yn it wurd sels moast, sa besocht Achterberg, de (ferstoarne) Oare, letterlik, ynlive wurde. Of, om it mei Johannes te sizzen: it wurd moat ta fleis brocht wurde. Yn dit gefal, al skriuwendewei dus.

Dat ferlangen en kom troch de wurden hinne ta it ding an sich is oant in hichte ta ek beskiendend foar de tematyk yn wurk fan Harmen Wind, benammen yn Op alle dagen (1995) dêr’t ik hjir it lêste gedicht fan oernim:

It lêste fers

Wy skuorden ús de bûsen út: hy
spruts yn izer, âld rust by de bult,
ophelle út ’e wyk. Weirekke
reau, oerbliuwsels fan fergean,
dêr sei er it mei, soest dy ferraze.

Dy riprap sette ’r foar him del:
stik heak, in keatling, keabel, skroef,
seel, hjerring, mingel, file, kaai,
in kûgel, sûgerstange, fear,
in gripetine, knierban, sleef,
hy tôge der in seinebled,
ein stikeltrie, in fytstsjil neist,
rôp: ‘Stjerrend wier’ en joech him ôf.

Hy liet syn fers hjir lizze en
wy ha him net wer sjoen. Sûnt
lêze wy syn boadskip elke dei.
It moed fol. Sûnder wurden.[22]

As it om de ferskillende poëtika’s giet, dan berint de dichter Harmen Wind in paad dat it midden hâldt tusken in beskriuwende en in him mear út himsels wei skriuwende poëzy. Hy docht dat foarsichtich en hoeden, sûnder de werklike magy en firtuositeit fan Achterberg. De oanpak yn it Frysktalige wurk is faak wat minder linich is as yn syn Nederlânsktalige poëzy.

De fersen op harsels hawwe by Wind alle yngrediïnten fan de moderne poëzy yn: it problematisearjen fan it wurd sels, it bespegeljen fan it eigen dichterskip, alderlei lytse taalspullen en ferskillende foarmen fan yntertekstualiteit. En dochs stûket it faak, benammen as it om de ferbylding sels giet. Dêr’t in dichter as Faverey ék yn de foarm de ferhâlding tusken taal en werklikheid radikaal op skerp set, dêr bliuwt Wind wolris de flakke kant it neist.

wurd en wêzen

Willem Abma (1942) is yn de jierren tachtich en njoggentich dejinge dy’t it meast de kant fan it suver autonome en selsrefleksive fers opsiket. Binnen de autonomistyske tradysje is hy yn dat tiidrek sûnder mis de belangrykste dichter.

Yn de by útjouwerij Wijdemeer ferskynde blomlêzing Troch eigen lânskip (in kar út 45 jier poëzy fan Daniël Daen en Willem Abma), gearstald troch de dichter sels, kaam ik koartby it fers ‘út it neat’ tsjin, dêr’t Abma syn ljocht yn skine lit oer it fenomeen gedicht as in suver autonoom ding. It gedicht sels hat trouwens, mar dit tusken heakjes, de direkte oanlieding west foar dizze skôging. De útjouwer hie my Abma syn karlêzing, foarmjûn troch Gert Jan Slagter, presint dien by de presintaasje fan De Greidhoeke fan Philippus Breuker yn de doarpsherberch fan Easterein, ferline jier desimber.

Doe’t ik de oare deis wat yn de tsjokke, goed fjouwerhûndert siden tellende blomlêzing omblêde en -pluze, foel my it each op de rigels ‘út neat in fers te skriuwen / as neat is …’ Dat joech in raar soarte aha-Erlebnis. Daalks nei boppe, nei de boekekast … sjen, sykje, en ja, lang om let, dêr wie der, de bondel Chrysanten, roeiers. Omreden fan in tal oerienkomsten mei it hjirboppe oanhelle gedicht ‘Staren naar een lege plek’ fan Hans Faverey hâld ik wat langer stil by de tekst fan Willem Abma.

út it neat

út neat in fers te skriuwen
as neat is
neat oanlieding jout
neat fansels sprekt
neat yndruk makket

fers dat himsels genôch is
frij fan alles los bestiet
betsjutting jout sûnder dat
it betsjutting ûntlient

lit my oan dat fers ymplisyt
in skûlte yn it wurd en wyt[23]

Ynearsten wie ik derfan oertsjûge dat it gedicht yn deselde snuorje skreaun wêze moast as Faverey syn ‘Staren naar een lege plek’, dus, sa ein jierren santich. Abma syn fers blykt lykwols fan lettere datum. It komt út Te Fûnling, in bondel dy’t ein jierren njoggentich ferskynde, om krekt te wêzen yn 1999, al hoecht dat jiertal fansels net daalks lyk te striken mei de ûntsteansskiednis fan it gedicht sels.

De oerienkomsten tusken beide gedichten binne, sûnder mis, treffend, benammen dêr’t it om de problematyske ferhâlding giet tusken taal en betsjutting, of sa’t it yn it besykjen om ‘alle betsjutting kwyt te reitsjen’ by Hans Faverey nei foaren brocht wurdt:

(…)

De earste swel fan dit foarjier
moast alle betsjuttings sjen kwyt
te reitsjen dy’t ik ek sels sliepend
net mear werom winskje te finen.[24]

troch-eigen-lanskip-27409It[EH9] gedicht fan Abma is in lytse poëtika op himsels, omtrint de programmatyske kant it neist. Fergelike by de romte dy’t der yn it fers fan Faverey sit, sit Abma syn gedicht krekt in slach te strak yn it tinken, om it mar net te hawwen oer abstrakta lykas it wurd ‘ymplisyt’, dat te simpel mei ‘wyt’ rime is. It is in yn alle gefallen in wurd dat té maklik is om útdrukking te jaan oan itjinge wat yn de dingen besletten leit, mar dat him net neame lit.

Wat beide dichters by de twa hjirboppe oanhelle fersen mien ha, is in beskaat mystyk ferlangen nei in taal dy’t leech wêze wol. Yn in wiidweidige ynlieding by Troch eigen lânskip skriuwt Philippus Breuker: ‘Der is [by alle ferskaat oan fersfoarmen, e.h.] in grutte kontinuïteit yn tematyk en yn bylden en begripen. Karakteristyk troch it hiele wurk hinne is it tinken yn tsjinstellingen en it sykjen om in mystike ienheid fan libben en dea. Selskennis en Godskennis geane hân yn hân yn in tocht nei binnen ta. Yn it ûnkenbere mar trochfielde eigen wêzen is it as wjerspegelet it him yn de dingen fan de dea skeppend de Ivichheid.’

Lykas by Harmen Wind is der ek by Willem Abma in protte refleksje op eigen skriuwen en taal, bygelyks yn ‘Palimpsest’, mei dêryn de sa njonkelytsen hast klassike rigels ‘(…) memmetaal / dêr’t it Latyn in fossyl is en Skyten / en Hetiten taal en teken ferlearen / spinpoatet it yn in tear fan ’e tiid’[25]. Ek it bespegeljen fan it eigen dichterskip is by Abma in beleave ûnderwerp. It tilt derfan op, mei titels as ‘(externe) poëtika’, ‘poëtika’ of ‘dichter’ sprekke fan datoangeande foar harsels.[26]

(…)

skriuw, frjemdling dyst biste
efterstefoaren berne
dyn fuotten binne dyn hannen
dyn billen dyn wangen

watst mear bist as dyn spegelbyld
is mar in hanfol poëzy
mei’t wurden dyn wêzen foarmje
bist noait wa’tst wieste

magritte_pipeWurd en wêzen binne oan inoar tsjinsteld, al wie it mar omdat de betsjutting fan de wurden, sa wit ek Abma en mei him alle oare moderne dichters en skilders, net ien op ien lyk rint mei dat wat (dé) werklikheid neamd wurdt. Ceci n’est pas une pipe[EH10] , sa’t de skilder René Magritte de problematyk ferbylde yn it wrâldferneamde doek ‘Het verraad van de voorstelling’.

De antytheze tusken taal en betsjutting  makket yn Abma syn wurk part út fan in lange rige fan tsjinstellings.[27] Dan giet it om it sichtbere en it ûnsichtbere, skyn en wêzen, it bewuste en ûnbewuste, libben en dea. Breuker wiist derop dat yn it lettere wurk de ferskillende tsjinstellings oplost wurde ‘yn mystyk belibjen’ (…) Der komt wat ûnbeneambers of ûnsichtbers op dat bûten de taal of bewustwêzen leit.’ It soartemint fan poëzy dat dêrmei mank is, hat lykas by it gedicht ‘út it neat’ in fierhinne autonoom karakter.

It fers skept himsels, los de waarnimming of it waarnommene. Breuker merkt yn dit ferbân op dat ‘de bylden foar Abma realiteiten binne. Hy sjocht se foar him en lit se yn it gedicht [autonoom, e.h.] har eigen gong gean.’

de Oare

As it om it ûnderskied giet tusken de fersteanbere, deskriptive en de autonome, mear op de taal sels rjochte poëtika giet, dan nimt it wurk fan de generaasje Krol, Wind en Abma in tuskenposysje yn. Komt de ynhâld sels op it aljemint, dan oerhearskje by alle trije de dichters in tal typysk eksistinsjele ûnderwerpen: de minske dy’t syn eigen werklikheid meitsje moat yn in skynber sinleaze wrâld dy’t gjin objektive wierheid (mear) ken, lykas dy fan it bestean fan God; elk is ferantwurdlik foar syn eigen lot en sa’t de Oare in frjemdling is, sa is ek de minske himsels in frjemdling, lit stean dat hy dy Oare ‘echt’ moetsje [lês: kennen leare] kin. Harmen Wind seit yn dizzen:

As in ferlitten hûs betrêdet
er syn libben; (…)
…………………….Benijd komt
er de lêste doar benei, dêr’t
it efter te wachtsjen leit:
it tsjuster fan syn wêzen.[28]

Willem Abma1.MoetingWillem[EH11] Abma bespegelet de tematyk yn syn bondel Moeting (1994) – it wurd ‘moeting’ is yn it oeuvre fan Abma in kaaiwurd, dêr’t de ynfloed[29] fan de grutte Orfeusdichter Gerrit Achterberg net alhiel frjemd oan is – mei ûnder oaren dizze rigels yn it titelgedicht ‘moeting’:

‘ienkear is it my slagge / en moetsje myn geast / of wie it de siele / lit my har in frou neame / (…)’. It fers einiget mei it sizzen dat it likegoed wier en net wier wêze kinnen hat: ‘hoe’t hja derút seach / wyt ik noch krekt / net mear’[30]

By dizze eksistinsjalistysk bepaalde ûnderwerpen lûdet, en dat is opfallend, faak de wrakseling mei de moraal fan syn godstsjinstige eftergrûn mei. It benearjende ortodoks-kalvinisme dêr’t dichters as Abma en Wind mei grutbrocht waarden, soe by harren lang om let plak meitsje foar in mear gnostysk en kristlik-humanistysk bepaald belibjen fan de wrâld. Yllustratyf is yn dizzen it fers ‘de ferlerne soan’ út de bondel De iken fan Dodona (1976):

bûgd stean de iken op it hôf
wyn rûzet troch de tûken
de pleats is foar elts boadskip dôf
hjir spûket God yn alle hoeken

(…)

groubynten steane strang omheech
as hoeders fan it tek en leauwe
de herten binne as de skuorre leech
hjir sille eangst en bibel bliuwe

iens jout in bern syn ûnmacht bleat en bidt
ferplichte mar no út eigen frije wil
yn in betrouwen dat net better wit
mar om him hinne bliuwt it stil

(…)

ferlern yn eigen roppen[31]

Abma hat yn alderhande foarmen en bylden de oergong fan in strang kalvinistyske achtergrûn nei in mear gnostysk bepaald tinken yn kaart brocht. Der is in grut ferlet om foarby de dualiteit ta in gehiel fan wêzen en wurd te kommen, de skynbere tsjinstellingen op te lossen yn wat de dichter ‘dea en libben ’s wûndere ienheid’[32] neamd hat. Yn wêzen is Abma altiten ‘gewoan’ in religieuze dichter bleaun. Dat litte ek de lêste, taheakke geastlike fersen yn de karlêzing Troch eigen lânskip sjen, al moat der fan sein wurde dat dat sjenre fersen by Abma bytiden mear wei hat fan keunstige teologyske traktaten as fan in werklik trochlibbe foarmen fan poëzy.

ta beslút

Bylâns de jierren hat der yn de Fryske literatuer net botte folle omtinken west foar de autonome poëtika. Yn in literêr-histoarysk oersjoch as Zolang de wind van de wolken waait komt it wurd ‘autonoom’ , wol teld, ien kear foar, lit stean dat dêr in ûnderskied yn makke fan de ferskillende poëtika’s. Miskien hat ek te krijen mei it feit dat yn in literatuer as de Fryske, wêrby’t taal algeduerigen yn macht en status ûnder skot leit, minder romte hat foar in hermetyske, mear op de taal sels rjochte poëzy.
Om mear greep te krijen op it ferskynsel fan de autonome poëtika binnen de moderne Fryske poëzy haw ik it iene en oar yn in gruttere, (ynter)nasjonale literêre kontekst beskreaun, ek om dêrmei dúdlik te meitsjen dat de gauris oan lippen, mûle en azem keppele (taal)mystyk yn it wurk fan dichters as Hans Faverey en Paul Celan neat te krijen hat mei de grûnige mystyk fan grûn, folk en ras, sa’t dy te finen is by Fryske skriuwer-dichters as D. H. Kiestra. ‘Syn kristlike mystyk is lange tiid ûnderwurdearre,’ skreau dichter-sjoernalist Abe de Vries yn 2005 by de ynlieding fan de troch him gearstalde Kiestra-blomlêzing Skielk beart de hjerst. [33] It ophimmeljen fan dat soarte betommele mystyk fan in dichter dy’t him yn de jierren tritich en fjirtich sjen liet as nasjonaal-sosjalist – foar syn rehabilitaasje yn 2005 hie De Vries 5 maaie útsocht – soe it Fryske literêre fjild radikaal ferdiele. Mei de diskusje om de blomlêzing hinne wiene, yndirekt, ferskillende poëtikale opfettingen mank, konkreet: dy oer in mear beskriuwende, mei de tradysje rekken hâldende poëzy en in mear moderne, mear autonome poëzy. It dêroan keppele ûnderskied tusken tradisjonele en eksperimintele poëzy haw ik altyd sjoen as in ûneigentlike tsjinstelling, al wie it mar omdat de autonoom, eksperimintele poëzy fan ‘talige’ dichters as Faverey of Celan likegoed syn woartels hat yn in âlde en lange hermetyske tradysje, sa’t net allinne in literatuerwittenskipper as Yra van Dijk dêrop wiist, mar likegoed ek in skriuwer-dichter as Georges Bataille.[34]
Lit ik einigje mei wat foar my twa fan Faverey’s moaiste fersen binne. Beide komme út de bondel Het ontbrokene (1990), syn lêste wurk, wêrfan’t it gedicht ‘Zonder begeerte, zonder hoop’ wer it alderlêste fers yn de bondel sels is.
.

Arme nacht; vollopend in het ontbrokene,

Arme nacht; vollopend in het ontbrokene,
om tot het uiterste te worden benut,
al maar omgaand in zijn rondte,
opdat liefde, keer op keer,

daaruit voortvloeiende is: juist

omdat telkens het nog licht wordt. Of,
hetzelfde anders gezegd: hoe water,

na al zijn omzwervingen, terugkeert
naar dezelfde steen, deze net zolang
zachtjes kriebelt, tot plotseling
een roodharige blonde brunette
aan de oever verschijnt en rilling
zich jaagt doorheen al dat riet,
al het omringende. [35]

.

Zonder begeerte, zonder hoop

Zonder begeerte, zonder hoop
op beloning, ook niet uit angst voor straf,
de roekeloze, de meedogenloze schoonheid

te fixeren waarin leegte zich meedeelt,
zich uitspreekt in het bestaande.

Laat de god die zich in mij verborgen houdt
mij willen aanhoren, mij laten uitspreken,
voor hij mij met stomheid slaat en mij
doodt waar ik bij sta, waar jij bij staat. [36]

 

Literatuer:

  • Abma, Willem [ynl., Philippus Breuker], Troch eigen lânskip, Ljouwert, Utjouwerij Wijdemeer, 2012.
  • Bachmann, Ingeborg, Frankfurter Colleges, Amsterdam, Amber, 1991.
  • Bataille, Georges, De innerlijke ervaring, Hilversum, Gooi & Sticht, 1989.
  • Celan, Paul, Verzamelde gedichten, Amsterdam, Meulenhoff, 2003.
  • Dijk, Yra van, Leegte, leegte die ademt. Het typografisch wit in de moderne poëzie, VanTilt, 2005.
  • Eliot, T.S., The sacred Wood, Essays on Poetry and Criticism, New York, Alfred A. Knopf, 1921.
  • Faverey, Hans, Verzamelde gedichten, Amsterdam, Bezige Bij, 1993.
  • Hettinga, Eeltsje, ‘Yn de arena mei de goaden. Abma ferslacht Abma’, de Moanne, nr. 4, 2005, s. 33 -37.
  • Hettinga, Eeltsje, De leugen op ’e dyk / De leugen op de weg (oer de blomlêzing Het goud op de weg, in krityk, in pleit), It Hearrenfean, Cepher, 2008.
  • Hugo von Hofmannstahl, Brief des Lord Chandos, Gesammelte Werke in Einzelausgaben. [Prosa II], S. Fischer 1976. 
  • Mear, Geart van der, It ûnfermogen fan it wurd’, Trotwaer (1), 1983, s. 54-58.
  • Sötemann, A.L., W.J. van den Akker en G.J. Dorleijn, Over poëtica en poëzie. Een bundel beschouwingen, Grins, Wolters-Noordhoff, 1985.
  • T’sjoen, Yves, Stem en tegenstem. Over poëzie en poëtica, Amsterdam/Antwerpen, Atlas, 2004.
  • Vries, Abe de, Skielk beart de hjerst, blomlêzing út it wurk fan D.H. Kiestra, Ljouwert, Frysk en Frij, 2005.
  • Wind, Harmen, Utein, Boalsert, Koperative Utjowerij, 1985.
  • Wind, Harmen, Op alle dagen, Ljouwert, Utjouwerij Fryslân, 1995.
  • Wind, Harmen, Plak, Ljouwert, Utjouwerij Fryslân, 1996.
  • Wind, Harmen, Plaatselijke tijd, Amsterdam/Antwerpen, Arbeiderspers, 1997.

 

Noaten


[1] Tomas Tranströmer, ‘Maart ’79’, De herinneringen zien mij, De Bezige Bij, Amsterdam, 2002, 199.
[2] ‘De krysanten, / dy’t yn de faas op de tafel / by it raam stean: dat // binne net de krysanten / dy’t by it raam / op de tafel / yn de faas stean //  Hans Faverey, Verzamelde Gedichten, 1993, 319.
[3] ‘[Stoarje nei in leech plak] // Stoarje nei in leech plak / deadet mear as it al ieuwen / útpuft wêzen fan reek / troch de folgjende berch. // Salang’t it drôchbyld hearske, // hjitfolgje ik de bittere / chimère oant djip yn it / iepenbrekkende lân. // De earste swel fan dit foarjier / moast alle betsjuttings sjen kwyt / te reitsjen dy’t ik ek sels sliepend / net mear werom winskje te finen.’, Faverey, Verzamelde Gedichten, 1993, 313.
[4] ‘Klaai de wurdholten oan] // Klaai de wurdholten oan / mei panterhûden // ferlichtsje har, wat fel hjir en fel dêr, / wat sin hjir en sin dêr // jou se boezems, keamers, kleppen // en wyldernissen, pariëtaal // en beharkje har twadde / en aloan de twadde en twadde / toan.’, Paul Celan, Draadzonnen / Fadensonnen, Verzamelde gedichten, 2003, 534.
[5] Celan, ‘Das Nichts, um unsrer’, (Hof van de tijd / Zeitgehöft), Verzamelde gedichten, 2003, 766.
[6] Georges Bataille, De innerlijke ervaring, ‘Kritiek van de dogmatische dienstbaarheid (en van de mystiek)’, 1989, 29.
[7] idem, 79.
[8] Idem, 55.
[9] ‘Safolle dingen binne der / dy’t der net binne, as der dingen / net binne, dy’t der lykwols binne. // Wêrom skientme dan net ûntstoarn / ta leechte, leechte dy’t azemet. (…), Hans Faverey, ‘Reeks tegen de dood’, Verzamelde Gedichten, 1993, 585.
[10][As it al wat út ’e wei set] // As it al wat út ’e wei set // en himsels fergetten hat, / is it om ’e nocht / en yn godsnamme. // De folsleine leechte / yn elk ding, dy’t werklik / is, en as sadanich wurksum is, / en him fermingd mei de echo / fan it lêste wurd: // dat net mear oer de lippen / wol: dy lippen earst noch leaf- // hat, en dêrnei sûnder te skromjen / oantaast: dit hopeleas brek wêzen // dat oeral knopen yn wetter leit / en in nulle yn it brea is.’, Hans Faverey, Chrysanten, roeiers, Verzamelde gedichten, 1993, 322.
[11] Ira Van Dijk, Leegte, leegte die ademt. Het typografisch wit in de moderne poëzie, 2005.
[12] ‘Earst wie der neat] // Earst wie der neat // Dêrnei wie der mear as eat. / Doe bliek der wie tefolle oer; // by einbeslút hold ik neat / mear oer. It begjin / fan de ein; / it hâldt net oer. // Wat der oan dizze dingen bestien / hawwe kinne soe, hat bestien, / of soe bestien hawwe kinne. // Of hat himsels dea swijd; / of hat noait bestien.’, Hans Faverey, Chrysanten, roeiers, Verzamelde gedichten, 1993, 270.
[13] ‘Steande op in rots] // Steande op in rots, / dy’t it begjin is / fan in berch, // en dy’t likegoed himsels / foar myn eagen / yn see stoart, // haw ik soms / sa longerje kinnen / nei de binnensee yn my, / dat ik hast in mysels / ferstjittene wurden wie.’ Faverey, (Chrysanten, roeiers), Verzamelde gedichten, 1993, 233.
[14] ‘Wierlik // Foar Anna Achmatova // Wa’t nea net fan stommens slein is / en ik sis it jimme, / wa’t inkeld himsels te helpen wit / en mei de wurden – // dy is net te helpen. / Net oer de koarte wei / en net oer de lange. // Ien inkelde sin hâldber te meitsjen, / it út te hâlden yn de bimbam fan wurden. // Gjinien dy’t dizze sin betekenet/ dy net ûndertekent.’, Ingeborg Bachmann, Anrufung des Großen Bären, 1956.
[15] ‘Hoe dôf is winliken in kwartel.] // Hoe dôf is winliken in kwartel. // Wat seiste? // Hoe dôf is in kwartel. / Wat? // Seidest wat.’ Hans Faverey, Chrysanten, roeiers, Verzamelde gedichten, 1993, 279.
[16] Hettinga, ‘Oer de poëzy fan Trinus Riemersma’, De Vrije Fries, nr. 1, 2013.
[17] Krol, ‘hermeneutica’, Fossyl fan fjûr, 1978, 8.
[18] Krol, ‘wat is de ienheid fan myn smel bestean’, Korrektyf, 1983, 19.
[19] Van der Mear, It ûnfermogen fan it wurd’, Trotwaer (1), 1983, s. 54-58.
[20] Wind, ‘Ferlinge ferline III’, Utein, 1985, 15.
[21] Wind, ‘Remedie’, Plaatselijke tijd, 1997, 19.
[22] Wind, ‘It lêste fers’, Op alle dagen, 1995, 60.
[23] Abma, ‘Ut it neat’, (Te Fûnling), Troch eigen lânskip, 2012, 302.
[24] Faverey, Verzamelde Gedichten, 1993, 319.
[25] Abma, ‘Palimpsest’, (Te Fûnling), Troch eigen lânskip, 2012, 317.
[26] Abma, ‘eksterne poëtika’, ‘poëtika’ en ‘dichter’ (s. 243), Troch eigen lânskip, 2012, 197, 279 en 243.
[27] Hettinga, ‘Yn de arena mei de goaden. Abma ferslacht Abma,’ De Moanne, 2005, 33-37.
[28] Wind, ‘Yntrek’, Plak, 1996, 60.
[29] ‘Achterberg (…) is de earste dichter dy’t in grutte en bliuwende ynfloed hân hat,’ skriuwt Philippus Breuker yn syn ynlieding by de sammelbondel Troch eigen lânskip.
[30] Abma, ‘Moeting’, út: Moeting (1993), Troch eigen lânskip, 2012, 271.
[31] Abma, ‘De ferlerne soan’, út: De Iken fan Dodona (1976), Troch eigen lânskip, 2012, 146.
[32] Abma, ‘ienheid’, Troch eigen lânskip, 2012, 445.
[33] De Vries, Skielk beart de hjerst, 2005.
[34] Hettinga, De leugen op ‘e dyk / De leugen op de weg. In krityk, in pleit, 2008, s. 3
[35] ‘Earme nacht; folrinnend yn it ûntbrekkende] // Earme nacht: folrinnend yn it ûntbrekkende, / om oant it uterste benut / te wurden, / al mar om en om yn syn rûnte, / meidat leafde, kear oan kear, // dêrút it fuortkommende is: krekt // omdat altyd noch it wer ljocht wurdt. Of, / itselde oars sein: hoe wetter, // nei al syn omswervjen, weromkeart / nei deselde stien, dizze krekt salang / súntjes kribelet, oant staf-oer-nacht / in readhierrige blonde brunette / by de wâl ferskynt en huverjen / himsels jeit troch al dat reid hinne, / al wat syn rûnten seit.’, Hans Faverey, Verzamelde gedichten, 1993, 637.
[36] ‘Sûnder begear, sûnder hope] // Sûnder begear, sûnder hope / op beleanning, ek net út eangst foar straf, / de domdryste, de ûnmeilydsume /skientme // te fiksearjen, dêr’t leechte har meidielt, / himsels útsprekt yn it besteande. // Wol de god dy’t him yn my ferburgen hâldt / my hearre, my útsprekke litte, / eardat er my mei stommens slacht en my / deadet dêr’t ik by stean, dêrsto by stietst.’, Hans Faverey, Verzamelde gedichten, 1993, 655.