J.J. Slauerhoff – ‘Liefde in ’t Oosten is een wespennest of een moordkuil.’

(29-01) In pear ier ferlyn krige it Letterkundich Museum yn Den Haach twa albums taskikt mei in tal net earder publisearre foto’s fan Jan Jacob Slauerhoff. Op ien derfan stiet de dichter foar it stek fan in Javaanske filla yn Soerabaja. Njonken him in frommeske yn in rutense simmerjurk, Lenie van der Goes. Se liet har skiede fan har man, in dokter dy’t in praktyk op Midden-Java hie, omdat se mei de dichter yn ’e boask woe. It soe útrinne op in tragyske brek. Slauerhoff woe en koe him net bine.

J.J. Slauerhoff – Lenie van der Goes (courtesy foto r. – Doeke Eisma)

De dichter-dokter foer yn dy dagen, healwei de jierren tweintich, as skipsdokter op ien fan de fjouwer fracht- en koelyboaten fan de Java-China-Japan Lijn. Yn ’e maitiid fan 1927 kaam er yn Soerabaja oan, de havenstêd oan de mûning fan de Kalimasrivier oan de Javaanske noardkust.

De Tjinanoek, it stoomskip dêr’t er in reis op dien hie, moast yn it dok. Foar Slauerhoff in moaie gelegenheid om in skoft ferlof te nimmen. Yn Soerabaja lykwols waard er slim siik. Hy hie malaria ûnder de lidden. Boppedat waard er wer ris pleage fan syn âlde kwaal, angina. Hy wie algeduerigen koart op ‘e siken, fielde him swak, slop en krêftleas.

Harns

Yn Soerabaja waard er oppikt troch dr. Karl Gramberg, in freon en stúdzjegenoat dy’t oarspronklik fan Harns kaam. Tegearre tuften se yn in âlde Ford-auto nei Kelet, in lytse stêd op Midden- Java, in foech twahûndert kilometer fan Soerabaja.

Slauerhoff wie der by oankomst sa min oan ta dat er opnommen wurde moast yn it Doopsgesinde Sindingsikehûs fan Kelet-Tajoe, in hospitaal dêr’t Gramberg foar in part syn wurk hie. Neist syn baan as bedriuwsdokter by in rubber.ûndernimming en in sûkerfabryk hie er, drok baaske as er wie, syn eigen húsdokterspraktyk yn Kelet, mei pasjinten út Sineeske en Nederlânske húshâldingen.

Slauerhoff klaude nei syn opname stadichwei by de wâl op. Der wie romte ta skriuwen en tiid ta in royaal sosjaal libben. Mei Gramberg koe er jûnen oanien prate oer Harns, de eilannen, harren studintetiid yn Amsterdam.

Karl Gramberg

Ek medyske saken – Gramberg wie in kundich en bekwaam leprolooch – hiene beider belangstelling. Wiidweidich waarden de wantastannen op de koely- en frachtskippen fan de Java-China-Japan Lijn bepraat, benammen as it om de breklike kwaliteit fan de skipsdokters gie.

Beide hearen koene mei inoar lêze en skriuwe. As it Gramberg sa útkaam, wie er net te beroerd om Slauerhoff yn te skeakeljen by in breukoperaasje. ‘Dat deed hij vrij nonchalant, hoewel hij geen ervaring op dat gebied had, maar hij handelde niet zo dat ik dacht: De volgende keer mag hij weer assisteren.’

doktersfrou

Oan Gramberg syn praktykwaarnimmer, de jonge dokter Leendert Daniël Eerland (1897-1977), siet gâns minder slinger. Hy wie ambisjeus, hie net folle op mei de oplieding sa’t Gramberg dy oan de ‘inlanders’ joech, sa’t ek Gramberg syn manier fan húsdokterjen him net altiten sinnige.

Eerland seach syn ferbliuw op Java yn it foarste plak as in trochgongsstasjon, in mooglikheid om hegerop. Hy soe letteroan heechlearaar sjirurgy wurde oan de RUG yn Grins.

Doe’t Slauerhoff fernaam dat Gramberg syn wurk yn it Sindingssikehûs Kelet-Tajoe foar in skoft opsizze woe – hy wie fan doel om .ûndersyk te dwaan yn de leprakoloanje Donoredjo op East-Java – wie dat de dichter min nei it sin.

Hij zocht toen troost bij de vrouw van mijn opvolger, die ook maar alleen zat. Zij klaagde dat haar man zelfs als ze ’s middags thee zaten te drinken met een dik boek op zijn schoot zat te studeren.’

‘Toen ik aanstalten maakte om een poosje uit het ziekenhuis weg te gaan,’ skriuwt Wim Hazeu in syn Slauerhoff-biografy, ‘hield Slauerhoff mij tegen met de woorden: ‘Ik wil jou hier hebben!’ waarop ik zei dat ik het te druk had en weg moest naar de leprakolonie. Hij zocht toen troost bij de vrouw van mijn opvolger, die ook maar alleen zat. Zij klaagde dat haar man zelfs als ze ’s middags thee zaten te drinken met een dik boek op zijn schoot zat te studeren.’

Lenie van der Goes en Slauerhoff yn Soerabaja

De frou yn kwestje wie Lenie van der Goes (1898-1973), Eerland syn wettige frou. Se hie him kennen leard op it Erasmiaansch Gymnasium yn Rotterdam, dêr’t se de dichter Leopold as learaar Nederlânsk hân hie. Letteroan soe se noch in MO-akte Ingelsk dwaan, mei dêrnjonken in oplieding ta apotekersassistint.

Slauerhoff dy’t him op Kelet graach fan har beselskipje liet, gong mei har te kuierjen, te teedrinken en te hynsteriden. Van der Goes rekke fereale op ‘de magere dokter’. Op in stuit wie se derfan oertsjûge dat se mei gjinien oars fierder woe as mei Slauerhoff.

Se liet har man witte dat se fan him skiede woe. Binnen it lytse wrâldsje fan Europeanen yn in Yndysk doarp lykas Kelet waard soks sjoen as in deasûnde. Eerland sette by alle skande en alteraasje nei Nederlân werom en liet de takomst fan syn eks yn Nederânsk-Ynje oan Slauerhoff oer.

‘Naar de bliksem’

Oer de dichter syn relaasje mei Lenie van der Goes skriuwt Wim Hazeu yn syn Slauerhof-biografy. ‘De liefde van Java, Lenie van der Goes, wilde te snel de vrouw van de dokter worden, maar had te weinig oog voor de dichter.’

Onder het zonnezeil

Onder het zonnezeil, verrukt door den wind,
Zit ik gelukkig.
’t Noodlot is nukkig,
Maar er blijft niets meer dat me aan ’t leven bindt.
De vrouwen, vroeger voor eeuwig bemind,
Liet ik gelukkig
Vroegtijdig achter zonder kind.
Ik heb genoeg aan de natuur,
Altijd grootmoedig,
En aan de stille of stormende oceaan,
Eindloos voorspoedig.
Een vluchtig avontuur
Houdt me even opgetogen:
Meeuw, door een golf bewogen,
Veilig bevleugeld, toebehoorend aan
’t Onmeetlijk, onuitputtelijk azuur.


Under it sinneseil

Under it sinneseil, oeral fan de wyn,
Sit ik en bin lokkich.
’t Needlot is bokkich,
Mar der bliuwt neat oer dat my oan ’t libben bynt.
De froulju, ienris ivige leafde bean,
Liet ik gelokkich,
Yntiids achter, sûnder neiteam.
Ik haw genôch oan de natuer,
Altyd belangeleas,
En oan de stille of stoarmjende oseaan,
Lokkich en einleas.
In flechtich avontuer
Skinkt my even it geniet:
Miuw, dy’t fan in weach opriist,
Safe en sterk befleug’le op ’e hearbaan
Fan ’t ûnmjitlik, ûnútputlik azuer.

Vert. EH

Carl Doeke Eisma, in oantroude neef fan Lenie van der Goes, dy’t tegearre mei har soan, Doeke Eisma, it libbensferhaal fan harren muoike en mem op papier setten, skriuwt my ‘dat de opmerking van Hazeu kant noch wal raakt. Ze was al de vrouw van de dokter geweest en ze heeft juist door Slauerhoff belangstelling gekregen voor de literatuur en andere vormen van kunst.’

Mar lykas sa’n soad fan Slauerhoff syn ferbyntenissen mei froulju rûn ek de ferhâlding mei Lenie van der Goes op ’e non. ‘Slauerhoff had het,’ sa skriuwe de Eisma’s, ‘niet makkelijk met deze situatie zoals wel vaker het geval was. Hij was vaker verliefd geworden op een vrouw en dit was zeker niet de laatste keer. Hij moest kiezen tussen vrijheid en gebondenheid en dat kon hij niet, sterker nog, dat wilde hij niet.’

Tekenjend is miskien wol de distânsje tusken de twa as hja yn Soerabaja foar it túnstek fan de Javaanske filla posearje. As de dichter yn de simmer fan 1927 beslút om oan te meunsterjen foar in nije reis op ien fan frachtskippen fan Java-China-Japan Lijn, dan is der mei syn fertrek ûnwillekeurich de fraach mank oft er mooglik fan ruten spile? Foarseach er dat syn ferhâlding mei Lenie van der Goes misbeteare soe?

Hy ferwachte yn alle gefallen problemen. Yn dy ferheftige Javaanske dagen soe safolleresom bliken dwaan dat de dichter net by steat wie en gean in oarderlik en boargerlike ferhâlding oan. Foar in houlik skrille er tebek.

Wannear’t him sa altemets yn it stik fan de froulju of dat fan de literatuer frege waard: ‘Waar moet dat naar toe…’, dan wie it antwurd steefêst: ‘Naar de bliksem.’ Of hy sei, lykas yn it gedicht ‘Onder het zonnezeil’: De vrouwen, vroeger voor eeuwig bemind,/ Liet ik gelukkig / Vroegtijdig achter zonder kind.’

Dat ûnfermogen en begjin in boargerlik bestean beslacht tagelyk ek syn wanhope. Botte fernuverjend is it net wannear’t de dichter yn it gedicht ‘Á la Rossetti’ (1927) it lyrysk subjekt sizze lit: ‘Ik wist innig-zeker / dat ik verdoemd ben.’

Oan syn kollega-dichter Hendrik Marsman skreau er yn april 1927: ‘Wat de ‘ergste werkelijkheid’ betreft. Ik had verlof tijdens dokken schip, werd hier spoedig ziek, angina malaria, ben na 3 weken hersteld zeer slap, moet over een week weer varen. Verder zit ik in een Oost Aziatisch wespennest waar ik misschien nooit meer uitkom. Toch. Of ik over een half jaar (October) terugkom is zeer dubieus.’

In soartgelikense alinea oer de leafde komt nei foaren yn in oare brief oan Marsman: ‘Ik schrijf b.v. liefde in ’t Oosten is een wespennest of een moordkuil.’ Marsman op syn bar skriuwt him heal spottend werom: ‘[…] kun jij [ook] niet eens in liefde onderduiken…?’

albums

Dochs stie er noed foar syn nije freondinne Lenie. By ien fan syn lste reizen nei Indië en Sina soarge Slauerhoff dat se ûnderdak krige by de publisist en lettere heechlearaar Frånske taal en letterkunde oan de universiteit fan Amsterdam, Johannes Tielrooy yn Soerabaja, kunde dy’t er kennen leard hie yn Haarlim.

De foto’s dy’t er op dizze skipsreizen makke – Slauerhoff besocht  ûnder mear de Sineeske havenstêd Macao – joech er oan Lenie. Se garre en bewarre it materiaal, makke dêr in pear albumboeken fan, wylst se de foto’s mei de hân fan ûnderskriften foarseach.

‘Ik schrijf b.v. liefde in het Oosten is een wespennest of een moordkuil. H. schrijft welmenend terug: ‘[…] kun jij [ook] niet eens in liefde onderduiken?’

Letteroan betanket Slauerhoff de Tielrooys foar harren gastfrijheid. ‘Anders zat ze in een of ander ellendig vervelend pension’. Fan in houlik mei Lenie van der Goes soe it lykwols net mear komme. Se sette allinnich, nei Europa werom.

Se soe dêr, sa wie it doel, op Slauerhoff wachtsje, mar al wat opdaagjen kaam, gjin Slauerhoff. Wol soene se inoar noch in pear kear moetsje, ûnder mear yn Marseille. Dêrnei ferlearen se inoar stadichwei út each.

Opnij en foar de safolste kear ferkaam in leafde. Heleen Hille Ris Lambers, de dochter fan predikant Cornelis Hille Ris Lambers fan Jorwert, Truus de Ruyter en tal fan oare froulju wiene Lenie van der Goes foargien.

Macao

Lenie van der Goes troude letteroan yn Swolle mei Molle Eisma (1902-1935), krige ien bern, in soan, Doeke Eisma, dy’t se nei it betide dea fan har man allinnich grutbringe moast. Se hie min ofte mear anonym weiwurde yn de krochten fan de letterkundige skiednis, as de soan en muoikesizzer, Doeke en Carl Doeke Eisma, net it libbensferhaal fan har man en harsels op papier set hiene.

De op Boazum berne Doeke Eisma – syn heit wie skuonlaper, syn mem pottebakker – begûn as arbeider by it spoar yn Swolle en die ûnder mear mei oan de grutte ‘spoorwegstaking’ fan 1903. Syn soan Molle dy’t fia alderhande jûnstúdzjes, foar in part betelle troch de S.D.A.P, soe .úteinlik yn ’e nominaasje komme foar in learaarski plant- en dierkunde oan de HBS yn Den Haach.

Dy baan waard in pear jier letter ynruile foar in learaarskip oan it Kennemer Lyceum yn Haarlim, dêr’t er de skriuwer, learaar en natuerbeskermer avant la lettre Jac. P. Thijsse opfolge.

Mei op oantrún fan Thijsse waard er meiwurker oan De Levende Natuur, destiids ek wol ‘het tijdschrift voor de natuursport’ neamd, in blêd dêr’t alderlei natuerferskynsels en waarnimmings yn beskreaun waarden foar ‘de leek’. Tagelyk skreau er oan syn proefskrift De differentiatie van het derde stadium van de larven der ancylostomidae van mensch, hond en kat.

De troch Van der Goes gearstalde albums mei Slauerhoff-foto’s bedarren yn it Letterkundich Museum yn Den Haach. It wie in skinking fan har soan, Doeke Eisma jr. (1932). Ynearsten woe er as skinker anonym bliuwe. Omdat syn neef Carl Doeke Eisma dy’t dwaande wie mei in ferhaal oer syn muoike,oantrúnjen bleau,  joech er lang om let de permisje om syn namme buorkundich te meitsjen.

Guon foto’s binne op Java nommen, oaren litte bygelyks Slauerhoff yn syn skipshutte sjen. De dichter naam op syn skipsreizen faak ek foto’s fan himsels, betide selfies. Soms liet er him portrettearje troch de skipsbemanning.

In oar part fan it unike, troch Doeke Eisma skonken fotomateriaal is yn Macao nommen, de eardere Portugeeske,koloanje oan de Sineeske kust, dêr’t Slauerhoff syn grutte roman Het verboden rijk spilet.

Eeltsje Hettinga

À la Rossetti

Steeds ben ik met den vijand in mijzelf
In bangen worstelstrijd op leve’ en dood.
Hij wint vaak veld met Afschuw van mijzelf,
Met ziekten en verraad tot bondgenoot.

Totdat mijn Zelfbewustzijn: trotsch gewelf,
Over mij instort; den genadestoot
Verbeid ik lang, woel mij dan langzaam bloot
En kom met tegenzin weer tot mijzelf.

Opnieuw dan strijd: voor immer onbeslist.
Soms tracht, ontwijkend, ik weer één te worden,
Vraag zelfs een vrouw of zij mij steunen wil,
Hoewel ik altijd innig-zeker wist
Dat ik verdoemd ben, al mijn kracht verspil,
Chaos behoor en nimmer raak tot Orde.

À la Rossetti

Altyd bin ik mei de fijân yn mysels
Yn bange wrakselstriid op libben en dea.
Hy wint faak fjild mei Ôfkear fan mysels,
Sykten en ferried spanne mei him gear.

Oant myn Selbewustens: grutsk gewelf,
Boppe my ynstoart: de klap fan de dea
Dy’t langer driget, wrot my dan starich bleat
En kom mei wjersin wer ta mysels.

Opnij dan striid: foar altyd ûnbeslist.
Soms, ûntwikend, besykje ik en wês wer ien,
Freegje sels in frou om stipe en rjocht,
Hoewol’t ik inerlik-fêst altyd wist
Dat ik ferdomd bin, al myn krêft ferdoch,
Gaos behear en nearne net Oarder fyn.

Vert. EH

 

Lenie van der Goes (courtesy Doeke Eisma)

Literatuer

  • J. Slauerhoff, Verzamelde Gedichten, bezorgd door Hein Aalders en Menno Voskuil, Singel Uitgevers (Nijgh & Van Ditmar), 2018.
  • Doeke Eisma en Carl Doeke Eisma, ‘Mijn moeder en de dichter’. [preprint]
    Carl Doeke Eisma, ‘Molle Eisma: één der jongere voormannen van de SDAP.’
  • Wim Hazeu, Slauerhoff, een biografie, De Arbeiderspers – Amsterdam-Antwerpen, 1995.

Mei tank oan de muoikesizzer fan Lenie van der Goes, Carl Doeke Eisma.

 

  • Eeltsje Hettinga wie de 1ste dichter fan Fryslan (2017-2019).
  • Meast resinte publikaasjes: Nachtspraak (poëzy, 2019), Ryzjy yn it Frysk (2019), Katern Dichter fan Fryslân (poëzy, 2019), animaasjefilm It skip, tegearre mei Anne Fie Salverda (2020).