Martin Reints – Stimmen 22 – Poëzij as dochter fan de herinnering

Skriuwer-dichter Martin Reints krige fan syn frou oait in fossilisearre ammonyt fan goed 150 miljoen jier âld. Yn Nacht- en dagwerk, de essaybondel dêr’t er yn 2000 de prestizjeuze J. Greshoff-priis foar krige, sprekt er yn it haadstik ‘Acht lastige vragen van Max Frisch’ syn fernuvering út oer it feit dat by al dy miljoenen jierren de ammonyt sels yn in relatyf koart skoftke tiid – 15 miljoen jier – útstjerre koe. Dat tinken oer de Tiid en it ferrin derfan waard ôfsletten mei it sizzen: ‘Ik besta uit alles wat er voor even in mij is samengekomen van de dingen die er altijd zijn geweest. (…) Er gaat een weldadige rust uit van de gedachte dat wij, in volkomen uiteengevallen toestand, deel uit zullen maken van wat er komt.’

Reints4

By it lêzen fan sa’n gedachte sjit jin daalks it tinken yn it sin fan de dichter Obe Postma dy’t der in soartgelikens syklysk tiidsbesef op neihold. Bliken docht dat Reints in grut leafhawwer is fan Postma syn wurk. ‘Ik vind hem groter dan Nijhoff. Gedichten als ‘Te Harns’ behoren tot de wereldliteratuur.’  2

Reints (1950) wenne mear as de helte fan syn libben yn Amsterdam. Ein jierren njoggentich ferhuze er mei syn frou nei Fryslân. Se setten har nei wenjen yn de âlde, út 1869 datearjende legere skoalle, midden op de terp fan Brantgum, amper in kilometer fan Foudgum, dêr’t Francois Haverschmidt (1835-1894), de dichter fan Snikken en Grimlachjes, in jier as wat as dominy op ’e kânsel stien hat. ‘En dan hield hij hier, zo halverwege de 19de eeuw, bijna ronduit atheïstische preken, ongelooflijk,’ seit Reints as wy op in kâlde, grize wintermiddei yn febrewaris, oer de J.P. Wiersmawei nei syn hûs kuierje. Tusken de keale tûken fan de ipebeamen om de 12de ieuske tsjerke hinne rint it lân, fanôf de terp sjoen, deldrachtich in klaaiswarte fierte yn. Snie slûget yn de lijte fan de wâlen om it hôf hinne.

De trijekaart Slauerhoff, Postma en Reints

De ta wenhûs omboude skoalle hat trije grutte, hege lokalen. Reints syn frou Katja Stam – se makke ûndermear it omslach foar Reints syn lêste bondel Lopende Zaken (2010) – is drok mei houtskoaltekeningen. De wurkromte fan Reints is fan ûnder nei boppe mei boeken folstoud. Op ’e tafel foar ien fan de twa hege finsters, mei dêrachter it sylhûet fan in lytse figebeam, lizze bondels fan Hans Faverey, Peter van Lier – de dichter dy’t syn domisylje hat yn it âlde molkfabryk fan Marrum – en it resint ferskynde Berg en Water, in antology mei klassike Sineeske lânskipspoëzy. Oan de muorren alderhande tekeningen en skilderijen, mei heech, hast tsjin de soudering oan, in fotoportret fan Slauerhoff. En ynienen is der de trijekaart: Slauerhoff, Postma en Reints.
.
Reints2Slauerhoff wie, lykas bekend, yn de besnijing fan de poëzy fan Bai Juyi of Po Tsju-I. Obe Postma, dy’t de Sineeske dichter kennen learde fia Slauerhoff, soe parten út dat wurk ferfryskje. Yn Reints syn bondel Ballade van de winstwaarschuwing (2005) binne fersen te finen, dêr’t de dichter te reidsnijen is mei Jan Jacob Slauerhoff. De lêste sette ûnder mear it gedicht ‘Riet plukken’ fan in anonime Sineeske dichter oer, in fers dat Obe Postma ferfryske soe ûnder de titel ‘Reidsnije’.

Op fersyk fan it Obe Postma Selskip weage Reints him yn 2010 oan in foarm fan chinoiserie. Dêrby liet er him ynspirearje troch Postma syn gedicht ‘Fersen fan Yu an Chin lêzen oan board fan in skip’.

Ik sitearje Reints syn fers ‘Aan boord de Sineeske fersen van Obe Postma lezen’ yn syn hiele hear en fear, ék om dêrmei oan te jaan dat mei it brûken fan sitaten – it tilt yn Reints syn poëzy op fan de sitaten en yntertekstuele ferwizings – de dichter syn plak en posysje bepaalt tsjinoer syn foargongers, mei wa’t er him besibbe fielt. Troch inkelde ferrifeljend ‘simpele’ ferskowingen yn de beweging fan ljocht nei tsjuster lit Reints it lyrysk subjekt yn in singelier moaie foarm fan identifikaasje mei syn ûnderwerp gearfalle.

Fersen fan Yu an Chin lêzen oan board fan in skip

Ik had de Samle fersen
en bij het licht van een zaklantaarn las ik de vertaling
van een gedicht van Bai Juyi over de gedichten van Yuan Zhen

toen de batterij op was
was de dag nog niet aangebroken

mijn ogen brandden

en ik zat zonder licht in het donker te luisteren
hoe de tegenwind de golven tegen het schip op sloeg.

Fan Postma sette Reints – hy jout ien dei yn ’e wike (poëzy)les oan de Gerrit Rietveld Akademy en is fierders aktyf foar de edukative tûke fan útjouwerij ThiemeMeulenhoff – ek gedichten yn it Nederlânsk oer, ûnder oaren it út de jierren fyftich datearjende fers ‘Gershelje’. Hy tsjut út hoe’t it lyrysk subjekt, sis mar Postma, yn in greppel tusken wat hinne en wer weevjende bûterblommen sit, wylst er fierderop de weidloegjende boeren njonken de foar de wein wachtsjende hynders opnimt. ‘En dan roept de dichter aan het eind van het gedicht uit: ‘Fryslân! De wrâld!’ Dat is pas de échte magie, zo suggereert Postma. Eigenlijk drijft hij de spot met de verschillende literaire bewegingen – Postma rept in ‘Gershelje’ van ‘dichtergeneraasjes’, foar- en nei-oarloggers’ – die het onder meer in het magisch realisme zochten. Vergeefs, lijkt Postma te willen zeggen, want het is niet daar, maar hier.’
.
Reints swijt, sjocht nei bûten, dêr’t it lichtjes krôket. ‘Postma is een grote jongen, een meester in het oproepen van beelden. Hij begint altijd bij het gewone, het dagelijkse leven en weet dat tot iets groots op te tillen. Bij een dichter als Nijhoff daarentegen is er toch altijd weer de neiging om te willen interpreteren. De brug bij Zaltbommel in het gedicht ‘Moeder de vrouw’ wordt tot een symbolische brug gemaakt als de dichter schrijft: ‘(…) twee overzijden / die elkaar vroeger schenen te vermijden, / worden weer buren.’ Bij Postma vind je weinig metaforen, zijn poëzie kent eigenlijk geen symboliek. In die zin is hij een modernist.’

Reints8Dream en werklikheid

Martin Reints hat fanôf syn earste bondel Waar ze komt daar is ze (1981) sjen litten dat er in skerp ear en each hat foar it gewoane en it deistige. Gauris wurdt gebrûk makke fan in oan de âlde dadaïsten en surrealisten besibbe montaazjetechnyk. In rigel as ‘de meeste stellen zich het huwelijk als een soort nest voor’ blykt út de Bremer Zeitung te kommen. ‘Ik reisde met de trein naar een filmfestival in Bremen en las die wonderbaarlijke zin over het huwelijk.’

Reints syn fersen, sober, realistysk en hypertagonklik, kenne faak in betochtsum pratende toan. Gauris geane se oer it lânskip, benammen dat fan rivieren en uterwaarden lykas yn Lichaam en Ziel (1992) – de bondel waard bekroand mei de Herman Gorterprijs – de herinnering, it geheugen, it foarbygean fan de tiid en de ferhâlding tusken dream en werklikheid en lûd en stilte. De Flaamske dichter Herman de Coninck skreau oer syn wurk: ‘Ik vind de manier waarop Martin Reints bijna niets zegt ongelooflijk vervreemdend, van een intact gebleven verwondering, van een aangrijpende objectiviteit, van een serene hulploosheid, en nog geestig ook.’

Reints slagget deryn om de skynbere gaos oan objekten, sitaten, gedachten en útspraken sá stal te jaan dat der in gearhingjend gehiel ûntstiet. Hy is ‘een meester’ yn it oanbringen fan in beskate ienheid binnen in werklikheid dy’t teskuord, tesplintere en ferbrokkele liket. Ferskillende tiden en lânskippen wurde soms abrupt, soms hiel subtyl njonken inoar set of better sein: oan inoar skeakelje. Hoe’t dat prosedee wurket, is goed te sjen oan it iepeningsgedicht fan syn debútbondel.

bedrijfsklare dieptesproeier

als ik je over het bietenveld
door het koren
langs de sloot
voor het hek
nader
heb je gemolken en
je loopt met bussen en machines
de schuur in
en weer terug en
langs de put om je huis heen
en later sta je weer bij de bomen

je staat op strakke benen
en kijkt in de verte
de trem komt zingen door de bocht
bijenkorf is je bestemming
roltrappen
kassa’s

De eask dy’t Reints oan poëzij stelt, is dat se in byld opropt. ‘Ik heb eens een workshop op een advocatenkantoor gegeven. Wij hadden het over pleitnota’s. Hoe leest zo’n nota? Mij ging het niet om de argumentatie in die geschriften. Daarvoor ben ik niet gekwalificeerd. Bij een woord als pleitnota kun je je echter weinig tot niets voorstellen. De nota’s zelf kwamen pas tot leven kwamen toen de verschillende partijen daar overleg over moesten voeren. Dat vond plaats in een vergaderzaaltje, ergens bij Zwolle. Een vergaderzaaltje! Zo’n woord, dat roept een beeld op.’ Mar poëzy moat net inkeld in byld oproppe, se moat yn Reints syn optyk ek in beskriuwing fan in omjouwing wêze. ‘Het liefst in het begin van de tekst en zo beeldend mogelijk. En als het even kan, moeten er verschillende ruimten en tijden zijn. Er is een parallel te maken met de structuur van de middeleeuwse poëzie, zoals ik die, eind jaren zestig heb leren kennen toen ik Nederlands studeerde. De gedichten van Hadewijch of Hendrik van Veldeke beginnen altijd met een Natureingang. Vervolgens is er een bespiegeling, terwijl het gedicht wordt afgesloten met een zekere abstrakte gedachte. Je ziet altijd wat er gebeurt.’

reints6
De essaybondel Nacht- en dagwerk waard bekroand mei de J.Gresshoff-prijs.

Martin Reints syn poëzy is bepaald gjin grut barok reach fan symboalen en metafoaren. Syn bylden binne faak oan in konkrete, deistige werklikheid ûntliend. Reints syn poëzy liket tagonklik en ienfâldich, mar ken troch de romte achter de wurden in riedseleftigens. It is foar in part dy paradoks dy’t de klasse fan syn wurk útmakket. En as it my net mist, is Reints, mei dêrtroch noch altiten dé of yn alle gefallen ien fan de belangrykste kandidaten foar de P.C. Hooftpriis. Syn wurk is besibbe oan dat fan Remco Campert, net yn it lêste plak fanwegen it antymetafoaryske karakter fan dy syn wurk, in eigenskip dy’t noch folle mear jildt foar de poëzy fan Hans Faverey, in dichter waans poëzy Reints hast wol ‘drome’ kin.

‘een vergaderzaaltje’
.
Mar is Faverey eins wol sa antymetafoarysk? Yn it essay ‘Au pays de la metaphore’ yn Nacht- en dagwerk giet Reints wiidweidich op dit fraachstik yn. Hy set Faverey syn wurk neist dat fan de Amerikaanske dichter Wallace Stevens. Yn tsjinstelling ta Faverey woe Stevens ha: ‘Poetry is metaphor.’ Reints lit dan earst de net geringe ferskillen tusken beide dichters sjen om dan oan te silen op harren oerienkomsten. ‘Niet alleen het werk van Stevens valt te typeren als het aaneenschakelen van onderdelen die iets gemeen hebben, ook het werk van Faverey valt zo te typeren,’ stelt Reints. ‘(…) Omdat er bij Faverey, net als bij Stevens, achter de onderdelen van zijn tekst een eenheid schuilgaat die hun verbinding mogelijk maakt, zou je met de nodige kanttekeningen toch ook zijn werk kunnen zien als een grote verzameling metaforen.’

Lykas by Stevens en Faverey is ek de poëzy fan Reints faak sûnder it is-gelyk-teken, se ken eins gjin as-fergeliking. ‘Het een is niet meer dan het ander,’ ferklearret Reints. ‘Het object, het ding, is op zichzelf al genoeg. Neem zoiets als ‘een huis in de verte’, dan moet je je niet in willen spannen om dat ergens mee te vergelijken. Het woord ‘huis’ op zich roept al talloze beelden op. Het objekt dat in je kop zit, behoeft, kortom, geen extra beeld, sterker, het is als zodanig al een metafoor. Ik wil de simpele, eenvoudige dingen zien zonder de poespas van de betekenislaag uit allerlei bij- en restbeelden.’

Ien fan de ûnderlizzende fragen dy’t yn syn wurk mei resonearret, seit: Wêr bin ik? It is as by it wekker wurden út in djippe dream in besykjen om besef te krijen fan de romte en omjouwing dêr’t men part fan útmakket. De fraach sels is altiten keppele oan geheugen en herinnering. ‘(…) Voorzover ik mijn omgeving ken,’ skriuwt Reints yn Nacht- en Dagwerk, ‘weet ik wie ik ben. Daardoor hebben in alle eeuwen dichters iets over zichzelf gezegd wanneer ze hun omgeving beschreven. Dat zie je in het Hooglied van Salomo, in de gedichten van Hadewijch, in het werk van Slauerhoff – allemaal poëzie waar landschaps- en natuurbeschrijvingen een beeld geven van het onwaarneembare innerlijk.’
.
In soad fan Martin Reints syn gedichten hawwe in struktuer dy’t basearre is op de trijekaart fan it konkrete – faak is dat in byld fan de natuer, de stêd of in romte lykas ‘een vergaderzaaltje’ – de bespegeling, c.q. it abstrakte. Binnen it gedicht sels fine binnen romte of tiid faak hiele lytse, subtile ferskowingen plak. Poëzy is by Reints net inkeld in gedachte-oefening, se is ek in gebeuren! It gedicht mei de prachtige, Nescio-achtige titel ‘Willem den Ouden loopt langs de Waal bij Varik’ is in moai foarbyld fan dy oanpak:

Het licht:
dat tussen de wolken door valt,
en dat over het water glijdt:
lichtverstuiving in de vochtige lucht boven de rivier

de rivier:
het traag, onafwendbaar stromen van het water
in de rivier,
de duwboten die hun gewicht tegen de stroom op duwen,
de geluiden van de schepen, voortgedragen over
het water van de rivier: door
de lucht boven het water van de rivier

de wind:
gaat door het gewas in de uiterwaard,
door de takken van het geboomte tussen de rivierarmen:
door het verwaaide haar van de man
die daar aan het voorbijkomen is

de voorbijganger:
met zijn zoekende ogen,
zijn overwegingen, zijn herinneringen:
zijn vlagen van gedachteloosheid tussendoor,

in zijn gang langs de sroom van zijn vergetelheid.

Yn it essay ‘Het uitgewiste handschrift’ skriuwt Reints oer it soarte fan dreamen dêr’t somtiden folsleine gedichten yn ta stân komme, mar dy’t men jin by it wekker wurden net mear te binnen bringe kin. Binnen en bûten binne inoar kwyt. It is gjin tafal dat it essay sels in motto hat fan de Sweedske dichter Tomas Tranströmer: ‘Twee waarheden naderen elkaar. Eén komt van binnenuit, één van buitenaf / en waar zij elkaar ontmoeten bestaat een kans jezelf te zien.’ Reints mei dan yn syn wurk eins net of amper metafoaren brûke, syn wurdearring foar de sterk metafoaryske en bytiden de surrealistyske kant útskaaiende poëzy fan Tranströmer is der net minder om.

tran375
Tomas Tranströmer, winner fan de Nobelprijs foar literatuer 2011.

‘Hij is in staat om iets wat heel klein en onbeduidend is om te toveren tot iets gigantisch. Zo staat de ik-persoon in een van zijn gedichten zich te scheren, een geluid dat vergeleken wordt met dat van een helicopter, vanwaaruit dan vervolgens iemand op aarde neerkijkt. En dan roept de piloot: “Houd je ogen open! Je ziet dit voor de laatste keer.” Fantastisch.’ Reints rint nei ien fan de boekekasten, pikt dêr de troch J. Bernlef gearstalde antology Het wilde plein. Gedichten 1948-1990 út en lêst, steande foar it finster, de earste fjouwer rigels út it lange Tranströmer-gedicht ‘Korte pauze in het orgelconcert’: ‘Het orgel houdt op met spelen en het wordt doodstil in de kerk / maar een paar seconden slechts. / Dan dringt van buiten het zwakke gebrom van het verkeer naar / binnen, het grotere orgel.’ Reints: ‘Ik vind dat zo mooi, die werkelijkheid die naar binnenkomt en die wordt voorgesteld als een gigantisch groot orgel. Tranströmer is echt een meester in de metafoor.’

Oant in hichte ta hat Tranströmer syn gedicht in wjerlûd yn Reints syn gedicht ‘Bach yn Sanfirden’, in tekst dêr’t by de dichotomy tusken lûd en stilte ek de binnen- en bûtenwrâld yn behelle wurde. Hy skreau it fers doe’t er op in stille sneintemiddei in oargelkonsert bywenne yn it tsjerkje fan Sânfurd oan de Aldegeaster Brekken. ‘Je zit daar in zo’n kerkje in een klein gehucht, door de hoge ramen zie je buiten de bomen wiegen en dan strijkt er plotseling in de stilte tussen de noten van Bach op oorhoogte een bromvlieg langs. Stilte is altijd afhankelijk van geluid en andersom.’

Bach in Sandfirden

Het orgel achter ons,
dat zijn eigen ruis zo levendig overstemt

en de cello voor ons
waar een oude donkere warmte uit golft

het overgebleven begin van een dans
in de vingers op onze knieën
en in de hielen van onze voeten

een bromvlieg op oorhoogte tussen ons, op weg naar onduidelijk wat

het gebladerte van de bomen buiten
de mussen in het gebladerte

de lucht.

Reints is in leafhawwer fan it marrelânskip yn Súdwest Fryslân. De kimen boppe de Fluessen, de Aldegeaster Brekken en Sânfurd ken er sa goed dat er se yn syn holle omtrint oanreitsje kin. Healwei de jierren santich gyng er dêr gauris te silen. ‘Het is alsof je door een oeroude landschappelijke geschiedenis vaart. Het geeft je hetzelfde gevoel als bij New York waar je denkt dat je door de 20de eeuw wandelt of bij Amsterdam waar je, al wandelend, vaak het gevoel hebt dat je door de 17de eeuw loopt. Het zijn de dingen in het landschap die me fascineren, bijvoorbeeld een fazant in het veld of een begraafplaats op een Friese terp. Hier in de dorpen hebben de mensen de doden om zich heen.’ Soe de dichter, wenjend yn Brantgum, sels yn syn terpheuvel begroeven wurde wolle? Reints, myld glimkjend: ‘Op zich zou ik daar geen bezwaar tegen hebben. Nee. Maar het liefst zou ik willen dat ik ergens wordt neergelegd en er vervolgens een of ander hondje komt dat met een paar van mijn vingers aan de haal gaat. Daarmee ben je gewoon weer opgenomen in de kringloop.’

Eeltsje Hettinga