Mist, sis ik, mist – Portretten –

DE STIMMEN

‘Real things don’t frighten me,
just the ones in my mind do.’
Francesca Woodman (1958-1981)

Mist, sis ik, mist,
mist under de tichte finsters fan
dit pakhûs yn de oere
achter it glês dat langeroan
gjin útsjoch skinkt, oars net as it bline,
lûd omdrippende beamte dêr’t
winterwyt in âld lústerjen yn omgiet:

Hee, do hjir ek, do Mister Ik,
teminsten wannear’tst dat werklik bist?

Nee, ik bin net ik, sis ik,
opknipt as ik bin
yn tûzen en ien stikken: in grinsstêd
mei parken en flats, oan flarden.

(Aleppo, Aleppo reauntet de nacht
dy’t fan Jheronimus is.)

Wa oft wy allegearre wol net binne,
in raar spookteater fan stikken
en stimmen, sis ik.

Ik, de bloedholle fan Shaabani,
in wreed ta splinters sleine mûle, ai,
hoe’t op in nacht harders troch aorta’s lutsen. –

Ik woe, Tiid wie de achterkant fan geweld:
in kolonel, de reade sirkusnoas op,
tachtich sjongende rinkelbellen op ’e skuon.

Mist, sis ik, mist,
en gjin misse dy’t rêdtwat net yn it lead
en kryt fan leafde stiet.

Hoe’t fannacht yn my oerein kaam,
it famke Woodman, neaken,
in steanlampe yn in falfinster dat nekken brekt,
hoe’t ik har stuitsjende deaholle wie
yn Manhattans’ sniejachtsjende strjitten. –

Immen, de Stetson op, stapte in fotosaak út,
naam my op yn wolken fan stoom en
damp, knikte, groete en hime smûgend:

Hee, do hjir ek, do Mister Ik,
teminsten wannear’tst dat werklik bist?

>
Francesca-Woodman-House-3-Providence-Rhode-Island-1976