Verklärte nacht – Kadaverbak de dagen

I

It ûntjout him mei de kracht fan orkanen:
de macht, dy’t, neare nacht, de koppen
en troanjes sjen lit fan Pol Pot, Saddam,
Assad en oar twalettergrepich rakmak.
Hoe’t in blaffen harren tiranny tekenet.

II

It wennet heech yn blausangene bergen,
boartet tik mei har bern ûnder de klanken
fan Bach. Yn it dal fervet alwilens bloed
de snie-oerdutsen weareld, mei gjalpen,
beselskippe fan in drok blaffen en bearen.

III

Mei tomskroeven, rektafels en krusigjen
skept skiednis it dûnkere liet fan lange
martelgongen. Kadaverbak de dagen
by in alles tebaarnende sinne, in stoart
mei koffers, skuon en paspoarten fersille

IV

Hjoed  brochten de weagen in dea bern op.
In frou helle har de mûle en rokken iepen
by it stikeltried om it swijende antlit fan
Europa hinne. Neaken har gong, de see yn.