Bas Jan Ader – De dôve oseaan – Lânskippen 1

adersail

Simmer 1975. In betide sinne boppe Cape Cod. Seefûgels dwerrelje as stikkene biddelbrieven by de himel lâns. Op ‘e steger yn de haven in transistorradio. In heas ‘Wish you were here’ rôlet hoar it hast blakstille wetter oer. Yn syn sylboatsje Ocean Wave, mei in lingte fan krekt fjouwer meter, set de keunstner Bas Jan Ader dy simmermoarn de haven út, yn in besykjen om allinnich de Atlantyske Oseaan oer te stekken.


Fan it fertrek, de oertocht en de oankomst…

De tocht sels is ûnderdiel fan it yn Los Angeles útein set projekt In search of the miraculous, in trijelûk dat, sa seit it doel, ôfsletten wurde sil mei in útstalling yn it Grinzer Museum, healwei de hjerst fan datselde jier 1975, en dêr sil, sa is frou, freonen en kunde tasein, de baas sels – fansels – ek by wêze. In wiuwende hân boppe de kust. Dreamen en havens meitsje Russyske roulette. Njoggen moannen letter fynt in tal Spaanske fiskers de heal sonkene boat ûnder de kust fan Ierlân. Nimmen oan board. De feilichheidslinen trochsnien. Rêdingsfesten fuort. De dôve oseaan. It boatsje, it wurdt mei op sleep nommen nei La Coruña, in fiskersplak yn it Spaanske Galys, dêr’t de fynst op 22 april 1976 oanjûn wurdt by de Militêre Autoriteiten. Wat dêrnei mei Ader’s skip bard is, is noait rjocht dúdlik wurden. Stellen? Ferkocht? Oan ’e jiskebult?

Spoarenin-search-of-the-miraculous-bas-jan-ader-discovery-file-koos-dalstra

Yn Discovery File. In Search of the miraculous Bas Jan Ader 143/76 dogge skriuwer, dichter en kriminolooch Koos Dalstra en keunsthistoarika Marion van Wijk ferslach fan harren ûndersyk nei Ader syn reis, syn letter, yn La Coruña weiwurden sylboat en de manier wêrop’t de Autoriteiten mei it iene en oar omgien binne. Wat de Spaanske fiskers dy iere moarn yn april oan board fan de Ocean Wave yn de roef oantreffe, is net botte folle: wat blikken mei iten, twa brieven, de print fan in Amearikaansk paspoart (‘Name: Ader, Bastian, John, Christian’), in sekstant, in heal fergiene Amerikaanske flagge. Snypsnaren. Mear net. By de boel gjin boeken. It klassike Phänomenologie des Geistes fan de Dútske filosoof Hegel, ien fan de geskriften dy’t neffens Ader’s widdo Mary Sue Andersen mei oan board gien wie, wurdt net neamd. Is it ûnderweis oerboard gien? Hawwe de fiskers fan La Coruña it wurk faaks mei nei hûs nommen? Mar wat moat ien mei in boek dat moannen oanien yn it wetter lein hat? De kâns dat de see Hegel opfretten hat, is oannimliker. Of faaks swimt der earne noch in âlde walfisk om mei Hegel’s Geist yn it liif. Ay, de omkearde skepping.

Tiid is ivich fisk, hearskjend oer it mystearje en it geheim fan it Neat.

Todesarten

Ut de berch papieren sa’t dy in tal desennia yn de argiven fan de Militêre Marine yn La Coruña lein hat, wurdt net dúdlik wat krekt de oarsaak west hat fan Ader syn ferdwinen.

Hie er mei In search of the miraculous mear túch opset as it projekt drage koe?

Earne yn de sinne moat de dea begûn wêze.

Feitliken jildt hjir itselde as wat der sein is oer de mysterieuze ein fan ien fan myn noch altiten  meast beleave dichters, de dichteresse Ingeborg Bachmann: Der is in protte fan sein, mar der falt neat oer te sizzen.

Deadsoarsaken.

Todesarten.

Sprakeleas. De taal.

De Discovery File, in tsjok, 213 siden tellend dossier, set útein mei in oan Marion van Wijk rjochte brief fan de yn Santiago de Compostella wenjende keunsthistoarikus Pedra de Llano. Dêryn wurdt ferslach dien fan in tal noch net beskreaune Ader-dokuminten út de militêre marine-argiven yn La Coruña. De Llano docht Van Wijk ûnder mear te witten dat Don Alfeirán, eigner fan El Pondal, in fiskersboat, ferneamd nei de Galysyske dichter Eduardo Pondal (1835-1917), dejinge west hat dy’t de op de Atlantyske Oseaan omdriuwende Ocean Wave, leech en heal tesonken, as earste yn it each krige.

‘I can advance you the following facts,’ skriuwt De Llano. ‘The report has 74 pages. It begins on April  27th 1976 and ends on February 1st 1977. It relates the history of the Ocean Wave from de moment Don Alfeirán speaks about his discovery to the authorities until nine months later, when the case is closed. The reason: the authorities cannot find the stolen boat, that disappeared from San Diego harbor in Coruña between May 18th  en June 7th 1976. (…)

Don Alfeirán says how they found the boat and its position. He says they didn’t find a body there, neither a life-jacket. Also he says they found spoiled clothes, some food and other spoiled objects, which he doesn’t detail. He says they threw almost all of the spoiled objects into the sea, except for clothes, documentation and an object of maritime navigation called sextant.

Don Alfeirán doesn’t speak about books or notebooks, but the Archivo Naval has copied two letters aboard, dated 09-09-1970 (Gorkum) and 12-11-1974 (Bremerhaven). Also some newspaper-clippings with advertisements, ID’s and some business-cards. Apparently, all these documents were delivered to Mary Sue Andersen [Ader syn Amerikaanse vrouw, e.h.]  in September 1976.

Don Alfeirán himself doesn’t speak about explosions, but the expert who examined the boat, just after it arrived in Coruña, did a brief investigation (folio 20), concluding that an explosion would have been possible.’

Nothing was found

De Ocean Wave is dus op in stuit poater, fuort, ferdwûn. Lykas syn eigner.

Be caught, be found. A true disappearance.

Yn de skerte fan de see, de holle fan wier en weagen betize. Gjin liet dat libben op it droege spei.

Rûs yn de djipte fan it neat de mins.

De ein draacht de lêst.

Wêr bedarre it nei La Coruña op sleep nommen boat? Der wurdt in tal plakken neamd, sa earne tusken de havenstêd Vigo yn de Galysyske provinsje Pontevedra en San Sebastian yn it fierderop lizzende Baskelân. Earne. But nothing was found, of sa’t it yn de stikken hjit: “Exposition. In relation to your request I have the honor to inform your Lordship of the results of our investigations no single trace of the boat, as referred to by you, has been found. May God guard your Lordship, Military Naval Commander, Gyon, 11th of September 1976.”

Nothing was found. In syktocht sûnder útkomst. It is ien fan de redenen wêrom’t it Nederlânske konsulaat yn Spanje, dat har ek mei de saak Ader ynlitten hat, op in stuit seit: It hat moai west. It set in streek ûnder it ûndersyk nei de weiwurden Ocean Wave. Der wurdt net mear yngien op de troch Don Alfeirán oandroegen mooglikheid dat it boat op in plak telâne kaam is, “(…) ran by a woman called Viuda de Trillo, which used to sell scrap. talked to the widow, but she didn’t remember very well or didn’t want to speak. I gather that Ader’s cameras were spoiled, when they were discovered at sea or they could be stolen by the fishermen.”

Sa’t it falt

It besykjen en stek allinnich de Atlantyske Oseaan oer yn in boatsje, net grutter as in fiks kammenet betearde mis. Mei it projekt In search of the miraculous rikte Ader as ienris Ikarus oan de lippen fan de sinne.

It sâlt fan de see, it friet him, lang om let, it hert út.

Das Unvollendete.

Ader ferlear fan it wetter, de see, de eleminten, hy luts oan de koartste ein of oars sein, en lit my yn dizzen te seil gean op in Nederlânsk tiidwurd: hy ‘faalde’. Mar wie it net krekt dêryn dat er slagge? ‘Falen’ stie by him synonym oan sneuvelje, yninoar donderje, stjerre, falle. En dat lêste, de fal, it wie, eins fan begjin oan, ít grutte tema fan syn performances en syn video-, foto- en filmwurk. 

Yn neifolging fan Hegel woe de keunstner gjin skieding oanbringe tusken natuer en keunst. In search of the miraculous is yn dy sin te beskôgjen as in sublime foarm fan ‘samen-vallen’. It oerweldigjende momint, de perfekte fal wie in foarm fan folslein loslitten.