Gerrit Terpstra – It finen fan in útwei yn de tiid dy’t de minske ferskuort
It omfangrike oeuvre fan skilder en byldzjend keunstner Gerrit Terpstra is in yngenieus teater fan tiid, wêryn’t gaos en oarder en skepping en ferneatiging inoar as eros en thanatos allegeduerigen op de hakken sitte. Syn leafde foar it lytse, it breklike en it neatige uteret him gauris yn it brûken fan skynber weardeloaze materialen: stikken stien, hout, karton, jute of samar in pear ferrinnewearre fûkestokken. Syn fassinaasje mei dat wat ferdwynt en ferfalt, liket hast omkeard evenredich oan in yngeand ferlangen nei it bewarjen fan it libben sels.
.
In moaie yllústraasje fan dat idee is de projektynstallaasje ‘Sanctum Corpus’, de gipsôfdruk dy’t de keunstner in fearns ieu ferlyn fan syn boppelichem makke en dy’t er plak joech yn in lange, glêzene kiste. Ut de wûne op de linker side fan it korpus, dêr’t in wyt lint mei it opskrift amor vincit omnia oerhinne lein is, rint in plestik drain nei in smelle, kante flesse. Tsien jier ferlyn waarden der inkelde drippen sleatswetter yn getten. Nettsjinsteande it sletten sirkulaasjesysteem is der no, safolle jier letter, in minuskule foarm fan plantegroei yn te sjen, soks ta fernuvering fan de keunstner sels. As wetter leafde is en leafde libben, dan hat it byhearrende biedwurd leafde oerwint alles knap raak west.
Neist de ferwizings nei it lijen fan Kristus giet it by boppeneamd projekt benammen om it fenomeen tiid. Net oars as by de werheljende seizoenpatroanen hat de tiid by Terpstra meast in syklysk ferrin, mei navenant in fisy dêr’t mei it fariant op Preker de dichter T.S. Eliot yn de ‘Four quartets’ ûnder mear dit fan seit: ‘In my beginning is my end. In succession / Houses rise and fall, crumble, are extended, / Are removed, destroyed, restored, or in their place / Is an open field, or a factory, or a by-pass.’ /
Terpstra is ien fan de wichtichste en meast nijsgjirrige konsepsjonele keunstners yn Fryslân. Lykas by it Sanctum Corpus giet it om it barren en de útfiering fan in idee, al wol dat net sizze dat de betsjutting fan syn projekten al yn it foar fêststiet. Alles is (noch) mooglik. Dat jildt ek foar it Mûzeprojekt yn it eardere atelier efter yn it tún fan syn wente yn Heech. Dêr’t de bistkes har yn koaikes en koffers fermannichfâldigje, soargje grouwe, troch it dak krûpende klimopplanten foar in hurd om him hinne gripende wyldgroei. In âld harmoanium, in smelle, út reade stien opmitsele boat dy’t in soad wei hat fan in âld Egyptyske sarkofaach, in blau seemansjaske en alderhande oare dingen wurde wei ûnder grien, stof en spinreach. By de ûntjouwing fan it projekt is Gerrit Terpstra oer alle boegen the artist contemplating the forces of nature.
It is as spilet de duvel dermei as wy nei oeren praten oer dea, ferfal en fergonklikheid ien fan kofferkes iepenje dêr’t in nêst jonge mûzen yn omhúsmannet. It nêst sels bestiet foar in part út stikjes, út tydskriften byinoar klaud papier. ‘Moast ris sjen,’ ropt Terpstra ferheard. Ik doch in stap tichteby, lês yn haadletters it wurd ‘VERVAL’. Haadrolspiler yn dit projekt, wêrby’t it atelier sels ta keunstobjekt wurden is, is fansels de Tiid. Skepping en ferfal wurde hjir op ’en skerpst tsjininoar útspile. De keunstner is him derfan bewust dat er in proses yn gong set hat, dêr’t er de ein net fan ken. ‘Wat ik sichtber meitsje wol, is it trochgean fan de tiid en alles wat fan de iene op de oare generaasje trochdien en oerlevere wurdt. In pear mûskes binne ûntsnapt. Se sille it net rêde, kinne de frijheid net oan, binne der net foar kondysjonearre. Se ha fan begjinoan yn finzenskip sitten. Dat, as sy it al net rêde, hoe sit it dan mei ús, de minske?’ Terpstra swijt, sjocht in hoart nei de rûnom omtripkjende dierkes, foeget dan wis en fol oertsjûging ta: ‘De minske is in bist, mei dit ferskil dat er it fermogen hat om foarm en útering te jaan oan de prosessen dy’t him bepaald ha. It giet my ek om it finen fan in útwei út dat ivige, de minske ferskuorrende dualisme. By dit projekt rjochtet him dat fral op de spanning tusken frijheid en determinisme.’
By ynstallaasjes lykas it Corpus Sanctum of it mûzeprojekt leit de klam foar in net gering part op it organyske elemint. It is ek de reden dat de betsjutting fan in soad fan Terpstra syn wurk al geandewei ûntstiet. ‘It materiaal lit my tinke. Betsjutting groeit, net oars as in koraal yn see, se is it resultaat fan in ûntwikkeling. It begjin en de oarsprong derfan binne efterôf net altiten like dúdlik. Boppedat is der faak sprake fan mear as ien betsjutting en perspektyf.’ Fandatoangeande moat ik by Terpstra syn wurk gauris tinke oan it fers ‘Darwin’ fan de Flaamske dichter Dirk van Bastelaere:
Het rif leeft
Zijn eigen herinnering
Houdt een rif vast aan zijn begin.
Het lijkt de paleisvloer
Van nog een Troje
Maar is een kolonie van de zee
In de zee. De schepen rondom
En de wandelaars op zich
Moet het vergeten zijn.
Nooit echter
Verbeeld dan door zichzelf
Is van een rif het hart nog te vinden:
Verspreiden in het veld, de
Klinkers uit tientallen zinnen
De duur van je leven
Is een hertshoornkoraal
Dat niet eens echt
Is begonnen.
Vrijwel geen mens komt hier voor
Een wolkflard bewoog
Darwin verdampt
Gaat het rif met rifbouw door.
Gerrit Terpstra (1953), soan fan in bakker út Birdaard dy’t letter nei Heech teach, die de keunstakadeemje Vredeman de Vries yn Ljouwert, it plak dêr’t er ek de learare-oplieding tekenjen folge. Yn de jierren santich wie er in skoftke warber as metaalbewurker en drukker. As keunstner sette er útein mei wurk dat de surrealistyske kant it neist is. Wy komme op it wurk fan de skilder as Magritte, ûnder mear ferneamd troch it doek ‘It ferried fan de foarstelling’ mei de dêryn ferwurke tekst Ceci n’est pas une pipe. Terpstra hat er de syn wurdearring foar, al fertinkt er Magritte der wolris fan dat er te filosofysk is, wat neffens him ek de reden is dat de man te faak syn plaatsjes by (filosofyske) praatsjes makket. ‘My is dat net genôch. It wurk moat altiten in fertaalslach wêze nei it ekspressyf persoanlike.’
Net oars as by Magritte is der ek by Gerrit Terpstra sprake fan in hechte kombinaasje tusken byld en taal. Elemintêre wurden as ‘fjoer’, ‘ljocht’, ‘wetter’ ‘tsjuster’ of ‘tiid’ komme gauris werom yn syn tekeningen, sketsen, konstruksjemodellen en skilderijen. Ynskripsjes as ‘Skip gjin skip’ by it ûntwerptekening fan in lyts boatsje dat tusken it figurative en abstrakte balansearret, hawwe wat fan in beswarren. It lit jin tinke oan it bern dat mei it beneamen fan de dingen om hinne better greep op de wrâld krije wol, soks by wize fan ferheldering en oarderjen. Winliken giet it by Terpstra om it sykjen en ûndersykjen nei wat de dingen binne en hoe’t dy yninoar stekke. Sa makke er by it fernimstige, út 36 ûnderdielen besteande ynstallaasjeprojekt ‘Tiidspegeltiid’ earst de objekten, bygelyks it karke op rubberen tsjillen mei op it ûnderstel in stik hout dat troch in oereinsteande bile stekt. ‘Fan al dy dingen haw ik tekeningen makke, letteroan haw ik dy wer abstrahearre om op dy wize de essinsje fan it wurk helder te krijen. As lêste haw ik dat hiele proses noch wer ris beskreaun.’
Dat lêste, it ferwurdzjen fan it ding ta gedachte, docht Terpstra ûnder mear yn syn ‘Wurkboeken’, keunstner-deiboeken, dêr’t er yn de jierren tachtich mei begûn is en dêr’t út dúdlik wurdt dat er as dûbeltalint knap bejeftige is, sa’t bygelyks bliken docht út it lange, omtrint Zarathustra-eftige ferhaal by it projekt ‘Tiidspegeltiid’: ‘Aarde, lucht, water en vuur kwamen in dit ‘ding’ op symbolische wijze tot uitdrukking. Hij wist het, dit was het Weten, hier kwam alles uit voort en ging alles naar toe. Hij werd er helemaal lyrisch van, hij had het “al” gevonden. Het ging dus niet om het verkrijgen van inzicht, maar om uitzicht; de mogelijkheid om dingen te zien, niet in jezelf, maar buiten jezelf.’
It Sanctum Corpus is ien fan de hûnderten objekten dy’t Gerrit Terpstra yn it tsjerkje op de terp yn Ginnum te stean hie. Trettjin jier oanien hat it tsjerke-ynterieur syn útstallingsromte west. Neat mocht der oan de ynrjochting en opstelling fan de bylden, skilderijen en objekten feroare. Net oars as yn de natuer sels, moast alles syn gong gean; spinreach en stof gienen foar de feger en blik fan de beskaving. Mar sels Terpstra, yn waans wurk de fergonklikheid sa sintraal stiet, waard it ferfal in krom tefolle. Sterker, doe’t op in stuit fûstgrouwe skuorren yn de muorren opdûkten, tewyl ék it skip fan de tsjerke wat al te hurd begûn te fersakjen, wie it Terpstra moai genôch, hy woe út Ginnum fuort, ek omdat it him steurde dat de besikers dy’t syn útstalling besjen woenen te faak foar de winige doar kamen, omdat der gjin tsjerkebehearder mear wie. It spul koe inkeld op oanfraach besjoen wurde. En om dêrfoar alle kearen út syn wenplak Heech wei te kommen, wie Terpstra nei safolle jier tefolle.
Lêsten neisimmer loege er it Ginnumer guod op in âlde ferhúzerspream en ferfear, mei skipper-dichter Binne Lútsen Boarnstra oan it roer, de frucht fan jierren wurk nei it âld molkfabryk yn Osingahuzen dêr’t er atelier yn hâldt. ‘Geande-weigean’, neamde er syn hast midsieusk oandwaande ferhúzersreis, mei efter de boech fan de pream in sakramintshúske, dêrnjonken in alterke en in tal fan houtene kisten dy’t elk har opskrift ha: Tiidsbrek, De zin van het leven in deze tijd en Duizendstromenland. De lêste titel beslacht in rige fan achttjin skilderijen dy’t er by in tal Obe Postma-eftige gedichten fan Binne Boarnstra makke hat, ûnder mear by dit fers: ‘Waar ook onze bestemming of toevlucht ligt / één ding is zeker – niets is verlaten / Alles stroomt ineen en één in alles.’
De ynrjochting fan it twa ferdjippings tellende atelier yn Osingahuzen is net oars as dy yn Ginnum: strang en oersichtlik. ‘Der moat in oarder yn sitte, foar my is dat in foarm fan ferset tsjin de leechte, tsjin it horror vacui fan dit bestean, mei al syn twivel en fragen. Ik wol de dingen ferkenne, yn kaart bringe, fêstlizze en struktuer jaan. It is in ritueel dat ik ek nedich haw om net gek te wurden,’ seit Terpstra, dy’t it as in útdaging beskôget en kom foarby oan it dualisme dat oant no ta fierhinne syn wurk bepaald hat. ‘Ik bin in panteïst, fiel my oan de natuer besibbe. Der is gjin direkte grins tusken it natuerlike en it godlike, god is yn alles.’