JFK yn Dallas, Texas – ‘Behekste stêd fan KKK en CIA…’

(Nov. 2017) Op de billboards oan de grutte highwegen fan Denison nei Dallas wie ein jierren njoggentich in biedwurd te lêzen dat my, tinkend oan de yn Dallas fermoarde presidint John F. Kennedy, altiten weroan fernuvere: ‘If you liked the show, you love the city.’

Kennedy waard op Dealey Plaza deasketten doe’t er tegearre mei syn frou Jacqueline (‘Jacky’) yn in iepen limûsine syn publykstocht troch Dallas makke. Dat wie twaentweintich novimber 1963.

Yn de hal yn de foarein fan de pleats yn B. gong de oare deis de swart bakeliten telefoan oer, myn beppe Ytsje Engwerda, heal snotterjend: – Minsken, se hawwe Kennedy fermoarde…

Sûnt dy dei yn novimber is der de weareld oan boeken, films en dokumintêres ferskynd dêr’t yn besocht is en smyt in ljocht op de tadracht en achtergrûnen fan de moard, in saak dy’t oant op de dei fan hjoed noait net krekt opheldere is.

Mei omreden fan it feit dat de oerheden it ferpoften om de saneamde ‘classified documents’ oer de moard op JFK frij te jaan, is it tal komplotteoryen sa’t dy bylâns de jierren harren gerak krigen hawwe amper noch te tellen.

Wat hie Kuba mei de moard te krijen, hokfoar rol spilen Vietnam en it kommunisme, wat wie de betrutsenens fan Harvey Lee Oswald, de man dy’t winliken fuortdaalks nei de oanslach oppakt waard en net lang dêrnei fermoarde wurde soe troch de skimige restauranthâlder Jack Ruby… en wat wie yn dizzen de rol fan de Maffia, de FBI en de CIA?

Dealy Plaza

Mei permisje fan presidint Trump binne fannewike tûzenen, oant foar koart geheim holden dokuminten oer de moard – de saneamde JFK-files – frijjûn.

Lykwols, net allegearre, want de Amearikaanske ynljochtingstsjinsten, de FBI en CIA, binne fan betinken dat it buorkundich meitsjen fan alle dokuminten risiko’s jaan kinne foar harren manier fan operearjen, oftewol in oanslach – excusez le mot – wêze kinne op wat de ‘national security of the United States’ neamd wurdt.

Oant op de dei fan hjoed is it op Dealy Plaza, dêr’t de strjitten Main Street, Elm Street en Commerce Street byinoar komme, in kommen en gean fan toeristen dy’t de big event fan de JFK’s deaderit ‘belibje’ wolle. Tal fan kommersjele bedriuwen hawwe har útlein op dit ramptoerisme yn optima forma.

Dy manier fan sightseeing wie der al doe’t ik yn de jierren njoggentich in pear moannen yn Denison wenne, in provinsjestedsje op in foech santich kilometer, noard fan the Big D. Dallas, en dat ferskynsel, dat sil hjoed-de-dei net folle oars wêze, sterker, mei it frijkommen fan de nije JFK-files sil it plak fan de moard nei alle gedachten inkeld mar mear minsken lûke.

Dealey Plaza, Main Street en it licht deldrachtige Elm Street, ay, inkeld dy nammen al en ik bin werom by it âlde gerjochtsgebou, it postkantoar en de winkels en kantoaren dêr’t út sketten waard doe’t Mister Presidint foarby kaam.

Oait haw ik it fers ‘Dallas-Texas’ makke, in gedicht dat ik oan in JFK-fan tasein hie, mar dat ik net mear fine koe oant ik it juster tsjinkaam yn in ferlerne map, mei de oantekening: ‘Limo JFK’.

‘I didn’t shoot anyone.’

De dokumintêre Three shots that changed America jout in ‘skitterjend’ histoarysk ferslach fan de moard, de oeren en dagen dêrnei, ynbegrepen de bylden en wurden fan Kennedy syn ûnderstelde moardner Lee Harvey Oswald dy’t in dei nei syn arrestaasje fermoarde wurdt as nei de gefangenis oerbrocht wurde sil.

All the way with JFK

Benammen de manier wêrop’t yn dy dagen televyzje makke waard – live- ferslachjouwing troch kloften faak sigaret- en piipsmokende sjoernalisten – is mear as nijsgjirrich, sa’t dat it ek it gefal is by it sjen fan de moade fan dy dagen: froulju yn strak mantelpak, fammen yn petticoats, pubers yn terlenkabroeken en knickerboksers en manlju yn slobberpakken en feale reinjassen…

En fierdersoan lit him eins de hiele doku troch dat súdlike aksint fan de Teksaan hearre, it rau knauwende stielboarstellûd fan de Southern Man, in tongfal dy’t tinke lit oan de lûden fan bassende buffels en bazen yn min ferljochte skuorren en hûzen fan maffia en ûntucht.

Ien fan de meast oangripende en tagelyk ek ien fan de meast relevante feiten yn Three shots that changed America beslacht it momint dat Lee Harvey Oswald op in parsekonferinsje omtrint razend útropt: “I didn’t shoot anyone. (…) I want to get in touch with a lawyer, Mr. Abt, in New York City… I never killed anybody.”
.

DALLAS-TEXAS

In nei de himel rikkende fûst fan glês en beton
Tusken prêry’s, boarstele, broeisk en leech:
Dallas-Texas, stêd fan sjit-út-de-heup,
Blanke eigenwaan en tiid,
Ferdraaid op skurve gerjochtsgebouwen,
Dêr’t no de toeristen yn de limûsine fan ’e dea
De hellefeart fan J.F.K. oerdogge.

‘If you liked the show, you love the city.’

Hoe’t skiednis ferkwânsele wurdt
Ta de simpele sensaasje fan in fyftich dollarrit.
Ay, se sille nochris sizze: – My Lai
Wie in timpel fan inkeld Pax,
Nea net bard, oars net as propaganda.
Dallas-Texas, behekste stêd fan KKK en CIA,
Metropolis fan Southern Man.

.

@Eeltsje Hettinga