Dwingehôf

DwingehofEeltsje Hettinga
út de bondel Dwingehôf

STANBYLDEN YN ’E SINNE

Edward Hopper
People in the Sun

.

As op de earste rige yn de bioskoop
sjogge wy, rjochtop yn ’e stoel op it terras,
de ferlitten flakte oer, blau metalen
heuvellân en ûngenedige fierte.
Klanken fan Debussy kringelje tin as
reek oer it omtrint ferwylge tún.
Under it bonkehurde ljocht boppe
Four Acres Hill is ús it útsjoch tombe.
Gjin kop dy’t wat seit of it moast wêze
de stilte dy’t al ferpulveret.

It tsjinsterke fan Haïti hinget wat
yn ’e doar, lakket har de neilen foar in letter,
in faaks. Stânbylden allyk sitte wy
yn de sinne, it each strak op ’e himel,
sa’t romte ek ús stiet op te nimmen?
Tsjuster skoot it skaad fan de heuvels
de flakte oer, oant de jûne ta jiske
komt te ferskimerjen. Lûden
yn ’t strewel risselje en lústerje faaie
mearkes út de ûnderwâlen fan it hert.

Elkenien swijt, allinnich, fersonken
yn himsels, tewyl krûpt stilte ús
as modder yn ’e mûlholten om.
Efter Stella’s stoel besykje ik my noch
in takomst te lêzen út de deaplakken
op har bleate famkeshûd. As yn in stil
libben sitte wy fêst, finzen yn de list
fan ús kâlde sels. Bill snoarket as in baarch,
Charles leit wat yn himsels te praten,
Stella sil al in ivichheid in trui oandwaan.