Deensk-Palestijnske dichter Yahya Hassan (1995-2020) – Yn ‘e knier tusken twa kultueren

(03-07) ‘Een explosie van poëzie. Het gaat in één stroom door, ik heb daarin eigenlijk geen zwak moment ontdekt, zo sterk. Ik moest aan Jean Genet denken die ook een misdadig leven had, die ook diezelfde kracht had. Een groot schrijver wat deze dichter ongetwijfeld ook is.’ Dat wie yn 2014 it sizzen fan skiruwer en dichter Remco Campert oer de debútbondel ‘Gedichten’ fan de jonge, ein april ferstoarne Deensk-Palestijnske dichter Yahya Hassan.

De oarsaak fan syn dea is net bekend makke. Krekt foar syn hinnegean waard de dichter syn twadde bondel yn Noarwegen nominearre foar de prestisjeuze Nordic Council Literature Prize. Mooglik dat dy priis him dizze hjerst postúm taparte wurdt.

Nettsjinsteande alle literêre kontakten tusken Fryslân en Denemarken  – Fryske dichters giene yn 2018 op toernee troch Denemarken en ferfrysken wurk fan Deenske kollega’s – foar de dea fan Yahya Hassan, de angry young man fan de Deenske poëzy, wie yn de Fryske literêre blêden en tydskriften opmerklikernôch gjin omtinken.

Nei oanlieding fan de dichter syn ferstjerren kaam it supplemint fan The Guardian ferline wike mei in paginagrutte skôging oer de dichter syn wurk, in stik dat mei rjocht útein sette mei in motto fan Henry Miller: ‘The future is all his, even though there be no future’, in biedwurd dat ferwiist nei Miller syn stúdzje oer de poète maudit Arthur Rimbaud.

De dea fan de dichter en it stik yn The Guardian brochten my werom by de skôging dy’t ik nei oanlieding fan syn debútbondel Gedichten yn 2014 skreau en dêr’t ik hjirûnder de licht wizige tekst fan jou.

botsende beskavings

Yn syn poëzy lit Hassan him oer alle boegen sjen as de dichter fan de botsende beskavings. Beknypt yn de knier tusken twa kultueren jout er lucht oan syn woede tsjin in miljeu dêr’t yn optilt fan húslik geweld, kriminaliteit en yndoktrinaasje troch it leauwe. Hassan seach de migrantebern as in generaasje fan  wezen en ferskovelingen.

De sterk autobiografyske fersen kypje der út troch harren krêftige toan en emosjonele fûleindigens. Ûnmeilydsum hurd wurdt de hypokrisy fan de moslimgeneraasje fan syn âlden bleatlein, in generaasje dy’t mei de hân op de koran alles docht wat dyselde koran harren ferbean hat.

(…) MY IK BEKAMP JIMME MEI WURDEN
DY’T JIMME BEANTWURDZJE SILLE MEI FJOER

Fan de goed 160 siden tellende bondel Gedichten giene inkeld  yn Denemarken  al – it lân hat goed fiif miljoen ynwenners – mear as hûnderttûzen eksimplaren de toanbank oer. It debút waard ûnder mear bekroand mei de Deenske debutantepriis, de Politikens Litteraturpris en de Weekendavisens Litteraturprisen.

Bûtenlânske útjouwers sille by dy ferkeapsifers fansels pekunia rûkt hawwe, dochs ûnderwrot it troch guon as mediahype delsette dichtersdebút net de kwaliteit fan Hassans poëzy. De dichter hat wat te fertellen. Yndrukwekkend binne syn beswarrende, as oanklacht brochte foardrachten. Wat in kracht, wat in stim! Wat in ritme, wat in rep!

geweld

Yahya Hassan (1995) groeide op yn ien fan de achterstânswiken fan de Deenske havenstêd Aarhus, yn in húshâlding dêr’t slaanderij skearing en ynslach wie. De dichter jout dêr ûnder mear in ympresje fan yn it iepeningsgedicht ‘JEUGD’ yn Gedichten:

FIIF BERN OP IN RYCHJE EN HEIT MEI IN KNEPPEL
RUNOM MOARTSJEN EN IN POEL FAN MICH
WY STUTSEN OM BAR IN HAN UT
OMWILLE FAN DE FANSELSSPREKKENDHEID
DAT LUD AS DER IN KLAP FALT…
SUSTER  DY’T  RIMPEN HIN’ EN WER HIPT
FAN DE IENE FOET OP DE OARE
DE MIICH DY’T AS IN WETTERFAL BY HAR SKONKEN LANS
EARST DE IENE DAN DE OARE
DUORRET IT TE LANG DAN FALLE DE KLAPPEN YN ’T WYLDE WEI
EN IN KLAP IN GJALP IN GETAL 30 OF 40 SOMS 50
IN LESTE KLAP TSJIN DE KONT OP WEI NEI BUTEN
HY PAKT BROER BY DE SKOUDER EN HYST HIM OEREIN
GIET FIERDER MEI SLAAN EN TELLEN
IK SJOCH FOARDEL EN WACHTSJE OANT IT MYN BEURT IS
MEM SMYT OP DE TREPPEN BUORDEN STIKKEN
UNDERWILENS DOCHT AL JAZEERA STREEKRJOCHT FERSLACH
HYPERAKTIVE BULLDOZERS EN UTINOAR SKUORDE LICHEMS
DE GAZASTROOK YN DE SINNE
(…)

As puber makke Hassan syn skoalle net dien, bedarre op it kriminele paad. Yllustratyf binne ferstitels as ‘Politiejacht I’ (s.75), ‘Poging tot roofoverval’ (s.79) of ‘Politiecel’ (s.81). Algeduerigen hie er de plysje om ’e teannen. Hy dealde, snúfde en blowde him suf oant er lang om let nei in gesticht foar ‘moeilijk opvoedbare kinderen’ stjoerd waard.

biblioteek

Op dat plak krige er de smaak fan it lêzen te pakken. De biblioteek bea him in útwei. Hy lies Dostojevski en Walt Whitman, ûntduts de poëzy fan de jong ferstoarne Deenske dichter Michael Strunge (1958-1986) en begûn sels te skriuwen.

De bondel Digte, oftewol Gedichten, útjûn by de Bezige Bij, soarge yn 2013 foar in soad opskuor. De dichter syn krityk op de skynfrommens en it geweld binnen it Deenske moslimmiljeu waard him net yn tank ôfnaam.

Hy waard mei de dea bedrige, waard op it treinstasjon fan Kopenhagen nadere troch ien of oare wyldeman dy’t him sa ferwûne rekke dat er yn it sikehûs bedarre. De man woe hawwe dat de dichter yn syn oardiel oer de generaasje ymmigranten dêr’t syn âlden ta behearden ‘te generalisearjend’ wie. De dieder gyng foar fiif moanne de bak yn.

Yahya Hassan (1995-2020)

Yn dyselde snuorje klage de Deenske politikus Mohamed Subeban oanklage fanwegen rasistyske útspraken oer syn âlden en de moslimmienskip yn Denemarken. De wrâld op syn kop of hoe synysk wol men it ha.

kûgelfrij fest

Dêr’t de plysje him eartiids achter de fodden siet, dêr hie de dichter dyselde Hermandad tenei hurd nedich as befeiliger en liifwacht. Sûnder kûgelfrij fest koe er fanwegen syn kontroversjele poëzy en útspraken net mear de strjitte op.

Oer syn tirades tsjin de dûbele moraal fan de moslimreligy liet er yn in ynterview mei NRC moai relativearjend, witte:

‘Voor de duidelijkheid: ik ben geen islamcriticus. Ik ben iemand die zo nu en dan een gedicht schrijft. De dingen die ik bekritiseer, hypocrisie, geweld en fraude, zijn niet aan moslims of de islam voorbehouden. Dat is menselijk gedrag dat je bij allerlei soorten mensen en verschillende religies terugvindt. Maar ik ben niet christelijk of joods, ik kom uit een moslimgezin. Dat is mijn achtergrond, daarom praat ik erover. Ik heb niet de referenties om over andere dingen te praten.’

kapitalen

Wa’t de bondel Gedichten lêst, wurdt gewaar dat Hassan oer alle boegen stim en foarm jout oan in hybride identiteit, ynbegrepen alle dêrby hearrende twivels, ferdield en teskuord as syn generaasje is tusken twa of mear kultueren, religy’s en politike systemen.

Foaral de earste, har yn de jierren tachtich yn Denemarken nei wenjen settende ymmigranten, dêr’t ek dichter syn âlden by hearden, hawwe gauris de oanstriid (hân) en slút harsels op yn it ghetto fan inkeld de eigen islamityske wearden, fier fuort fan de ferdjerlik beskôge Westerske ferliedingen.

Sa is der it tema fan it jin net thús fiele kinnen, net yn Denemarken, mar likemin yn it lân fan syn âlden, de Gaza. Dy spjalt komt ûnder oaren nei foaren yn it lange, tritich siden tellende slotgedicht ‘Invaller’. Derút it neifolgjende, bewust taalferhaspele fragmint:

MY IK BIN DE IDIOATE SOAN
MY IK HAW RUILE MYN TRENINGSBROEK
FOAR SIVILISEARRE EN PASSENDE STRAKKE SPIKERBROEK
MY IK BEKAMP JIMME MEI WURDEN
DY’T JIMME BEANTWURDZJE SILLE MEI FJOER
MY IK BIN KAFFER MY IK BIN MUNAFIQ
MY IK BIN HUN
MY IK BIN SMOARCH MYN SIEL IS ROPPICH
EN NEIST AL DY MISDIEDEN IK TE SLOMJEN SIT YN
DE FOARJIERSSINNE

De rigels roppe assosjaasjes op mei dat iene, magistrale ‘Rotterdamske’ gedicht ‘Mi have een droom’ fan Ramsey Nasr: ‘mi was nog maar een breezer als mi moeder zo zei: “azizi / doe gewoon jij, doe je gekke shit genoeg, wees beleefd, maak geen tsjoeri / toon props voor je brada, zeg ‘wazzup meneer’, ‘fawaka’ – en duh / beetje kijken op di smatjes met ze toetoes is no trobbi / beetje masten, beetje klaren & kabonkadonk is toppi / aber geef di goeie voorbeeld, prik di chickies met 2 woorden.”

anty-poëzy

De poëzy fan Yahya Hassan is bepaald gjin spul fan keunst-om-de-keunst, mar beslacht de rauwe werklikheid sels. Yn dy sin giet it eins om in foarm fan anty-poëzy. Syn sprektalige, sterk ritmyske en yn kapitalen skreaune gedichten dy’t sûnder ynterpunksje binne, litte tinke oan it betide wurk fan de dichters om it Fryske tydskrift Quatrebras hinne, yn it bysûnder oan de fersen fan Hessel Miedema, bygelyks it foar in part yn kapitalen skreaune ‘Fers II’ út Op ‘e literaire toer (s. 15):

‘Mar oeheden
oeheden
as jim it besteane
en miene dat dit alles ivich is
HWANT IVICH BIN IK ALLINNICH
JIMME DEADEN DEA // oeheden
as jim it besteane
en miene dat Gods ljocht
út jimme bline eagen skynt
dizze pretinsje sil
nammentlik net dulde wurde

Ek al sit der tusken Hassan syn fersen wolris in misprint, want bytiden tefolle ‘skreau’, dochs steurt dat net, al wie it mar omdat alle goede literatuer foar net in lyts part de utering is fan in (altiten problematyske) minsklike frijheid.

Poetry International

Nettsjinsteande alle lofsang oer syn debút Digte krige de dichter yn 2014 net de kâns om syn lûd op Poetry International nei foaren te bringen. ‘We hoorden pas dat Hassan naar Nederland kwam toen wij het programma al klaar hadden. Hij kon er niet meer tussen,’ wie it sizzen fan wilens âld-direkteur fan ‘Poetry’ Bas Kwakman.

Op de fraach fan útjouwerij De Bezige Bij oft it programma net omsmiten wurde koe, liet de op safe en feilich(heid) gokkende Kwakman witte, en ik sitearje de Volkskrant: ‘Daar zagen wij, na lezing van de bundel, geen aanleiding voor. Vind je hem zo goed dan?’

It iennige wat de lieding fan ‘Poetry’ de dichter biede woe, wie in achterôf-plakje yn it festivalkafee. Dank je de koekoek, sei útjouwerij, te min foar in dichter fan it formaat Genet, dus wie it eksit ‘Poetry’ foar de rebel Yahya Hassan.

By Poetry International sil men benaud west hawwe foar rellen en reuring, mooglik ek foar rjochtsekstreme figueren dy’t moedwillich de krityk fan de dichter op de moslimmienskip misbrûkend, it feestje fan ‘Poetry’ ferbruie kinne soene.

Ynstee fan in ferferstivalisearring fan de poëzy – de dichter as entertainer, it gedicht as ferdivedaasje – soe de literatuer dochs ek it debat losmeitsje moatte. Poetry International hie dêrta de kâns hân.

Remco Campert

De poëzy fan Hassan inkeld mar ôf te wizen, omdat syn yn grutte oplagen de winkel útfleanend wurk de frucht wêze soe fan in p.r.-offinsyf fan handige (bûtenlânske) útjouwers, is nochal koart troch de bocht.

Fan datoangeande bin ik it iens mei it kommentaar dat Remco Campert yn dit ramt nei foaren brocht: ‘Ik geloof toch vooral dat het de poëzie zelf is en een wereld die men niet kent, natuurlijk. (…) Ik vind het pleiten voor de Denen, om welke reden ze zijn werk ook lezen.’

PLASTIC BLOEM

IN DE FLAT DIE IK DE FIK ZETTE
ATEN WE ALTIJD VAN DE GROND
VADER SLIEP OP EEN MATRAS IN DE KAMER
MIJN BROERS EN ZUSTERS WAREN AL GEBOREN
WAREN OVER DE FLAT VERSPREID
EEN BIJ DE COMPUTER
EEN KRUIPEND OP DE VLOER EN EE BIJ MOEDER IN DE KEUKEN
ALS JE NIET OPHOUDT JE BROERTJES EN ZUSJES TE PLAGEN
VERBRAND IK JE
ZEI MOEDER MET VADERS AANSTEKER IN DE LUCHT
MAAR TOEN ZE HEM WEGLEGDE
WAS IK HAAR VOOR
IK STAK HET DING IN MIJN ZAK EN SCHUIFELDE SCHULDIG WEG
GING IN DE HOEK ZITTEB TUSSEN DE RADIATOR EN DE BANK
LIET DE VLAM DE PLASTIC STEEL TONGEN
IK ZAT DAAR TOT IK ER NIET LANGER KON ZITTEN
LIEP EEN EINDJE WEG EN KEEK NAAR DE VLAMMEN
TOEN NAAR VADER
EN DACHT DAT HIJ MAAR BETER KON BLIJVEN SLAPEN
(…)

SKOTELANTENNE

WY HIENEN GJIN DEENSKE STJOERDERS
WY HIENEN AL JAZEERA
WY HIENEN ALARABYA
WY HIENEN GJIN PLANNEN
WANT ALLAH HIE GRUTTE PLANNEN MEI US
HEIT NAAM MY MEI NEI DE HILLIGE MOSKEE YN DE HILLIGE MOANNE
ELKE JUN NEI IT ITEN DIENEN WY US GEBED
WY BIDDEN OANT WY NET MEAR OP US FUOTTEN STEAN KOENEN
WY BLEAUNE MAR BIDDEN EN IK KRIGE IN KOLA EN IN KITKAT
HY WAARD IN OAR YN DE MOSKEE
GODSFRUCHTICH EN LEAFDEFOL
IK SIET TUSKEN SYN FUOTTEN
LINE TSJIN SYN BOPPELIIF
IT WIE DERRE TIDENS DE PREEK BY DE IMAM
DAT ER MY PARTE
DOE’T WY NEI HUS RIEDEN FOEL IK UT DE AUTO
IK TOCHT DAT ER PARKEARJE WOE
MAR IK IEPENE IT PORTIER YN IN U-BOCHT

=

Eeltsje Hettinga, 1 juli 2020

Yahya Hassan, Gedichten, [oorspronkelijke titel Yahya Hassan], vert. Lammie Post-Oostenbrink, De Bezige Bij, Amsterdam, 2014.

Sjoch ek: Eeltsje Hettinga – Pen Nederland en de nije selssinsuer, 15 maaie 2015.