De leugen op ’e dyk

3bedoarnehannel
(3) Abe De Vries hâldt ek yn dizze blomlêzing út dat de poëzy fan D.H. Kiestra “lange tijd ondergewaardeerd is.” Syn stelling is net hâldber. Kiestra, dy’t oant 1944 loyaal bleau oan de Dútsers, koe, fuort nei de oarloch, mei help en stipe fan de Fryske Beweging de bondel Sinne op ’e striesek (1946) útjaan. Syn wurk waard yn De Tsjerne opnommen. As er net ûnder it pseudonym D. van Wieren publisearre, dan wie er wol aktyf ûnder de namme Harmen Harstra. Ek fierderop krige er alle omtinken en wurdearring, û.m. foar syn bondel It jier yn ’t roun (1955). Syn gedichten waarden rûnom ôfprinte, likegoed yn de Ljouwerter Krante (mei dêryn û.m. de lange rige ‘Bûtenwachtfersen’ ) as yn it Bolwurk en it Fries Landbouwblad. Fan de KFFB krige er yn 1969 de KFFB-romanpriis. T.Hoekema en D. Tamminga besoargen syn Samle Fersen (1982) Last but not least, gjin Fryske blomlêzing dêr’t gjin wurk fan Kiestra yn opnommen is, fan Frieslands dichters (Wadman, 1949), Hûndert Fersen: In blomlêzing út ‘e Fryske Poëzy (Ph. H. Breuker, Y. Poortinga e.o., 1990) oant en mei de Spiegel van de Friese poëzie (Oppewal, Boorsma, 1994). Om koart te gean, De Vries ferkeapet larykoek en leagens as er stelt dat D.H. Kiestra “lange tijd is ondergewaardeerd”. Se passe lykwols by syn ‘Hersteloperaasje Kiestra’, dêr’t ek de ferguodlikjende, want troch kultureel idealisme dreaune ynlieding ‘Bycht, bea en ferlossing’ fan de Kiestra-blomlêzing Skielk beart de hjerst (Frysk en Frij, 2005) ta heart, in ûndernimmen dat destiids, it wie 2005, syn ‘triomf’ belibje moast mei de publikaasje fan in net earder yn it iepenbier ôfprinte Kiestra-fers op 5 maaie, befrijingsdei, in publikaasje dy’t plak ha moast yn it ramt fan De Vries syn Kiestra-essay mei de ferrifeljende titel “De man hat in skyld foar ús west”. Geert Buelens, literatuerkritikus en heechlearaar Moderne Nederlânske Letterkunde yn Utrecht, skriuwt yn dit stik fan saken oer de Flaamske sitewaasje: “Tot op de dag van vandaag(!) wordt nog altijd vergoelijking ingeroepen wanneer het over collaboratie gaat. Dat dit alles gebeurde onder het mom van volksverheffing en idealisme, lijkt een van de semantische en culturele schandalen van de twintigste eeuw, maar dat werd toen heel anders ingeschat. Ook vandaag lezen de memoires van notoire collaborateurs als de genoemde Theo Brouns en Wies Moens als een ode aan de verantwoordelijkheidszin, de innerlijke vroomheid en natuurlijke harmonie. En het tragische is, dat deze mensen dat nog meenden ook. […] De meeste leiders waren hooggestemde mannen, oprecht diep-religieuze idealisten. Dat zij het goed meenden en dat ze een geoefend lezer daar ook vandaag nog van kunnen overtuigen, zegt ons heel veel over wat idealisme in wezen is: een gevaarlijke vorm van gezichtsvernauwing, waarbij het Hogere Doel altijd zwaarder weegt dan de praktische bezwaren. Zo’n praktisch bezwaar was, bijvoorbeeld, dat de bevolking het zeer vaak oneens was met de hooggestemde betrachtingen van deze volksleiders.”

Mei de twatalige blomlêzing Het goud op de weg, de Friese poëzie sinds 1880 is de Fryske literatuer traktearre op in baas Bewegingsbondel. Yn de Nederlânstalige ynlieding is blomlêzer Abe de Vries yn de bocht foar de saneamde “eigenheid van de Friese poëzie”. De lêzer wurdt foarholden dat by alle oerienkomsten tusken de Nederlânske en Fryske poëzy “er toch ook forse verschillen zijn.” Der is net allinne in ûnderskied yn taal, der binne ek net-taalkundige ferskillen: werkenber Fryske motiven lykas sleatsjes, kealtsjes, loften, greide, ûneinich boulân, ensafuorthinne. Dizze regionaal-geografyske eleminten binne part fan wat De Vries “de eigen Fryske poëtyske haadtradysje” [1] neamt.

Knibbeljend foar it alter fan de eigenheid wol er ‘volmondig’ erkend hawwe dat de Fryske poëzy foar it grutste part ”een soort boerenpoëzie is”, ynbegrepen de dêrby hearrende folkstaal. Dy herberget, sa’t it Fedde Schurer neisein wurdt, “het goud op de weg”.
.
De blomlêzer is fan betinken dat de tradysje net allinne leechlein, mar ek miskend is troch it eksperimint. En dat, sa seit de ymplisyt didaktyske yntinsje, moat oars, it is oan de Fryske poëzy “oplossingen te zoeken voor de opposities tussen traditie en experiment, tussen volkstaal en literaire taal.” De Fryske dichter hat in taak. Halleluja. Sa wurdt de literatuer opnij misbrûkt foar kultuer- en taalideologyske doelen. De literatuer as hoer. Foar safier’t de tsjinstelling tradysje – eksperimint al net in ûneigentlike is, foar in literêr histoarysk oersjoch is de ynstek te smel en útsoarte datearre.

Omwille fan it oerein hâlden fan syn útgongspunt dat de tradysje ûnderstek dien is, binne boppedat tal fan literêr-histoaryske gegevens ferdraaid of eliminearre. It makket Het goud op de weg net ta de meast solide en lykwichtige blomlêzing. Elk nadeel heb z’n… Want oan dizze blomlêzing hawwe Fryske literatuerhistoarisy de earste hûndert jier wurk te oer om alle missetten wer rjocht te breidzjen.

1. Fnuikend

It betooch yn de ynlieding is net op in literêre, mar op in taalpolitike premisse basearre. By in minderheidstaal as it Frysk dy’t permanint ûnder ynfloed stiet fan oare talen hat de literatuer neffens de blomlêzer “een natuurlijke neiging tot isolement, tot aandacht voor zichzelf, tot narcisme zelfs.” Troch de ynset en it entûsjasme fan ”een relatief kleine groep activisten”, stipe troch alderhande oerheidsfoarsjennings (‘subsidiepolitiek’) is der, sa wurdt steld, periodyk de iepenens foar “de blik naar buiten” en ”het verleggen van grenzen”. Dy slingerbeweging soe yn de Fryske poëzy fan de 20-ste ieu syn wjergader hawwe yn ”de nogal moeizame verhouding tussen traditie en experiment.”

Wêr steane beide begripen, útgongspunt as dy binne by De Vries syn ynlieding, einliks foar? “De traditie staat dicht bij de volksliteratuur, uit zich in aandacht voor thema’s uit de eigen regio en provincie, maakt veelvuldig gebruik van landschapsbeschrijvingen, raakt niet zelden aan motieven als migratie en remigratie en vestigt aandacht op de bedreigde positie van de Friese taal. Het experiment daarentegen blijft liefst verwijderd van de volkstaal, gebruikt de wereld en de wereldliteratuur als klankbord en richt zich op de taal in z’n algemeenheid.” Wat de literatuerwittenskiplike boarnen fan dizze (potpoerry oan) skaaimerken binne, is spitigernôch net oanjûn.

Fierders tinkt my it útgongskonsept op basis fan de dichotomy tradysje – eksperimint earder ynjûn troch polemyske yntinsjes – ik kom dêr letter yn dizze skôging op werom – as troch nije ûntjouwings en opfettings binnen de resinte literatuerskiedskriuwing, sa’t dy ynventarisearre, beskreaun en tapast binne troch tal fan literatuerwittenskippers yn Nederlân en Flaanderen. [2] It konsept De Vries, mei de dêryn opsletten folksaardige eleminten dy’t de blomlêzer de Fryske poëzy tahawwe wol, komt men yn de teory en praktyk fan it fak fan de literatuerskiednis net mear tsjin.

Yn it ramt fan de ferhâlding tusken de dichter en “de bedreigde positie van de Friese taal” wurdt yn Het goud op de weg opmurken dat de tradisjonele Fryske poëzy “verbonden is met het idee dat de woordkunstenaar een dienende rol past jegens zijn bedreigde taal, en wellicht zelfs jegens de gefnuikte nationale aspiraties van zijn taalgebied. De Tweede Wereldoorlog heeft in Friesland wat dat betreft de exclusieve macht fan de traditie gebroken.” As ‘grote traditiedichters’ wurde Piter Jelles Troelstra, Douwe Kiestra, Obe Postma en Douwe Tamminga nei foaren helle. De saneamde ‘herkenbaar Friese motieven’ en ‘de volkstaal’ fynt De Vries foaral werom by syn ‘fader’ en foarbyld Douwe Kiestra.

Fan Kiestra wurdt sein dat “diens christelijk-mystieke poëzie lange tijd is ondergewaardeerd.” Mar dat sizzen is sa wilens genôch wjerlein,  it is in fabel. [3] Sterker, it is ien fan de grutste leugens yn de nei-oarlochske Fryske literatuer. [4] Dochs achtet De Vries dat gjin behindering en bring dat troch himsels yn omloop brochte optinksel opnij yn as bewiismateriaal foar syn sizzen dat de tradysje, it eigene, miskend is. Is soks net wat ‘fnuikend’ foar de yntinsje om “enthousiasme te wekken voor de dichtkunst van een minderheidstaal in de Lage Landen?” De nearing fan de blomlêzer docht yn dizzen sterk tinken oan de bedoarne hannel fan dy iene, romrofte fiskferkeaper yn Asterix en Obelix.

De leugen op 'e dyk 1

2 Anakronisme

Foar de lêzer dy’t net rjocht mei de Fryske literatuer op ’e hichte is, hie de ynlieding har better begripe litten as dy annotearre west hie. Wa’t mei it each op de saneamde “eigenheid” fan de Fryske poëzy bygelyks witte wol wat “herkenbaar Friese motieven” binne, komt foar de winige doar. Hy/sy moat dêrfoar telâne by in artikel as “Identiteit en Kowesturten”. [5] Dêryn stelt De Vries: “As der in eigen (sic! e.h) Fryske poëtyske haadtradysje bestiet, dan is dat ien fan boulân en greiden, sleatten, fearten en loften, pleatsen en bisten, doarpen, diken, koartsein: fan alles wat de iepene, neakene romte merkbyt dy’t Fryslân is.” “Sjoch mar,” sa ropt De Vries yn datselde Hjir-artikel, “it wurk fan tal fan jonge dichters tsjûget fan dy Tradysje, want se hawwe it oer ‘gersgriene rigels”, “byldmoaie skiep yn griene greide”, “ûneinige loften”, “it hiem fan de ôfbaarnde pleats”, “ûnsichtber boulân”, “doarmjende hynders op in toarstige pôle”.

Dat is fansels moai fjildwurk, mar de hypteze dat der njonken it ferskil yn taal èk noch sokssawat is as in alles ûnderskiedende “eigen” Fryske poëtyske identiteit, is mei dat soarte motiven en tema’s net wiermakke, al wie it mar omdat se har maklik falsifisiëarje litte mei tal fan foarbylden út de poëzy fan, krij beet, Willem Jan Otten, Hagar Peeters, Esther Jansma, H.H. ter Balkt, Willem van Toorn, Rutger Kopland en folle net genôch. It iennige wat de blomlêzer yn dit stik fan saken sjen lit, is in literêrwittenskiplik anakronisme: in troch in regionale geografy (‘de Fryske romte’) bepaalde poëtyske identiteit.

NA DE ELFSTEDEN

Hij schrijft zijn slagen in een laagje water, schaatser
op het laatste ijs. Hij rijdt de herinnering aan rijden door,
aan de gekraste zweepslag, die bestaat nog in zijn oor.
Waar was het straffe voor? Om eens het langste eind te gaan,
de tocht verreden na de tocht, zo verregaand dat onderweg
vervloeien zou tot waar hij was? Hij glijdt de dorpen door
met op zijn hielen dooi. Er is een einde maar niet aan het eind.

Willem Jan Otten

4 jo smit
Jo Smit (1916-1991)

Nee, as it om de wurdearring of in werwurdearring fan it gewestlike giet, dan rint it yn it each dat Abe de Vries syn earen àl hingje lit nei eardere foarmen fan foaroarlochske folksideology (dy’t in pendant hawwe by hjoeddeiske Frysknasjonale organisaasjes as Groep fan Auwerk), mar bygelyks net nei de dames en hearen literatoaren fan it yn dit stik net ûnbelangrike literêre tydskrift De Blauwe Fedde (Meindert Talma, Jaap Krol, Joke Corporaal e.o) of nei it wurk fan de dichter, kritikus en essayist Jo Smit (1916-1991), dy’t him yngeand dwaande hold mei de relaasje Beweging, literatuer en it gewestlike. As “federalist” gou foar him it Europeeske perspektyf.

Yn it artikel “Ja seit Jo” (De Tsjerne, 1959) sette er de Fryske Beweging yn in eksistinsjeel ynterpretaasjeramt, hy ferbûn de sin en frijheid fan syn bestean en persoan mei de (Fryske) literatuer. “De Beweging,” skreau Smit, “is foar in grut part utering fan (de problematyske) minsklike frijheid.” [6] Oan in tsjinjende rol fan de literatuer hie er lykwols it smoar, dy woe er net ta “loophûn” fan de Beweging hawwe. [7] As dichter is Smit – hy wie yn de jierren fyftich ien fan dejingen dy’t de Fryske literatuer yn de kunde brocht mei it wurk fan Albert Camus – net yn de blomlêzing te finen. As kritikus en essayist blykt er foar De Vries yn alle gefallen gjin referinsjekader, ek net yn syn oare geskriften. Om koart te gean, de blomlêzer syn ideology leit net sasear by it hjoed-de-dei, mar earder en mear by it tiidrek fan it Fryske Ynterbellum, Jan Piebenga, Douwe Kiestra e.o.

3 ‘Frjemde bokkespringen’

5mandelstam
Osip Mandelstam

Neist it boppeneamde anakronisme binne der mear literêr-histoaryske ynkongruïnsjes dy’t de ynlieding by Het goud op de weg net altiten like oannimlik meitsje. Lit ik my fan datoangeande beheine ta de ynfloed en de betsjutting dy’t de dichter Tjitte Piebenga (1935-2007) taskreaun wurde. Piebenga koe neffens De Vries net wurde mei it eksperimintele wurk yn quatrebras, hy wiisde dat ôf. “Hij probeerde de vernieuwing te vinden in de muzikale mogelijkheden van de taal zelf.” Syn earste bondels soenen basearre wêze op ‘de klankexperimenten van onder meer Osip Mandelstam en Jan Engelman.” Mandelstam? Opmerklik! Piebenga syn earste bondels ferskynden yn 1958 (Fersen foar Marida), 1959 (De thermen fan Karratsjana) en 1963 (Fersen). De poëzy fan Mandelstam (1891-1938) dêrfoaroer krige yn Nederlân pas namme oan it begjin fan de jierren santich, doe’t Kees Verheul, slavist en oersetter Russysk, wurk fan him publisearre yn it tydskrift Tirade, in pear jier letter stalde er de Mandelstam-blomlêzing Wie een hoefijzer vindt (1974)  gear.[8] Mar it kin fansels wêze dat Tjitte Piebenga “de uitgesproken moeilijke Russische dichter” (Verheul) destiids, sa om syn fiifentweintichste hinne, yn it Russysk lêzen hat. Foarsafier’t ik dat neirinne kinnen haw, wurde yn Piebenga syn poëtika, noch yntern noch ekstern, referinsjes dien oan de grutte Rus of oan it Acmeïsme, de literêre streaming dêr’t Mandelstam en in dichter as Anna Akhmatova wol ta rekkene wurde (K. Verheul). [9] Ek literatuerhistoarikus en –kritikus Babs Gezelle Meerburg, dy’t mear as ienkear oer Piebenga skreaun hat, bliuwt yn dit sjapiter blanko.[10]

Hawar, guon lêzers “in de Lage Landen” sille by sokke keapsjogge nammen al gau tinke: Mmm… ymposant, Piebenga-Mandelstam. Dy ferhâlding komt lykwols yn in oar ljocht te stean as men wit dat de blomlêzer Bartle Laverman oait fergelike mei Martin Heidegger, Trinus Riemersma mei de Tsjechyske skriuwer Hrabal, Douwe Kiestra mei Vergilius en Tsjêbbe Hettinga mei de Grykske Tiresias.[11] Oars sein: Abe de Vries hat bytiden de oanstriid Osip Mandelstam om de Fryske literatuer grutter te meitsjen as dy is. Spilet him dêryn mooglik “it Fryske minderweardichheidskompleks” parten, ynbegrepen alle dêrby hearrende ‘frjemde bokkespringen?’[12]  Faaks is it bêste en helje yn it stik fan De Vries syn opsnijerij Babs Gezelle Meerburg oan, dy’t oangeande syn Kiestra-blomlêzing Skielk beart de hjerst (2005) opmurk: “It bewizen fan literêre ynfloeden is in prekêre saak en fereasket tige krekt ûndersyk. […] Abe de Vries is soms te min fundearre, te sjoernalistyk en te ropperich.”[13]

4 Voorwaarts mars…

Fan Tjitte Piebenga wurdt fierders sein dat “hij de eerste dichter was [die] in de Friese literatuur experiment en traditie met succes in een synthese bracht; een synthese die hij grondvestte op het taalmateriaal.” Utspraken oer ‘it earstwezen’ binne te absolút, literatuer is gjin hurdfytserspartijke om de tsjerke hinne! En wat betsjut yn dizzen “met succes”? Alles is relatyf, ek (yn) it spul fan de literatuer. De útspraak sels lit him oars ek maklik wjerlizze, bgl. mei it wurk fan Tiny Mulder acht te slaan. Yn itselde jier dat Piebenga de bondel Fersen foar Marida útbrocht, waard Tiny Mulder har fers “Nachttrein nei Chicago” bekroand mei in Rely Jorritsmapriis (1958). Yn dyselde snuorje publisearre se moai moderne en ek út soarte muzikale gedichten lykas “Bitterswiet” en “Frou mei paraplu”, teksten dy’t part útmeitsje fan in korpus fan poëzy dêr’t de sjuery fan de letter oan de dichteres útrikte Gysbert Japicxspriis ûnder mear fan sei: […] “Hja mijt it eksperimint net, mar smyt oan ’e oare kant ek alle tradysje net oerboard.”[14]

Hawar, de ‘syntetyske’ Piebenga soe, sa wol de blomlêzer hawwe, “de voorloper” wêze fan Tsjêbbe Hettinga, “die in andere (meer epische) vormen grotendeels de marsroute volgt die Piebenga heeft aangegeven.” Voorwaarts mars, jawis, mar ek dàt sizzen is quatsch. Hoe sa? Wel, hie der sprake west fan sekuer literêr ûndersyk, dan hie Abe de Vries oangeande Hettinga syn literêre faders û.m. by de op Dylan Thomas inte bondel It libertynsk gehucht fan Durk van der Ploeg útkommen, by it wurk fan Sjoerd Spanninga en dat fan Dylan Thomas. Stik foar stik dichters dy’t, ein jierren sechtich, begjin jierren santich, yn swang wienen by in tal (dichtsjende) studinten oan de Kweekskoalle yn Snits, ûnder harren Tsjêbbe Hettinga. Hiske Rypma, tegearre mei Hettinga en Jelle Kaspersma ien fan de meiwurkers oan it dichtbondeltsje Ut ’e Fryske boezem (1971), oer dy tiid: “Piebenga hie doe yn Snits absolút gjin oanklang.”[15] Neffens Jelle Kaspersma, dy’t yn dyselde Snitser jierren in protte mei Hettinga opluts, “hie Piebenga ús as dichter neat te sizzen, wol lies ik syn ferhalen.”[16]

6 gerbenrypma

Giet it om de boarnen fan ritme en muzikaliteit yn Hettinga syn poëzy, dan kypje Dylan Thomas en Habakuk de Balker II om ’e hoeke, yn it bysûnder syn bondels Boerengedichten (1969) en Uier van het oosten (1970). Dêrnjonken is der, net te ferjitten, “de swietlûdige natuerlyryk”[17] fan Gerben Rypma (1878-1963), fan wa’t twa jier nei syn dea de poëzybondel Ik haw myn dreamen hawn en fragen ferskynd wie. ‘Dêr wie yn dyselde Snitser kringen, in protte wurdearring foar,’ seit Hiske Rypma. “Wy rûnen der fier mei, dy poëzy wie sa sjongsum, sa moai…”[18] Net om ’e nocht krige Gerben Rypma letteroan nochris eare taswaaid yn Hettinga syn dichtstik Oan ’e brek, in dei. (2003). It sil net fernuverje dat yn Het goud op de weg gjin wurk út It libertynsk gehucht fan Durk van der Ploeg te finen is. Rypma is sels hielendàl weilitten. Om koart te gean, de blomlêzer liket net altiten likegoed op ’e hichte mei de tradysje. De Vries ropt mar wat.

5  Offaloventsje

In miskleun fan itselde kaliber as dy fan Gerben Rypma belanget de omisje fan Piter Yedema, Douwe Kalma en Marten Sikkema oan. In pear opmerkings oer dizze trije gefallen om oan te jaan dat Het goud op de weg soms neat mear is as in meagere tsiis mei gatten, dy’t wol wat langer op de planke lizze mochten hie. Yedema syn bondels Boarring (1987) en In iepen winter (1988) foarmje mei it each op de Eastenrykske dichter Trakl in skeakel tusken Jan Wybenga en in tal jongere Fryske dichters. Fierders is Yedema net sûnder belang, omdat er lykas de dichters Geart van der Mear en Jan Kooistra, in tal klassike, út ’e moade rekke foarmen lykas de fillanelle, it rûndiel en it sonnet nij libben ynblies. Dêrby wurdt werom ferwiisd nei it wurk fan Petrarca, Dante, Milton, e.o. By alle klinkdichtwurk wol Yedema dan ek noch wolris referearje oan Douwe Kalma (1896-1953), mar wêr is Douwe Kalma bedarre? De ynlieding by Het goud op de weg mei besletten wurde mei Kalma syn ferneamde kredo ‘Fryslân! de wrâld!’, syn wurk komt net yn de blomlêzing foar. Kalma syn ôfwêzichheid is opmerklik, temear omdat syn poëzy safolle oerienkomsten hat mei dy fan De Vries. Ik neam, de linigens yn taal likegoed as de idiomatyske bombast (mei navenant ek alle moaiskriuwerij soms!), de technyske betûftens likegoed as de oanstriid om te faak en tefolle oan de bûtenkant te bliuwen, de driuw en ambysje likegoed as it feit dat it te faak hingjen bliuwt yn imitatio. It is spitich dat neamde literêre dwersferbannen – ik hie yn dizzen ek noch dy tusken Fedde Schurer, Jan Dotinga en Eppie Dam neame kinnen – oersljochte of oars lizzen bleaun binne. De lakunes ferhâlde har net rjocht mei de yntinsje dat “de bloemlezing ook een beeld wil schetsen van de eigen ontwikkeling en plaats van die dichtkunst [de Friese e.h.] in het grotere Nederlands–Vlaamse en, nog een stap verder, in het Europese verband.”

Yn ditselde ferbân is it in riedsel wêrom’t Marten Sikkema (ps. foar G.A. Gezelle Meerburg), dy’t n.b. bekroand waard mei de Gysbert Japicxspriis – hy krige de priis foar syn bondel Seinen – skoudere is. Sikkema, ien fan de saneamde Reiddomprige-dichters, hearde ta in “relatief kleine groep activitisten”, dy’t op syn manier syn bydrage joech oan “het verleggen van de grenzen”, al wie it mar om syn fertalingen fan in protte moderne Sweedske en Sineeske poëzy. “Hy hie in dúdlik waarnimber stikje kosmopolitisme yn,” skreau Anne Wadman.[19]  Sa foar de fûst wei kom ik noch op tal fan oare nammen – ik neam se yn willekeurige folchoarder – dy’t mei it each op wat de Vries de ‘eigenheid en identiteit’ neamt, sa’t skynt, net foldwaan koenen oan it seleksjekritearium fan it hawwen fan “een persoonlijke stem”: Fedde Schurer, Anne Wadman, Jelle Brouwer, Wibren Altena, Leo Popma, Lieuwe Hornstra, Geart van der Meer, Sikke Doele, Reinhard Verveld, Jan Kooistra, Syds Wiersma, Tsjisse Hettema, Eric Hoekstra, Lida Dykstra en folle net genôch.

Allegeare geane se, sûnder omhaal, Abe’s ôffaloventsje yn, stik foar stik wurde se út de Fryske poëzykanon weiskreaun, want kanontsje boartsje is in oar doel fan de blomlêzing: “Obe Postma, die inmiddels uitentreure gecanoniseerd is…” Blykber in reden om Postma sân gedichten ta te partsjen, likefolle as de troch De Vries heechsette “christelijk-mystieke” boeredichter en Fryske Beweger Douwe Kiestra tabedielt. Kiestra sels moat it op sýn bar wer mei ien minder dwaan as it tal dat de blomlêzer himsels taskikt hat of, leaver: taskikke lìtten hat, want, sa seit de ferantwurding: “De gedichten van Abe de Vries zijn uitgekozen door Ytsje Hoekstra.” Fan dizze tige ‘saakkundige’, dat is te sizzen, de wat holle, petiterige, en, ôfgeand op har weblog, altyd like hurd ‘meidravende’ dichteresse Yva Hokwerda [pseudonym fan Ytsje Hoekstra] is, sis mar by wize fan tsjinprestaasje, ien fers opnommen. Dat is ien minder as Aggie van der Meer dy’t, ôfgeand op de resepsje fan har poëzij noch altyd ien fan de meast autentike en eigensinnige nei-oarlochske Fryske dichters is, seker as it op it hawwen fan in ‘persoonlijke stem’ oankomt.

6 Vent

By alle literêr-histoaryske missetten, omisjes en los praat falt it weilitten fan de poëzy fan Schurer en Wadman it meast op. Reden om der in tel langer by stil te hâlden. Mei de kar om beide dichters de falbile yn de nekke te setten en de kop ôf te slaan, is in ymplisyt polemyske yntinsje mank: it yn ’e kiif stellen fan de fuort nei de Twadde Wrâldoarloch, troch Fedde Schurer, proklamearre needsaak ta it ferbrekken fan de bining tusken Fryske literatuer en Fryske Beweging. De reden foar dy ôfkundiging is bekend: Guon Fryske skriuwers as R.P. Sybesma, D.H. Kiestra, S.J. van der Molen, Douwe Kalma e.o. makken as taalstriders, beheltere fan alderhande polityk- en folksnasjonalistyske ambysjes, sa healwei de jierren tritich, de draai nei it fassisme.

Guon fan har sieten yn 1944 noch yn harren pro-Dútske boatsjes op de Snitser Mar te dreamen fan it Grutte Fryslân. Troch de “bining” te ferbrekken, hoegde de Fryske skriuwer tenei gjin taalstrider mear te wêzen; der ûntstie romte foar it delsetten en it fierder ûntwikkeljen fan in autonome literatuer, of sa’t Wadman it sei: de Fryske skriuwer is yn it foarste plak skriuwer en dêrnei pas Frysk. Op dat punt krijt er yn de ynlieding by Het goud op de weg de ringel om ’e earen kletst, sterker noch, him wurdt de rol fan sûndebok taskikt oangeande de blomlêzer syn hypteze: it miskennen fan de yn de tradysje opsletten “eigenheid”, ynbegrepen de saneamde werkenber Fryske motiven.

8 annewadmanWadman, yn dy tiid teffens redaksjelid fan it Nederlânske literêre tydskrift Podium, dêr’t ûnder oaren ek Lieuwe Hornstra, Fokke Sierksma en Willem Frederik Hermans in skoftke redaksjelid fan wienen, stribbe, lykas ien fan syn grutte foarbylden Menno ter Braak, nei in literatuer op nivo en yn in Europees perspektyf, nei “in hieltyd fierder útlizzen fan de kimen, in hieltyd wider omfiemjen fan it minslike riedsel.”[20] Hy woe de Fryske poëzy, dy’t neffens him ‘grotendeels een boerenpoëzie was’ ûnder de kowesturten weihelje.[21]

De Vries ferwyt him yn Het goud op de weg dat sokke ‘zendingspolitiek’ syn doel foarbyskeat: “In plaats van volmondig te erkennen dat Friese poëzie grotendeels ‘een soort boerenpoëzie was’, is en zal blijven, werd verwoed gepoogd om bruggen naar de wereld te slaan door bij voorkeur de algemeen menselijke problematiek te belichten, die achter al die koeienstaarten schuilging. Dat is zowel een open deur intrappen als jammerlijk miskennen dat deze dichtkunst bepaalde ‘unique selling points’ [herkenbaar Friese motieven e.h.] heeft.” Om koart te gean, by de Fryske poëzy wol de blomlêzer, krekt oarsom as by Wadman, de klam op it eigenskipswurd Frysk lein hawwe. Dat dirty-thirty stânpunt is net sûnder konsekwinsjes foar de literatuerresepsje yn it algemien. Foarst, mei it betwiveljen oft it ferbrekken fan de ‘bining’ wol terjochte west hat – De Vries stelde it ûnderwerp earder in Frage[22]  – beseft de blomlêzer net, of hy wol it net witte, dat kin ek, dat krèkt tanksij Schurer en Wadman dichters as Kalma en Kiestra nei de oarloch de mooglikheid, c.q. de frijheid, krigen om yn De Tsjerne te publisearjen, omdat de redaksje, terjochte, nei it wurk seach en nèt nei de man.[23] Schurer en Wadman wienen fan datoangeande autonomisten avant la lettre. Twad, omdat De Vries it net lykfine kin mei Wadman syn literêre stânpunten wurdt syn poëzy bûten de blomlêzing holden.

Hoe komt it sa dat de blomlêzer man en wurk net útinoar hâlde wol (of kin)?[24]  Til de tegel in eintsje op, dan docht bliken dat der in literêre opfetting ûnderwei komt dy’t fierhinne de kant útskaait fan in troch De Vries nochal iensidich hantearre ‘ventisme’[25] , in resepsjefoarm dy’t, fermôge as se is, out of date is.[26]  It ien en oar is lykwols al fan dy gefolgen dat De Vries morele (ûn)hebbelikheden ta literêr hifkingskritearium makket. Hiel konkreet komt dat nei foaren by de omisje fan Schurer syn wurk. “Hij [Schurer] wie te folle in man fan sjongsume rimen en syn driuw [sic! e.h.] wie earder religieuze teksten te meitsjen as literêre.”[27]  It giet net oan om hjir Schurer te ferdigenjen, it punt is: de ferstikkend wurkjende cocktail ‘ventistysk’ bepaalde literatueropfettings oan ’e iene kant en in Frysk nasjonalistyske ideology oan ’e oare kant, opfettings dy’t by de histoarje lâns altyd weroan útrinne op in – O wat stjert dy âlde, literêre frijheid in ivich moaie dea! Oerdreaun? Nee. It is yn it ramt fan De Vries syn ‘ventisme’ dat it negearjen fan Gysbert Japicxpriis-winner Marten Sikkema (en syn krewearjen foar in stikje kosmopolitisme) ferstien wurde moat, sa’t dyselde literatueropfetting foar in part èk mandélich is oan in mei opsetsin fertekenjen fan literêr-histoaryske feiten.[28]

7 Politike spoaren

Taalpolitike yntinsjes beskiede de blomlêzer syn literêre opfettings oer de Fryske poëzy. Om hokker polityk giet it dêrby eins? Behalve it ferskil yn taal, wurde “de forse verschillen” dy’t der neffens De Vries tusken de Fryske en de Nederlânske poëzy wêze soenen net konkreet oanjûn, lit stean literêr ynhâldlik ferantwurde. Krekt oarsom, se binne, sa docht bliken, basearre op in slim romantysk angehauchte set fan regionale en geografyske gegevens, oftewol: “herkenbare Friese motieven” lykas “de Fryske romte”.[29] It is de nostalgy fan sleatsjes, kealtsjes en ûneinige boulannen, dy’t oanslút by in foar de bûtenwacht gauris as idyllysk delset en sa altemets as mystyk oantsjut Fryslân.[30] Unique selling points.

De blomlêzer lit dizze motiven part útmeitsje fan in neffens him miskende eigen Fryske poëtyske tradysje. Om dy reden wurdt sein: “De eigenheid van de Friese poëzie bestaat daarin, dat zij oplossingen zoekt tussen de traditie en experiment, tussen volkstaal en literaire taal.” Het goud op de weg is yn dy sin in taalkrityk: omdat de tradysje en it dêrmei gearhingjende idioom (taaleigen) ûnderstek dien is, is de folkstaal tekoart dien. It is oan de Fryske poëzy om de folkstaal en de literêre taal 10defiskmei-inoar nei bêd te dûnsjen, dy mei-inoar te fersoenjen, de Fryske poëzy [de Fryske dichter] hat in taak: Bildung, konkreet: folks- en taalemansipaasje. Mei it each op de saneamde miskende tradysje giet it de blomlêzer, taalkundich sjoen, winliken om in ideale taal, dè taal Frysk, mar foar it bestean derfan is, sa’t û.o. Trinus Riemersma dat dúdlik makke hat, gjin inkelde wittenskiplike basis. “Der bestiet taalkundich sjoen likemin sokssawat as ‘de taal Italjaansk’. Dit binne ideologyske konsepten dy’t basearre binne op gefoelens fan nasjonalisme.”[31]

Mei soksoarte ymplisyt yn de ynlieding bewuolle yntinsjes besiket De Vries, sa’t er seit, “enthousiasme te wekken” foar de Fryske poëzy oer de Dyk. Syn hollerombom oer de “eigenheid en identiteit” c.q. “het eigen karakter fan Fryske poëzy” slút oan by wat politisy as Rita Verdonk yn Nederlân dogge mei harren oargelpraat oer “de strijd tot het behoud van het Nederlandse karakter”, mar ek by de krityk dy’t Jan Piebenga op Anne Wadman syn blomlêzing Frieslands dichters (1949) hie. Piebenga syn beswieren rjochten har op Wadman syn negative foarstelling fan de tradysje fan “it Frysknasjonale fielen troch de ieuwen hinne” en tsjin syn foarbygean oan “de pangermanistische inslag in de Friese Romantiek.”[32]

Abe de Vries syn pleit foar tradysje leit ferankere yn boppeneamde konservatyf, tradisjonalistyske kultuerpolitike tinkbylden, se rinne likernôch lykop mei de noed en eangst om it ferlies fan de folkstaal, it taaleigen. Fan datoangeande heakket Het goud op de weg oan by wat ta in hichte ek it hjoeddeiske politike en maatskiplike debat yn Nederlân driuwt: eangst. Eangst foar ynternasjonalisearring, kosmopolitisme, globalisearring, ensfh., allegearre faktoaren dy’t de identiteit fan de naasje, de kultuer oantaaste soenen, mmm… as soe it begryp identiteit in fêststeand en net feroarjend gegeven wêze. Dè Fryske identiteit bestiet net.[33]  De eangst foar en noed om in teloargong fan dat wat nasjonale en kulturele identiteit hjit te wêzen, is sa likernôch omkeard evenredich oan de hjoeddeiske ‘kanonitus’, de trend en raazje fan it kanon-skriuwen, dêr’t ek de many fan it blomlêzen ta rekkene wurde kin. In goarre, like grut as wat op dit stuit it grutste moadewurd fan de 21-ste ieu is: identiteit. It debat sels, dat is sa linkenlytsen útrûn op in narsistysk, yn himsels keard, neo-nasjonalistysk diskoers, mei faak in knap iensidich ûnderstreekjen fan de ferskillen yn kultuer en etnisiteit, sa’t Jan Willem Duyvendak, Ewald Engelen en Ido de Haan dat yn Het bange Nederland, pleidooi voor een open samenleving mei rjocht fêststelle. It is de passy fan de ‘fo(l)ks populis’ dy’t sprekt.

De jacht op de ferskillen, ek al binne it dan gjin literêre, binne ek foar in part bepalend foar de kanonisearjende en literêr-didaktyske yntinsjes fan Het goud op de weg. Wêr’t dat op útrint, is yn essinsje net oars as wat keunsthistoarikus Huub Mous nei foaren brocht n.o.f. fan de 11 de lampeopdracht fan de provinsje Fryslân ta it skriuwen kanon fan de Fryske skiednis: “Een Friese canon zal de Friese identiteit niet zozeer versterken, alswel de gekoesterde miskenning die eigen is aan de Friezen, in de kaart spelen. Friezen hebben eerder behoefte aan een historische deprogrammering dan aan een canonieke bevestiging van een proces van historische verstarring dat al anderhalve eeuw gaande is […] Laten we een nieuwe generatie niet opzadelen met de trauma’s van het Friese verleden. Laat het voor eens en altijd duidelijk zijn: de Friese canon moet verboden worden!”[34] Yn in essay oer de byldfoarming en oerdracht fan Fryske kultuer en skiednis ûnderskriuwt Goffe Jensma, heechlearaar Fryske taal- en letterkunde yn Grins, dizze miening fan Mous. Him bewust fan de oerdriuwing yn Mous syn sizzen, skriuwt Jensma: “Een verantwoorde canon moet eerder deprogrammeren dan programmeren. Dat is omdat een regionale cultuur, als ze zichzelf serieus wil nemen en volwassen wil zijn, zich niet in nostalgische zelfgenoegzaamheid moet willen wentelen, mar kritisch zichzelf moet durven onderzoeken.” […] “Ik ben niet de eerste, die opmerkt en waarschuwt dat canons hun doel voorbij schieten als ze zich in dienst stellen van nostalgie en van behoud van een overleefde cultuur.”

Beslút

En dêrmei bin ik werom by wat ien fan myn grutste kritykpunten op de ynlieding fan Het goud op de weg is: it opnij (mis)brûken fan de (Fryske) literatuer foar alderhande taal- en kultuerideologyske doelen, dêr’t ûnwillekeurich ek it begjin leit fan it seagjen oan de poaten fan wat de literatuer yn essinsje en by definysje is en wêze wol: amoreel en frij. De literatuer is, nochris, net ien of oare Tsjinstfaam dy’t je, samar, willekeurich, de treppens op en del jeie litte kinne, ek net omwille fan in taal dy’t faaks of mooglik nei de barbysjes giet. As dy taal it maaiem yn giet of wol, no dan giet sa’n taal it maaiem yn. Punt út. Net dat soks net opkeard wurde moat of kin, o, grif wol, mar it is net oan de literatuer om dy taal út de ûnderwâl te helpen. Dêrfoar is de keunst, sa by de histoarje lâns, krekt te faak foar ferskillende ideologyske karkes spand. Troch de polemyske opset fan de ynlieding en de seleksje fan de poëzy dy’t dêr foar in part mei mank is, is der by De Vries syn foarm fan kanonskriuwen net direkt sprake fan in represintatyf byld fan it korpus fan de nei-oarlochske Fryske poëzy. Last but not least, op literêr histoarysk mêd beart, blaast en bluft Abe de Vries bytiden like hurd as syn blomlêzing tsjok is. Dat docht net inkeld bliken út de missetten oangeande Piebenga[35] en Hettinga, mar ek út de blomlêzer syn moedwillige ferdraaiïngs yn de resepsje fan it wurk fan de kristlike boeredichter D.H. Kiestra.[36] Ek datoangeande is Het goud op de weg as blomlêzing net altiten like betrouber, se is, slimmer, in leugen op de dyk.[37]

Eeltsje Hettinga, Ljouwert, 31 oktober 2008

EPILOOCH

12 borgesIk pleitsje foar in literatuerresepsje en –krityk dy’t mear en better oanslút by de ûntjouwings en opfettings yn de resinte literatuerwittenskip, sa’t dy ynventarisearre, beskreaun en tapast binne troch tal fan literatuerwitten-skippers yn Nederlân en Flaanderen. (Buelens, Heynders e.o.) [38] It ‘ventisme’ fan Abe de Vries is binnen de moderne, hjoeddeiske literêre krityk net allinnich in Frjemdkörper, mar ek in stomprinnende wei, sa’t ek, ymplisyt, bliken docht út de redens wêrom’t in tal belangrike dichters net opnommen is yn Het goud op de weg. In werom nei de suvere autonomy fan de literatuer neffens de opfettings fan de ‘Merlynisten’ yn Nederlân of fan guon strukturalisten yn Fryslân hat gjin doel. Lykwols, sa altemets it ear wer ris op it spoar te lizzen fan dat iene klassike en yn dizzen sûnder mis noch aktuele essay ‘Tradition and the Individual Talent’ (1922) fan T.S. Eliot kin gjin kwea, al wie it mar om literêr histoaryske misfettings en oare aberaasjes lykas dy yn Het goud op de weg tefoaren te kommen. De Ingelsk-Amearikaanske dichter lit dêryn sjen hoe’t ferline en no op inoar betrutsen binne en hoe’t de tradysje de belicheming is fan likegoed it tydlike as it tiidleaze. It binne twa kanten fan de medalje dy’t men ek tsjinkomt yn de twa grutte, klassike nei-oarlochske gedichten fan de Fryske literatuer, te witten de greate wrakseling en stadich falle de foarmen út ’e skyl fan Hessel Miedema, twa teksten dy’t lykas alle grutte wurken èn bliuwend èn oan feroaring ûnderhearrich binne as it om de ynterpretaasje giet. Beide gedichten binne spitigernôch net opnaam yn Het goud op de weg, wylst krekt yn Miedema syn epy sprake is fan in sublime miks tusken it deistige sprektalige en in singelier sterk lyrysk idioam. Dêrnjonken is Eliot syn wurk fan belang as it om de autonomy fan de tekst sels giet. Dat is te sizzen: sûnder de close reading te ferabsolutearjen kin se in útgongspunt wêze en bliuwe by it ûntwikkelen fan ûnder oaren in mear ynterdissiplinêr inte literêre krityk oan de iene kant – dus rekken hâldend mei, en ik folgje hjir û.m. de opfetting fan Geert Buelens, de polityk, de (pop)muzyk, it teater, de strip, de film ensfh. – en in soartgelikense oanpak by it skriuwen fan in literatuerskiednis en/of literêr histoarysk oersjoggen oan de oare kant.[39] As it om de wearde en it belang fan de tradysje giet, pleitsje ik foar in perspektyf dat oanslút by dat fan in dichter as Jorge Luis Borges. Fan de lêste in passaazje út de ynlieding by Het geheimschrift en andere gedichten (1999), dy’t ik earder yn it digitale ‘Nachtbraakboek’ (Kistwurk, 2002) oanhelle. “Nooit heb geloofd in scholen en dogma’s, in stromingen en manifesten. Modern zijn […] is eigentijds zijn en dat zijn wij allemaal automatisch; het heeft geen zin om dat te benadrukken, want niemand kan in de toekomst of in het verleden kijken. Het heeft evenmin zin om Argentijns te zijn.”

Literatuur

* W.J. van den Akker en G.J. Dorleijn, Poëtica en literatuurgeschiedschrijving, 2005.
* Jetske Bilker en Babs Gezelle Meerburg, De 100 mooiste Friese gedichten, Kleine Uil, 2006.
* Jorge Luis Borges, Het geheimschrift en andere gedichten, Bezige Bij, 1999.
* Ph. H. Breuker en A. Janse, Negen eeuwen Friesland-Holland, Geschiedenis van een haat-liefdeverhouding, Zutphen 1997.
* Pieter Breuker, Kolleezje Ynlieding yn de Frisistyk, Groningen, 2004.
* Ernst Bruinsma, ‘Zolang de wind van de wolken waait, Een nieuw Friese literatuurgeschiedenis’, Ons Erfdeel, jrg. 50, febr. 2007, s 154-157
* Ernst Bruinsma, Kwaliteit als credo. Een geschiedenis van Uitgeverij Manteau (1938-1953), Meulenhoff / Manteau, 2005.
* Joke Corporaal, ‘Zolang de wind van de wolken waait’, Us Wurk, jrg. 56 (3/4) 2007
* T.S. Eliot, ‘Tradition and the Individual Talent’, The Sacred Wood: Essays on Poetry and Criticism, 1922.
* Léon Hansen, Menno Ter Braak, 1902-1940, Leven en werk van een polemist, Meulenhoff, Amsterdam 2003.
* Babs Gezelle Meerburg, ‘Hwant wij binne it nijs ûnder en boppe de sinne’. De Smearlappen fan Anne Wadman en Fabryk fan Trinus Riemersma as ‘fernijende’ romans, Fryske Akademy, 1997.
* Eeltsje Hettinga, ‘Elk skiepke syn knipke’, over Droom in blauwe regenjas, go-gol.nl 2008
* Eeltsje Hettinga, ‘De forsearre dichter fan it dûbeld paradys’, beschouwing over Fedde Schurer, Trotwaer, nr 6, 1998.
* Eeltsje Hetttinga, ‘De Fryske identiteit bestiet net’, De Moanne, sept. 2007.
* Odile Heynders e.o., Gij letterdames en gij letterheren, Nieuwe mogelijkheden voor taalkundig en letterkundig onderzoek in Nederland, Verkenningen (42-70), KNAW Amsterdam 2004.
* Goffe Jensma, ‘Zolang de wind van de wolken waait, Geschiedenis van de Friese literatuer’, It Beaken, jrg. 69 (3-4), Fryske Akademy 2007.
* Goffe Jensma, Het rode tasje van Salverda, Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw, Fryske Akademy 1998.
* Holger Klein, Harald Kittel e.o., International Anthologies of Literature in translation, Erich Schmidt, Berlin, 1995.
* Huub Mous, De kleur van Friesland, beeldende kunst na 1945, Friese Pers Boekerij 2008.
* Huub Mous, ‘Hoe fout is de Friese literatuur?, huubmous.nl aug. 2008.
* Willem Jan Otten, Het was missen op het eerste gezicht, Van Oorschot, 1994.
* Jan Piebenga, Koarte Skiednis fan de Fryske skriftekennisse, Laverman 1957.
* Trinus Riemersma, De Kul oer it skouder, Venus, 2007.
* Doeke Sijens, Douwe Kalma yn piama, Koperative Utjowerij 2004.
* Jo Smit, Federalistyske eachweiding, Laverman, 1956.
* Jabik Veenbaas, De lêzer is in duvel, Bornmeer, 2003.
* Abe de Vries ‘De fyftichste Tsjerne, de bining ferbrutsen?’, farsk.nl 2005
* Abe de Vries, ‘De Avonden,’ VPRO-radio, 17-06-2008
* Anne Wadman, Frieslands dichters, Stafleu 1949
* Anne Wadman, Oer oarmans en eigen, ‘Frieslands dichters, 34-41, Ljouwert, 1994.

_______________________

[1] Abe de Vries ‘Identiteit & kowesturten.’ Hjir, des. 2004

[2] O. Heynders e.o. ‘Lijnen en geleidelijkheid: Theorie en praktijk van de literatuurgeschiedschrijving in Nederland’ yn ‘Gij letterdames en gij letterheren, Nieuwe mogelijkheden voor taalkundig en letterkundig onderzoek in Nederland.’ Heynders is û.m. yn de slach foar literêr-histoarysk ûndersyk út ynterdissiplinêr perspektyf wei, dus: it hifkjen, fergelykjen en beskriuwen fan poëzy yn relaasje ta ûntjouwings yn de byldzjende keunst, teater, muzyk en film, in oanpak dy’t yn de Fryske literatuer eins blanko en net besteand is. Fierders is se yn har essay yn de pleit foar it “synchroniserende onderzoek”: it besjen fan de ferskillen en de oerienkomsten tusken literêre teksten troch de ieuwen hinne, konkreet: passe de mystike strofen fan Hadewych bgl. by guon fersen fan Lucebert. “In beide onderzoeksthema’s zou de literatuurhistoricus bereid moeten zijn een letterkundige en tijdgebonden oriëntatie los te laten. Er zou bovendien veel plaats ingeruimd dienen te worden voor lezen, analyseren, en betekenis geven. Niet vanuit de overtuiging dat we terug moeten naar een autonomistische kunstopvatting, maar vanuit de idee dat lezen van literatuur en beeldende kunst ook een close reading van cultuur, maatschappij en tijd in de brede zin van het woord omvat. […] Literaire teksten worden steeds minder afzonderlijk geanalyseerd en vaker in een breed cultuurhistorisch perspectief geplaatst.” It giet Heynders dus net allinne om in close reading fan de tekst sels, mar ek om in close reading fan de maatskippij en kultuer dêr’t de teksten yn ûntsteane en funksjonearje. Yn de Fryske literatuer is fan de kant fan de literatuerwittenskippers (E. Bruinsma, G. Jensma. J. Corporaal e.o.) benammen belangstelling foar it literatuersosjologyske ûndersyk fan de produksje, resepsje, distribúsje en konsumpsje, op basis fan it wurk fan de Frânske sosjolooch Pierre Bourdieu. Sjoch fan datoangeande bgl. Goffe Jensma syn kritysk besprek yn It Beaken oer Zolang de wind van de wolken waait, Geschiedenis van de Friese literatuer. De diskusje oer de wize fan literatuerskiednisskriuwen spitst him neffens Heynders ta op in sosjologyske oanpak oan de iene kant en in kultuerhistoaryske oan de oare, of om Heynders te sitearjen: “De institutionele kwantitatieve (object van onderzoek is niet of nauwelijks de inhoud van de tekst, maar de voorwaarden van zijn productie, distributie en receptie) en de cultuurhistorische (object van onderzoek is de betekenis van de tekst gerelateerd aan maatschappelijke en mentaliteitskwesties). Interpretatie en analyse van literaire werken afzonderlijk spelen alleen in de tweede benadering nog een rol. Het autonomistische paradigma (met nadruk op de literaire tekst als gesloten systeem) is aan het einde van de twintigste eeuw terzijde geschoven door een contextueel paradigma.” Dat Heynders ta in radikale ôfwizing fan de ynstitusjonele oanpak komt, dat hoecht hjir net besprutsen – mei it each op de ferhâldings yn it Fryske literêr fjild is dy oanpak, tinkt my, oars net ûnfertúnlik – wichtich is hjir dat Abe de Vries syn útgongskonsept op basis fan de dichitomy tradysje – eksperimint gjin oansluting hat by de hjoeddeiske metoaden fan literatuerskiedniskriuwen sa’t dy troch Heynders beskreaun binne. Wol binne der pendanten fan te finen yn de opfettings fan Jan Piebenga; Ernst Bruinsma wiist yn dizzen op L. Missinne syn boek Kunst en leven, een wankel evenwicht, ethiek en esthetiek: proza-opvattingen in Vlaamse tijdschriften en weekbladen tijdens het interbellum (1927-1940), www.dbnl.org/tekst/ miss003kuns01_01/colofon.htm.

[3] Babs Gezelle Meerburg – ‘Oare tiden, oare seden’, Leeuwarder Courant, 30 sept. 2005. Gezelle Meerburg stelt dat it tydskrift De Tsjerne de dichter Kiestra by syn publikaasjes gjin striebreed yn ’e wei lei: “De redaksje bekroade har net om de Suvering. Se hantearren allinne literêre mjitstêven, men seach net nei it maatskiplike funksjonearjen fan de auteur.”

[4] Eeltsje Hettinga – Abe De Vries hâldt ek yn dizze blomlêzing út dat de poëzy fan D.H. Kiestra “lange tijd ondergewaardeerd is.” Syn stelling is net hâldber. Kiestra, dy’t oant 1944 loyaal bleau oan de Dútsers, koe, fuort nei de oarloch, mei help en stipe fan de Fryske Beweging de bondel Sinne op ’e striesek (1946) útjaan. Syn wurk waard yn De Tsjerne opnommen. As er net ûnder it pseudonym D. van Wieren publisearre, dan wie er wol aktyf ûnder de namme Harmen Harstra. Ek fierderop krige er alle omtinken en wurdearring, û.m. foar syn bondel It jier yn ’t roun (1955). Syn gedichten waarden rûnom ôfprinte, likegoed yn de Ljouwerter Krante (mei dêryn û.m. de lange rige ‘Bûtenwachtfersen’ ) as yn it Bolwurk en it Fries Landbouwblad. Fan de KFFB krige er yn 1969 de KFFB-romanpriis. T.Hoekema en D. Tamminga besoargen syn Samle Fersen (1982) Last but not least, gjin Fryske blomlêzing dêr’t gjin wurk fan Kiestra yn opnommen is, fan Frieslands dichters (Wadman, 1949), Hûndert Fersen: In blomlêzing út ‘e Fryske Poëzy (Ph. H. Breuker, Y. Poortinga e.o., 1990) oant en mei de Spiegel van de Friese poëzie (Oppewal, Boorsma, 1994). Om koart te gean, De Vries ferkeapet larykoek en leagens as er stelt dat D.H. Kiestra “lange tijd is ondergewaardeerd”. Se passe lykwols by syn ‘Hersteloperaasje Kiestra’, dêr’t ek de ferguodlikjende, want troch kultureel idealisme dreaune ynlieding ‘Bycht, bea en ferlossing’ fan de Kiestra-blomlêzing Skielk beart de hjerst (Frysk en Frij, 2005) ta heart, in ûndernimmen dat destiids, it wie 2005, syn ‘triomf’ belibje moast mei de publikaasje fan in net earder yn it iepenbier ôfprinte Kiestra-fers op 5 maaie, befrijingsdei, in publikaasje dy’t plak ha moast yn it ramt fan De Vries syn Kiestra-essay mei de ferrifeljende titel “De man hat in skyld foar ús west”. Geert Buelens, literatuerkritikus en heechlearaar Moderne Nederlânske Letterkunde yn Utrecht, skriuwt yn dit stik fan saken oer de Flaamske sitewaasje: “Tot op de dag van vandaag(!) wordt nog altijd vergoelijking ingeroepen wanneer het over collaboratie gaat. Dat dit alles gebeurde onder het mom van volksverheffing en idealisme, lijkt een van de semantische en culturele schandalen van de twintigste eeuw, maar dat werd toen heel anders ingeschat. Ook vandaag lezen de memoires van notoire collaborateurs als de genoemde Theo Brouns en Wies Moens als een ode aan de verantwoordelijkheidszin, de innerlijke vroomheid en natuurlijke harmonie. En het tragische is, dat deze mensen dat nog meenden ook. […] De meeste leiders waren hooggestemde mannen, oprecht diep-religieuze idealisten. Dat zij het goed meenden en dat ze een geoefend lezer daar ook vandaag nog van kunnen overtuigen, zegt ons heel veel over wat idealisme in wezen is: een gevaarlijke vorm van gezichtsvernauwing, waarbij het Hogere Doel altijd zwaarder weegt dan de praktische bezwaren. Zo’n praktisch bezwaar was, bijvoorbeeld, dat de bevolking het zeer vaak oneens was met de hooggestemde betrachtingen van deze volksleiders.” (Uit: ‘Het Vlaamse Kruis’, 2004).

[5] Id. 1

[6] Jo Smit, ‘Ja seit Jo’, De Tsjerne 1959.

[7] Trinus Riemersma, ‘Literatuer fwar it karke fon…’, Trotwaer, s. 289, 1973. “Se hat gjin tsjinjende taak,’ skriuwt Riemersma, ‘likemin as dat se ‘de beweging’ stypje mat of de lju ta ut kristendom bekeare of de jongerain ut masturbearjen ferbiede – literatuer is frij […] literatuer is amoreel.”

[8] Kees Verheul, Wie een hoefijzer vindt, Van Oorschot, Amsterdam, 1974.

[9] Tjitte Piebenga, ‘Eksperimintele notysjes’, De Tsjerne, 1960, 352-358. Yn dit artikel bepaalt en beskriuwt Piebenga syn hâlding foaroer de Eksperimintelen, it jout teffens in goed ynsjoch yn syn poëtika. Ferwizings nei Mandelstam of oare Russyske dichters binne yn syn artikel net te finen. Ek yn it skriuwen fan Babs Gezelle Meerburg (sj ek noat [10]) wurde gjin referinsjes oan de ferhâlding Piebenga-Mandelstam dien. Ut ‘Ekperimintele notysjes’ wurdt ymplisyt dúdlik dat it foar de jonge dichter Tjitte Piebenga, sa om ’60 hinne, dreech wie en meitsje him los fan syn omkes, de dichter Douwe Tamminga en de sjoernalist Jan Piebenga. Dêr’t De Vries hiel eptich fan in “met succes” ta stân brochte “synthese tussen traditie en eksperimint” rept, dêr rint de jonge dichter winliken, knap ûngelokkich, mei twa fuotten yn ien hoas. Mar dit lêste sa sydlings.

[10] Babs Gezelle Meerburg, ‘In duit yn it ponkje. Yn memoriam Tjitte Piebenga’, farsk.nl, des. 2007.

[11] Eeltsje Hettinga, ‘De blinde inlegkunde van Abe de Vries, go-gol.nl 2006.

12] Abe de Vries, ‘Eros yn de greide I’, farsk.nl 2003. Op grûn fan de net op feiten fundearre ferhâlding Piebenga-Mandelstam kin men ek sizze: de blomlêzer makket “wat frjemde bokkesprongen”, al wie it mar omdat er de pôt is dy’t de tsjettel ferwyt dat er swart sjocht. Ik sitearje De Vries: ‘It oanwize wollen fan in skriuwer dy’t yn it ‘bûtenlân’ meidwaan kin, is al in âlder motyf yn ’e Fryske literatuerkrityk. Ferwiisd kin bygelyks wurde nei de ûntdekking, oan it ein fan jierren fyftich, fan ’e ‘nije Fryske roman’. Mei De smearlappen fan Wadman en Fabryk fan Trinus Riemersma koe Fryslân einlings foar it ljocht komme! Dat it Fryske minderweardichheidskompleks yn it gefal fan Postma wat frjemde bokkesprongen makke, dêr wiist ek de seleksje fan fersen dy’t yn ’e Spiegel [van de Friese poëzie e.h.] brocht waard op.”

[13] Id. 3

[14] Tiny Mulder, ‘Bitterswiet’, Samle Fersen, ynl. s. 67-68, Frysk & Frij 2001. Sjueryrapport Gysbert Japicxspriis, 1986 (foarsitter advyskommisje G.A. Gezelle Meerberg)

[15] Hiske Rypma wie ien fan de dichters yn de bondel Ut ’e Fryske boezem (1971), dêr’t fierders Jelle Kaspersma, Binne Lútsen Boonstra, Tsjêbbe Hettinga en Anne de Vries oan meiwurken. Hiske Rypma luts in tal jierren yntinsyf mei Hettinga op. “Piebenga hie by ús gjin oanklang. Tegearre hawwe wy yn dy tiid nei de útfiering Onder het melkwoud west, it radiostik fan Dylan Thomas, fertaald en bewurke troch Hugo Claus. It stik makke in ferpletterjende yndruk. Ek rûnen wy fier mei it wurk fan Gerben Rypma, sa sjongsum, sa moai ek, Gezelle op syn Frysk, mar bytiden, net te leauwen, sa mankelyk.”

[16] Jelle Kaspersma: “Ik hie yn dy dagen yn Snits en Starum Hans Lodeizen yn de binnenbûse fan de jas. Fierders wie der Jaques Prévert, Lucebert, Cees Nooteboom. Fan de Fryske dichters lies ik Joop Boomsma, Durk van der Ploeg, Geart van der Zwaag, Binne Lútsen Boarnstra. Wy publisearren yn de skoalkrante fan de Kweek. Tjitte Piebenga sei ús niks yn dy tiid, wol syn ferhalen, ‘De rook fan mesjester’ en sa. En fierders wie der Dylan Thomas, ik wit noch dat ik syn stik sjoen haw, yn it Amicitiateater yn Snits, Onder het melkwoud.” Under de pseudonimen Kasper Jellema en Hette Tsjêbbinga publisearren Kaspersma en Hettinga de bondel Loft, lân en sé (1974).

[17] Jan Piebenga, Koarte Skiednis fan de Fryske skriftekennisse, Laverman 1957.

[18] Id. 15.

[19] Anne Wadman, Oer oarmans en eigen, Essayistysk en kritysk ferskaat ‘Frieslands dichters, in ôfsluting’, s. 34-41.

[20] Anne Wadman, Fryske Fersleare, Reiddomprige, Laverman 1953.

[21] Anne Wadman, Friesland dichters, bloemlezing uit de Friese lyriek sinds 1880, Stafleu 1949.

[22] Abe de Vries, ‘De fyftichste Tsjerne, de bining ferbrutsen?’, farsk.nl 2005.

[23] Id. 3.

[24] Eeltsje Hettinga, erosmos.nl – It tapassen fan in suver op de autonomy fan de tekst rjochte literatuerkrityk (de close reading), wêrby’t útgien wurdt fan it gedicht as in sletten gehiel, is my te beheind. De poëzy lit him better ferstean en lêze as de metoade útwreide wurdt troch ek rekken te hâlden mei de omtekst: de ferskillende inoar faak oerlaapjende fjilden op it mêd fan polityk, keunsthistoarje en keunst. Oangeande it gearstallen fan in literêr-histoarysk oersjoch en it skriuwen fan in literatuerskiednis ferwiis ik nei noat 2.

[25] Jabik Veenbaas, De lêzer is in duvel, ‘Yn dit boek’, s. 9. Veenbaas weryntrodusearre de literatueropfetting fan it ‘ventisme’. Hy beskôget himsels net samar as “in ventist yn tradisjonele sin, dus ien dy’t de persoanlikheid iensidich boppe de foarm stelt.” Dat is in mear nuansearre ynterpretaasje as dy fan de ‘ventist’ Abe de Vries. Sjoch noat 27.

[26] Id. 2.

[27] Fedde Dijkstra, ‘Hoe meer bloemlezingen, hoe beter’, Leeuwarder Courant, 24-05-2008.

[28] Id. 4.

[29] Id. 1.

[30] Eeltsje Hettinga, ‘Famylje en mite, Fryslân as hillige hoer’, go-gol.nl 2008.

[31] Trinus Riemersma, De kul oer it skouder, Ynl., Venus 2007.

[32] J. Piebenga, ‘Friese dichters voor Hollanders toegankelijk gemaakt’, Leeuwarder Courant 04-11-1949.

[33] Eeltsje Hettinga, ‘De Fryske identiteit bestiet net’, De Moanne, jrg. 6, sept. 2007.

[34] Huub Mous, ‘De Friese canon’, huubmous.nl, 27 okt. 2006.

[35] Goffe Jensma, ‘Kangeroe naast kievit. Over beeldvorming en overdracht van Friese cultuur en geschiedenis’, It Beaken jrg. 70 (1-2), Fryske Akademy 2008.

[36] Id. 15, 16.

[37] Id. 4.

[38] Id. 2.

[39] Eeltsje Hettinga, ‘Orale poëzy en it ûnútspreklike fan de dingen’, go-gol.nl 2008.