Thús

OLYMPUS DIGITAL CAMERA
Eeltsje Hettinga – (still út de poëzyfilm ‘It Let’ – Fotografy: Kees Middendorp)

Ele Hettinga - tekening Christiaan Kuitwaard

Potlead en Sineeske tekeninket op Fabrianopapier. Portret, makke troch Christiaan Kuitwaard.

Eeltsje Hettinga is skriuwer, dichter en sjoernalist. Hy is waard ferline jier beneamd as de earste dichter fan Fryslân. Hy publisearre fiif poëzybondels. Syn debút Akten fan Winter (1998) waard bekroand mei de trijejierlikse Fedde Schurerpriis fan de provinsje Fryslân. Foar syn poëzy krige er fjouwer kear de Rely Jorritsmapriis.

Under it pseudonym Hu Thung-song joech er de bondel Yn ’e fal fan jûn yn it ljocht, poëzy mei in Sineesk karakter.

Hettinga wie de oprjochter fan it literêre tydskrift Kistwurk (2000-2003). Hy naam it inisjatyf ta de blomlêzingen Wrâld, finster, gedicht en Gjin grinzen, de reis.

Neist kritiken en essays oer poëzy en byldzjende keunst makke er oersettings út it wurk fan Tomas Tranströmer, Ingeborg Bachmann, Georges Bataille en Slauerhoff.

Syn bondel Ikader waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013. Hettinga: “Ikader hat ek de lêste útjefte west. Ik wol gjin bondels mear útjaan. Wol sykje ik nei oare, mear ynterdissiplinêr rjochte útjeften.”

Tegearre mei fideokeunstner Lotte Middendorp makke Hettinga it poëzyprojekt It Font dat yn 2016 te sjen wie yn Museum Belvédère, It Fries Museum en op de Frankfurter Buchmesse.

.

Thom Mercuur - It Gemaal - Ikader