Yn de arena mei de goaden, Abma ferslacht Abma
Neffens de Ierske dichter Seamus Heaney moat elke dichter himsels nei ferrin fan tiid definiearje. Dat is ek itjinge wat de poëzy fan Willem Abma driuwt, benammen yn syn lêste en tagelyk ek syn bêste bondel Kuiers of definysje fan in ik (as it om syn lêste trije bondels giet). It ûnbepaalde fan it lêste haadwurd ‘ik’ is typysk foar ien fan de grutte tema’s út de moderne poëzy: it sykjen om identiteit. Dy wurdt by Abma ûnder mear bepaald troch de kamp tusken skyn en wêzen. Dêr lit er him by sjen as in fanatike wierheidssiker. Hy wol himsels moetsje, as it heal kin yn poëzy. Gedichten wurde definysjes, mar hâlde in foarriedich karakter. Dat hâldt Abma syn poëzy iepen, jout dy ek har romte. Wat de dichter nei it weibringen fan eardere mytyske en kristlik-kalvinistyske ‘faders’ oerbleaun is, is it ryk fan de poëzy sels. Fersen rikke him de boustiennen oan foar it delsetten fan de timpel fan it eigen Sels. De poëzy as in foarm fan religy? Ja, sij it dat Abma him dêryn manifestearret as in agnostikus, in dichter, op ’e kuier troch in (ynderlik) lânskip, al sykjend en wrakseljend om de god fan en yn himsels.
anxiety of influence
Willem Abma publisearre tusken 1994 en 2000 de bondels Moeting, Te Fûnling en Kuiers of definysjes fan in ik. Wat de foarm oangiet, lichtsje ik dêr ien karakteristyk elemint út: de yntertekstualiteit. Stapt yn Moeting in bûnte parade foarby, mei yllústere nammen as dy fan Osip Mandelstam, Rosario Castellanos en Wallace Stevens, yn Te Fûnling (1999) en Kuiers (2000) rinne de ferwizings fan Obe Postma, Walt Whitman, Ida Gerhardt, Cees Nooteboom, Seamus Heaney, Tomas Tranströmer oant en mei Lars Gustafson.
De yntertekstualiteit is by Abma net samar in spultsje fan it werkennen en ferwurkjen fan oarmans wurk. Nee, earder is der sprake fan wat de Amerikaanse literatuerkritikus Harold BloomI de ‘anxiety of influence’ neamd hat. Bloom sjocht de skiednis fan de poëzy as in kriich fan de dichter mei syn foargongers, in kamp wêrby’t it fers it striidperk is. Oan ’e iene kant is der de anxiety fan de dichter dat er te let wêze sil, oan ’e oare de langst om dochs noch earste te wurden, sis, syn foargongers en tiidgenoaten te oerwinnen om op dy wize himsels te wurden c.q. te moetsjen.
Bloom giet net út fan de estetyk of fan it talint fan de dichter, hy hat it oer de krêft fan de sterkere dichter dy’t de anxiety treast is, dy’t nèt by syn foargongers opsjocht, mar mei har de striid oangiet, ree as er is en doch in literêre fadermoard. Dêrfoaroer is de swakkere dichter dejinge dy’t himsels oan de sterkere dichter ûnderhearrich makket, sûnder dat it him slagget en kom werklik ta himsels en syn eigen kearn. It wapen by dizze kamp is wat Bloom de ‘misreading’ neamt. Dat is te sizzen: troch it wurk fan de troch him bewûndere dichters mei opsetsin ferkeard te lêzen, skept de dichter him de kreative romte foar syn eigen dichterskip.
Yn dit ramt moat ek Abma syn ‘kredo fan in kameleon’ (Te fûnling) lêzen wurde. tûzen fersen haw ik lêzen / fan hûndert dichters / en hûndert kear ha ’k tocht: sa moat in fers skreaun wurde en ik begûn wat en besocht juster dat en ditte hjoed / mar it late ta neat // mar moarn /
yn in tear fan ’e tiid
De fraach yn dizze skôging seit: Is Abma de sterkere dichter dy’t itslagget om syn dichtersgoaden foarby te stribjen c.q. te ferslaan? Dêrfoar is it saak en besjoch earst wat de dichter yn de twa foarôfgeande bondels Moeting en Te Fûnling útheeft. Dêryn is, as fan âlds, sprake fan it problematisearre Ik, dat drok yn ’t wrakseljen is mei alderlei opposysjes: it froulike (fan geast) en it manlike (fan liif ), de mem en de heit, takomst en ferline, witten en net-witten, skyn en wêzen. Stik foar stik, konstante tema’s binnen Abma syn oeuvre. By dy dialektyk spylje Freud syn ideeën oer it bewuste en ûnbewuste net swak by; it lyryske ik-subjekt is by Abma in spjalte en ferskuorde persoanlikheid, of sa’t de dichter it skerp delset yn in prachtich fers as ‘Ets’ yn de bondel Moeting: twa fiskers yn ’e dize / twa skimen dy’t ferwize / wat hja oan teken winne / wat hja oan wurklikheid / ferlieze /
Yn Moeting steane benammen bern en folwoeksene, dea en libben en ôfskied en moeting sintraal. Sille wy elkoar wier moetsje moatte earst ús wegen skiede. Wier moetsje, dat strange, hast kondisjonele sizzen yn de lêste rigel fan de oan de ierdske heit opdroegen syklus ‘de ferstoarne’ is ien fan de sterke driuwfearren yn Abma syn wurk. Der sit fandatoangeande wat obsessyfs yn syn poëzy. It giet him om it wêzen (it wiere) fan himsels en de dingen. Of sa’t de dichter it seit: no, yn ’e rêst en wat ferlitten / sit er ferdjippe yn / wat wêzen is, wat skyn / (‘lêzer op jierren’). By dy klassike fraach skôget en hifket de dichter yn tiid en taal dat wat er wie en mooglik is.
Yn beide gefallen seit it antwurd: in frjemdling: mei’t wurden dyn wêzen foarmje / bist noait wa’st wieste. / (‘dichter’ Moeting). Yn Te Fûnling, – de titel is ûntliend is oan it fers ‘Biografisch I’ fan Ida Gerhardt (en ik zág hem zwart in de sloot / legde hij het woord mij te vondeling / open en bloot) – is in protte refleksje op syn eigen skriuwen en taal, ûnder mear yn it prachtige fers as ‘Palimpsest’, al hoe pessimistysk yn toan dat ek wêze mei:
[…] memmetaal
dêr’t it Latyn in fossyl is en Skyten
en Hetiten taal en teken ferlearen
spinpoatet it yn in tear fan ’e tiid
De dichter beseft dat er mei it fûnling lizzen fan syn fersen warleas en neaken is. As er dan troch de krityk beskiten wurdt, jout him dat in besketen gefoel. fan folk en fers oan de skandpeal hinge / binn’ tonge en troanje him ferwringe / Hy beslút om him werom te lûken: mijend de mienskip dy’t him mijt, ferspein dy’t it ferspeine net ferspijt. (‘Poète Maudit’). Dêr’t Douwe Tamminga yn in fers mei deselde titel moai synysk ‘it bitterkoekje by de tee’ opfierde, dêr slacht Abma fol grime fan him ôf: bliuw mei dyn dwylsin fan myn fersen ôf / fan dat wat my dierber is. (‘Werwurd’)
De dichter sil mooglik ek dizze rigels yn ’e holle hân ha doe’t er yn in ynterview mei Trotwaer sei: ‘Ik haw keazen foar distânsje dy’t my bytiden in eufoar gefoel jout fan los en ûnôfhinklikens. /…/ Miskien moat ik efterôf myn ferspijers wol tankber wêze om ta sok ynsjoch te kommen.’ Dat sizzen seit, ymplisyt, ek it nedige oer de driuwfearren fan syn dichterskip. Dêroer lit er yn in ynterview mei Jelle Krol yn Us WurkIII witte dat de striid mei de eardere kalvinistyske god en de ierdske heit “in wrakseling wie foar in stikje eigen persoanlikheid.”
Foegje dêr de kamp mei syn dichtersgoaden by en it sil dúdlik wêze wat Abma driuwt: ‘Wêr’t ôfwarmeganismen ôfbrutsen wurde, brekt eigen identiteit troch. Dan wurde gefoelens fan eangst, agressy, skuld ensfh. net langer ferkrongen, mar ûntstiet der in regulaasje fan dy gefoelens, wêrtroch’t der romte komt foar de eigen identiteit c.q. ik-sterkte.’
Ik-sterkte? Terapeutetaal fan it boppeste buordsje, in kwaal dy’t op poëtysk nivo gauris syn wjergader hat yn in bytiden krekt te rynsk brûken fan abstrakta, sa’t guon fersen altemets ek in al te heech konseptueel gehalte ha: meast is wat wie wat wurdt / bekend / in minske rint syn takomst / yn en út / in wikselwurking / ûnbewend / en oanbegjin is / einbeslút / (‘wikselwurking’, Te fûnling). Nettsjinsteande in sterke syklus as ‘de ferstoarne’ (Moeting), dêr’t de dichter syn eigen, ierdske heit yn weibringt, en fersen lykas ‘foardracht’ yn Te fûnling hawwe beide bondels dochs te lijen fan it feit dat it sjongsume en muzikale te faak belies jaan moat foar it idee om de Idee.
Dat wol net sizze dat der net út in suver lyrysk fet tape wurdt, grif wol, mar te faak lit de dichter sjen dat er in beskate linigens en ekspresje mist, as it om de ferhâlding klank, byld en idee giet. En by wanstaltige rigels as hy hat it altyd hiel krekt witten / wat wie syn wurk en wrâld ( ‘lêzer op jierren’) mei dochs ferwachte wurde dat de dichter in krom kritysker op himsels west hie. Dat jildt ek foar de byldspraak, dy’t bytiden te retoarysk is of slimmer: plan-út krom. op byldskerm yn kompjûtertaal stiet skreaun datst biste as prosesferbaal. (‘te fûnling’).
Sintugen ha de skuon oandien
Kuiers of definysjes fan in ik is in ferrassende ommekear. De mantel fan bygelyks de rymtwang is ôflein. Yn fergeliking ta de twa eardere bondels skept de dichter yn de foarm romte en lucht. De poëzy streamt yn frije foarmen, frij-út. Oansetten dêrta wiene al te finen yn Te Fûnling, bygelyks yn it lange fers oer Walt Whitman. It is troch de foarm fan dizze 54 ‘prozagedichten’ dat Abma himsels op in krachtige en fitale wize fernijt. De dichter hat, om mei Harold Bloom te praten, himsels gruttere kreative romte wûn.
De haadwurden Kuiers ferwize respektivelik nei de syklus Ballade oer de fuotpaden yn Västmanland fan de Sweeds-Amerikaanske dichter en filosoof Lars Gustafson – syn yn it Frysk oersette tekst is yn syn hiele hear en fear yn de bondel opnaam – en nei de stelling fan de Ierske dichter Seamus Heaney dat elke dichter himsels op in stuit definiearje moat, net allinne tsjinoer binnenwerk himsels mar ek tsjinoer oare dichters. Foarbygongers / wa definiearret wa? / (fers XX) kin fan datoangeande sjoen wurde as in kaairigel. De fraach kriget yn ien fan de lêste gedichten (XL) in beskaat antwurd: Yn wat him ûntkomt, is er echt. Ferfrjemding / Dit spoar al giet it stadich / By it hûs wei.
De gedichten yn Kuiers binne gâns konkreter, lês: byldriker as yn Abma syn earder wurk. As in moderne fariant op de kuierder út de Romantyk beswalket de dichter it lânskip yn tiid en taal. Yn de foarm docht it wurk tinken oan de fertellende en heal om heal surrealistyske wurkwize fan dichter Tomas Tranströmer, IV de Sweedske dichter fan wa’t Abma ek fersen oersette. Plan-út ferrassend, want nij foar Abma syn wurkwize, is it fers XXXVI dat in sterk surrealistyske ynslach hat en út ein set mei de rigel: It ynterieur fan dit gebou is bûten. / Sintugen ha de skuon / oandien. /
Yn har soarte like nij en nijsgjirrich is de ynbring fan alderlei natuerwittenskiplike en neurobiologyske motiven. Fia sensoaren fan ’e gerssnilen is der kontakt mei / it lân fan ’e woartels. Neuro-transmitters, boadskiprinders / tusken djipte en hichte, ûndergrûn en oerflak. (fers XXXIV). It binne dat soarte rigels dêr’t him, sûnder mis, de ynfloed yn fernimme lit fan de wittenskiplik oriïntearre poëzij fan Lars Gustafson.
Ynhâldlik bliuwt Abma, ek yn dizze lêste bondel, syn eardere ûnderwerpen en tema’s trou. Waard yn Te fûnling al preludearre op it motyf fan it sichtbere en ûnsichtbere, – Abma’s fariant op it âlde, klassike tema fan skyn en wêzen en witten en net witten – yn Kuiers is der oer alle boegen it besykjen om foarby dy dialektyk te kommen. Dêr slút er yn oan by it idee fan Gustafson dat by alle tsjinstridichheden yn filosofyske wrâldbylden dochs ergens in oarspronklike gedachte wêze moat, in ûnderling ferbân tusken de dingen.
De grûntoan by dat sykjen nei in objektive werklikheid, dy’t it ryk fan de sintugen oerstiicht, is dy fan Plato, mei dit ferskil: Abma lit him net fêstlizze troch ien, àl yn it foar fêststeande en alles omfiemjende Idee. It giet him om de reis, kuiers, dy’t it ûndersyk nei it wêzen fan werklikheid en identiteit tsjinje. Dêrby is sprake fan in djippe langst om binnen it No de dingen te kennen, mar dêr ek mei gear te ranen. Dit is dyn momint. / Kameleon. / Wyt. / Wist. / Biste. / Dyn ynhâld siket foarm. / Wês. /
In soartgelikens tinken is ek by Gustafson werom te finen. Slim, dat Abma him by dat stribjen oplûkt oan dy troch him bewûndere ‘fader’? Nee. Abma is in dichter dy’t no ienkear net sûnder goaden kin. Nei de kamp mei alle mytyske en kristlik kalvinistyske goaden, ynbegrepen dy mei de ierdske ‘heit’, is der blykber it ferlet en sykje de striid mei in nije god: de poëzy, mei alle dichtersgoaden dy’t dêrby hearre. Yn dat as metafysysk te omskriuwen ryk is Abma de agnostikus, besykjend om foarby alle skyn troch te kringen ta it wêzen fan it eigen Sels. Syn fersen beslagge fandatoangeande in moaie kombinaasje fan de ‘suvere poëzy’ wêryn’t it fers sels, lês: de taal faak ûnderwerp fan ûndersyk is, en de ‘net suvere poëzy’, wêrby’t it fers mear beskôge wurdt as in karre foar it útsuteljen fan ideeën.
Proai
Kuiers of definysjes fan in ik is te beskôgjen as in queeste: it (fragmintaryske) ferhaal fan in syktocht nei in identiteit, nettsjinsteande it bewitten dat dat net kend wurde kin. It giet om in aventoer, it sykjen nei wizen, wegen, – kuiers – dy’t it mooglik(!) nei in ienheid, in wierheid liede kinne soene. By Abma komme alle tsjinstellings út inoar fuort of folgje inoar op, sa’t soks no ienris bart binnen de stream fan Tiid. Dêr slút Abma yn oan by de âlde Gryk Heraklitus dy’t dêroer seit: alles is ien, mar dy ienheid tagelyk beskôget as de grutte kamp fan de tsjinstellings.
Tsjinoer dat idee, dat men ek tsjinkomt by Obe Postma en dat tagelyk in yllustraasje is fan Heraklitus syn tinken oer it alles streamende en ivich duorjende(!) nimt de dichter yn Kuiers de posysje yn fan it willeaze subjekt, dat him ferskuord en allinnich wit tsjinoer it riedseleftige fan Tiid har ‘sinne-omgong’. Understeand fers is in goede yllustraasje fan wat de kearn fan Abma syn dichtsjen rekket.
Op in reed. Immen. Sylhûet yn beweging.
Dize hinget him yn flarden by de hûd del.
Flues fan kontoeren dat him krekt net ferskine lit.
In read opgloedzjen ferriedt in ûndergean fan
sinne-omgong. Unsichtberens. Rinnendewei lykop
stadich tsjusterjen dat beweging opslokt.
Hy jout him del by de daam. It fallen fan ’e jûn.
Splinters yn in skeve lânhikke.
Under him brûst wetter troch oplutsen skuven.
Glinsterjende jildstikken, nee fiskjes,
sjitte fuort oer de drompel fan de dei.
De nacht komt mei de wjukslach fan in fûgel dy’t er
net ken, syn byltenis yn skerpe fûgeleagen meinimt.
Lutsen út it ljocht. Willeas foar de nacht. Proai.
Ut de dize komt it op: in net by namme neamd immen, tagelyk in nimmen, in frjemdling, in silhûet dat de dampen ‘yn flarden by dehûd delhinget’. Yn dy romte tusken it sichtbere en it ûnsichtbere, oftewol: it kennen en net kennen giet de dichter. De tsjinstellings wurde útwreide mei alderlei oare opposysjes, ûnder mear dy fan beweging en stilstân oan de iene kant en ljocht en tsjuster oan de oare kant. Wat er fan himsels waarnimt en wit, is tagelyk wat er net wit. Hope dat it wêzen fan it Sels út it flues fan kontoeren foar it ljocht komt, liket der net te wêzen. It lit him krekt net ferskine. Der is op ’en heechsten in besef dat it iene by it oare hearde.
[…] Rinnendewei lykop
stadich tsjusterjen dat beweging opslokt
Alle opposysjes binne delset yn it ramt fan de Tiid, konkreet: It fallen fan de jûn Dy earste acht rigels, dy’t by in justjes strangere oanpak, ek nei ynhâld, hiel wol twa kwatrinen foarmje kinnen hiene, wurde ôfsletten mei in manjefyk byld: Splinters yn in skeve lânhikke, in prachtige metafoar foar it spjalte en ferskuorde Sels.
De struktuer fan it gedicht strykt fierhinne mei de opbou fan it sonnet, dat ek gauris út ein set mei in waarnimming dy’t letteroan, (meastentiids yn it sekstet) ta Idee brocht wurdt. By dat lêste giet it benammen om Plato’s idee oangeande de ferhâlding tusken skyn en wêzen: glinsterjende jildstikken, / nee, fiskjes, / dy’t fuortsjitte oer de drompel fan de dei. De dichter bliuwt mei lege hannen yn it tsjuster sitten. Oan dat gegeven wurdt yn de lêste trije rigels in mear absolute, om mar net te sizzen fatalistyske draai jûn: De nacht komt mei de wjukslach fan in fûgel dy’t er net ken / syn byltenis yn skerpe fûgeleagen meinimt.
De metafoaryk fan de ‘nacht’, fergelike mei de komst fan ‘de wjukslach fan in fûgel’, – in ferwizing nei Gysbert Japicx syn nacht op brune wjokken – docht wat sleetsk oan, se hellet it net by Gysbert syn pars pro toto. Ek it werheljen fan de wurden ‘nacht’ en ‘fûgel’ meitsje de strofe der net sterker op. Bonkjes binnen in op himsels skitterjend iepeningsgedicht dat einiget mei de izersterke einrigel: Lutsen út it ljocht. Willeas foar de nacht. Proai.
By alle dialektyk dy’t Abma syn wurk tekenet, wurdt besocht om ta definysjes fan in identiteit te kommen, mar gelokkich net dé definysje. Kuiers is fandatoangeande in modern ferhaal, in sykjen nei de graal fan it Sels, of sa’t Gustafson skriuwt: nei in oarspronklike gedachte, sa helder, / sa frjemd, sa droech, yn al har waarmte, / dat se efter de sjonger / it oarspronklik reptyl ferriedt. /
Yn ferliking ta syn earder wurk hat Abma net sûnder súkses nei fernijende foarmen socht. Dat mei namste mear sjoen wurde as in bewiis fan in him noch altyd fierder ûntjaand dichterskip, tekene as dat is troch in sterk filosofyske ynslach, mei in ienselvich, Stabat Mater-achtich karakter. Mei de krêftige ynhâld, de sterke fisualiteit en it doaren om nije foarmen oan te gean, wint Kuiers it fierwei ôf fan de faak te ferstanlike en soms te folle út de boekekast wei skreaune bondels Moeting en Te Fûnling.
Yn Kuiers of definysje fan in ik lit Abma him sjen as de sterkere dichter dy’t syn eigen anxiety treast wie, de striid oangie, net allinne mei syn bewûndere foarbylden Tranströmer, Gustafson en Postma, mar benammen mei himsels. Yn dy kamp ferslacht Abma Abma. Fandatoangeande hat de dichter, benammen yn de foarm, in prachtige ‘fadermoard’ op himsels dien.
literatuer:
– Harold Bloom, The Anxiety of Influence: A Theory of Poetry, Oxford University Press; 2de edysje, 1997.
– Trotwaer, desimber 2000: ‘Distânsje is foar mij it biedwurd wurden.’
– Us Wurk, 1999 (1-2), ynterview Jelle Krol mei Willem Abma.
– Tomas Tranströmer, Het wilde plein, De Bezige Bij, Amsterdam, 1992. Oersetting J. Bernlef.
– Willem Abma, In Ierse nimf. Roman, Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert, 2003.