Jochem Hamstra – De kikkers hebben nog geen pootjes

Volgende week verschijnt de graphic novel De kikkers hebben nog geen pootjes van schilder en tekenaar Jochem Hamstra. Het beeldverhaal, waarvan op dit moment een serie tekeningen is te zien in galerie Melklokaal in Heerenveen, is als een film noir. Het bestaat uit ‘een vreemd mengsel van voyeurisme, melancholie, onhandigheid, falen, teleurstelling, zelfkant en sex, maar gaat vooral over de hunkering naar liefde. De diepe menselijke lading van dit verhaal over een eenzame man is ontroerend.’

kunstenaarsboek7

.
‘Film’, seit Jochem Hamstra, ‘dat is in manier fan sjen dy’t my oansprekt. Films lykas De verleiding van Dokter Antonio, wêryn’t op in groteske wize de Italjaanske seksuele moraal op de hak nommen wurdt, kinne by my net stikken.’

Hy hat in grutte foarleafde foar frjemde, singeliere types yn de films fan Fellini. Hamstra hellet de fermaaklike klassiker Amarcord oan, mei dêryn de idioat dy’t heech yn de toppen fan de beammen sit en fanôf dat plak dagen oanien mar ropt en raast: – Ik wil een vrouw, ik wil een vrouw, wylst in tal nonnen ûnder de beam raast en skreaut dat er út dy ferrekte beam weikomme moat.

Dat soarte Fellini-achtige types skarrelje ek om yn Hamstra syn rige portretten Het mooie leven  om, in searje dy’t út twaenfyftich skilderijen bestiet en mei-inoar in famyljeportret foarmje. De bytiden hast karikaturaal delsette figueren yn dat gehiel, dat op himsels sjoen wurde kin as in film, bewege har eins stik foar stik oan de râne fan de maatskippij.

Objet trouvé

‘De lêste tiid,’ fertelt Hamstra, ‘sjoch ik in soad films en dokumintêres út de jierren santich en tachtich. Alles dêryn hat wat griis. Dan giet men bygelyks nei it strân en dochs is it griis. Ast de films fan hjoed-de-dei sjochst, dan kloppet alles presys. Mar de sfear mist. Ik woe mar sizze: oan de bylden werkenst de tiid.’

Dat lêste jildt ek foar Het mooie leven, út de sfear fan de skilderjen sprekt in bepaald epoch. Wat dat oanbelanget, is Hamstra in dichter yn de gongen en krochten fan tiid en herinnering. De poëzy is him trouwens net alhielendal frjemd.

Syn favorite dichter is Boris Ryzji, de Russyske dichter, bokser en heale hooligan dy’t yn 2000 op Poetry International yn Rotterdam te hearren wie en dy’t himsels in jier letter – hy wie krekt sânentweintich – tekoart dwaan soe. ‘Syn wurk is bot en rau, mar ek hiel sensityf. Der is in prachtige dokumintêre oer syn libben makke, it lit syn omjouwing sjen, in isolearre treasteleaze Russyske yndustrystêd yn de tiid nei de fal fan it kommunisme.’

Pratend oer Ryzji, wêrby’t ek de namme fan de Amearikaanske skriuwer en dichter Charles Bukowski falt, is der by Hamstra in sekere foarkar te fernimmen foar it sjenre fan de swarte romantyk, in begryp dat Mario Praz yn syn klassiker Romantic Agony omskreaun hat as ‘in griemmank fan lust en lijen, genot en grouwélichheden dy’t by inoar in aparte estetyske gewaarwurding opsmite.’

tekentaalwurk

Fierders lêst er in soad wurk fan Bob den Uyl, benammen syn surrealistysk tinte ferhalen. It is ûnder mear de man syn humor, swartgalligens en ûnhandichheid dy’t him oansprekt. ‘Faak sit ik ergens yn, dan wol ik dêr ek alles fan witte, dus lês ik alles fan Den Uyl of ik wol alle swarte soulmuzyk út de jierren santich jierren hearre, mei sjongeres Milly Jackson foarop.’

Sa giet it ek by syn skilderjen. It is ien fan de redens wêrom’t er gauris yn searjes wurket. Sels is er ek gauris mei taal yn ’e slach, ûnder mear yn in rige eroatyske byldferhalen. Eins binne it taalmontaazjes.

‘As ik yn de trein sit, hein ik bytiden flarden fan gesprekken op. Sommige rigels, neam se objets trouvé, skriuw ik op. Letter skik ik de rigels en sinnen sa datst idioat absurde ferhalen krijst. Dêr meitsje ik dan wer tekeningen by. It is al mei al in soarte fan graphic novel.’ Hamstra neamt dat tekentaalwurk ‘huisvlijt’.

====

De tekeningen yn de searje fan it byldferhaal ‘de kikkers hebben nog geen pootjes’ fan Jochem Hamstra binne noch oant ien maaie te sjen yn de groepseksposysje  ‘Drawing Front’ yn it Melklokaal op it Hearrenfean.
.
.

Kunstenaarsboek4
Uit de graphic novel De kikkers hebben nog geen pootjes fan Jochem Hamstra

.
.
keunstnersboek6
.
>
>