Stil no de stêd () – Long may you run
Stil no de stêd –
*
Bloeiend it ljocht fan maart,
mar stil no de stêd
oergien hjirre de oere ta
ien lang húsarrest,
bylden en blauwe skermen
ferhelje fan
rûnom omkoekeloerend ûnk,
in rôt op ‘e roltreppen
yn ‘e subway fan New York
skôget de wrâld,
in wite wolk fan longen,
in ferpleechster – yntegraalhelm op,
mûlkap foar –
fljocht de gongen troch fan
in hymjend sikehûs,
de tiid, in stûkjend
beademingsapparaat. Wintersk.
Middenyn Ljouwert-sintrum
in fierhinne ta stânbyld beferzen taksybaas,
wachtsjend en
meurend en wachtsjend
oandat him oars net foar eagen skimeret
as Kanossa’s kelder,
das Abendland, –
Sjoch de stêd dy’t no, begjin maaitiid,
stil en útstoarn
dit libben staf-oer-nacht
it gesicht fan in Aldersielen seit.
*
Hoar droane klokken oer wiken
en wetters.
In klyster befluitet út it strewel wei
de metalene stilte
fan de himel.
Langer leech rinne de aginda’s fan
aktrise, muzikant en
skriuwer,
mei om ‘e hoeke de Voedselbank, aansten;
in minister hellet kâldwei oan ‘e skouders:
‘Jo eigen risiko’, en
sjit, in dief yn ‘e nacht, mei
tritich behamstere skytrollen syn bolide yn.
Troch in achterdoar yn de tiid
stapt hear Rieux
it bolwurk op, in kloft bern, biddeljend oan ‘e pipen.
Achter finsters wurdt wurke, frijd en stoarn,
sûnder yllúzjes.
*
Under it beamte dat omtrint
fan maitiid
út ‘e sinnen springt,
binne wy,
elk op in kant fan de feart
mei-elkoar yn petear.
De tiid, in opswolde klier,
ropt it famke dat,
swaaiend mei trije ballonnen,
witte lit dat der altyd ergens immen is
dy’t immen de hân rikt,
wylst de wrâld op hellefeart giet.
En dêr’t de sinne
yn de Potmarge sinkt, keart
in libben werom nei
syn eigen binnenst, stiet
in amerij stil by it long may you run
fan Mr.Young, wurdt wei
oan Huzums
heech blossemjende hôven.
©Eeltsje Hettinga
(*) Mei tank oan skilder Horst Dijkstra en syn permisje foar it brûken fan syn skilderij ‘We are all waves in the same sea’ (2019), in doek dat oarspronklik de titel ‘Ik ben stil’ hie. It skilderij sels is gearfoege mei it doek ‘Approach the City’ fan Edward Hopper.
- Eeltsje Hettinga, ‘Horst Dijkstra – Mijn schilderen is één groot naar binnenkijken’, 21 oktober 2017.
- Eeltsje Hettinga, ‘Stânbylden yn de sinne‘, gedicht by it skilderij ‘People in the sun’ fan Edward Hopper.

.