IKADER

ikaderEeltsje Hettinga
út de poëzijbondel Ikader

 

ALTEMETS

Altemets moatst fuortgean, in wek slaan
yn it iis fan dyn bestean, ferdwine,
de stream fan wetter fine, bloed pompe
yn it byld fan in leafde, in lân, dat dy
hjit en folget en net mear loslit,

mar bisto ree en doch in moard foar har
dy’t is dyn altyd wiuwende simmer-
see, famke dat ropt en set
de bile yn it iis dat it fjoer derôf spat?

Doarsto yn dyn fallen, al sjongende
in Farewell to faraway friends,
it seil te hisen en oare kant de oseaan
ta lichem te bringen it lûd fan har stimme?

 

IN MAN WINT FAN JOHANNES DE APOKALYPS

In man wint fan Johannes de Apokalyps,
nimt ta eksimpel himsels de stamsellen
út de White Power-bommen fan Oklahoma en
skriuwt as Gods feint de traktaten fan ferlos.

In man skept himsels syn heldedei, fertrapet
yn park en tún de planten en krûden mei útlânske
nammen. Ariry, ananasbrem en
Turkse roas sette him it skom op ’e mûle.

By in boerehûs, wrak as de gatten
yn it gebit fan doarpen yn ’t krimpen, fleane
skaden oer bline muorren: in spul fan skimen wêryn’t
in man ienlik foar kening en kriger spilet.

Fan heksen hastige, ropt yn de holten
fan it hert (as ienris by Macbeth) de lust en deadzje.
Koel berekkenet in man it lot en it let
oant yn ’e fierste see-earm fan steat syn kusten.

Sûnder lûd weidet hate syn bokken fet.
Hoe’t him de stimmen roppe: Duncan, Duncan dead.
Under de dream, syn eilân, woedet dûm de dea.
Nei nitraat priuwt de wyn, skrassend de bosken fan Utøya oer.

 

TINNER AS DE WYN

Tusken twa deadebetinkings yn teart it libben him iepen,
in liet, licht as de rûzjende rokken fan Rixt.

Under de taal stappe de tekens. Hear mar, tûken
pratend yn de oasten fan hikken oan hôven.
Sjoch mar, happes dravend yn de nerf fan it hout,
har hoegen, kobaltblau, sûnder ho.

Bylden lústerje, sjonge en dogge as snuorjend in film-
projektor yn in ferlitten stedsbioskoop.

Ik bin net ik, sis ik, mar opknipt yn tûzen en ien stikken.
Tinner as de wyn klim ik yn de dingen,
in rútsjetikker mei plofklanken giel en bekhammers read,
kaaien foar it hing- en slútwurk fan it hielal.

Der is in bonkerak, dêr’t ik ynmoedich alle nachten
in klok yn set oant it kloppet as in hert.
Der is in seizoen dat my it wurd yn winkelsintra om
wjukken giet en liivje yn alle stjerren.

In sirkus bin ik, mei dowen, hûnen, sebra’s en tigers
dy’t mearkelicht stik foar stik har streken ha,
in bern dat taal troch fjoerhoepels jaget, dûnsjendewei
mei krúsbekjes, skelfinkjes, toarnehip en ljip.

Tusken twa deadebetinkings yn teart it libben him iepen,
in liet, licht as de rûzjende rokken fan Rixt.

Tink net, in lui each sil it slagje en wrot himsels in paad
troch hûzen fan fleis om ûnder de jûnsstjerren
te hearren nei de lytse nachtmuzyk fan it skommelfamke
dushy dushy tralala, wylst de jonge,
de tinne tekener dy’t efterstefoaren op ’e fyts it hielal útleit,
har tasjongt: ik, ik bin de gouden rider.