Thús – EH

Eeltsje Hettinga - (still út de poëzyfilm 'It Let' - Fotografy: Kees Middendorp)
Eeltsje Hettinga – (still út de poëzyfilm ‘It Letfan Lotte Middendorp – Fotografy: Kees Middendorp)

 

Eeltsje Hettinga is skriuwer-dichter. Hy wie de earste dichter fan Fryslân  (2017-2019). Hy publisearre ferskate poëzybondels. Sjoch: Publikaasjes

Syn debút Akten fan Winter (1998) waard bekroand mei de trijejierlikse Fedde Schurerpriis fan de provinsje Fryslân. Foar syn poëzy krige er fjouwer kear de Rely Jorritsmapriis.

Under it pseudonym Hu Thung-song joech er de bondel Yn ’e fal fan jûn yn it ljocht, poëzy mei in Sineesk karakter.

Hettinga wie de oprjochter fan it literêre tydskrift Kistwurk (2000-2003). Hy naam it inisjatyf ta de blomlêzingen Wrâld, finster, gedicht en Gjin grinzen, de reis.

Neist kritiken en essays oer poëzy en byldzjende keunst makke er oersettings út it wurk fan Tomas Tranströmer, Ingeborg Bachmann, Georges Bataille en J.J. Slauerhoff.

Syn bondel Ikader waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013. Hettinga: “Ikader hat ek de lêste útjefte west. Ik wol gjin bondels mear útjaan. Wol sykje ik nei oare, mear ynterdissiplinêr rjochte útjeften.”

Tegearre mei fideokeunstner Lotte Middendorp makke Hettinga it poëzyprojekt It Font dat yn 2016 te sjen wie yn Museum Belvédère, It Fries Museum en op de Frankfurter Buchmesse.

Op de Buchmesse fan 2019 waard poëzy fan Hettinga útkeazen foar publikaasje yn it foaroansteande literêre tydskrift Sinn und Form.

Ferpakt yn in magnetysk slutende kasette ferskynde yn 2019 Nachtspraak, in essay plus in bondeling fan twatalige gedichten oer de histoaryske figuer Kaspar Hauser. 

Yn it tankwurd by syn beneaming ta de earste Dichter fan Fryslân referearre Hettinga oan syn ûnôfhinklike posysje: ‘Unôfhinklikens hâldt yn dat ik nimmens slippedrager bin, net fan de polityk, net fan hokker oare ideology ek.’

Ein 2019 ferskynde in karlêzing út de gedichten dy’t Eeltsje Hettinga yn de twa foargeande jierren as Dichter fan Fryslân skreau.

.

Thom Mercuur - It Gemaal - Ikader


© foto : Hoge Noorden / Jacob van Essen